De Tsjerne. Jaargang 23
(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 317]
| |
Forsiking fan it hillige knyntsjeleau
har net knyntsje
har hier is blau
sjochst dû it skûm net
dat oer de ranne krûpt
sjoch de eagen dy't dêr driuwe
sjoch de skonken dy't der
waeije yn 'e wyn
leau
har net knyntsje
slach dyn earen del
en
krûp wer efter
myn fel
| |
[pagina 318]
| |
Blaesblaes
de fjûrtrompetten oan
dêr komme hja
har wide grize mantels
wapperje oer it gers
har laeijen gesichten
binne sletten stille tinzen
sjoch har knokelhannen
dy't it bloed út 'e floitfûgels knipe
hja driuwe mei de wyn
al tichterby
de reade sinne yn harren mûle
fortart de griene beammen al
|
|