It Dafke wie mar in kilometer of tsien mear ôf, mar it bleau stean om benzine to tanken. Oars hie it om 8.44 allang foarby west.
‘Oe, hwat hast kâlde fingers!’ Se Loek syn hân út har bloeske wei.
‘Dêrom moat ik se dochs waermje?’
‘Dat dochtst dan mar op in oar plak.’
‘Dêr?’
‘Flauwert.’
‘Pop.’
‘Hm. Ik hoopje it sa, hen.’
‘Ja, mar moatst der net to fêst op rekkenje.’
‘Binne se foar de hjerst klear?’
‘Dat is it doel al.’
‘Hearlik! Fijn togearre yn ús eigen... Ik sjoch der tsjinoan om noch in lange winter to wachtsjen.’
‘Hast it sa min by jim mem?’
‘Pestkop. It kin noch út, hear!’ Se tikke mei de lofterhân op sines, goud op goud.
8 ûre 33.
De Dodge ried by Harns de rounwei ôf nei Frentsjer. De sjauffeur wie net slûch en net wurch, mar by hie syn nocht al. It wie net drok lokkich, net lykas tusken Breda en Amsterdam. In greate gekkeboel dêrre! Men wende deroan, dat wol, mar it spande jin yn. Hjir kaem it der net sa bot op oan.
It Dafke hie de mage fol en sukkele wer fierder. Hurder as sechstich gyng er net, koe er faeks ek net.
‘Tink om dy bern!’
‘Nou, hâld dy mar stil! Ik sjoch it sels ek wol.’
De feinten trapen har sigaretten út en bleauwen foar it kafé stean.
‘Bierke pikke?’
‘Né.’
‘Of wolst fierder?’
‘Ik wit it net. Om my kinne wy wol nei Frjentsjer gean.’
‘Is 't safier al mei dy hinne?’
‘Hâld op! Dat is nou sneontojoun en hjir is gjin harsens!’