De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 309] [p. 309] Berber van der Geest / Fersen Maskers in masker lit him maklik mjitte laitsjend gûlend hokker wolle jo 't is mar hwer't jo jo 't noflikst achter fiele en mei in ilestykje om't ear gjin kâns en tôgje 't wei lykwols it wol omraken switte en is de fentilaesje min jo lizze it stjerrend ôf mar troch 'en tiid falt soks hwat ta to sjongen en to laitsjen en it antlit hâldt de tearen yn 't wenstige biklach to gûlen en de wrâld hat der gjin weet fan. [pagina 310] [p. 310] De deaden by de libbenen dounsje hja lake en 't ronfelige fel skoude fansiden deadopskreaune stakkert de holle eagen as parafrazen forweegden leech achter it fjirde advokaetsje noflik in joun mei in lichtsettich stik en in buorfrou dy't jan en allegear oer 'e tonge praette (it muzyk koe der krekt op troch) kom leave dounsje wy de douns fan de deaden de libbenen prate wol prate wol prate wol Vorige Volgende