De Tsjerne. Jaargang 23
(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 307]
| |
Durk van der Ploeg / Revisearre debúGa naar voetnoot*)Oant nou ta wie de wittenskip dat Gerben Brouwer ien bondel gedichten skreaun hie, ûnder de titel Weagen, klassyk wurden. Nimmen dy't noch forwachte hie, dat dizze auteur yn syn âlderdom nochris mei in poézij-publikaesje komme soe. Elk hie tocht dat hy mei Weagen it grêf yngien wie. Mar it wie er dan ek de bondel neffens, alteast doe, yn 1934, doet dizze earsteling by Kamminga to Dokkum útkaem en fan de kritisy gâns lof krige. It wurk mocht dan bisibbe wêze oan dat fan Schurer, eksponint fan in jonge dichtersgeneraesje, de poézij fan Brouwer hie hwat eigens, wie sjongsum, kaem fier út boppe de midsmjitte en der wiene inkelde hichtepunten oan to wizen yn Weagen, en dat wie yn 1934 net mear en minder as in ûnthjit, dat Gerben Brouwer lykwols nea neikommen is. Nou is de útjefte fan de twade bondel fan Brouwer net om kjel fan to wurden, hwant hy bistiet mar foar in lyts part út nij wurk en likernûch de helte fan de fersen út de earste bondel binne yn De weagen oer oernommen. Tige fortsjintlik dêrby is de kar dy't de dichter sels makke. Ryklik tritich jier tiid wie ek genôch om foldwaende ôfstân to nimmen fan dit wurk om ta objektyf literair ûnderskie to kommen. Al is Gerben Brouwer in romantikus bleaun, ek dat hat syn grinzen. Troch de kar ût syn earste wurk hat er biwiisd, de swakke eleminten yn syn fersen ûnderskiede to kinnen; in ding lykwols dêr't gâns kritisi him al yn foargien binne. Der binne wol inkelde opmerklike foroarings yn it gehiel ûntstien neffens de earste bondel. Stie Weagen fral yn it teken fan in persoanlike leafdesforhâlding, in boetfeardich lijen, dat yn de geastlike lieten ta utering komt, en in dramatyske anekdotyske poézij, yn De weagen oer binne de meast suvere eleminten fan dat dichterskip bistean bleaun. As foarbylden dêrfan meije tsjinje de fersen Peaske, Himelfeart, Widzesang, Liet yn 'e maeitiid, Frisia Cantat en it hast klassyk wurden Danse macabre. De tsien nije fersen dy't de dichter oan dizze bondel tafoege | |
[pagina 308]
| |
hat, binne foar in part gelyk oan it rhetorysk ladene wurk út earder tiden, lykas Ienkear as alles stil is en Ik nim it glês en drink dy ta. Fierder binne der in stikmannich op it each moderne fersen, mar dat sit him mear yn de foarm as yn de ynhâld. Wol is der mear ienfâld yn it lettere wurk, itjinge ek binammen bliken docht yn Pakhúsfeint en De lytse man. Dêrnjonken binne de trije fersen fan Untiid in stikje frustrearre romantyk yn in eksperiminteel pakje stutsen. It is ek fral de oare folchoarder fan de fersen dy't dizze nije bondel in oare sfear en ynhâld jowe. Net allinne it nasionalistyske Dage hat de auteur weilitten mar it Frisia Cantat tsjinnet hjir ek net mear as iepeningsfers; it biwegingsidéalisme hat plak makke foar de literaire forbylding fan symboalyske fragminten. In opfallend forskynsel is dat Brouwer wol gauris hwat foroare hat yn syn wurk. Soms in inkeld wurd, mar in syn psalmoersettingen soms rigels efter elkoar. Is út dit slypjen en byskaven to forklearjen dat it oeuvre sa lyts bleaun is? Kin er net los komme fan syn wurk, of is er gjin baes oer de tael? Lykas er sels ris opmurken hat: ‘Wy binne net baes oer de tael, mar de tael is ús de baes: by is stokâld en konservatyf’. Dat is it ek hwat der oan it resinte wurk mankeart. It is net linich, it hat gjin spontanens en it assosiative, it skerpe mist men der yn. It nije wurk yn De weagen oer biedt dêrom ek net safolle nijs. Dat koe men fan dizze dichter ek net forwachtsje, omdat er him yn 1934 winliken al útskreaun hie yn in koartstounige mar poétysk hertstochtlike rite. It dichterskip fan Brouwer bistie by de graesje fan de binearing, de leafde, de rou, de boetedwaning. Inkelde kristalisearringen fan dat dichterskip wurde yn dizze bondel bifêstige. Dat is de fortsjinste fan dizze, foar in great part werprinte, Weagen. |
|