| |
| |
| |
Durk van der Ploeg / It ôfskie
Ik libje mar amper mear. It sil net lang mear duorje. Ik moat der de lêste tiid faek oan tinke, hoe't it wêze sil to stjerren. It sil in great momint wêze, mar miskien forsin ik my en is it oars net as in folslein gefoelleas wurden. Heel inkeld kin it my bliid meitsje nei to tinken oer de dea; dan sjoch ik der nei út, mar nou't de fûgels bigjinne oan to gean fiel ik wer hwat fan de maitiid en dat jowt my nije moed. It is sentiminteel, ik wit it wol, mar it is krekt as rin ik wer lâns de paden en rattelje ik mei myn stôk oer de beamstammen. Ik kin de bosk wer rûke; de beammen, it krûd, it wetter. Ik hear de einen kwêkjen en oangean yn 'e fiver lykas doe't ik de middagen noch trochbrocht op 'e bank oan 'e rânne fan it gersfjild. Ik hie der aerdichheit oan de einen to fuorjen mei in plaske bôlle dat ik fan 'e suster krige. Hwat soe ik noch graech in kear tusken de susters yn of prippend mei de stôk hwat strampeljend, hinkepinkjend it boskpaed lâns wolle. Ik moat it fan my ôfsette. It sil nou net lang mear duorje, in inkelde wike, in moanne, uterlik in fearnsjier.
Hjir liz ik yn in wite keamer. Alles is wyt as hinget der my in flues foar eagen. Ik sjoch hwat ljochte en dûnkere flekken, mar de kontoeren fan de kast en de ruten kin ik net mear ûnderskiede. It is ien ljocht waes dêr't ik yn sweevje. Ik fiel suver gjin bêd mear. Ik ha gjin fuotten en gjin ûnderliif sûnt de susters my fan it boskpaed opkrigen en hjir yn it ledikant lein hawwe. Ik ha net bang west. Ja, yn it earstoan wol as ik myn hannen útstiek en it kâlde izer fan it ledikant oanrekke mei myn fingers en oer de traljes fielde. Ik wie bang dat se my opsluten hiene yn in kouwe. Mar letter loek ik my der noch wolris oan op en siet rjochtop. As ik it izer nou oanreitsje, wurd ik net kjel mear. Ik kuolje myn koartsige hannen der oan en liz dan de kâlde hannen tsjin myn gesicht oan, stryk der mei oer myn hals, myn boarsten. Mar fierder nei ûnderen ta is neat mear. Hoe faek haw ik de hannen al om 'e stangen hinne knypt oant se iiskâld waerden en dan stiek ik se ûnder de tekkens. Ik fielde der mei oer myn liif, stiek se yn myn krús. Of ik woe mei gleone hannen myn ûnderlichem waerm meitsje. Ik lei in hele moarn to wriuwen.
| |
| |
Ik stjer heel stadich ôf. Ik bin al foar twatredde part dea. Hoe lang liz ik hjir nou al, twa moanne, in heal jier, twa jier? Ik wit it net. Ik ha gjin bigryp mear fan de tiid. Foar myn gefoel liz ik dagen en nachten efter elkoar wekker en soms wurd ik wekker mei in gefoel, as ha ik fier fuort west en binne der sûnt wiken foarby gien. Se founen it allegear forskriklik dy't oan myn bêd kamen. Elk tôge syn meilijen mei. Se woene mei my prate. Ik moast harren bigripe, útlizze, harren pinigjende fragen biantwurdzje. Ik bistie net mear foar harren. Allinne harren meilijen bistie. Harren fragen stieken se yn my del. Doe koe ik noch sjen. De greate brede gesichten driigjend oer de traljes. Se leine pûden fol apels by my op it fuottenein. Ik fielde my skuldich en tagelyk neatich as in bern. Nou komt my noait mear ien binei, omdat ik neat mear sjen kin, omdat ik net prate kin. Allinne mar hwat mei de holle skodzje. De susters komme hjir wol faek, ik fiel it as se oan myn bêd komme, mar fierder ek net, sa licht en linich giet it harren ôf. De dea krûpt stadich yn my omheech, nei myn hals, myn kiel, de hannen, de fingers, de mûle, de harsens, it hert. It giet heel stadich. Ik kin it fiele mei myn hannen. Hieltyd moat ik my heger knipe. Ik doar myn hannen hast net mear ûnder de tekkens to stekken. It fielt sa aeklik hwat mei de fingers fan jins eigen lichem oan to reitsjen hwat der winliken net mear is, as bin ik fan ûnderen biferzen. En de slangen oan myn liif dy't winliken al in diel fan myn lichem wurden binne.
(2)
It rûzet yn myn earen as reint it bûtendoar. Miskien is it de wyn yn 'e beammen of de fintilator. Ik reitsje mei de lûden fortroud. Se foarmje foar my de iennichste relaesje mei de bûtenwrâld. Elk lûd dat ik opfang foarmje ik my in byld fan. Ik ha it tún altyd foar my sa't ik it fan it terras ôf sjen koe mei de kuijerjende patiënten, de bisikers mei de bern by de fiver. Memmen dy't har jassen yn it gers útspraetten en mei de bern yn 'e sinne boarten, ieten en kykjes makken. Ik hie der faek hertsear fan en helde my allinne sa't ik dêr mei de krukken njonken de stoel op it terras siet to wachtsjen oant de suster my ophelle en op bêd brocht. Hjoed hear ik de bern wer foar it earst oangean omdat it moai waer is. Ik hear stappen oer it grintpaed knisterjen, stappen dy't allegear fan my ôf geane en weistjerre yn 'e fierte. Ik liz altyd to harkjen om it libben nei my ta to heljen. As de stappen krekt oan myn rút ta binne gean se
| |
| |
wer fan my ôf. Mar ik fiel my net mear iensum, ik bin net mear allinne, ik ha gjin hertsear mear fan de memmen. Ik fiel dat it komme moat. Ik bin net bang. Soms wurdt it my sa ljocht yn 'e holle, dan dogge myn eagen der sear fan as stiet der in skerp ljocht op, as sjoch ik yn 'e sinne op. Doe't de suster my in sinesappel joech om it spuitsjen op to learen foar myn sûkersykte, stiek it ek troch my hinne. Elke kear as ik de nulle yn de sinesappel pripte stiek der in pine troch myn eagen. Letter moast ik alle moarnen as ik yn 'e rolstoel siet mei de nulle yn myn bil stekke oant ik grien en blau waerd. De prip fielde ik net, mar alle kearen stiek it my troch myn eagen oant djip yn myn holle as hie de pine him yn myn lichem forpleatst. Ik soe it graech nochris fiele wolle, de pine, it fortriet, de iensumheit. It is krekt as bistiet it net mear sûnt myn lichem him foar de wrâld ôfsluten hat. Ik slút my op yn mysels. It is krekt as bistiet der gjin wrâld mear bûten my. Alles yn my konsintrearret him op it lûd, de reuk, it ljocht, mar ik ha der gjin wêzentlik kontakt mear mei. It ropt bylden op, dreamen, fantasijen, neigeraden myn waernimming subtiler wurdt. It kin my eangstich meitsje, lykas it skrassen en skaven fan de ynsekten op 'e muorren. De basillen dy't by miljarden yn myn lichem krûpe en dêryn in konstant heech sûzjen hearre litte. Soms fiel ik hoe't myn boarsten, dy't my swier en nutteleas ûnder de earmen hingje, hurd wurde as forwachtsje ik in bern. As ik stjer wol ik de eagen iepen hâlde en omheech sjen nei de souder. Ik wol net bang wêze. Ik sil myn gleone hannen om it kâlde izer fan it ledikant slaen. Ik wol it bilibje, herkenne. Ik wol helendal allinne wêze dat net ien myn konsintraesje forbrekt mei dippen op myn foarholle, it roppen fan myn namme dy't ik dan miskien net iens mear herkenne sil. Ik ha altyd yn 'e winter
stjerre wold, om bigroeven to wurden as der snie leit. Al jierren ha ik foar my sjoen dat de swarte koets de bisnijde boskleane trochriidt. Mar salang sil it net mear duorje. It is maitiid. It gers wurdt wer grien om 'e fiver en de bosk wurdt nou wer as in greate boerekoalsplant. Ik hear de stimmen fan de kuijerders dy't boppe oer de fiver hinne stappe. It ratteljen fan it grint is frjemd en ûnwierskynlik as yn in harkspul. Alle biwende foarmen bistean net mear foar my. Ik tink folsleiner, sûnder bigrinzingen. Alles sjoch ik foar my barren, net liker as rin ik tusken al dy minsken yn. Mar ik ha gjin fuotten mear. Alle minsken sjogge nei my omdat ik gjin fuotten mear ha. Miskien bin ik hjir noch de hele simmer en hear alle dagen it draven fan de bern, it kwêkjen fan de einen en sit ik op it terras of fuorje de einen mei plaskes bôlle yn it
| |
| |
gers. It is sa moai alles werom to sjen mei lytse skokjes oer de paden to riden, mei de nije plaid om 'e fuotten.
(3)
Ik liz hjir mar to lizzen. Myn hannen binne fan hout. En ik hie grif gjin holle mear as ik net hwat fan muzyk hearre koe as ik mei myn fingers oer de traljes rattele. Ik soe my nochris oan de stangen oplûke wolle; nochris oerein to sitten en flink wêze, lykas de suster altyd sei. As ik my dan nochris mei wiete watsjes oer de eagen striek, miskien dat ik dan alles nochris sjen koe om noch ienkear nei bûten ta to libjen, dat byld fêst to hâlden en mei to nimmen. Eigentlik bin ik alles forgetten fan hwat der bard is yn myn libben. In pear oantinkens, mar dy binne al sa forsliten dat ik de kleuren en sitewaesjes net iens mear foar my krije kin. Hwerfoar ha ik nou libbe, dat ik dat net mear wit? Hwat der noch oer is, is in grimelgrammel fan bylden, skokjes en trillinkjes, lykas de groun trillet by it prykjen fan de wjirmdoller. Bistean ik hjir noch, of is it in oare romte, in himel, in romte yn de ierde? Is it dan gjin werklikheit dat ik hjir liz? Bin ik al dea? Ha se de ierde al wer tichtset mei seadden, in sarkje, in graniten perkje? Ik wol it net. Ik sweevje. Ik sweevje as libje ik nou pas foar it earst. Ik sjoch wyt, altyd itselde wyt mei ljochte en dûnkere flekken, dy't yn elkoar oerfloeije as oaljeplakken op it wetter. Ik kin it net mear foar my krije. Ik kin it allinne mar mear oan mysels fortelle; forhalen út in fiere wrâld hwerf an ik forfrjemde bin en hwerfan ik de lûden net mear ûnderskiede kin. Soms hear ik noch hwat gounzjen, rocheljen, of hwat brommen út 'e fierte, mar ik wit net hwer't it wei komt. Ik sykje mei myn hân om myn ear. Ik ha al in heel skoft om myn ear socht, mar ik kin myn holle net fine. Ik fiel dat ik hieltyd lytser wurd, weiskronfelje tusken de lekkens, tusken de hege traljes fan it ledikant dy't ik noch fiele kin omdat se lekker kâld binne. Ik moat soms heel lang om de stangen sykje as wurde se elke dei heger en tsjûker. Myn fingers moatte
nou wol heel tin wêze, noch tinder as de traljes. Ik kin der net mear mei knipe. As ik myn fingers oprôlje snije de neils my yn it fleis. Ik fiel dat ik nou mei gauwens stjerre sil. Ik wol my der soms klear foar meitsje, mar der is gjin dwazer gedachte as dy. Ik bigryp nou dat it groeije moat, lykas in foet jin oan it lichem groeit, mar dat men der fan it bigjin ôf al op stean kin.
| |
| |
(4)
Hwat sil ik my haestje, der is gjin momint dat ik my forfeel. Ik moat noch safolle dingen oertinke. Ik reitsje der soms fan yn 'e ties as kin ik it net mear ûtelkoar hâlde. Hieltyd bigjin ik wer op 'e nij. Hwer binne myn hannen? Ik kin myn hannen net mear fine. Ik fiel de tekkens net mear op myn boarst. Ik fiel net mear dat ik op myn rêch liz, net liker as sweevje ik, as flean ik. Alles wurdt my griis foar eagen. It ljocht lûkt stadich fuort as wurdt it nou joun. Ik libje noch. Ik kin noch tinke, ik kin noch tsjin mysels prate oer hannen en fuotten en dêrom ha ik noch hannen en fuotten. Ik kin der oer biskikke sa't ik it sels wol. Ik rin wer oer it paed, tyskje mei de stôk by de kanten lâns, sykje nei de bank. Ik gean op it lûd fan de einen ôf mei in plaske bôlle yn 'e hân. Ik sjoch it wer as op in greate print. As ik de stikjes bôlle yn 'e fiver smyt komme der gjin einen nei foaren sjitten om de stikken yn ien kear op to skrokken. De bylden biwege har net mear. It is in dream dy't stil stean bliuwt. De stikken bôlle driuwe as wite tûfen yn 'e fiver. Of wolle de einen net mear fan my frette? Se wiene sa tam dat se my optlêst út 'e hân ieten. Elke dei kamen se in stapke tichterby. Ik woe dat ik myn hân fine koe dan soe ik myn pink nochris yn myn ear stekke. As ik dan oan myn pink rûk, sjoch ik it hok fan ús pake wer foar my mei de geiten en it dampe hea. It roek krektlyk as yn myn ear. Myn boarst wurdt my sa swier. As ik sykhelje fiele myn longen sa wiid as de sé. Ik moat hieltyd djipper sykhelje. Ik kin nou net mear fiele hoefier myn lichem ôfstoarn is. Ik kin nimmen mear in hân jaen. Ik hear neat mear. It wurdt sa stil yn my, as kin ik net goed mear tinke. De stilte jowt yn myn holle in gefoel as helje ik alinne mar siken yn sûnder se wer út to blazen. Myn holle wurdt greater as blaes ik
him op. Ik riis boppe de stangen út nei it plafond ta. It libben moat him nou noch biheine ta it hert en de lêste harsenweefsels. Boppe my foarmet him in ientoanich swart flak. Ik kin my net bigripe dat der ûnder myn holle noch in lichem leit fan 1.60 meter dat troch tûzen sellen, weefsels, spieren en senuwen mei myn holle forboun is. Winliken leit der in folslein bidriuw stil as nei in faillisemint. Allinne yn it kantoar wurdt noch arbeide om de likwidaesje to regeljen. Ik wol my foarstelle hoe lyts myn wrâld wurden is. Miskien inkelde fjouwerkante sintimeters. Ik tink en herken troch middel fan in hanfol weefsels. It trillet en makket lytse skokjes. Ik soe mysels oanienwei forhalen fortelle kinne, mar ik moat net sintiminteel wurde. It libben. Ik
| |
| |
libje noch. It is sa great, sa wiid. God, ik fiel dat Jo der binne. Jo komme my tomjitte. Ik sjoch it sa ljocht as Jo binne.
(5)
Nou komt de winterkjeld. Ik sjoch it snijen en it wyt, wyt, wyt.
|
|