De Tsjerne. Jaargang 23
(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 291]
| |
Nostalgyit sil jo wol gean
net liker as it my giet
as ik nog bij moeder sjoch
lêsboekjes fan ligthart en scheepstra
mei printsjes fan c jetses
dierbere oantinkens oan in tiid
doe't alles folle better wie as hjoed-de-dei
ek de seksuéle foarljochting
smôk skaedzjend beamtegrien
blier laitsjend boulân
tierige greiden
en golle ienfâldige lju
ean fan útwrydskens
mar ik tink altiten ek
krammele moeder
hwer is jou foundation
| |
[pagina 292]
| |
Nederlaechoardel ûre nei de wedstrijd gyng de doar fan de forklaeijerskeamer
iepen en wie de coach ré in forklearring ôf to lizzen
wy soene earst it 4-2-4 systeem spylje
mar troch in stikmannich blessures en omsettingen yn de ploech
moasten wy it mei ausputzer dwaen
dy't sa balforeale wie dat de crosspasses yn it sintrum smoarden
en ús technysk bitûfte tsjinstanners mei taktyske shortpasses
it spul biferzen
dat de iepeningen op de beide fleugels
wiene stees in maklike proai foar de konsekwint dekkende efterhoede
dy't ek mei djiptepasses net yn panyk to spyljen wie
wylst ús middenlynje it gat net oerbrêgje koe
en de foarhoede net genôch kondysje hie
om de slidings fan de backs to ûntrinnen
en hieltiten wer yn de bûtenspulfalle roun
wy hawwe fansels al wit hoe lang op dizze wedstiid talibbe
mar mentael hiene wy der hjoed wol oan
en de pchychologyske bigelieding liet in soad to winskjen oer
binammen it tempo spile ús parten doet it tiidrekken bigoun
ús spul waerd forkrampe dat is de oarsaek fan ús falen
mar de jonges fiele it as in morele forplichting
yn de fearnfinales foar europacup nûmer seis
better foar de tried to kommen
|
|