kategory, wylst it magysk-realistyske genre my it swierst op 'e mage leit. Om hjirmei to bigjinnen: ta dit type kinne rekkene wurde Ribbe, De man mei it burd (in short-short), De herberch mei de wynflek, De mislearre duvel, De parabel fan 'e Godsmoardner, en Skûmplastic. De typyske sfear der fan wurdt net oeral like konsekwint trochfierd. Yn De herberch mei de wynflek en Skûmplastic wurdt it ús earst tsjin de ein dúdlik hokker kant it útgiet, hwat in bytsje de forfelende smaek fan in deus-ex-machina oerlit. Dêrby tink ik binammen oan Skûmplastic, der't de (anti-)helt oan it ein fan in, út technysk eachpunt neffens my ûnmooglik, eksperimint om himsels oer syn sosiale knoffelichheit hinne to helpen syn skelnamme út de taperecorder to hearren kriget ynsté fan de namme Folkertsma, dy't by yn de mikrofoan sprutsen hat... Sjoch, soks giet my eins wol hwat fier. As de skriuwer syn lêzers fergje wol oan de ein sa'n magyske draei mei to meitsjen, dan moat er bitider fan 't bêd ôf. Fansels kin men hjir lâns psychologyske wei wol útkomme, mar literair bisjoen bliuwt it mar bihyplik. Itselde jildt foar De herberch mei de wynflek, en yn sekere sin - al is it dêr folle oannimliker - foar Hjerst. De oare stories yn dizze ôfdieling binne fan it bigjin ôf dúdlik simbolysk fan sfeartekening, en binne fan datoangeande folle better slagge. Al bliuwt it genre op himsels tige problematysk.
De bêste prestaesje yn dizze bondel wurdt levere yn de kategory fan it sljochtwei en loftich skreaune sketske mei in satiryske of humoristyske ynslach. Dit falt nammersto mear to wurdearjen om't proaza fan dizze kwaliteiten yn de fryske literatuer tige seldsum is. In snein, mei syn bihindige oergong fan de iene figuer op 'e oare, is in juweel fan technyk en gefoelich waernimmen, mei it gefoel foar sfear fan in Tsjechof, of in Dylan Thomas. Memmedei is hurd en ôngenedich yn syn tekening fan in ‘misbitearde’ minsklike relaesje, skokkend raek yn de wrede ôntknoping, allinne mar oantsjut yn de wurden fan de man tsjin syn keakeljende flaemske reuzen: ‘Nou, kalm mar hwat. Jim krije jim gerak ek wol.’ De skriuwer foar it Doarpsbilang, ta eintsjebislút, jowt in prachtige parody op de moralisearjende betwitterij, der't in auteur as Riemersma yn in provinsiael formidden mei to krijen hat. Spitich, dat Rients Gratama net mear yn it frysk spilet, oars hie dit in kostlike tekst foar him west. Der hoegde praktysk neat oan foroare to wurden.
En dan de groep forhalen, dêr't Riemersma himsels wierskynlik it meast persoanlik by bitrutsen fielt. Forhalen dêr't er de doelleaze swalktochten fan in ‘bûtensteander’ yn biskriuwt, de minsken dy't net passe yn it sy-