Personalia:
Gerben Brouwer; berne 1902 yn De Hommerts, wie op forskate plakken ûnderwizer, wennet nou op De Gerdyk; publisearre de fersebondels Weagen en De weagen oer.
Fabulist; berne 1906 op De Jouwer, publisearre ûnder pseudonym û.o. de fersebondels Spegelskrift, Núnders, Finzen en Frij, Kymgong; wennet yn Snits.
Gosse Jansma; berne 1943 yn Donkerbroek, is amtner en wennet yn Rotterdam.
Pyt Jan Sikkema; berne yn Ljouwert, 1947, studearret Nederlânsk en Noarsk yn Grins; skreau û.o. in toanielstik yn it ljouwerter dialekt, dat ek spile waerd.
Klaas de Wit; berne 1925 yn Delfsyl, is learaer Ingelsk, publisearret yn Raam en literaire kritiken yn de Leeuwarder Courant, skreau û.o. de romans De sleutel is gebroken, Vissen achter het net en de forhalebondel Buiten oorlogse vertellingen, wennet yn Grou.