| |
| |
| |
Gerben Brouwer / Gedichten
De pyromaen
De lôge slacht út toer en tek.
Dan springe fjûren foar de glêzen.
De pyromaen waerd even gek
en tynt yn trance; it optein wêzen,
birûze fan it lûd en fan it ljocht,
stiet lokkich en sintrael yn it trelit,
dat yn 'e fjûrnacht troch de buorren giet.
Mar op 'e moarn fan reek en jiske
wurdt yn petearen frege en fiske
yn 't razen fan syn sike rite
rint oer de wegen fan de krite
| |
| |
| |
De twaenfjirtichste psalm
As in hert yn toarre streken
toarstich op 'e hjitte wei
ropt om wetter ta de beken,
rop ik fan de toarst ta Jo.
God fan libben laevje nou -
Och hwannear - o toarst en hjitte -
kom ik Jo oan d' ein tomjitte.
Sûnder rêst en sûnder spize
gean ik gûlend nacht en dei,
Tink tobek, hoe 'k foarenoan
song en spile op harp en hoarn,
fleurich feest' en alle frommen
d' Ivig' yn syn timpelrommen.
Drôf en yn de djipte trutsen,
Siel, hoe bistû, bûge en slein,
yn dysels forbûke en brutsen
Mar myn hope is op de Hear.
Myn forlosser, wacht en wear
kom ik yn 'e fiere fierte
mei myn lof en tank tomjitte.
Dêr de streamen brûze en beare
oer it lân fan de Jordaen
en yn kolken, net to kearen,
stean ik, Hear, fan skrik bistoarn -
Floeden roppe floeden oan.
Fan it wylde wetter folge,
waerd ik fan de hoed forswolge.
| |
| |
Mar de Hear, dy't ljocht en tsjuster,
sinn' en skaed oer d'ierde leit,
is deselde hjoed en juster
en to nacht - hwat mei my deare -
sil Er my de lofsang leare.
God, myn rots en myn bitrouwen,
och, hwerom forjit Jo my?
Hwerom rin ik yn 'e rouwe
Drôf en mei de dea yn 't hert
falt de frage dy fortret:
Alle dagen wurd ik narre:
Hwer is nou dyn God bidarre.
Drôf en yn de djipte trutsen,
Siel, hoe bistû bûge en slein,
yn dy sels forbûke en brutsen
Mar myn hope is op de Hear.
Myn forlosser, wacht en wear
kom ik yn 'e fiere fierte
mei myn lof en tank tomjitte.
| |
| |
| |
De hunderttritichste psalm
yn triennen, net to kearen:
Hear, hoe't it yn my klaget,
it kwead' yn my mishaget.
Mar, Hear, dêr is genede.
Ik wachtsj' o, kom dan Heare,
wurdt wach en longert nei
Jins wurd as op 'e muorren
Hy sil by 't bliid bifrijen
- O, goedens sûnder ein -
| |
| |
| |
De trijeentweintichste psalm
Myn hoeder is de Hear' Hy sil my liede.
Allyk in laem mei ik my deljaen yn 'e miede.
Neat bin ik brek. Hy bringt my út genede
allinken nei in lân fan lok en frede.
Dêr is in wjittering, dêr jowt Er my to drinken
en trinten rin ik fierder op syn winken.
Al gean ik troch de djipt' en yn it tsjuster,
al driicht de dea, ik reitsje 't paed net bjuster.
Jo bliuwe by my yn de swierste riten.
Jo noegje my, 'k mei oan Jins tafel ite.
Jins stôk en stêf, it teken fan Jins hoede,
haww' yn 'e need my treastig' en bigoede.
Ik bin de gast, Jo salvje my de holle.
Myn tsjelk rint oer: de Gasthear hat him folle.
En folge fan Jins heil en goedichheden,
bin 'k ivich bliid by brea fan Jins genede.
Myn hûs en honk - hwat mei ik mear bigeare -
bliuwt nacht en dei de timpel fan de Heare.
Oerdichtingen neffens bibeltekst
|
|