| |
| |
| |
Fabulist / Mary-Lou
Doe't wy de wyldernis fan sompen en petgatten efter ús hiene, Tobias en ik, kamen wy yn in gâns biskaefder oarde, en waerden troch it jongfolk forwolkomme mei in kreakheldere stim. Fan de âlde en treurige wizânsje om hjir de minsken foar de hounen to smiten, dy't sûndigen tsjin de stamgewoanten, wie suver neat mear werom to finen, itsij der moast noch in bekfol fan hingjen bleaun wêze yn harren blafferich lûd, mar fierders, hwat in forbluffende omkear yn dizze kontreijen! Hwer't destiids sokke dogeneaten as Harke Taraboembijé en konsorten de herberch skodzje lieten mei har geraes en gebear, yn de rûge jierren, doe't sentimintaliteit en moardlust dêr sadanich húsholden, dat it hiele gea der skoof en skande fan spriek, en gjin hoanne langer fatsoenlik doarst to kraeijen, neffens de annalen, bliek nou in bihoarlike artystekroech to stean, en de raembiljetten fornijden ús, de zingende broertjes, twa favorite humoristen, soene soargje foar de froalike noat. Dit wie om de bliksem gjin ûnderûntwikkele gebiet mear mei syn kulturele allures, fier fan dat; mannichien droech syn I.Q. greatsk as in medalje op 'e kont en by oaren stieken der soms selsbiwust in pear formidabele hoarnen út 'e briljante kop. Né, de wrâld wie der sichtber op foarútgien, sont de donkere dagen fan alear, doet gjin frommeske hjir by jountiid lâns komme koe, út 'e omkriten wei, sûnder dat de ien' of oare streuper dêr nijsgjirrich omstrúnde en it risseljende hoal fan har rokken neijer ûndersocht of it earme kninefeltsje hifke op syn mérites, wylst it nou in fleurich kommen en gean wie fan nozems en brozems mei har feestlik geroft, oft der hûndert raketten de romte yn ploften.
Wy stoepen dan ek woltomoede dit rendez-vous tusken de beide geslachten binnen, en hiene wakker ús niget oan it rûzige biweech, nei't wy fan in hege barkruk ôf it halden en dragen fan it brave folkje acht sloegen; in tafriel, dêr't wy ús al aerdich by thús fielden. It soantsje fan de hospes mocht fan syn heit en mem hwat letter op bêd as gewoanlik en dat wie net tsjin in dove sein, hy rôp iderkear mar: aenst komme de singende ploertjes, aenst komme de singende ploertjes, yn syn krompraterich dialekt, dat party tearden har dûbeld, mar it gnizen steurde him net yn 't minst, de strobbe hie wille by 't soad, hwant wit sa'n bern folle.
| |
| |
Oant der ynienen in swierige petticoat op ús tasaeide en har gesellich njonken ús delsette, krekt as hiene wy al jierren kunde oan mekoar. Se neamden har Mary-Lou, yn dit flodderich formidden.
Tobias skynde soks hiel gewoan to finen en bea har fuortdaelks in dronk en in sigaret, in hoflikens dêr't ik sels nea by stilstean soe; ik wie alhiel forbjustere troch har forskining en bleau har mar stomwei oangapjen. Mis nou ienris dat flotte en feardige fan him yn sokke binaude sitewaesjes, simpele siel as ik bin. Hy giet optheden trou nei de lytse tsjerke, ta myn argewaesje, mar men jowt him syn hurde ynhouten net, by wit him by al soarten fan lju to biwegen mei de graesje fan in grande, wylst se my om 't hoartsje foar in droege skobbe strie forslite, hwer't rook noch smaek oan sit. Net dat ik it him forgun, hear, en myn eigen kostlike eigenskippen nei foaren skouwe wol, om in goeije start to krijen tusken de einepoaten, mar earne is it dochs in tryste gedachte, dat je net meikomme kinne, as de froulju de fiver oan 't fuorjen binne, wol ik ha. En dit bisef muoide my namstomear, om't dat fanke blykber op slach myn kribels yn 'e peiling hie, in minderweardich manko, dêr't hja my graech efkes fan ôfhelpe woe troch in douns mei har. Hwat lykwols fan dy gefolgen hie dat ik noch slimmer út 'e rifels rekke. Hwant ik wist my hoegenamt gjin partner foar dy floatige hikkespringer, stiif en groubonkich as ik wie, né, dat koe neat wurde, ik stammere dat it my ôfgryslik spiet, mar hja koe helte better hinnegean en wervelje mei in oaren-ien hwat om, ik hie amper de boereplof leard, en ek dat noch mei lijen, mar hja lake myn biswieren ûnbikommere wei, ik hoegde har inkeld mar oer 't skouder to goaijen, leafst in bytsje mei fordrach, en as my dat slagge sûnder har ûnbidaerlik flagje to litten, en safolle bitrouwen hie hja wol yn myn sportiviteit, dan koe 'k it by de omstanners noait mear bidjerre, dat wie keardelswurk, en dan kaem de rest fansels wol. Ik bisocht har dat redenryk út 'e holle to praten, en skillige sa nou en dan helpleas nei Tobias, dy't narjend yn syn burd nokkere en fan oardiel wie ik koe
in dame min hwat wegerje, oars joech it hjir in konsternaesje fan komsa, hwer't de ruten fan rinkelen. Bûtendat moast ik it sjen as in bysûndere gunst, woed er ha, en neitiid soe se grif noch de shake mei my dounsje wolle, as ik hwat oefening yn de heupen krige. Der klonken al klanken fan oanmoediging út it publyk, en ik heinde dúdlik sokke skampere lúden op as kloatsek en lit dy net kenne sufferd en mear fan dat skealike praet. Dit makke my op 't lêst wol sa pûr, dat der bigoun in woede yn my to grânzgjen, dy't ik noait foar mooglik
| |
| |
holden hie; wylst ik minstens tsien tsjinstanners tagelyk útdage, om mei my op 'e fûst to gean, flybke ik driftich yn 'e hannen, ré ta de oanfal, hwat in helsk kabael towei brocht by de oanwêzigen. Mary-Lou fleach mei in gjalp fansiden oft ik de duvel yn eigen persoan wie, al hwat myn kammeraet bisocht der mei syn flaeijende tonge tsjinyn to lizzen staette ik húnjend fan my ôf, en doe't ik in stoel optilde om it ljocht fan de souder to reagjen, moat er grif in eagjend momint tocht hawwe, ik woe him de skynhillige harsens ynslaen, hwant ik hearde him fortwivele roppen: hy is folslein gek wurden, mar ik die it bleat út wize fan foarsoarch om de skeve forhâldingen hwat yn blâns to lûken, en doe kaem it ta in gefjocht, hwer't ik myn libben lang wol de groeden fan drage sil, mar in stikmannich fan myn fijânnen likegoed, as 't my net mist; nea binne de lessen yn judo en body-building, dy't in pear sterke knoffels my forline hjerst mei alle gewelt bybringe woene, har houtene learling better to pas kommen as op dizze fatale joun.
Doe't ik my lang om let út it tizebosk fan hannen en fuotten bifrijd hie, murk ik mei in soart fan wrede foldwaning, se wiene ûnder elkoar noch fûleindich oan 't wrakseljen en hompten sa hurd op de hymjende koppen om, dat hjir en dêr lei ien to smûgen en to stinnen, hwant it wie hartstikke tsjuster om ús hinne, oant in sêfte frouljushân my stikem meiloadste nei bâten ta, hwer't Tobias ta myn binijing geduldich as in pakezel mei ús spullen op de ôfrin fan dit waensinnige gedoch stie to wachtsjen. En lit it nou itselde fanke wêze, dat de oanlieding west hie fan de oarloch yn de taep, dy't ús wer taktfol forienige! Folslein fan 'e roai, dat it allegear sa min biteard wie. - 't Is myn skuld, - sei se muoilik, - mar dít haw ik echt net bidoeld. -
Ik woe har earst ôfblaffe, it hiele konflikt mei har doarpsgenoaten hie 'k by eintsjebislút oan har to tankjen, mar sûnder it to wollen wâlle der in weaker gefoel yn my op. - Nou ja, - grommele ik noartsk, - sit mar net langer yn 'e knipe oer dit trammelantsje. Dou koest der ek net foar, dat ik my tofolle troch myn lulkens meislepe liet. - En ik joech har hwat soenjild foar de hospes as forgoeding, dat de man wer in bytsje op forhael komme koe tusken de diggels.
It wie in fredige simmernacht, doe't wy ús fan dit babel forwideren en wer fierder swalken, mar yn myn moed wie 't net sa rêstich, o heden né. Hwant it stiek my pynlik dat maet gjin poat útstutsen hie om my út it laberet to heljen. Hy die bar syn bêst om ûnderweis foar stjerrewacht to spyljen en myn tinzen lâns himelske paden to lieden, mar ik hie in
| |
| |
oast yn 'e kop en fielde in forhoalen wrok tsjin him, dy smoarge hûchelder tocht ik opsternaet, ik koe der wol fan spuije syn hiele gekwêk, dat ik biet him lêbbich en smeulsk ta: - It wie dochs wol diskreet fan dy en lit my allinnich foar alles opdraeije! - Sjesa, dat mocht er mei lange tosken opfrette foar myn part. Mar je kinne him ál sa goed in koer fol stiennen foarsette, hy taelt der net iens nei. - Och jonge, - kaem er ûnnoazel fanwegen, - maelst' dêr noch stees mei om? Nou, sa slim is 't nou ek wer net, hear! Dou bist fiersto opljeppen yn dy dingen. Ik hie de saek noch bisljochtsje wollen mei hwat joukebier, mar dou moatst ivich de boel yn 'e hobbel jeije en litst fuort de kears oan beide einen brânne. Dat dan meist de fetplakken ek wolris in kear foar dyn eigen rekken nimme en hoecht de noasdrip net altyd krekt by my op 'e seare teannen to fallen. Trouwens, ik bin net by dy yn tsjinst, om dyn suspensoir op to hâlden, as it bloed wer ris to weelderich wurdt. - Strontsek, tocht ik. Dat wol ek noch de moralist úthingje notabene. Hawar, sa stadichoan bidarre it getsier hwat en sochten wy ús nachtleger by de ien' of oare hea-opper, ticht oan in smelle binnenwei. It roek sa hearlik oer de greiden, dat it wie suver in geniet nei de reboelje, mar de frosken tetteren mar oan ien stik troch, ik koe mei gjin mooglikheit yn 'e sliep komme by dit harkspul, wylst Tobias al rillegau lei to snoarkjen dat de groun der fan davere. Lykwols, ynienen miende ik dwers troch myn senuwen in geroft to hearren as fan fuotstappen, earne yn 'e neite, ik tocht ogoant dêr ha je 't gesoademiter al, faeks is in stel fan dy knapen ús brysk en breinroer efternei set en wolle se ús nou omsingelje en kâld meitsje, sokke tiden komt de oerdrift wer yn aksje by de mins en de kneppel easket syn rjochten op, it wetter stie in amerij sidderjend yn 't kikkersleatsje, doe't ik kjel oerein
skeat, mar it moast in forsin west ha, oant ik deun by in flústerjend fraechteken kaem en der samar in jongfaem foar my opriisde. Ik wreau my fan forbazing de frontdoppen út, om my to forwisjen, it wie gjin tsjoenderij, mar eat yn har foarkommen en de geur fan har hier brocht my op in idé en méi waerd it my klear, hwa't ús folgelinge wêze moast. Hja hie in stim as in fioele, mar spriek ta myn forromming mei de sordino op 'e kiel.
- Ik bring dy noch efkes dyn notysjeboekje, datst niis kwytrekke biste, - fazele Mary-Lou.
En wrychtich, in taest yn myn binnenbûse wiisde út, it wie sa.
- Mar hoe koestou riede, dat it mines wie? - frege ik binijd. Ik hie dy noch net iens myn namme sein. -
| |
| |
- Dat hoegde ek net, hwant ik ha der gewoan even yn omblêdde, sa tusken de rigels troch, en doe wist ik genôch. Al kin ik oer dyn hânskrift nou bipaeld net poche.
- Dêr hiest it rjocht net ta, - kaem ik yn forwar. - Ik sit ek net yn dyn binnenste om to sneupen. -
- Dat meist oars mei alle leafde dwaen, - andere hja greatmoedich. - Dou hoechst oer my wier net yn 'e stjonkert to sitten.
- Hoe koest ús forgeemje fine? - bisaude ik my oer har bretale replyk. - O, men hat soms sa fan dy ynjowings. Ik seach jim tafallich dizze kant op setten en doe tocht ik: lit my noch even by dat kampke mei dy oppers lâns rinne. It hat dus in goeije gok fan my west en sykje jim hjir. -
En hoe't it kaem wit ik sels net, mar ik krige binei it gefoel, alle wjerstân wiek fan my wei, as hie 'k al tiden op dit fanke wachte.
- Ja, - en miskien is 't wol in soart fan lotsbiskikking, hwant twa fan dy bulten binne noch frij, - hearde ik my tankber tsjin har sizzen. - Dan kinne wy wol it bêste hinnegean en hâld de konferinsje in eintsje fierderop? 'k Bring dy leaver net yn ûngelegenheit, mocht myn maet soms wekker wurde, foardat de sinne oer de loft giet; hy is noch al tier op it stik fan de seedlikheit en lit him net sa maklik yn 'e ruften spjeldzje, dat sadwaende. -
Ik wie al bang hja soe wol mâl tsjinabbelearje, mar né, se liet har willich meitroaije.
- Gô, hwat in moai skûlplak, as de berndieven komme! - fornuvere hja har, doet wy by de oare reak halt makken. - Dou hast dochs wol earbere bidoelingen? -
It wie in hiele treast foar har to fornimmen, ik hold der inkeld mar geile prinsipes op nei. De ljochtsjes yn har eagen waerden gleone stikjes fjûr, dat de waermte sloech jin tomjitte. Wylst ik har bigearich oanhelle en in boartlik fabeltsje fortelde, flijden wy ús noflik del en leauden it fierders wol. Hwant it duorre net sa botte lang of wy hiene beide op itselde stuit honger en toarst. De rook fan it hea gie toloar yn dy fan har hier, de roes fan ús omearming yn de stilte fan de nacht. En sa bleauwen wy forstringele lizzen, sprakeleas lokkich, oant de ljurk ús warskôge, en hja heimelik fordwoun nei it doarp, in iere flinter yn 'e moarndize.
|
|