2735. It wie gâns in kerwei om de trol it mâl fel út to krijen, mar by it ljocht fan 'e moanne slagge it knapeftich, oant it lêste stikje: doe waerden de koppen wekker fan dat gehannes oan harren lea en sette de trol it noch efkes yn 'e kant. Mei alle biskikbere mankrêft slagge it allykwol om de lêste mouwe út to krijen en doe wie it oer.
Nou wie er wer de gesellige trol, dy't er foartiid ek west hie, de koppen kamen noflik by it fjûr to sitten, krigen stikken fleis yn 'e mûle treaun en leveren ek har bydrage oan 'e algemiene fleurichheit troch twastimmich it fraeije liet fan 'e man, dy't om bier útgie en syn frou allinne thús liet, to sjongen.
Tsjin 'e moarntiid waerden se wer nei harren romp tabrocht, en hold de komplete trol de wacht oer ús Friezen, dy't as ien greate snoarkjende bulte yn 'e hoale leine. En it mâl fel siet wer stevich opsletten yn 'e kiste fan Redbad.
Mar de oare deis - ûntdieken de Friezen - wiene der noch trollen, noch kisten, noch Redbads yn 'e kontreijen to finen, en dêr waerd werris biwiisd dat it âldfrysk likegoed moaije flokken kin as it âldnoarsk.