Arnaud op it skouder. Hastich rin ik nei har ta, tútsje de lytse jonge dy't mei syn plastic sinnebril omtyspelt.
- Ik miende datstou om him tinke soest? seit se spotsk.
- Soe 'k ek.
- Slûge soe ek. It bern hie wol fordrinke kind.
Ik siz neat werom omdat ik wol wit dat it dan dochs wer in einleaze bekfjochterij wurdt.
- Nou seist neat hén, nou hâldsty de bek ticht. Nou ast wol witst datst it forlieze moast. Bist krekt dyn heit. En fral astou dyn hier net útkiemst liket net ien sprekkender op him. Jasses fint, ik kin dy sa net sjen. Dou likest alle dagen noch mear op dyn heit en dat sil ik dy noait forjaen.
- Se seine froeger altyd dat ik op myn mem like, siz ik lakonyk om de spanning hwat to forbrekken.
- Froeger, froeger, doe skieten de protters ierdbeijen, falt se út. Froeger wiestou ek heel oars. Dou bist nou krekt dyn heit mei syn gemene troanje. Dat frekte kâldgnizerige, dat kin ik net fordrage. As ik alles witten hie dan hiest fan myn part forrekke kind. Arnaud, hwer hast west? Arnaud mei net fuortrinne hén, altyd by mem bliuwe hwant heit past dochs net op dy. Dy leit it allegear wol sljocht. Dyn heit silst neat oan krije yn dyn libben. Krektlike min as dyn heit hwat oan syn heit hat.
- Ikke boarte, seit Arnaud optein.
- Hat heit noait oan dy roppen?
Arnaud skoddet mei syn lyts kopke en smyt hannen fol sân de loft yn.
- Ik hoopje net dat dy jonge op dyn heit bigjint to lykjen al is by der dan nei neamd, dan wurdt it ek sa'n gemeen stik sjacherijn en dat soe 'k skande fine, seit se feninich.
Ik triuw de sinnebril hwat omheech omdat it bien my sear docht op 'e noas. As se wer njonken my lizzen giet sjoch ik dat de dripkes op har rêch opdroege binne. Se hat groeitearkes yn it fel. Under har earm sjoch ik har boarst ûnder it lichem weiprotten. Ik liz in hân oer har skouder en wol har nei my ta lûke.
- Hâld dyn klauwen thús, ropt se forwoeden, ik kin dy net forneare. Elke kear as ik dy sjoch, sjoch ik dyn heit foar my. Dou kinst der neat oan dwaen, dat wit ik wol, mar it is nou ienkear sa. Dat frekte kâlde gesicht, spjuchtich en noartsk. In gesicht dat nea foroaret, mar as fan izer jin altyd like kâld oanstoarret. It is dyn skuld net, dou bist dyn eigen skepper ek net, mar omdatst op him likest...
- Ik bin myn heit net, siz ik.