Hja wiene de haven út. De wyn foel yn de seilen, en tagelyk gyng de botter skerp oer de side. Marten skeat nei de lege kant. ‘Forrek, kinst net efkes warskôgje?’
‘Dou bist slop yn de knibbels,’ sei Goaitzen forachtlik, ‘en dat fan ien kear der oerhinne.’
‘Ja, mar hou,’ lake Marten, dy't wer nei de hege kant skarrele, ‘ik hie ek in liif fol drank.’
‘Woest sizze dat ik foarby west hie?’
‘Nou, né.’
‘As ik de hûd fol jenever ha,’ sei Goaitzen plechtich mei de finger omheech, ‘krij ik der pas sin oan.’
‘Moatte wy net hwat hegerop?’ sei Uulke, ‘sa sakje wy ôf nei Urk.’
‘Dat moat mar net,’ gnyske Marten, ‘dêr hat men it net op ús stean.’
‘It wienen dêr al den bliksem Urkers,’ sei Goaitzen. ‘Ien ha 'k by de bakker troch de glêzen sodemitere.’
‘Dat hiest sjen moatten, Uulke,’ skattere Marten, ‘hoe't dy fint dêr yn de bôlen omrôlle. Ik ha my dealake.’
‘Wy moatte heger oan de wyn, Goaitzen,’ sei Uulke mei de skoat fan de fok yn 'e hannen.
‘Tinkst dat ik bang fan de Urkers bin?’ sei Goaitzen fûl.
‘Dat net, mar wy moatte nei Warckom.’
‘Wy moatte nei Warckom, ja, wy moatte nei Warckom,’ herhelle Goaitzen om dan ynienen út to fallen: ‘Dat giet dy gjin bliksem oan.’
Dochs helle hy de skoat in eintsje oan en twong tsjin it roer sa, dat de botter stadich by de wyn oproun. Buiswetter stou oer de plecht. De wyn kromp en helle oan. It skip krige mear gong. De ljochten fan de stâd rekken hoe langer hoe fierder efter.
‘Hwat in haest om yn Warckom to kommen,’ lekskoaide Marten. ‘Wolst by it wiif yn de koai?’
‘Jawis,’ sei Uulke, ‘en dat is gâns better plak as dêr't jimme fan 'e jouns west hawwe.’
‘Hwat witst dou dêrfan!’ kaem Goaitzen kwea, ‘dou hast noch noait op in oar lein. Praet net oer dingen dêr'tst neat fan witst.’
‘Hy wit oars krekt hoe't it heart,’ húnde Marten.
‘Ik kin der ek net oer jubelje dat Goaitzen in oar frommis brûkt oant op it libben,’ sei Uulke ûnforsichtich.
‘Tink derom hwatst seist,’ sei de skipper driigjend. ‘Ymkje komt by my neat to koart.’