De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 209] [p. 209] Steven van der Meer / Gedichten Yn it ljocht fan de seisde lantearne Syn dea oan it himptou dwarreljende sweltsjes dêr om hinne dit alles yn in balke sinneljocht Syn dea liet in gerdyn del Sawn jier wie ik in bôlle, brea of bakken brocht ik P. en syn frou Twa kear wyks Syn frou twa brune glimjende kastanje eagen Wie ynienen fuort Acht jier wie ik in heale bôlle, brea of bakken brocht ik him Twa kear wyks Gjin brea - de mage bigrypstû Hy waerd âld en ik waerd great Stil siet er meast by tafel It gebet preveljend as út skoarstiens kringeljend de wite reek By de seisde lantearne fan de nije strjitte Waeit my somtiden in forgielde brief yn it gesicht Leave minsken rêst sêft. [pagina 210] [p. 210] Dit doarp Ik forflok mei triennen in hease stim dit doarp is fêstroastke yn in planologysk krúts doarp sûnder holle de fabryk is sletten doarp sûnder hert forienings fan elts gelove ien oh doarp sa siik oan demokraty dit doarp in great rêsthûts taflechtsoarde foar minsken op jierren herten slaen somtiden ôf hymjend de hoeke om klokken liede Kom mar del Kom mar del blauwe Fedde stiet om 'e doarsherne Doarp sûnder holle en hert gûtlt kjirmjend omheech de minsken wenje en binne der net Doarp sûnder holle en hert. Vorige Volgende