en dat woe er ek wêze, mar hy wie net op syk nei himsels, hy wie net yn earste opslach op de konfrontaesje mei himsels út, hy wie net boun oan de observaesje fan syn eigen spegelbyld, hy wie net mei in selsportret dwaende. Dêrfoar wie er ek, yn deselde boppeneamde sin, net narcist genôch - fansels wie ek him de algemien-minsklike idelheit net frjemd - mar hy wie nou ienkear net op himsels rjochte, mar op dingen bûten him en dy dingen bûten him wiene gjin abstracta mar minsken, konkrete minsken en konkrete relaesjes tusken minsken.
Bihalven produktyf wie Fedde Schurer ek follesidich. Ek hjiryn is er oars as de lyrikus mei syn iene thema. Postma, Nijhoff, Achterberg koene in hiel soad ûnderwerpen oan, bineame in great tal dingen, miskien wol mear as Schurer, mar dy dingen binne dan altyd bitrutsen op har sintrale problematyk, de problematyk fan har heechst persoanlike, grandioze iensidichheit, dêr't alles út biljochte, dêr't alles op ôftaest, dêr't alles oan metten wurde moat. By Schurer kin men fan in problematyk yn dy sin net prate, en alhiel net fan in sintrale thematyk. Woe men sokke thema's sykje, dan fynt men by Schurer fuortdaliks trije, en dy binne der fan it bigjin ôf yn har hiele hear en fear. Hy is fan it bigjin ôf in kristlik dichter, in mienskipsdichter en in nasjonael dichter, en dat net yn likefolle rubriken yndield, troch stekjes fan inoar ôffrede, mar yn in oarspronklike ienheit, dy't de ienheit fan syn persoan, de ienheit fan dizze minske útmakket. Dit alles is der daelk al yn de earste bondel, Fersen fan 1925, hwat net sizze wol dat der gjin groei en ûntwikkeling yn is. Der is forfining, suvering, forienfâldiging foaral, en ek fordjipping, mar dat net yn de sin fan in hyltyd fierdergeand ûndersyk, mar yn de sin fan in hyltyd bitingstleazer biwoarteling yn it leauwe yn de minskheit, yn it folk. It is it dichterskip fan in himsels hyltyd mear bifêstigjende leafde, dy't himsels net siket mar jowt, dy't wolris grammoedich is, mar dy't earlik bisiket net oergunstich to wêzen.
Leafde dus, mar in erotysk dichter wie Schurer net yn it earste plak, al hat er wol leafdesfersen skreaun yn de pregnante bitsjutting fan dat wurd. Ik tink foar it neist, dat dy leafde foar him net problematyskernôch wie, net dûbelsinnich en tsjinstridich genôch om der in erotysk dichter om to wurden. Leafdeslyryk is de poëzij fan de ien, skreaun út de iensumens wei nei de oare, de heechgripende mar mistaestende en dan djip delfallende langst, de tokoartsjittende, mislearjende en mislearre, de ûngelokkige en ûngelokkich meitsjende, de forriedende leafde. Foar dit alles hie Schurer wol each, yn syn earste bondel komt dit ek wol foar,