| |
| |
| |
Foar de kreammen lâns
Winliken soe yn myn bitooch it oersjoch dat ik jown haw fan trije en tweintich jier Frysk literair libben net mear as in fuotnoat wêze moatte, mar it hat him tofolle ôtwreide om noch as sadanich herkenber to wêzen. Ik haw nammentlik sein dat literaire kunstwurken persoanlike uteringen binne fan in gratuïte aktiviteit, rjochte oan oaren as persoanen. Ik wiisde derop dat de frijheit fan de Fryske literatuer ek in prinsipieel útgongspunt wie fan it iennichste literaire tydskrift yn 1945, De Tsjerne, fuortsetting fan it yllegale De Rattelwacht en dat dit as gefolch hie dat de literatuer mear self-conscious wurde moast, har bisinne op eigen wêzen en doel. De ‘noat’ tsjinne om sjen to litten dat soks ek yn de praktyk bard is, dêr't dan ek it ‘rjochte oan oare persoanen’ hieltyd dúdliker yn nei foaren kommen is; ja, ik soe úthâlde wolle dat dy fuotnoat tsjûget fan in foltôge emansipaesje. Al hoe lang dy noat ek útfallen is, dochs moast it by oantsjutten bliuwe en koe binammen in evaluaesje fan ônderskate figueren, dêr't by eintsjebislút de literaire ‘skiednis’ dochs op rêst, net syn gerak krije. Ik sette ‘skiednis’ tusken skraskes om't ik yn it bigjin al sjen litten haw, dat der gâns forskeel is mei de gewoane skiednis. Dêrby haw ik noch net iens alles sein. Wichtich is ek dat it kunstwurk permaninsje hat, al is it dan ek makke yn (en as sadanich min of mear boun oan) in spesiale tiid en op in spesiael plak. It kunstwurk is rjochtstreeks oanwêzich yn it hjoed, it histoarysk barren is foargoed forline tiid. Ars longa, vita brevis, seine de âlden. As it histoarysk is komt Tsjerne mar ienkear by lânhearre op 'e brulloft, mar wy kinne Gysbert Japicx' Fryske Tsjerne hieltyd op 'e nij lêze en it kunstwurk
tsjinwurdich meitsje.
Fansels, de kunstner, stjerlik as er is, heart al ta de skiednis. Mar ek sûnder op syn dea foarút to rinnen kinne wy fan de kunstner sizze dat er bihalven persoan ek yndividu is, mei alle gefolgen. Hy is berne op in bipaeld plak en yn in biskate tiid en hy draecht it merk dêrfan. Syn ynterpretaesje en evaluaesje fan eigen ûnderfining binne foar it greatste part dy fan de mienskip dêr't er yn forkeart en fan de tiid dêr't er yn libbet. Der is mear gelyk as eigen, seit it Fryske sprekwurd wiis. Mar krekt dêrtroch kin er bihalven foar himsels ek foar oaren skriuwe.
| |
| |
Fansels, hy giet net op yn syn yndividu-wêzen, hy is gjin trekpop, sûnder eigen biweechkrêft. Der is gâns yn de wrâld efter him en om him hinne dat er forsmyt en dat er oars wol. Ek yn dat oars wollen is er op gâns manearen boun; hy is gjin frije ingel, mar minske. Hy is minske, dat hy is yndividu en dêrom is syn wurk op in distânsje to herkennen as fan in biskate tiid. Hy is minske, dat hy is persoan en dêrom hat syn wurk, yn it bêste gefal alteast , duorsumheit en permaninsje.
Troch ônderfining wiis wurden siz ik hjir noch even by dat it boppesteande in bisykjen is in biskaet fenomeen theoretysk to bistammerjen en dat ik in soad fragen nei oanlieding dêrfan net bianderje kin. As ien seit: ‘Ik haw permanint yn it wurdboek opsocht en der stie dat de bitsjutting wie ‘sûnder ophâlden, ivich, altyd duorjend’, en bidoele jo nou mei permanint wier ivich? dan siz ik né: fan de ivichheit haw ik gjin forstân en dy duorret my ek ryklik lang. Mar as de man dan trochsangeret en freget ‘hoe lang moat it dan neffens Smit duorje, ear't ensfh.’, dan kin ik inkeld sizze: ‘Ik wit it net.’ Ik wit it net en it kin my ek net in soad skele. Wol is trije en tweintig jier hwat koart om dy distânsje to hawwen (fan 23 oant 0 jier n.b.) om krekt út to meitsjen hwat sa boun is oan de tiid dat it inkeld flechtich en foarbygeand is en hwat sa boppe de tiid útriist dat it in takomst hat yn in letter hjoed. Dochs mei ik my net oan de plicht úntwine in oardiel to jaen as, ynteressearre en engagearre, tiidgenoat, mei alle biheining dy't dêryn bisletten leit.
Oan in yndieling yn generaesjes leau ik net sa bot, hwant hoe't men it ek bisjocht, hieltyd wurdt de literatuer fan in biskate tiid troch op syn minst trije generaesjes fieden en bipaeld: de opkommende generaesje, de ‘steande’ as ik it sa sizze mei en de ôfgeande. Dêrom moat ik nou bigjinne mei inkelde skriuwers dêr't noch wol wurk fan forskynd is nei W.O. II, mar dy't yn dy tiid langer net kréatyf west hawwe. Om mei de âldste to bigjinnen, Jan Jelles Hof (1872-1958) hat yn 1951 in biheinde kar út syn fersewurk útjown ûnder de titel Fan eigen tiid en folk. In kar dy't tsjûget fan selskrityk, mar ek fan selsrespekt en dy't gauris mear as inkeld histoarysk bilang hat: der steane fersen yn dy't yndruk meitsje troch suverens en poëtyske spanning.
Fan Simke Kloosterman (1876-1938) kamen yn 1952 de sammele fersen út yn De wylde fûgel, dy't yn it lyryske part inkelde oertsjûgjende fersen bifetsje. In útjefte fan har Spreuken yn 1962 is in psychologysk-nijsgjirrich dokumint en in werprintinge (1963) fan Ut de gielgoerde hat literair-histoaryske bitsjutting.
| |
| |
Fan Reinder Brolsma (1882-1953) kaem yn 1947 it boek Richt út, dat in treflik stael is fan it kinnen fan dizze auteur. Gâns fan de koartere forhalen waerden bondele yn Sa seach ik Fryslân (1951) en Folk fan Fryslân (1952) dêr't de stilistyske jeften fan Brolsma sa tige yn útkomme
Bouke Tuinstra (berne 1900) bondele yn Earste Keur (1949) in mannich fan syn forhalen, foar de oarloch skreaun en publisearre, dy't opfalle troch de consciensieuze skriuwwize en bihearske bihanneling.
Fan Nyckle Haisma (1907-1943) waerd frijhwat wurk werprinte en in part seach foar it earst it ljocht. Fersen yn De Tsjerne, de novelle Simmer ek ôfsûnderlik (1948) en ta bislút yn 1951 It lân forline. Knap skreaun allegearre, en hiel wol lêsber, mar likegoed ‘literatuer forline’. De nostalgyske biskriuwing fan it Fryske lân hat gjin forfolch krige yn de nei-oarlochske literatuer; as Fryslân dêryn biskreaun wurdt is dat net as unike hoeke lân, mar as normael dekor foar it hjoeddeiske libben, as gewoan ûnderdiel fan de wrâld.
Yn 1945 forskynde ûnder de titel Waeksen Ark it neilitten wurk fan Yke Boarnstra (1907-1943), dêr't de fersen yn opfoelen en dy't de generaesje dy't doe ré stie as modern ûndergie troch toan en minsklikheit. Markearret it oare hjirboppe neamde wurk earder de ein fan in tiidrek, de bondel Waeksen Ark kin men ek sjen as in bigjin.
Fan inkelde figueren, dy't nei de oarloch noch in rol spylje, leit it wichtichste part fan har wurk foar dy tiid. Dat jildt foar Douwe Kalma (1896-1953) en E.B. Folkertsma (1893-1968), lieders út de Jongfryske tiid. Folkertsma joech yn 1951 de bondel Eachweiding út, lykas de eardere Toer en Tsjerke mei essayistyske bydragen út folle earder tiid. Nij wie, yn 1946, it boekje De Christen Gysbert Japiks, nij ek de bondel Wite en reade roazen, dêr't Folkertsma úld folksbisit yn geef en stilistysk treflik Frysk yn werjoech. Fan 1949 ôf wied er boppedat redakteur fan De Tsjerne, hwat er bleaun is oan't en mei 1965. Syn bydragen yn dit tydskrift wiene net great yn tal, mar men kin fan tinken wol hawwe, dat er op it stik fan taelsuverens fan great bilang west hat foar De Tsjerne. Ek lykwols, dat er op it lêst, foar't er plak makke foar jonger talint, mear in opkearende as in ynspirearjende krêft west hat.
Douwe Kalma hat him winliken inkeld noch mei toaniel ophâlden. Yn 1949 en 1951 forskynden twa dielen Keningen fan Fryslân dêr't omwurkingen fan syn Kening Aldgillis en fan syn Leafwyn yn opnommen binne, mei noch trije oare ‘keningsdrama's.’ Nettsjinsteande de omwurking en in hwat strakker styl as yn earder tiid, bliuwt it dochs in echo út in
| |
| |
forline tiid. Dat is oars yn de folksaerdige stikken Fete (1950), Fokke Hoara (1952) en Hûs op sân (1953) dy't lykwols net ienris takomme oan Sa ienfâldich is it libben, dat ûnder it pseudonym I. de Merw-Manáos yn De Tsjerne forskynd is en dêr't ik it al oer hawn haw. De oersetting fan it hiele wurk fan Shakespeare, dêr't Kalma yn 'e oarloch mei rékommen wie, bigoun earst nei syn dea to forskinen. (Diel I '56, II '59, III '62, IV '63, V '65, VI '66, oare dielen moatte noch komme). De oersetting hat de sterke en de swakke kanten fan Kalma syn talint, mar bliuwt dochs in monumintael wurk sa't opfolgjende skôgers yn De Tsjerne ek konstatearre hawwe.
Fan Jelle Brouwer (berne 1900) haw ik it literair-krityske en it literair-histoaryske wurk al neamd. Fierders makke er him, gauris yn 'e mande mei A.I. Brouwer-Prakke, fortsjinstlik as oersetter fan Skandinavyske lektuer. Ta skeppend wurk kaem it yn dizze snuorje net, mar al bondele er fan syn earder forskynde fersen yn Dúnsân (1962), in útjefte dêr't de poëzijleafhawwer wiis mei is.
Douwe Kiestra (berne 1899) die er it swijen ta as proazaïst en toaniel-skriuwer, mar joech noch twa bondels fersen út. Sawol Sinne op 'e striesek, yn 1946 ûnder pseudonym forskynd, as It jier yn it roun (1955) bitsjutten in wêzenlike bydrage ta de poëzij yn dit tiidrek. De fersen winne it fan syn eardere út Efter it oargel en tsjûgje fan in ryp en ryk talint. Ulbe van Houten (berne 1904) is foar myn gefoel net út it (woldiedige) skaed fan De sûnde fan Haitse Holwerda weikommen. Syn Ein fan 'e mars (1945), hoewol oertsjûgjend yn syn autentisiteit, mist dochs hwat yn de foarmjowing en De Hillige Histoarje (1949-1953), al hokker knappe en drege prestaesje ek yn stilistysk opsicht, bliuwt by einbislút dochs neifortellen. Fan De rook fan it lân kaem yn 1965 in nije útjefte, dy't, al is de eardere fersy der soms hwat yn bislipe en foroare, dochs net as nij wurk jilde kin.
Fan Anders Minnes Wybenga (1881-1948) kaem yn 1950 de fersebondel Ljocht oer 't Fjild út, dêr't in biskieden talint foar konvinsionele poëzij ta soms treffende utering komt.
J.P. Wiersma (berne 1894) joech yn 1946 Kriich tsjin frjemdfolk, yn 1948 it mânske Aldfaers groun en yn 1953 Lyoeske. De deugden (taest nei it greate, it nije) en de brekmen (taelformoaijing, foas estetisisme) fan de Jongfriezen, bloeije hjiryn nochris folslein op en witte noch wol lêzers to ynteressearjen, mar net de skriuwers fan nei de oarloch to ynspirearjen. Gelokkich mar dat lêste, hwant nou kin men bygelyks Aldfaers
| |
| |
Groun noch as in nijsgjirrich dokumint yn hannen nimme en mei bigreatsjen fêststelle hoe spitich it is dat sa'n ambysje en talint net biselskippe wie fan in oar ynsjoch en bigryp.
Nij wurk kaem der nei de oarloch ek fan Joh. D. de Jong (berne 1912) dy't yn 1963 in bondel Fersen útjoech, dy't net folle fornijing sjen lit nei syn earstling Lunchroom, dy't yn de tiid fan syn forskining sa modern oandie. Dat lêste kin men fan it wurk fan Ane Jousma (berne 1900) net sizze; wol dat syn bondel It twadde lân (1963) wakker gelyk is oan syn earste wurk.
Ek by Jan Piebenga (1910-1965) kin men fan fornijing net sprekke, wol fan in ûntjowing, yn syn essaybondel Omgong en Trochtocht (1959). De bydragen hjiryn bliuwe nijsgjirrige opstellen earder as essays, lykas bygelyks de stikken fan Wadman mei alle rjocht hjitte. De nije printinge fan syn Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse haw ik it al oer hawn.
Inne de Jong (berne 1894) weage him net mear oan skeppend wurk, mar al oan herskeppend wurk. Hy sette syn doel moai heech, mei in folsleine oersetting jaen to wollen fan de Rubayat fan Omar Khayyam (1955). It resultaet wie in treflike fortaling, dy't wier in forriking bitsjut.
Fierder wie De Jong warber as filmbisprekker yn De Tsjerne en as polemist.
Der is in oare ripe fan figueren dy't foar 1945 al publisearre hawwe, mar dêr't noch in wichtich diel, of sels it wichtichste part fan har wurk fan nei de oarloch falt.
Opfallend is dat by Hotse de Jong (berne 1884) dy't foar W.O. II in mannich toanielstikken skreaun hie, mar dêrnei Fryslân forraske mei in tal romans: Op Wyldskar (1948); Hester Holkema (1950); Trude (1953); Tarzan (1960) en yn 1966 noch En de tijen kommen en gean. Romans út it boerelibben, út de skoalle fan Brolsma soe men sizze kinne, hoewol faek minder fyn ynlein, mar mei mear roman-alluere.
Abe Brouwer (berne 1901) kaem yn 1946 mei Tusken dea en libben, doe mei De nijboer fan Lycklama-State (1947), Syn greate kammeraet (1949) en mei De sânduvel (1954). Yn 1949 waerd de novelle Trou bikroand. Mei al dizze boeken lykwols wist Brouwer net de populariteit fan syn De Gouden Swipe to heljen. Hjirnei weage er him oan in ambisieus plan, in trilogy dy't de ramp yn Wierum as útgongspunt hawwe soe en as titel Springtij. Oant nou ta binne der twa dielen fan forskynd: I De Ramp (1958) en II Gods Bidlers (1964).
| |
| |
Yn 1946 joech Lieuwe Brolsma (berne 1912) de histoaryske roman Stoarm oer Fryslân. Nou is it skriuwen fan in histoaryske roman ien fan de swierste opjeften en it is dan ek net to forwûnderjen, dat it bisykjen net oer alle boegen slagge is. Yn 1948 liet er in aerdich boekje forskine: De tocht mei de sallemander, mar sûnt skynt er der spitigernôch mei ophâlden to wêzen.
Kristlike folksskriuwers binne Watse Cuperus (1891-1966) en Paulus Akkerman (berne 1908). Fan Cuperus forskynde yn 1947 De pipegael, yn 1948 Doeke Daan, yn 1949 Swart mar leaflik en yn 1950 it tredde diel fan De gouden tried. Op nij gebiet weage er him yn Hoeder en skiep (1955); it soasiale elemint, dat altiten sterk yn syn wurk oanwêzich wie, kaem foaral út yn Striid en segen (1958). Yn 1965 forskynde De Sierlike Kroan en krekt nei syn dea yn 1966 Jild en eare.
Paulus Akkerman hat wier ek net stilsitten. Efter inoar seagen it ljocht It Freark Jabiksfolg (1946); Hessel Ypma (1949); Wankend Ljocht (1950); De maitiid fan it libben (1954); In man allinne (1956); Fan it anker slein (1960); De lêste fan de Kampenaers (1964); Ek mar in minske (1965); Sybrand en syn sikretaris (1965); Each om each (1966). Dêrtuskentroch forskynden noch twa bondels mei koartswilige stikjes: Just Jawol I yn 1953 en II yn 1959, wylst yn 1965 noch Doarp sûnder takomst it ljocht seach. Allegearre boeken, fan alle fjouwer skriuwers, dy't hjir neamd binne, dy't net foar de ivichheit skreaun binne, dy't tahâlde yn it grinsgebiet fan lektuer en literatuer, mar dy't ûnderhâldend binne foar in greate rounte fan lêzers en inkeld dêrom al de literatuer tsjinsten biwize.
Underhâldend is ek it wurk fan Sjoerd van der Schaaf (berne 1906) fan hwa't yn 1946 Abbingawâld útkaem, in prikeljend boek oer in lytse mienskip mei almeast lytse minsken sûnder al to útwrydske deugden en ûndeugden. Yn 1957 kaem De wûndere simmer fan Jurrit Jongema en yn 1965 de forhalebondel It gefal Hjerre Bijker. Dy forhalen hawwe in sterk anekdotyske kant en wurde mei in biskate humor foardroegen.
Hein Faber (berne 1904) is yn mannich opsicht in pionier. Hy komt op gebieten dy't yn de Fryske literatuer noch net forkend binne en is dêrtroch nijsgjirrich yn syn wurk. De sé bygelyks hat net in soad biskriuwers yn Fryslân en dêrom binne Ofgeand tij (1950) en Doarp oan sé (1960) tige wolkom. Dochs hat syn wurk tokoarten dy't slim oer to sljochtsjen binne en dy't har ek fortoane yn syn lêste boek In frjemde fûgel yn it bit (1966).
Oer Rixt (berne 1887), fan hwa't De Gouden Rider yn 1952 útkaem, haw
| |
| |
ik earder al wiidweidich sprutsen, likegoed as oer Obe Postma (1868-1963), dy't yn 1946 It sil bistean publisearre, yn 1949 Samle Fersen en yn 1957 Fan wjerklank en bisinnen.
Bliuwe noch trije man oer dy't sawol foar as nei 1945 publisearre hawwe: Fedde Schurer, Douwe Tamminga en Ype Poortinga.
Fedde Schurer syn earste publikaesje wie fan 1925 (Fersen), mar nei de oarloch publisearre er de dichtbondels Vox Humana (1949), Fingerprinten (1955) en Efter it nijs (1966), njonken It boek fan de Psalmen (1947), it Fryske Psalm- en Gesangboek (1955), De gitaer by it Boek (1967) en in bondel oersettingen Opheind en trochjoun (1966). Foar it toaniel makke er him fortsjintlik mei de fersdrama's Simson (1945) en Bonifatius (1954). Yn 1963 forskynde de forhalebondel Beam en bast. Oer oare aktiviteiten, lykas syn redakteurskip fan De Tsjerne, dat oant en mei 1964 duorre, haw ik it al earder hawn.
Schurer hie as dichter in technysk masterskip, dat kombinearre mei syn minsklikens, gauris treflike fersen oplevere. Persoanlik haw ik foarkar foar Vox Humana, mar ek yn Fingerprinten en Efter it nijs stean net inkeld knappe, mar ek ûntroerende fersen. Syn technyk makke dat er it drama yn fersen oan koe, de psalmbiriming, de fortaling fan poëzij út oare talen, it meitsjen fan striidsangen en gelegenheitsfersen. De forhalen út Beam en bast wiene net bêst, en dat is net om't Schurer gjin proaza skriuwe koe. Dat koe er al, sjoen de bondel Brood op het water, in kar út syn artikels yn de Friese Koerier dy't Jelle Brouwer, Laurens ten Cate en L.R. Stallinga yn 1963 byinoar brochten. Sawol út 'e Hollânske as út 'e Fryske stikken dy't der aldergeloks ek yn steane, docht hieltyd bliken hoe superieur as er wie yn it réagearjen op 'e aktualiteit, yn in treflike styl, lêsber as lytse stikjes literatuer.
Dy eigenskippen fan syn proaza kamen op 'e nij oan it ljocht yn de priuwkes út syn autobiografy dy't yn De Tsjerne stien hawwe. Ik sjoch der nei út dat dy yn boekfoarm forskine sil.
Douwe Tamminga debutearre yn 1938 mei de fersebondel Brandaris en kaem yn 1945 mei in bondel dy't mei rjocht Nije Gedichten hjitte. Yn itselde jier forskynde ûnder it pseudonym Tamme Tysker in bondeltsje stikeldichten ûnder de namme Leksums. Yn 1956 kaem Balladen en yn 1965 Floedmerk. In hwat fortrietlike titel, dy lêste, hwant dy tsjut der blykber op dat de ebbe ynset hat. Mar faeks is dat to lytsmoedich fan my en moat ik each hawwe foar it greate rytme, dat makket dat net inkeld ebbe op floed folget, mar dat ek nei it leechste wetter de floed
| |
| |
wer opkomt. De tiid liket net gunstich foar it dichterskip fan Douwe Tamminga, om't ommers in eagenskynlike foarmleazens oerhearsket, wylst Tamminga krekt yn de wrakseling mei de foarm ta de heechste poëtyske potinsje komt. Foar de Balladen, technyske masterstikken, is it yndied net de ûre, mar it is wol wis, dat it foarmfêste fers - al binne it dan nije, oare en boartliker foarmen - hjoed noch mooglikheden hat en grif yn de takomst.
Tamminga hat ek foar it toaniel skreaun: Trelit op 'e Miedpleats (1947), De Hogerhuis-saek (1950), God wol it (1956); hy hat De Tsjerne tsjinne as gjin oar, hy hat meiwurke oan de forheging fan it prestige fan de Fryske literatuer, rounom dêr't dat koe.
Foaral ek as Taelwarder hat er him ward, mar al dy wurksumheden kinne dochs de oantins oan de dichter fan It Griene Jier, de Nije Gedichten en de Balladen net forkringe. Wol stiet de macht oer de tael him by as er fersen oerset as The Raven fan Edgar Allan Poe of A winters tale fan Dylan Thomas. Ik hoopje dat er ek wer dy tael alchemistysk omtsjoene sil ta it goud fan de eigen poëzij.
Ek Ype Poortinga (berne 1910) hie foar '45 al publisearre: in novelle yn 1938 en in fersebondel Sinneblink yn 1941. Al steane der yn dy bondel in mannich gedichten dy't har wearde hâlde, dochs hat er him nei de oarloch inkeld as proazaïst ûntjown. Yn de earste jierren skreau er ek in mannich toanielstikken, dy't de kommersiéle kant it neist binne, útsein in stik as Rispa (1961) dat er yn 'e mande mei Barend van der Veen skreaun hat. Lykwols, yn 1947 forskynde Elbrich I, yn 1949 folge troch Elbrich II, hokker histoaryske roman mei de Gysbert Japicxpriis bileanne waerd. Yn 1966 forskynde Ik haw in man stellen en it jiers dêrop Duveldei op Grienlân, dêr't er him aloan as in bitûfter romanskriuwer yn ûntjowt. Foaral it lêste boek is bisûnder knap fan ynlibbing en is, as altyd, yn in like flotte as forsoarge styl skreaun. Oer Poortinga syn kwaliteiten as literair-histoarikus haw ik earder al it nedige sein.
Hjirmei bin ik dan ek oanlânne by in - gelokkich foar de Fryske literatuer, mar ûngelokkich foar my op dit stuit - frij greate groep fan auteurs dy't nei 1945 bigoun binne to publisearjen.
Ik leau dat it nou sa njonkenlytsen tiid wurdt it literaire mêd mar ris to fordielen yn poëzij, proaza en toaniel.
Ik bigjin by it toaniel om de anti-klimaks út to sluten. It toaniel kin nammentlik skraech sprekken lije. Der wurdt gauris klage fan de kant fan it toaniel dat der sa'n bytsje stikken skreaun wurde, mar de saek leit foar
| |
| |
it neiste oarsom. Der is winliken gjin oare toanielkultuer as de folksaerdich-amateuristyske en as dat alris trochbrutsen wurdt troch in semi-biropsselskip, moat dat dochs syn kliëntele nei de eagen sjen, of, as der foarstellingen ad hoc komme lykas op 'e Sweach, moat it by inkelde bliuwe.
Foar it earste hat Piter Terpstra in tal to wurdearjen stikken skreaun: De koperen slang (1954), Tsien jier letter (1955), Snie yn 'e simmer (1956), De dûbelgonger (1956) en De Dream (1958); foar it oare hawwe Marten Sikkema en foaral Freark Dam geve oersettingen makke fan treflike bûtenlânske stikken. Anne Wadman hat njonken in eigen stik ek tige knappe fortalingen makke, dy't net of skraechwurk spile binne; Geart Jonkman hat oersettingen jown fan Molière en Shakespeare dy't it ta gelegenheitsopfieringen brocht hawwe; de boartlike en bisûnder knappe Reinaert-biwurking fan Freark Dam dy't earder (1945) Dy't net werom kaem skreau, hat skraech op 'e planken west; in toanielstik fan Steven de Jong hat gjin ploech him oan weage, likemin as ien fan Jo Smit. Ien doar wie iepen fan Jelle de Jong is mei lijen in kear oer de fuotljochten brocht en it knappe stik fan Oene Spoelstra, dêr't in part fan yn De Tsjerne stien hat (novimber '67) sil net spile wurde, as der net op alle manearen war foar dien wurdt it safier to krijen. Der is gjin toanielkultuer en as der al toanielspile wurdt, moat dat foar folle sealen mei in trochsneed publyk dat komt foar fordivedaesje en net foar toaniel. Gjin wûnder dat de skriuwers it sitte litte, dat der gjin literaire tradysje op it mêd fan de dramatyk is en dat der foar de biskriuwer fan de literatuer nei de oarloch ek gjin mooglikheit is ta it sjen fan forbân, mar dat it bliuwe moat by it opneamen fan inkelde nammen en titels.
Itselde jildt foar it harkspul, dêr't net in soad oan dien is en dêr't it slim is each op to krijen omdat der mar sa'n bytsje printe is. Dêrom moat foaral de publikaesje fan in Asyl-nûmer neamd wurde dêr't trije harkspullen yn opnommen wiene, to witten fan Tjitte Piebenga, Joh. Spyksma en Bauke de Jong. Better as al dizze trije wie in harkspul dat Jelle de Jong publisearre yn quatrebras. Ek moat noch neamd wurde Boerekinkels dat E.B. Folkertsma en G. Jonkman skreauwen en dat ôfprinte stiet yn De Tsjerne (1950). Harkspullen skreauwen ek Teatske Alzum en Jo Smit en faeks noch oaren, dêr't ik net fan wit. De Tsjerne skreau yn 1966 in harkspulpriisfraech út en publisearre dêrut (1967) Dou rêdst dy mar fan Sibe van der Meer en Johannes Spyksma. Lit my myn gewisse mei dizze formelding ûntlêstige achtsje.
| |
| |
De poëzij sette nei 1945 útein mei de âlde en mei in tal jonge talinten: Freark Dam, Anne Wadman, Marten Sikkema, Reimer van Tuinen, G.N. Visser, Sjoerd Spanninga, Klaes Dykstra en Kees Jongsma. Anne Wadman liet it by twa bondeltsjes: Fan tsien wallen en Op koart front, beide yn 1945, lykas Garmant Nico Visser (berne 1910) dy't yn 1948 Jolm útjoech en yn 1964 Agger. De lêste twa jiertallen binne forrifeljend, hwant hja kiene foar itselde like deun byinoar lizze kinnen as dy fan Wadman syn fersen. It wurk fan allebeide is út in forsethâlding, in anti-estetyske hâlding ek, wei skreaun en by beide fine wy fersen fan bliuwende wearde. Wylst lykwols de poëzij fan Wadman normael akseptearre waerd - sij it dan dat de jeugd fan de fortochte dêr by yn rekken brocht waerd - joech it forskinen fan Jolm nochal hwat opskuor. Dat kin fansels wize op de greatere poëtyske wearde fan Visser syn oeuvre as gehiel, mar sûnder dat it hwat seit tsjin it wurk fan Wadman. Dy hat syn poëtyske wurksumheit letter brânmerke as in forsin, hwat my nou wer in forsin taliket, mar faeks hied er wol gelyk hwat de takomstmooglikheden fan dit poëtysk talint oanbilanget.
As oersetter út Spaensk, Portugeesk en Katalaensk die Visser treflik wurk. De fortalingen foar it Katalonië-nûmer fan De Tsjerne wiene syn wurk, yn 1962 kaem der in oersetting fan him út fan in fers fan Castro Alves. Yn 1956 kaem de proazafortaling Pindorama út.
Reimer van Tuinen (berne 1916) brocht it ta ien bondel, Read en grien yn 1951, eigensinnige fersen, dy't yn al har ûnfolsleinens tige oansprekke. Freark Dam (berne 1924) kaem yn 1946 mei Under fjouwer eagen en liet dat folle letter folgje troch Sa sydlings (1960). Beide bondeltsjes binne uteringen fan in sympathyk dichterskip en bifetsje fersen dy't men net graech misse soe en jin bliuwend oansprekke. Sympathyk wie ek it bondeltsje Untwyk (1950) fan Klaes Dykstra (berne 1924), dat wiswol in inkeld fers bifettet dat yn in blomlêzing net misstiet, mar dat dochs yn de measte fersen to min spanning hat en dat tofolle op in earder poëtysk fielen weromgiet, om to oertsjûgjen.
As oersetter spilet Dykstra net swak by. Sa kaem yn 1962 syn fortaling út fan Coleridge syn Ancient Mariner en yn 1967 forskynde de oersetting fan de roman fan Feike Feikema This is the year.
Fan Kees Jongsma (berne 1921) forskynde yn 1946 Boer en dichter en yn 1949 Under it ûleboerd, bondeltsje dêr't in biskaet talint út bliken die, mar dat him net ûntjown hat.
Greater is it oeuvre fan Marten Sikkema (berne 1918) dy't yn 1946 twa
| |
| |
bondels yn it ljocht joech: Stjerrerein en Swart en wyt. Dy waerden folge fan Skaedbylden (1951) en Seinen (1958) dêr't er de Gysbert Japicxpriis foar krige. Nettsjinsteande in tal fersen fan bliuwende wearde wint gauris it hantwurk fan de dichter it fan de poëtyske ûntroering. Marten Sikkema ken it metier tige en hy is dan ek in treflik oersetter. Njonken fersen út it Frânsk (Villon en Charles d'Orléans) sette er frijhwat oer út it Sweedsk (Noarderljocht 1953) en joech er in moaije fortaling fan de Ballad of Reading Gaol fan Wilde (1953).
Sjoerd Spanninga (berne 1906) is ien fan de fruchtberste dichters. In blide forrassing wie syn bondel Spegelskrift yn 1949. De exotyske byldrykdom, it antiboargerlik romantisme, de greate poëtyske ynset makken it ta hwat hiel bisûnders. Sûnt forskynden Nûnders (1950), dêr't Spanninga de Gysbert Japicxpriis foar krige, Finzen en Frij (1957), Rattelmansreau (1962) en Kymgong (1964). Allegearre bondels dy't it útsûnderlik talint fan Spanninga biwize, mei fersen yn allerhande soart: rymjende en blanke, konvinsionele en eksperimintele, lytse en greate, moralisearjende en heidenske, frije fersen, sonnetten, kwatrinen, hwat al net, mar hieltyd Spanninga-fersen. Fersen dêr't er net himsels ientoanich yn herhellet, mar dêr't er syn poëtysk bistean yn bifjochtet en troch himsels yn to ruiljen foar byld en rytme en spanning dochs himsels yn bifêstiget.
Yn 1952 forskynde de fersebondel blauwe riten fan Marten Brouwer (berne 1929), dat oan't nou ta syn iennichste bondel bleaun is, al hat er neitiid noch wol fersen publisearre yn quatrebras. Typografysk bylke it tige modern: gjin haedletters, gjin lêstekens. De fersen lykwols wiene de romantyske kant it neist en al waerd de moaije foarm, it sonnet, al ridlik gau forlitten, it moaije, it retoaryske wurd bleau oan 'e ein ta, al binne de lêste gedichten út dizze útjefte soberder.
Jan Wybenga (berne 1917) kaem yn 1954 mei in bondel Amoeben, dy't sûnder modernistysk to wêzen dochs modern wie. Der stiene knappe, anti-retoaryske fersen yn en de toan dêryn wie oars as wenstich wie. De mieningen wiene dus ynearsten fordield, mar dat duorre net lang en doe't yn 1962 syn Barakkekamp útkaem, folge der mei wissens de Gysbert Japicxpriis 1965 op. Barakkekamp sleat deun oan by Amoeben en wie net in fuortsetting fan de lêste, omstriden ôfdieling út dy bondel, hurrel, dy moaije synestetyske fantasy. De toan yn Barakkekamp is wisser noch, mar rêst op 'en nij op it konkrete byld, op koele observearring en minsklike resignaesje.
Lit my noch even meidiele dat Wybenga yn 1953 en 1954 redakteur fan
| |
| |
De Tsjerne wie, dêr't er kritiken yn skreaun hat en dat er ek de auteur is fan inkelde moaije forhalen.
Tsjits Peanstra (berne 1924) kaem yn 1955 mei in sympathyk bondeltsje Underweis dêr't jit gjin forfolch op kommen is. In part fan de lyryk út dit boekje is frijhwat konvinsioneel mar der binne fersen by mei in eigen lûd en in persoanlike spanning dy't de wiere poëzij kenmerke.
Yn 1957 kaem de earste fersebondel fan Tiny Mulder (berne 1921) út, Juffer Kuorkebier, ornearre foar bern. De bern wierre it mei dat jier, hwant suver tagelyk forskynde ek De mâlbroekmich fan Diet Huber (berne 1924) dêr't yn 1955 Tutte mei de linten fan it ljocht sjoen hie. De âldere poëzijleafhawwer seach ek niget oan dizze útjeften, mar krige alhiel syn gerak doe't yn 1962 Tiny Mulder har Oranje Paraplu forskynde. In bondel dêr't út bliken die dat it net alhiel tafalich is, dat hja as bernedichteres bigoun is, hwant it boartlike en boartsjende is in wêzenlike faktor yn har dichtsjen. Likemin is it tafallich dat hja har ta in mear folgroeide poëzij bikend hat, hwant by alle lossens en ludikens meitsje de gedichten in tige folwoeksen yndruk. In yndruk dy't fuortsterke is nei Viaduct út 1965. Dat folwoeksenens nammers gjin âldske ûnoandwaenlikheit bitsjut biwiist foaral dizze lêste bondel, dêr't it biswarrende karakter fan de fersen taestber yn oanwêzich is. Njonken dizze fersen is Tiny Mulder de skriuwster fan inkelde slagge forhalen en is hja sûnt 1967 redaktrise fan de literaire rubryk fan de RONO.
Binnen it eksperimintele klimaet yn ingere sin komme wy by de dichter Jelle de Jong (berne 1933), by hwaens bondel út 'e pas fan 1958 ik earder al stil stien haw.
In hichtepunt yn it quatrebras-poëzijbidriuw is Hessel Miedema (berne 1929). Spitigernôch binne syn fersen net bondele, mar inkeld forspraet to finen yn quatrebras. Foaral de trettjin fersen yn it fjirde nûmer fan de fyfte jiergong (1959?) binne in bisûnder moaije syklus, lykas dy út it fjirde nûamer fan de achtste jiergong (des. 1962). Faeks noch wichtiger is de syklus De greate wrakseling (9de jrg. nr. 2) wylst ek yn Skande, skande, sûnde, sûnde (1965) inkelde fersen to finen binne. Ut dizze fersen blykt it great talint fan de dichter, in greate ûnachtsumens ek foar itige wearden oer, dêr't nammers oare, ierdske en kosmyske, foar oer steane. Ek dêr't it Frysk soms gewelt oandien wurdt is de poëzij libben en great oanwêzich, hwerby't der oer to striden falt oft it dichterlik resultaet birikt wurdt nettsjinsteande of troch de soevereine lytsachting foar it
| |
| |
wenstich taelgebrûk. It bliuwt dêrom o sa spitich dat Hessel Miedema him weromlutsen hat út de Fryske literatuer. Wy binne sadwaende in nijsgjirrich en wichtich dichter kwytrekke.
Yn de sfear fan quatrebras ûntstie ek it dichtwurk fan Ella Wassenaer (berne 1908) dy't as proazaïste Ypk fan der Fear hjit. Yn 1959 kaem har bondel reade runen, autentike utering fan langstme en leafde, twivel en eangstme. Biswarrend, fol herhellingen en imperativen wurkje dizze fersen tige direkt en it is suver forwûnderlik dat hja by nou en by dan ta poëzij wurde, ta kunst, dy't njonken de minsklike ek de estetyske ûntroering jowt.
Ut 'e rounte fan De Tsjerne, om it sa sizze to meijen, kamen yn deselde snuorje dichters op as Tjitte Piebenga en Durk van der Ploeg. Fan Tjitte Piebenga (berne 1935) forskynde yn 1958 Fersen foar Marida, in jier letter kaem De thermen fan Karratsjana. It wiene beide sympatike bondeltsjes, lykas leafdesgedichten meastentiids sympathyk binne. De klank fan it wurd die tige mei en lykop mei dizze taelmuzyk giene moaije bylden, dy't jin Sjoerd Spanninga yn 't sin brochten, sûnder dat it fers lykwols dy syn sterke poëtyske aksinten krige. Maklik nei to fielen minsklike gefoelens sjonge har yn dizze fersen fan Piebenga út. Yn Fersen (1963) falt er lykwols troch de koer, mei't it hjir fersen jildt, dy't net inkeld direkte minsklikens forwurdzje, mar it hawwe moatte fan poëtyske spanningen. Hwer't dy ûntbrekt, en dat is gauris it gefal, bliuwt inkeld gejeuzel oer, yn typografysk poëtyske foarm.
Durk van der Ploeg (berne 1930), dy't sûnt 1960 redakteur is fan De Tsjerne, kaem yn 1958 mei de bondel Lok op eachlingte. De fersen hjiryn wiene almeast poëtyske konstatearringen en biskriuwingen, dy't it dichterlik talint fan Van der Ploeg wol forretten, mar net twingend wiermakken. Yn 1964 folge It Libertynsk Gehucht dêr't de dichter him gean liet yn in erupty fan wurden, lykas by de Ingelske dichter Dylan Thomas. It Libertynsk Gehucht en binammen de proazagedichten dêryn, binne by my suver net tinkber sûnder Fern Hill en oar wurk fan Dylan Thomas. De lêste bondel Hwerom is de himel swart (1967) jowt in greatere selsbihearsking to sjen, mar ek in greatere bihearsking fan it fers. Al hâlde de wurden magyske bitsjutting foar de dichter, hja geane net mear mei him op 'e rin en by wit se yn it spanningsfjild fan it fers yn stokken to hâlden.
De frage binearet my hwer't ik ophâlde moat; noch net, mar der binne noch sa'n soad nammen en boppedat stiet der gâns in rige nije, jonge
| |
| |
skriuwers klear. Inkelde nammen dus noch. Steven de Jong (berne 1935) syn Wankend stomp (1965) hat wol yndruk op my makke, mar wy hiene ek al frijhwat fan him lêzen yn quatrebras, dêr't hy sûnt jierren de konsekwintste fortsjintwurdiger fan wie. Oars is dat mei Theo Jensma, dy't ek yn quatrebras publisearre en dêr't yn 1964 in lyts bondeltsje: De lêste Stins fan kaem. Jan Dotinga (berne 1934) syn Lytse ivichheit (1965) wie in meinimmend bondeltsje, sadat neijerhân syn Nei oanlieding (1966) en Notysjes (1966) hwat ôffoelen.
De bondel fan Leo Popma (berne 1938) In weak reservaet (1966) dy't hjir en dêr hwat oan Durk van der Ploeg tinken docht, ropt wol forwachtingen op. Forwachtingen dy't ik ek haw fan Geart van der Zwaag (berne 1925) dy't jierren lyn al yn quatrebras publisearre en fan Meindert Bylsma (berne 1941) om inkelde nammen to neamen fan dichters dêr't ik noch gjin bondel fan sjoen haw. Ek Reinder van der Leest (berne 1933), dy't yn eigen bihear inkelde lytse bledtsjes mei poëzij útjoech soe ik graech yn de takomst noch mear hearre wolle.
En dan nou it proaza. Oer it essay haw ik al gâns sein, dat ik kin de essayisten moai gau de revue passearje litte. Njonken Anne Wadman kin neamd wurde Fokke Sierksma (berne 1917) dy't nei syn oan Obe Postma wijd Bern fan 'e ierde (1953) foar de Fryske literatuer forlern like to wêzen, Lolle Nauta (berne 1929) dy't dat hopelik net wêze sil, Freark Bergstra (berne 1914) en Jo Smit (berne 1916). Fan dizze figueren is Anne Wadman ûnbistriidber de suverste essayist, dy't yn de foarm gâns boppe de oaren útkomt. De skerpsinnige analyse wurdt by him foardroegen yn in libbene, byldzjende styl dy't funktioneel mei de ynhâld forboun is.
Forheljend proaza, dêr't ik de roman earst even bûten lit, is der gâns skreaun nei 1945. Foar in part hat it koarte forhael it eksperiminteargebiet west foar de roman en yn somlike gefallen is it tige spitich dat lju dy't treflike forhalen skreaun hawwe, net ris oan in roman takommen binne. Sa'n ien is Freark Dam, dy't in tal bêste forhalen skreaun hat yn De Tsjerne en b.g. yn Sawn is in galgefol (1951) dêr't er ien fan de dielnimmende skriuwers fan wie. Ek Marten Sikkema liet it op it mêd fan it proaza bliuwe by koarte forhalen, dy't bondele binne yn De slach forlern (1954) en yn De grize oer de grouwe (1958) yn 'e mande mei Poortinga en Jonkman. It binne meast knappe forhalen, al helje se net altiten it peil dat Anne Wadman birikt yn syn forhalen dy't gearbrocht binne ûnder de titel Yn 'e lytse loege (1960). Dochs riist foar myn gefoel dy
| |
| |
syn novelle Reedrider (1949) noch út boppe de forhalen.
De proazapublikaesjes fan Reimer van Tuinen Efter it tried (1946) en Forgetten post (1949) hawwe bliuwende wearde troch de autentisiteit fan de oarlochsûnderfiningen.
Tige de oandacht loeken de forhalen fan Geart Jonkman (berne 1910), en mei rjocht. Yn de greate produksje - Frjemde epistels (1951); Li Fu en oare forhalen (1954); De Kastleinsdochter en oare froulju (1966) en Tusken dream en dea (1966) - birikke wol net alle forhalen itselde peil en bliuwe der inkelde ûnder de mjitte, dêr stiet foar oer dat er in tal by is dy't folslein slagge binne.
Fan Jo Smit forskynde yn 1956 de novelle Sûnder sûker en inkelde jierren letter de forhalebondel Bisten en Boargers (1959).
Yn 1957 hie Boukje Fokkema (berne 1924) in knappe forhalebondel yn it ljocht jown ûnder de titel Bisiden de wei.
De koarte forhalen fan Teatske Alzum (1900-1962), great yn tal, mar dêr't in mannich by binne fan hege kwaliteit, waerden yn 1965 bondele yn Diggels en ein 1967 kamen de sammele forhalen fan Trinus Riemersma út, ûnder de titel De misbitearde duvel. Forhalen fan in oer 't generael moai heech peil.
Fan de quatrebras-lju waerden knappe forhalen skreaun troch Jelle de Jong en foaral troch Hessel Miedema, dy't lykwols net bondele binne. It is to hoopjen dat de forhalen fan Miedema mei gauwens yn boekfoarm útkomme, al wie it inkeld mar om't ek fan de fornijingen binnen it koarte forhael wer in ynspirative wurking op de roman útgean kin.
Folgje nou noch tsien romanskriuwers dy't nei 1945 bigoun binne wurk út to jaen: Piter Terpstra, Anne Wadman, Ypk fan der Fear, Gerrit Mulder, Ria Postma-Stolk, Teatske Alzum, Rink van der Velde, Teije Brattinga en Homme Eernstma.
Fuort yn 1946 kamen der al twa romans út fan Piter Terpstra (berne 1919). De iene wie in detektive, It geheim fan Osinga-State, dat net sa'n hege kwaliteit hie en yn elts gefal net de stjit jown hat ta in geregelde produksje yn dit genre. De oare wie De trein fan healwei achten, dat foarsizzingen ynhâldde foar de takomst. Dy takomst brocht yn 1956 Fjouwer minsken yn in stêd, yn 1959 Soldaten en muzikanten en yn 1967 De wrâld is der op tsjin; alle trije romans fan in ridlik peil en der kin dan ek noch by praet wurde fan in opgeande streek, dat wy meije noch gans fan Terpstra forwachtsje. Fan 1954 oant it forstjerren fan Frysk en Frij yn 1966 ta wie Terpstra redakteur fan dit blêd - faeks hat er nou sadwaende
| |
| |
hwat mear tiid krige.
Anne Wadman joech yn 1948 syn earste roman út, Fioele en faem, in wurk mei eigen kwaliteiten, mar dat dochs binammen wearde hat yn it gehiel fan it oeuvre fan de skriuwer. Nei in stilte op dit mad fan in tal jierren kaem Hoe moat dat nou, Marijke? (1960) dat sjen liet hoe't de skriuwer ûnderwylst oanleard hie. Dêrnei folge De oerwinning fan Bjinse Houtsma (1962), dat in foarbyld is fan in goed komponearre en goed skreaune roman. Doe waerd De smearlappen (1963) in bestseller, hwat fansels moai is, al hie ik it persoanlik leaver Bjinse Houtsma gund. Yn 1964 kaem Kûgels foar in labbekak dat ik tige wurdearje kin, en dêrop forskynde By de duvel to bycht (1966), in foarlopich hichtepunt fan de romancier Wadman.
Al hie Ypk fan der Fear yn 1943 al inkelde sketsen publisearre yn Utskot, dochs rekkenje ik har yn dit forbân ta de lju dy't nei '45 op it literaire toaniel kamen, om't hja foaral romancière is. Yn 1949 kaem de ambisieus opsette roman Ta him dyn bigearte, dat yn syn skriuwtrant lekken en brekken hie, mar yn opset en oandriuw biwûndering ôftwong. Persoanlik haw ik in swak foar har novelle Ik en menhear (1952), dat goed skreaun is en psychologysk bisûnder nijsgjirrich. Yn 1953 waerd De Breugeman komt publisearre, yn 1959 De deade by de libbene, yn 1961 Ek in minske, allegearre boeken dy't der wêze meije en dy't meastal de kwaliteiten hawwe fan har foargongers en minder fan de brekken. Eilân fan de silligen, dat yn 1966 forskynde, soe ik wer typearje wolle as in foarlopich hichtepunt.
Ria Postma-Stolk (berne 1927) liet yn 1956 in koarte roman forskine Fiif minuten is to lang, hokker boekje forwachtingen oprôp foar de takomst. Dy binne noch net ynlost. Alve jier is ryklik lang, mar faeks net to lang om fuort to farren.
Fan Teatske Alzum forskynde postúm har roman Iepen Finsters (1963) dy't kwaliteiten hie, mar dochs net alhiel slagge wie.
Mei Rink van der Velde (berne 1932) kaem foar it earst nei de oarloch in nije generaesje oan it wurd. Syn Joun, healwei tolven (1962), al wie it in earstling, liet fuort al sjen dat hjirre in berne romancier oan it wurd wie. Dy gedachte waerd fuortsterke mei Forliezers (1963). Yn 1965 forskynde syn Beafeart nei Saint-Martin en it jier dêrop De Fûke. In treflik boek, dat lêste, dat kompositoarysk en psychologysk folslein geef is en dat skreaun is yn in libben en biweeglik Frysk.
Gjin niget dat Van der Velde itselde hege peil net helje koe mei syn
| |
| |
Geiten, Griken en Gekken (1967) hwat lykwols nei't ik hoopje inkeld in ‘reculer pour mieux sauter’ wêze sil.
Yn 1964 tsjinnen har noch oaren fan in nije generaesje oan. Dat wie Teije Brattinga (berne 1929) mei De stadige leafde fan Fetsje dy't dêrnei noch As in skaed publisearre (1965) en Twadde fan Brahms (1967). Al hat Brattinga wis de skriuwdrift en wol er originele themata bihannelje, it is him noch net slagge op forantwurde en krekte wize stal to jaen oan syn idéen. As twadde wie der yn 1964 Homme Eernstma (berne 1916) mei de nijsgjirrige roman Leafdedea dêr't net fuort wis fan is yn hoefier it boek parody is of earnstich bidoeld.
Ek yn 1964 kaem Trinus Riemersma (berne 1938) en makke ûs bliid mei syn Fabryk, dy't him fuort yn de foarste rigen fan ús romanciers brocht. Syn boek By de hannen omt ôf (1965) bifêstige syn talint en yn Minskrotten, Rotminsken (1966) joech er in roman, dy't der folslein útkypte. Ik soe it in mankearre masterwurk neame wolle, dêr't ik net mei sizze wol dat it in mislearre boek is; dêrta is it to nijsgjirrich en jowt it tofolle lêsgeniet. Ik set it heger as Fabryk en om wille fan dit boek forjow ik Riemersma graech syn detektiveboek De moardner komt werom (1967), dat as detektive-forhael lekken en brekken hat, dy't lykwols goed makke wurde troch de lêsberens en de literaire alluere.
Rink van der Velde en Trinus Riemersma, jonge minsken beide, jowe moed foar de takomst. Yn in súnt de twade wrâldoarloch ta folwoeksenens kommen Fryske literatuer wiene hja der samar ynienen as folgroeide romanskriuwers. Dat jowt it frij to forwachtsjen, of alteast to hoopjen dat der moarn wer oaren klear steane, en oare moarn...
It mei nuver bliuwe dat men dêrmei pielt, it gepiel krijt sin as der pielenderwei skeakeltsjes foarme wurde foar in keatling dêr't de ein net fan to sjen is...
|
|