| |
| |
| |
Foltôging fan in emansipaesje
Maeitiid 1961 hiene De Tsjerne en quatrebras selskip krige fan De Teannewâdder, persoanlik tydskrift fan Anne Wadman, mei maksimael 49 abonnees, dat, neist letter bliken die, twa jier bistean soe.
De Teannewâdder sette de Tean, om mei Gysbert Japicx to sprekken, foar it tiidrek dat ik mei 1962 bigjinne lit. In soarte fan opmaet, dizze Tsjerne-maet.
Anne Wadman wie yn 1955 to Grins promovearre op Hjerre Gerryts van der Veen en waerd dat jiers ek literair kritikus by de R.O.N., wylst er boppedat Fryske boeken bispriek foar Het Vrije Volk. Hy bisocht dat noch in skoftlang to kombinearjen mei syn taek as Nederlânsk kritikus foar de Leeuwarder Courant (sûnt 1957), mar moast de earstneamde wurksumheden nei inkelde jierren slûpe litte, om't it hwat tofolle waerd njonken syn learaerskip oan it Snitser Gymnasium en njonken syn skeppend wurk as proazaïst. Al yn 1948 wie syn earste roman Fioele en Faem forskynd en yn 1949 de novelle Reedridder. Yn 1960 waerden syn koarte forhalen bondele yn Yn 'e lytse loege en datselde jiers forskynde ek de roman Hoe moat dat nou, Marijke?
Yn 1961 dus bigjint it Teannewâddersavontuer, dêr't Wadman yn it lêste nûmer fan sei: ‘It wie in bisykjen ta plakbipaling, en forantwurding, dat ien en oar to meitsjen hie mei de krisisgefoelens dy't nei't hja sizze (en grif net alhiel sûnder rjocht) elk manspersoan dy't net hielendal sûnder euvelmoed is, om syn 40ste jier hinne bikrûpe: hwer giet it mei my hinne, wurdt it mei my noch ea hwat of bliuwt it nou sa, tonei?’ It andert yn dit lêste nûmer wie de mismoedige kant it neist. Syn mooglikheden as kritikus seach Wadman noch wol, al miende er dat er to min weet hie ‘fan hwat der literair-kritysk to keap is yn lannen as Amearika, Frankryk, Dútsklân, Ruslân’ en dêrom dochs gjin goed kritikus wêze koe. ‘As dichter,’ sei er fierder, ‘haw ik noait hwat west, - in misforstân mei de Muze, dat ik tusken '49 en '53 trochkrige haw - , op syn heechsten as ferskemakker, en dy binne der genôch op ierde, binammen yn Fryslân. Mar ek as proazaskriuwer - en dat to ûntdekken hat miskien de greatste winst fan dit Teannewâdder-tydrek west - haw ik, hoewol net sûnder talinten, op 'e ien of oare wize de boat mist.’
| |
| |
Ryklik somber klonk dat allegearre, lykas ek de útlitting ‘ik bin leaver alhiel gjin skriuwer as in midsmjittich skriuwer en ik wegerje foar dy midsmjittichheit in alibi to sykjen yn de meagere potinsjes fan mem Fryslân.’
Nou is Wadman fansels alhiel gjin midsmjittich skriuwer en gelokkich is er wol trochgien mei publisearjen: yn 1962 De oerwinning fan Bjinse Houtsma, dat ik persoanlik in pûrbêste en folslein slagge roman achtsje, yn 1963 De smearlappen, dat in bestseller wie (yn 1964 wie de fyfte printinge der al, mei in twade printige fan de Hollânske oersetting), yn 1964 Kûgels foar in labbekak en yn 1966 By de duvel to bycht, roman.
Foar my leit de bitsjutting fan De Teannewâdder dan ek net yn hwat Wadman miende leard to hawwen oan 'e ein fan dat tydskriftavontûr, mar yn de persoanlike ynset en hwat dêr út fuortkommen is. Dy ynset wie heech en foarbyldich: it kin en it mei yn de kunst net de maklikste kant lâns, né, ek de skriuwer yn Fryslân moat stribje nei it heechste en it bêste, hy moat it bisette tsjin syn Hollânske kollega's.
Mar ik leau dat Wadman in forkearde mjitte brûkt as er mient dat er yn Hollân ‘gjin publisitaire poat oan 'e groun krige hawwe soe.’ Dat yn dûbelde sin: hy mjit himsels forkeard en hy mjit de Hollânske literatuer net goed. De fortaling fan inkelde fan syn romans sil him wol oars leard hawwe, mar ek al hiene dy fortalings der net west, en al hie dus ek de réaksje op dy fortalingen der net west, dan bleau dat like goed hâldber. It is dochs al suver in wûnder dat in boek yn fortaling de oandacht lûkt. Hokker Hollânsk boek yn oersetting hat yn it bûtenlân sukses hawn? Wis, der binne faeks inkelde foarbylden, mar krekt dêrút blykt dat it bútenlânsk sukses net it measte seit oer it literaire peil. In peil, dat ek nei de eagenskynlike ynternasionalisearring fan kunst en kultuer net mei absolute mjitstêven to mjitten is, mar sin en bitsjutting krijt binnen in biskate literatuer.
Ik bin der fan oertsjûge, dat ús Hollânske kollega's út Wadman-yn-oersetting in oare Wadman ôflêze as wy út de Fryske. In Hollânsk-skriuwende Wadman, dy't dan fansels yn Amsterdam wenje soe en net by it Kunstnerboun syn Rivella drinke - om't er noch ride moat - mar yn De Kring, by Eylders of hwer ek om en by it Leidse Plein syn hwat sterker sûpkes nimme - om't er dochs wol thúskaem - soe grif by fortaling yn it Frysk hiel oar wurk opleverje as nou. Wurk dat yn Hollân heger, yn Fryslân leger wurdearre wurde soe.
Dochs is de ynset folslein krekt: Frysk wurk leverje to wollen dat mun- | |
| |
sterje kin mei de Hollânske literatuer, mar dan bisjoen op har wiere wearde. Dat forlet om to kriigjen tsjin Hollûn kaem fansels fuort út syn relatyf hege kwaliteiten as skriuwer en út in manko oan oare skriuwers fan formaet yn Fryslân. Yn de jierren dêr't wy it nou oer hawwe lykwols, binne der oare skriuwers bykommen, dy't munsterje kinne, mannen as Rink van der Velde en Trinus Riemersma.
De Teannewâdder hat dus wol fortuten dien, hwant har kriich is net minder as Wadman sines. Ik wol hjirmei net úthâlde, dat dy nije skriuwers der sûnder De Teannewâdder net west hawwe soene of dat har wurk der rjochtstreeks troch biynfloede is, mar al, dat hwat Wadman oandien hat en dat er útsprutsen hat, net samar oan har foarbygien is. Wadman syn Teannewâdder set de toan ta it tiidrek, dêr't wy nou oer gear binne. Troch de hâlding fan forwar dêryn en fan protest, troch it boartlike net to min. Troch de hâlding, lykas Wadman sels seit yn de twade jiergong nûmer twa, ‘fan de yntellektueel dy't him toskoarsette moat, alteast wól tsjin de forfalsking en nivellearring, tsjin kultuerdevaluaesje, tsjin opsetlike misbigripen en lytse leagentsjes, op it mêd fan de minsklike forhâldingen.’
Tsjin kultuerdevaluaesje, wis, mar dêrûnder foel foar Wadman mei rjocht net it forsmiten fan oerlibbe taboes, dy't yn dizze snuorje in bêste reis krigen hawwe. Yn it earste nômer fan De Teannewâdder forskynde De Reade Roas, in forhael fan Anne Wadman en in pûrbêst forhael, mar dat net weardich kard wie fan de Fryske Bibletheek om yn Yn 'e lytse loege opnommen to wurden, fan de Tsjerne-redaksje om yn it blêd to forskinen, fan de karmasters foar de Rely-prizen om bikroand to wurden, soks op groun fan bûten-literaire, hwant boargerlike, fatsoensnoarmen. Foaral de Tsjerne-redaksje is dat swier oan to rekkenjen, om't hja hiene de literaire wearde dochs sjen moatten. Foaral de utering fan ien fan har, dêr't Wadman fan meidielt dat er sei: dit wie to smoarch, is och sa biskamsum. Dat soe ek sa wêze as it forhael, mei bihâld fan syn kwaliteiten smoarch west hie, mar dat is sa net. Nou, noch mar tsien jier nei't Wadman syn forhael skreaun hat, is dizze hâlding suver net mear to bigripen en docht oan as hwat út beppe tiid.
Gjin niget winliken, dat de stoarmrin tsjin de taboes yn de forroune jierren nochal heftich west hat en soms hwat fan opsetlikens krige. Quatrebras hat earder as De Tsjerne foar it forstân hawn, dat it ek wol de taek fan in tydskrift wêze kin ‘in brede kring aanstoot te geven’, hokker oanstjit der ta laette, dat Ella Wassenaer har reade runen (dêr't geheim- | |
| |
sinnige tekens mei bidoeld binne) net subsidiëarre wurde koene om't yn in fers fan Hessel Miedema it wurd kul stien hie (1959).
Mar revenons fia ús runen, à nos moutons.
Wadman skôge yn syn Teannewâdder Omgong en trochtocht fan Jan Piebenga, Finzen en frij fan Sjoerd Spanninga, De deade by de libbene fan Ypk fan der Fear, Striid en segen fan Watse Cuperus, Ek in minske fan Ypk fan der Fear en Rattelmansreau fan Sjoerd Spanninga en skreau fierder opstellen oer Warns en de yntellektueel, Kristlike Folkslektuer, Kultus fan de simpele siel, in stik oer de Nederlânske Nij-Gunéa-polityk en gâns kommintaren op tastannen, seden, brûkmen en gewoanten. Tige nijsgjirrich wie it briefwiksel mei Klaes de Wit, yn de lêste twa nûmers, oer De oerwinning fan Bjinse Houtsma, dêr't binammen troch Wadman yntelliginte dingen yn sein wurde oer de ‘streekroman’ en fral troch Klaes de Wit oer de technyk fan it skriuwen, sônder dat dêr aldergeloks einichste konklúzjes út to lûken binne.
Dat Wadman him yn de technyske problemen fan it skriuwen mei hieltyd wear sukses fordjippe hat, biwiist leau ik, foaral By de duvel to bycht, in geef boek dêr't monologue intérieur en ymplisite biskriuwing mei wissens tapast binne, in boek boppedat mei in grandioaze ein. It iennichste dat my dêryn net folslein bifalt is de ôfwêzigens fan dingen dy't net ta de saek dogge (mar dat sil wol in idiosynkrasy fan my wêze) en de muoite dy't ik haw mei it tiidsbilibjen.
Ein 1963 forskynde der jitris in nij tyskrift yn Fryslân: Asyl, ûnder redaksje fan Tjitte Piebenga en Bauke de Jong. Yn in ynliedend artikel Tsjerne farwol forwite Tjitte Piebenga De Tsjerne dat der fan de plannen om de kunsten njonken de literaire ek har gerak to jaen, mar in bytsje op 'e hispel kommen wie, dat it blêd ‘finael by de literaire sitewaesje lâns libbet,’ dat it ‘gjin kâns oan (de Fryske) literatuer jowt, himsels fierder to ûntjaen nei kwaliteit. Ommers, in Fryske roman of in bondel fersen moat bisjoen wurde yn it ramt fan de literaire sitewaesje, sa't dy tusken Grins en de Yselmar bistiet, en soks mei perfoarst net set wurde nêst literair wurk út oare as dizze smelle kontrijen. Binammen de âlderein yn de redaksje en ûnder de meiwurkjende bisprekkers makket him skuldich oan dizze misliedende wize fan kritisearjen, dy't boppedat in falsk byld jowt fan de Fryske literatuer en elke kâns op fierder en better útslút.’ Tjitte Piebenga frege him ôf oft it wol comme it faut wie ‘om stiennen to smiten yn de boarne dêr't men út dronken hat,’ mar om't de Tsjerne-redaksje út yn it kwea bihurde figueren bistie, hoegde dat net
| |
| |
to jilden: ‘Men hoecht it forgiftige miel dat de gasthear jin foarset net op to iten, allinne om oan de fatsoenlikens to foldwaen.’
De forwiten oan De Tsjerne waerden yn it twade nûmer noch hwat oanskerpe nei oanlieding fan de Tsjerne-middei 16-11-1963, dêr't in forslach fan sei: ‘De Tsjerne kin noch lang net rintenierje. Dizze achttjinjierrige stiet noch mar oan it bigjin. Hja wol in wurkpleats wêze foar it hiele Fryske skriuwerspotentieel en nei bûten út in Frysk visitekaertsje.’ In útlitting dêr't Asyl yn de persoan fan Tjitte Piebenga by snuorret: ‘Visitekaertsje-literair tydskrift foar âlde hearkes dy't de lêste tritich jier neat oars as har eigen wurk lezen hawwe.’
It is de toan dy't de muzyk makket. Dúdlik is dat it Asyl likemin slagje soe en jow ‘de kunsten-njonken-de-literaire ek har gerak,’ of jow foldwaende omtinken oan wichtige contemporaine bûtenlânske literatuer. Fan datoangeande is men yn Fryslân tofolle ôfhinklik fan tafallige persoanen mei har hobbies en foarkar, hwat ek by Asyl bliken dien hat, dêr't it bûtenlân yn dutsen waerd troch it pielen fan H.Tj. Piebenga mei Eliot en Pound. Tj. Piebenga skreau in kearmannich oer film en oer toaniel, yn it fyfte nûmer wie Abel R. Oostra op 'e tekst oer architektuer, folge fan in polemykje mei Bauke de Jong en yn it sechte nûmer stie Prate oer muzyk fan C.D. Andriesse. It aksint foel, en dat mei rjocht, op de Fryske literatuer. Tjitte Piebenga skôge Beam en bast fan Fedde Schurer, De smearlappen fan Anne Wadman, de Hollânske oersetting dêrfan en Forliezers fan Rink van der Velde. Bauke de Jong kritisearre de nije fersebondel fan J.D. de Jong, de bondel It twadde lân fan Ane Jousma, in koart forhael fan Durk van der Ploeg en ien fan Trinus Riemersma, de roman Leafdedea fan Homme Eernstma en Fabryk fan Trinus Riemersma. Oer De Greate Wrakseling fan Hessel Miedema joech H.Tj. Piebenga syn bitinken.
Op dit kritysk mêd hat Asyl yn de koarte tiid fan syn bistean (7 nûmers) goed wurk dien. Yn in redaksioneel stik Nei in jier fordôtste Bauke de Jong hwat by winliken it program achte fan Asyl: ‘It is it opkommen tsjin it greate boerebidroch dat geande is (as ik yn in echt offisjeel literair tydskrift skreau, soe 'k sizze forfalsking fan wearden) en itselde Asyl-nûmer hâldde Tjitte Piebenga yn in polemysk stik, Tydskriften, út dat syn biswier tsjin De Tsjerne wie, dat it ‘in frijbliuwende blomlêzing is, nammentlik ien sûnder gesicht.’
In swak sté yn de Fryske krityk is yndied dat gauris op it lyts bytsje plakken dêr't krityk bidreaun wurde kin, dy yn konkrete gefallen, út
| |
| |
frijhwat gelikens eachweid bidreaun wurdt. Dêrom wie it forskinen fan Asyl, mei syn klam op it krityske, njonken De Tsjerne, wier in forfrissend en fornijend forskynsel. De kritiken fan Tjitte Piebenga mar foaral dy fan Bauke de Jong tsjûgen fan in folslein au sérieux nimmen fan it to skôgjen wurk, fan it mei soarch hifkjen fan dy literatuer en fan ynkringend lêzen.
Great opskuor lykwols joech it greate opstel fan Bauke de Jong, wijd oan de essayistyk fan E.B. Folkertsma, in stik dat spitigernôch mar foar in part forskynd is om't Asyl ophâlden is to bistean en De Jong dêrtroch mei publisearjen.
Nou moat tajown wurde dat Bauke de Jong der hwat rou mei oansetten kaem en syn wurden net altiten like goed wist to weagen. Syn stik joech er de ûndertitel mei De doarpsidioat as essayist, in oantsjutting dy't ik him kwea ôf nim, om't dy der fier by troch is fansels, om't dy misledigjend en sûnder sin is, mar ek om't dy folslein ûnwier is útr it stik wei: safolle dokumintaesje, safolle bistudearring, sa'n great essay is dan in slach yn 'e loft. Mar it stik fan Bauke de Jong waerd yn Fryslân net ûnderfoun as in slach yn 'e loft mar as in stek yn it hert.
Oanlieding ta it trelit wiene binammen de antisemityske passaezjes dy't De Jong út foaroarlochsk wurk fan Folkertsma oanhelle, mei net ienris folle oar kommintaer fan syn kant as in gjalp fan forbjustering. De artikels út De Stim fan Fryslân fan 30-12-1938, 6-1-1939 en 27-1-1939, dêr't út sitearre wie, waerden yn fotokopy oan it essay fan Bauke de Jong tafoege.
Hwat Bauke de Jong kwea-ôfnommen waerd wie foaral dat de anti-semityske útlittingen tofolle bisjoen waerden yn it ljocht fan de histoaryske ûnminsklikheden fan it Tredde Ryk, dat hja foar it gemak mar achten to bigjinnen yn 1940, en dat by to min yn har histoaryske kontekst pleatste. Sels Lolle Nauta, dy't Bauke de Jong yn De Tsjerne fordigene tsjin in oanfal fan Douwe Tamminga, kaem mei de opmerking: ‘It wurk fan Folkertsma kin men, leau ik, allinne bigripe, as men it sosiologysk en kultuer-histoarysk relativearret.’ Nou is dat fansels wier, ja it is in wierheit as in kou, mar it seit neat tsjin it essay fan Bauke de Jong. It biroerde is dat de hiele saek fan it bigjin ôf oan, fortribele waerd, mei't de massakommunikaesjemiddels, fansels sûnder rekken hâlde to kinnen mei histoaryske, sosiologyske en psychologyske subtiliteiten, der in wide forsprieding oan joegen. De effekten dêrf an foelen werom op de holle fan Bauke de Jong.
| |
| |
Dêrfandinne forklearje ik ek it émosionele útfallen fan Douwe Tamminga yn De Tsjerne (april 1965) tsjin De Jong, in stik dat de freon Tamminga eare oandocht, mar net de historikus-sosiolooch ensfh. Lolle Nauta biandere (july-augustus '65) Tamminga yn in stik dat spitigernôch ûntsierd wurdt troch in oanfal op Schurer, dy't alhiel net ta de saek wie. Hy sei û.o.: ‘Folkertsma is en bliuwt it iens mei de stereotypen en foaroardielen fan it antisemitisme (de joad as jildjager, rasionalist, tige sinlik minske, materialist ensfh.). En it binne yndie dizze stereotypen en foaroardielen, dêr't de mearderheit fan it folk noch altyd yn leaut, dy't de joad yn de gaskeamers brocht ha, ek al hat Folkertsma soks perfoarst net bidoeld.’ Ut it andert fan Tamminga sitearje ik: ‘In anti-semyt anno 1965 is identyk mei in misdiediger, hwant hy stiet efter de gaskeamers fan Auschwitz; immen dy't anno 1938 n.o.f. de diskriminaesje fan Joaden yn Nazi-Dútsklân bisocht hat út in dialektyske tinktrant wei in theologyske ynterpretaesje fan dy hetze to jaen mei men net mei dat swier bilestige wurd bititelje.’
Ik leau dat Douwe Tamminga him forsint. Ik leau ek dat er ús ûnderskie-dingsformogen ûnderskat. Fansels wie E.B. Folkertsma gjin ordinaire anti-semyt, fansels net. Hy is sels in hiel bûtengewoanen-ien, lykas Lolle Nauta forhelle: ‘Neffens Folkertsma as otterdoks kristen binne de joaden sawol útkard as forwurpen. Forwurpen is de joad omt er mear wêze wol as in oar, wylst er yn werklikheit minder is (ûnseedliker b.g. as de Dútsker, de Ingelsman, ja, ja). En hy is útkard omdat God it minne krekt oansjocht en oannimt. Folkertsma is dus gjin anti-semyt pur sang hwant hy leaut dat dyjinge dy't him tsjin it joadske folk keart, dat dy him ek tsjin God keart. Folkertsma is dus sawol anti-semyt as antianti-semyt.’ En ik mei ek Folkertsma sels sitearje, dêr't er yn Theologysk folk (De Tsjerne, 1949) seit: ‘Hwa't de anti-semyt yn al syn grouwéligens net sjen kin as in braef minske, dy forhinderet himsels Israël to bigripen. De iene is net to forklearjen op kosten fan 'e oare.’
Ik lit dat even wêze, mar wol yn elts gefal sizze: àl op kosten fan it liederskip, de kultuerkrityk, it histoarysk en minsklik ynsjoch. It mei wier wêze dat by dyjingen dy't dielnimme oan in lynchpartij op in neger yn it djippe Sud fan Noard-Amearika, brave minsken binne, treflike húsfaers, noflike freonen, it is likegoed wier dat hwa't as lieder en skriuwer it relatyf gelyk fan dizze braven uthâldt, fansels sûnder him efter it uterste fan it lynchen op to stellen, syn plak as lieder en kritikus net wiermakket.
| |
| |
Hwat de histoaryske kontekst oangiet: sûnt 1933 wie it bist yn Dútsklân folslein los, elk hwa't eagen hie koe dat sjen. Ek foar 1940 wiene der joaden, omdat hja joad wiene, forfolge en deamakke. Dat soks letter op net to bifetsjen skael bard is, docht yn dit forbân net folle ta de saek. Dat de earste, dat der ien joad forneatige is, om't er joad wie, is al mear as genëch. Dêr hearde inkeld it né op to klinken en neat oars. To sizzen dat it perspektyf fan Auschwitz de wurdearring yn histoarysk retrospektyf fortribele hat is in histoarysk en moreel forsin.
Dat it wurd ‘antisemitysk’ langer net brûkber wêze soe nei de grouwélichheit fan it Tredde Ryk is net wier. Kin it wurd ketterjeijer net mear brûkt wurde sûnt om 1200 hinne yn de krústochten tsjin de Albiginzen de minsken by hûnderttûzenen forneatige waerden? Of, as wy leaver hwat tichter by hûs bliuwe, sûnt 1235 de Stedinger Friezen folslein likwidearre waerden?
Brave minsken foar 't neist, de greate kliber fan dy krúsfarders, mar wol tinkend út de mythe wei. Tinke út 'e mythe wei, dat wie de titel dêr't Anne Wadman yn 1951 Eachweiding ûnder bispriek. Oer de ynhâld fan dy mythe hâldde Anne Wadman him stil yn dy skôging, mar it is dúdlik dat dy ierdske en theologyske eleminten bifette, dat it gie om Fryslân en de Kristlike God. Dat forklearret leau ik ek dat it proaza fan Folkertsma gjin biweging út himsels hat, net as fansels fierder sjit nei nije, noch ûnbiwitten ûntdekkingen, mar steatlik hin' en wer widzet tusken natuerlike oandriuw en theologyske twade natuer.
Ik mien dat it de fortsjinste fan Bauke de Jong is dat er, foar in part út rankune lykas er sels royael sei, it spoar tobek folgje woe fan de Folkertsma, dy't yn Fryslân publyk persoan wurden wie en dêr't greate rop fan gie as essayist. Dat it soms wol hwat ûnbiroaid barde is spitich, likegoed as dat mar in part publisearre is, hwat it einoardiel oer de stúdzje net mooglik makket. Fortrietlik is dat de swakheden fan Folkertsma as polityk kommintator bleat lein waerden nei oanlieding fan in ûnderwerp dat safolle emoasionaliteit oprôp dat by dúdlik ta tragyske figuer waerd. Tragysk yn mear as ien opsicht, om't er sels al ta mythe wurden wie yn Fryslân. Hoe't dat kinnen hat, dêr soe, tinkt my, ek de foltôge studzje fan Bauke de Jong gjin andert op jown hawwe, mar ik sykje it yn de stilist en yn de skriuwer fan Selsbistjûr foar Fryslân. ‘Hy hat,’ seit Douwe Tamminga, ‘as kenner fan it folksidioom it Frysk as skriuwtael rêchbonke en monumintaliteit jown.’ Hy hat boppedat klear in polityk ideael foar Fryslân foarm jown, mar it measte hat dochs grif
| |
| |
de persoanlikheit fan Folkertsma dien, om him al ier in mythe op himsels to meitsjen. Gjin wûnder dêrom dat Nauta yn syn stik oer Bauke de Jong it wurd Entmythologisierung út 'e pinne foel en gjin niget dat Tamminga biswier hie tsjin dat ‘ivich moaije modewurd.’
Ek quatrebras hat sûnt 1962 net in lang libben biskern west. Foar it earste nûmer yn dat jier haw ik in swak, hwant efterop stiet yn greate letters ‘Jo Smit trekt al tachtig jaar met zijn paarden op’, mar faeks moat ik sok narcissisme gjin bod jaen. Yn it septimber/oktober-nûmer kritisearre Hessel Miedema net mijen Kultureel Perspektyf, it rapport fan de Fryske Kultuerried oer de situaesje en de takomst fan de kultuer yn Fryslân. It january/february-nûmer 1962 wie in oersettings-nûmer, dêr't fortaelde moderne poëzij yn stie fan William Carlos Williams, Lawrence Ferlinghetti, Robert Creeley, Gregory Corso, Frank O'Hara, Denis Levertov, John Knight, Philip Larkin, Paul Celan, Hans Magnus Enzensberger en Henri Michaux. In bondel oersette poëzij om tige wiis mei to wêzen, ek al om't men de yndruk krijt (ik haw it net allegear neigean kinnen) dat de fortalers alle war op har wurk dien hawwe en it harren goed slagge is. Fan maeije 1963 oant maeije 1964 hat it tydskrift út 'e roulaesje west en kaem doe werom mei in fornijde redaksje. Fan de âlde redaksje bleauwen noch Marten Brouwer, Lambert Mulder en Josum Walstra; foar Jelle de Jong en Hessel Miedema kamen Josse de Haan, Theo Jensma, Steven de Jong en Wybren Veeman yn it plak. It karakter fan tydskrift foar eksperiminten soe hanthavene wurde, mar de redaksje hope ‘it konstatearre tokoart oan essayistysk wurk op to heinen troch tonei mear plak yn to romjen foar al of net polemyske artikels en kommintaer.’ Fuort al stie yn dat nûmer in opstel fan Steven de Jong oer De Fryske poëzij fan nou.
‘De nije rjochting yn de poëzij hat in programmatysk karakter’ ornearre er. ‘De heechste autoriteit is de dichter sels, as er alteast dichtsje kin, en fierders oardielet de redaksje fan it tydskrift, dêr't de dichter him ( ) oan tabitrout.’
Dêrtroch, miende Steven de Jong, wiene der ‘twa streamingen yn de hjoeddeiske poëzij yn Fryslân: in Tsjerne rjochting en in quatrebras rjochting.’ Oan 'e iene kant Tjitte Piebenga, Durk van der Ploeg en Tiny Mulder, oan 'e oare kant Jelle de Jong, Ella Wassenaer en Hessel Miedema. By De Tsjerne oerhearske in sfearrethoryk. Oan't safier kin men it aerdich lyk fine mei de skriuwer, fan hwa't ik nammers ek folle mear yn syn oardiel ûnderskriuwe kin.
| |
| |
Mar hy is by tiden frijhwat nayf. In foarbyld. Hy seit:
1. ‘Fryslân is kultureel en literair in efterlike provinsje.’
Dat mei hinnebruije en der binne gâns faktoaren oan to wizen om dat to forklearjen. De Jong neamt lykwols mar ien:
2. ‘Dit komt foar in great part troch it ûntbrekken fan in universiteit.’ Fansels, is men ré to sizzen, soe in universiteit yn Ljouwert fan ûnwitten bitsjutting foar Fryslân wêze kinne. Mar dan komt de klap op de fjûrpylk:
3. ‘Ynsté fan nou bliid to wêzen mei dy minsken, dy't mei súkses in folslein aktuéle akademyske oplieding folge hawwe en dy't troch hwa wit hokfor geastlike stoaring bisykje de Fryske literatuer nij libben yn to blazen, docht de Tsjerne redaksje al of net biwust alle war har fornijing yn de poëzij op to kearen.’
De naïveté hjirfan hoecht fansels net eksplisyt oantoand to wurden, mar hja hinget foar it neiste gear mei de komplot-théory dy't De Jong blykber oanhinget. It komplot dat hawwe wol, dat hwa't yn De Tsjerne publisearre hat goed bisprutsen wurde moat yn dat tydskrift; it komplot dat oaren dêr by wei hâldt; it komplot dat De Tsjerne biskôget as in eigen fokstâl. Sa leit de saek fansels net, ek al mei men fêststelle dat De Tsjerne net altiten like lokkich wurke hat foar de fornijing fan de poëzij. Ek kin ik it graech mei De Jong iens wêze dat Jelle de Jong en Hessele Miedema dichters fan formaet binne en dat har wurk laden is mei: ‘erotyk, religy en revolte.’
De muoite wurdich wiene ek de ‘oantekeningen’ fan Steven de Jong yn op ien nei it lêste nemer, dêr't foaral de krityk op de artikels fan Dr. U.J. Boersma oer nije poëzij yn Us Wurk yn opfoel.
Foar de lêste avontûren fan quatrebras moatte wy earst even in mannich oare dingen bisjen.
Yn 1965 kaem de bondel Skande skande sûnde sûnde út, in samling fan meast net earder publisearre wurk út de quatrebras-groep. In nijsgjirrich bondeltsje, dat der boppedat kreas útsjocht mei syn yllústraesje mei printen fan Bruegel. Jo Smit skreau der in ynlieding by, op forsyk, en hy fortelde dat er dêr hwat mei oan west hie, om't er gjin krityk yn it foar skriuwe woe. Lolle Nauta, dy't de bondel yn De Tsjerne skôge, koe dan ek maklik oer him, Smit, skriuwe: ‘De lêste koe der wol hwat mei oan wêze,’ mar hy fette ek fan him gear: ‘De fryske quatrebras-dichters hawwe as moderne dichters, ek ôfsjoen fan de tael, dochs eat eigens, dat biskaet is troch de regio.’ Dêr wie Nauta it folslein net mei iens: ‘Dat eigene haw ik net fine kinnen.’ Hy wie dêr bliid om, hwant: ‘De poë- | |
| |
zij is dêr to goed foar.’
Nou muoit it my foar Lolle Nauta, mar it eigen regionael elemint is krekt yn it wurk fan de bêsten fan dizze dichters, yn dat fan Hessel Miedema, fan Steven de Jong en, yn lytser mjitte yn dat fan Jelle de Jong, folslein oanwêzich. Ik wie der bliid om, mei't ik - réaksionair - de sprong yn de (inkeld mar) romte frees, en ek de tiid graech sines jaen wol. Dat de tael, tiidsfunksje by útstek, ek noch hwat fan in fjirde diminsje binnen to slûkjen wit yn it fers stiet my wol oan. Nammersto spitiger foun ik it dat in fers fan Hessel Miedema, datearre april 1964 einige mei de wurden:
Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer siz mar
Ook Friesland had haar modernistische bewegingen
En dit is dan meteen het laatste woord
Fries dat ik geschreven heb ook.
Hessel Miedema hâldde op 9 septimber 1964 in lêzing foar de RONO, dêr't er de frage yn bihannele Is het Fries een dialekt?
Syn konklúzje wie dat Frysk op wei wie in dialekt to wurden en dat er der winliken oan twivele oft it oait in tael west hie. Dat wie dan eigentlik in útwurking fan de sitearre wurden fan it fers. Fryslân ûntjowt him, miende Miedema, yn de rjochting fan de rânnestêd en it gefolch is in funksionele devaluaesje fan it Frysk. It moderne libben is slim mear to fangen binnen it Frysk. Foar literatuer is boppedat in sintrum nedich en de stêdden yn Fryslân kinne dêr nea ta tsjinje om't it gjin Fryske stêdden binne. Dat it Frysk is langer gjin autonome tael, mar earder in dialekt dat fan de rânnestêd ôfhinklik is en dus kin der ek gjin autonome literatuer yn bistean. Dêrfandinne dus Hessel Miedema syn ôfskie fan de Fryske literatuer.
Jelle de Jong spriek op 13 april 1965 foar de RONO oer Schrijven buiten Friesland. Hy kaem ta de konklúzje dat it mythyske byld fan Fryslân ôfbrutsen wurdt en ek ôfbrutsen wurde moat. Mar hy einige mei in pleit foar de frjemdling: mei oanpassing is it lêste wurd net sein; der bistiet ek sokssahwat as in rjochtfeardige ûnwennigens en dêrmei forboun in rjocht frjemdling wêzen. Bûten Fryslân yn it Frysk skriuwe is in lyts damke opsmite tsjin de oanpassing en winliken in stribjen om minske to bliuwen. Dêrmei hie ik dan út 'e mûle fan Jelle de Jong ek noch fiat op myn konstatearringen yn Skande, skande, sûnde, sûnde. Steven de Jong gie op 17 augustus 1965, ek foar de RONO, op de frage yn oft it Frysk in dialekt wie. Hy joech in gearfetting fan Miedema syn lêzingen, wiisde in tinkbere útwei út de situaesje troch mei help fan archaïsmen
| |
| |
en neologismen in soarte fan kunstfrysk to konstruearjen ôf, wylst er ynseach dat ôfwar tsjin Hollân de Fries yn in kultureel luchtliddich bringe soe en it oankrûpen fan it Hollânsk ek op 'n dûr de dea bringe soe.
It ûnreedlike, it absurde hat lykwols altiten in greate rol spile yn de literatuer en faeks dat Miedema dat mei opsetsin net sjen wollen hat, sa giet Steven de Jong fierder. Ien fan dy absurditeiten is bygelyks dat de berne Amsterdammer Hessel Miedema him sa yntensyf ophâlden hat mei de Fryske literatuer. Sa binne der mear, dy't gjin dupe binne fan yllusys, mar rêstich trochgean mei it produsearjen fan literair wurk. It sprutsen Frysk mei dan in dialekt wêze, it skreaune Frysk is in tael, lykwols in o sa ûnfolsleine tael en funsioneel in stjerrende tael, mar noch gjin deade tael. It iennichste probleem fan de Fryske skriuwer is literair wurk to leverjen dat bisjen lije kin en dat fan eigen tiid is.
Yn it lêste nûmer fan quatrebras stiet noch hwat fan in polemyk tusken Miedema en de redaksje. Steven de Jong yn syn lêzing hat gelyk, ornearre Hessel Miedema, mar hy omsile de kwestje, om't it him (Miedema) net gie om de yndividuéle skriuwer yn it Frysk, mar om de sa bititele Fryske literatuer. ‘Ook Poortinga gaat niet op mijn probleemstelling in, maar beweert ten onrechte dat ik geklaagd heb over de taalsituatie (blz. 23 en noot 53).’ De redaksje wie dat mei him iens, hwant hja skreau: ‘as er dan foar de RONO fundamintele kwestjes oer de Fryske literatuer oansnijt wurdt er negeard of forkeard ynterpretearre. (Poartinga).’
Nou stiet der yn Preokkupaesje of frije kreativiteit fan Y. Poortinga op side 23 oars net as dizze opmerking: ‘As der ien groep is dy't net mei taelbifoardering preokkupearre is, mar yn frije kreativiteit syn gong giet dan binne it de eksperimintelen. Sterk as hja op Hollân oriëntearre binne ( ) uterje hja op syn heechst har toloarstelling oer de Fryske taelsituaesje.’ En yn de noat op dat plak wurdt dan forwiisd nei de RONO-lézingen fan Hessel Miedema en Steven de Jong.
It ëntgiet my wier, hoe't Miedema hjiryn in forkearde ynterpretaesje sjen koe, en yn syn fuotleasten de quatrebras-redaksje.
Miedema gie der fan ët dat quatrebras al gau ynfloeden fortoand hie fan de contemporaine Hollânske literatuer en dat soks fan in foar Fryslân net earder kende aktualiteit wie. De gefolgen wiene dat der klage waerd oer de tael fan it tydskrift, fol ûntalitbere nijfoarmingen en hollanismen. It bisteande Frysk, sei Miedema, wie langer net brûkber om út to drukken hwat der yn 'e rânnestêd geande wie. De tael sil him oanpasse
| |
| |
moatte oan de moderne bihoeften, sei er fierder, en úntliene moatte oan it Hollânsk. Dy ûntwikkeling is net to ûntgean ‘zolang er in het Friese woordenboek geen adequate aequivalenten staan van begrippen als ontroering, vertedering, lichamelijk en belachelijk.’ Hjiroan de útdrukking ‘toloarstelling oer de Fryske taelsituaesje’ to forbinen giet dochs net to fier. Nuver is ek, dat Miedema net yngie op de tinzen dy't Poortinga op side 14 en 15 fan syn boekje utere oer de hjoeddeiske taelsituaesje en dêr't er Schurer neisei dat de skriuwer forrassend Frysk skriuwe moat, dat de bern fan syn eigen tiid oansprekt, en dat er sels idioom meitsje moat. Dêrby wiisde er op it taelgebrûk fan Wadman en ornearre doe: ‘Men moat ek net miene, dat dit moderne Frysk gjin eigens mear hat. Bisykje mar ris in stik proaza fan in goede jonge skriuwer yn it Hollânsk oer to bringen, dan fornimt men it wol. En ik sjoch hoe't dizze auteurs yn dochs goed Frysk uterje hwat neffens Hessel Miedema, dy't op dit stik fan saken miskien to folle yn 'e quatrebras-groep toloarsteld is, net yn adékwate Fryske wurden sein wurde kin.’
Wol gie de quatrebras-redaksje yn op it provinsialisme, dêr't neffens Miedema de Fryske literatuer mei tangele sit. ‘Provinsialisme is neffens Hessel Miedema biwust efterbliuwe by hwat der yn 'e kulturele sintra geande is. Dat provinsialisme is in eigenskip fan de Fryske literatuer.’ ‘Der bistiet lykwols ek noch in oar provinsialisme as dat fan Hessel, Huizinga en Hof, dat is it provinsialisme dat dúdlik sprekt út it wurk fan Jelle de Jong en Hessel Miedema en as sadanich hiel akseptabel is foar quatrebras.’ De redaksje wiisde op it primitive taelgebrûk as kenmerk en fordúdlike ‘provinsialistysk wurk’ eksplisyt as wurk dat yn 'e provinsje it bêste ta syn rjocht komt. Bliid as men wêze kin dat de quatrebras-redaksje alteast net bang wie foar it wurd provinsialisme, wol de definysje jin dochs net oan. As dy omskriuwing wier hantearre wurdt kin der fan alles en noch hwat ûnder biflapt wurde en dat sil de bidoeling fan de redaksje net west hawwe.
As ik goed sjoch jowt it wurdboek (yn dit gefal Van Dale) gjin goede omskriuwing fan provinsialisme, dat it definiëarret as ‘overdreven gehechtheid aan, voorliefde voor de zeden, gewoonten en belangen der eigen provincie.’ Dan is Hessel Miedema der tichter by mei syn ‘biwust efterbliuwen by hwat der yn 'e kulturele sintra geande is.’ Dêr soe ik dan de wurden biwust en kulturele noch útskrasse wolle, dus ‘efterbliuwe by hwat der yn 'e sintra geande is.’ De provinsiael is dat pas as er yn in sintrum komt, dêr't er noch net oanpast is; provincialisme ûntstiet ta- | |
| |
gelyk mei de sintralisearjende steat, mei syn greate stêdden as sintra fan minsken, macht en jild, sal se binammen har funksje krigen hawwe yn de njoggentsjinde ieu, it earst yn Ingelân, mar al gau folge troch Frankryk, Dútsklân, Nederlân. De skriuwers réagearren yn it bigjin provinsialistysk: hja fielden har iensum yn de drokke strjitten, fol hastige minsken, dy't hja net fan gesicht koene en dêr't hja net fan wisten hwat der yn omgie. Hja forhearliken yn har gedichten de natûr en it oersichtlike libben op it plattelân, hja situearren har romans yn de doarpsmienskip. Sa njonkenlytsen komt it by inkelden ta in posityf reagearjen op de stêdssituaesje. Yn Ingelân by Dickens, yn Frankryk by Balzac en letter by Zola. Yn it wurk fan Dickens sjitte de hûnderten figueren dy't er skepen hat op deselde nuvere wize troch inoar as de biwenners fan Londen oer Piccadilly Circus, en hja batse tsjin inoar op by tafal, lykas dat yn 'e drokte barre kin. Balzac en Zola hawwe ek figueren by it soad, mar de forbiningen tusken harren birêste net op it tafal, mar binne in gefolch fan it mechanyk dat efter al dy biwegingen sit.
Lykwols, der binne gans skriuwers, dy't dochs it oersichtlike libben op it plattelân by foarkar nimme om de dramatyske forhâldingen tusken har persoanen stal to jaen, of hja biheine har ta it biskriuwen fan lju fan eigen formidden, fan eigen klasse; of wol, hja rêdde har mei de biskriuwing fan in ploechje lju dy't tafallich byinoar binne yn itselde hotel, yn in herberge, yn de trein of op in skip. Men soe dat allegearre provinsialistyske oplossingen neame kinne, as net oanpast oan de greate stêd. Fraech: hwannear forskynt yn de Hollânske literatuer foar it earst de stêd, yn syn hiele hear en fear? In fraech dy't ik net bianderje kin en dêrom in twaden ien: hwannear forskynt de stêd yn de Fryske literatuer? Andert: by Wadman, by Terpstra, by Trinus Riemersma.
Fryslân hat gjin greate stêd, mar dêr giet it net om. De metropoal wie as earste de folsleine útdrukking fan de kapitalistyske wrâld, mar dy wrâld is rounom, is ek yn it doarp, ek op it plattelân. Dêrom kin de aktualiteit fan de forfrjemding, om it sa mar gear to fetsjen, al waerd dy it earst sichtber en fielber yn de greate stêd, rounom oan biskreaun wurde. En it is noch de frage of de metropoal noch, lykas yn de njoggentsjinde ieu, symboal en earste útdrukking is fan it tweintichste-ieuske kapitalisme; it is binammen de fraech oft Amsterdam dêr mear it symboal fan is as Drachten en Ljouwert. De Hollânske literatuer is syn ‘provinsialisme’ to boppe kommen yn de twade wrâldoarloch, mar it is de fraech oft Fryslân net op syn minst sa biwust dy oarloch ûndergien hat as
| |
| |
Amsterdam.
It is gjin tafal dat de posysje fan it Frysk nei 1945 in sprongmutaesje fortoand hat. En it soe wier provinsialisme wêze ús hieltyd wer to forgapjen oan hwat it Leidse Plein opleveret, al is it fansels minstens sok bot provinsialisme to tinken dat de Fryske literatuer boppe oan stean soe. Dat kin al slim, sjoen de druk fan allerhande biheiningen, yn tal en mooglikheit. Mar oarsom is de mooglikheit folslein net útsletten fan wurk fan hege klasse, skreaun yn Fryslân, as it talint der mar is. Hwant Fryslân wurdt oandien fan deselde trillingen as Amsterdam, Londen en Parys, it is part fan deselde wrâld, it libbet yn deselde tiid, it sjocht deselde dingen op TV kin der noch triviael, mar net minder wier en swierweagjend by sein wurde. Provinsialistysk soe wêze it eigen dekor to forsmiten, towille fan in net trochlibbe oar.
It feit dat yn de trêdde perioade, sûnt de twade wrâldoarloch, dêr't wy ús nou mei dwaende hâlde inkelde romans yn it Hollênsk oerset waerden en ridlik goed achtslein waerden, biwiist dat de Fryske literatuer net biwust efterbliuwt, mar mei de mjitte fan it biheinde tal en de bihyplike mooglikheden meidocht.
De oandacht wie yn dizze perioade binammen by it proaza, ek yn De Tsjerne. Yn 1960 skreau Jo Smit oer Modern proaza, dêr't er de problematyk dêr't de hjoeddeiske proazaskriuwer mei tangele sit yn nei foaren helle. Yn 1962 skreau er ûnder de titel Dit sil jimme in teken wêze, oer it foar de skriuwer forliedlike kliché yn de foarm fan karakteroantsjutting, dekor en tael. Hy woe yn de wrâld in fjild fan tekens-sûnder-bitsjutting sjen, dy't de skriuwer ûntriedselje moat binnen syn wurk, troch it karakter fan teken dêryn bihâlde to litten, dat wol sizze sinfol nei har funksje, mar riedseleftich nei ynhâld en wêzen.
Yn 1963 naem De Tsjerne in Trijelûd út it Wetterlên op, in symposion oer de Fryske roman. Op it Farrend kongres fan de Fryske Akademy yn augustus fan dat jier waerd ûnder mear redendield oer de Fryske roman. Ynlieders wiene dr. Y. Poortinga, Jo Smit en drs. Klaes de Wit. Poortinga wiisde derop dat fortroudens mei de moderne romantechnyk nedich wie en dat lêzen en systematyske stúdzje dêr tige bifoarderlik ta wie. Hy frege him ôf oft dy stúdzje organisearre wurde koe. Jo Smit ornearre dat de skriuwer him langer net to bikroadzjen hie oer de empiryske minske út uterlike oanskôging en inerlik neifielen, mar oer it wêzen dêrefter, dat er foaral seach yn de ethyske hâlding. Dat jowt de skriuwer mear frijheit as wol west hat en dy moat er ek brûke om yn ús konsum- | |
| |
tive wrâld ûnderhâldend to wêzen. Njonken romans út dy préokkupaesjes wei skreaun seach er noch plak en needsaek foar it mearke, dêr't er alle forhalen dy't guodkeape bifrediging forskaffe ûnder biflapte. Klaes de Wit wiisde der op dat der efter nijere techniken foaral in saek fan mentaliteit sit, in oergong op fenomenologyske sjenwizen. Dat liedt der ta, dat de foarkar faek jown wurde sil oan de ymplisite wurkwize, boppe de eksplisite, lykas er dat yn syn briefwiksel mei Anne Wadman yn De Teannewâdder neamd hie. Sa wurdt ek hwat Wadman yn de Leeuwarder Courant ris neamd hie, ‘de kunst fan it psychysk momint’ forklearber, as in konsintraesje op it nou-momint, as in foarm fan protest tsjin de kontinuïteit fan de tradisionele roman. Oan 'e ein wiisde De Wit derop dat eksplisyt en ymplisyt gjin mekoar úrtslutende kategoryen binne, mar dat it folle mear in kwestje fan prioriteit is en fan mentaliteit winliken.
Teije Brattinga skreau, ek noch yn 1963, oer Roman en lyryk anno 1963. ‘De lyryk fan hjoeddedei,’ sei er dêryn, ‘moat men nêst de roman fan hjoeddedei sette, net tsjinoer, lyksa de lyryk fan earder tiid nêst de eardere epyk, de ûntjowing fan beide nammers giet frijwol lykop, net hielendal synchroon, mar sjoen oer in biskaet tiidrek tinkt my wol.’ ‘Proaza/ poëzij 1963’ hâldde hy út, ‘brûkt de symboalen fan it jier 1963. Symboalen fan 1940 moatte al hiel sterk en authentyk wêze sille se it anno 1963 noch dwaen. Dêrom falt safolle literatuer plat as in dûbeltsje omdat it net mear west hat as in mear of minder firtuoas brûken fan symboalen.’ Dat jildt foar de roman sa goed as foar de lyryk. ‘Hwat bliuwt der oer fan romans dy't de boeresymbolyk brûke en net fierder komme as de symboalen?’ Fierders wiisde er yn de fuotleasten fan Fens op it forskynsel dat soms greatminske-boeken werom sakje ta jongesboeken: ‘de destiids earnstige retoryk wurdt as berneftich oanfield, de brûkte symboalen (kriichshaftichheit, ensfh.) geskikt foar bern, net langer foar âlderen.’ Brattinga woe dizze sjenwize njonken of tsjinoer - dat wurdt net alhiel dúdlik - dy fan it boppeneamde trijelûd sette.
Yn 1964 skreau Jo Smit oer Goede smaek as kritearium, dêr't er in histoarysk aperçu joech fan dat bigryp en it fordigene tsjin in al to sosiologyske bineijering. Yn de twade helte lykwols konstatearre er dat de ‘goede smaek’ as kritearium foar moderne kunst net brûkber wie en dat inkeld gefoelichheit foar kunst, foar stilearring in mjitstêf opleverje koe. Inne de Jong polemisearre dêrtsjin, mar sûnder op de probleemstelling yn to gean.
| |
| |
Under de titel Danse macabre fordúdlikte Smit jitris syn bidoelingen en brûkte dêrby Guernica fan Picasso om to adstruearjen hwat er bidoeld hie mei it sizzen dat de moderne kunst wer wit dat hja kunstmjittich is, in farce winliken. Yn Guernica, ornearre er, hat de kunstner op it ûnderminsklik dwaen ‘reagearre mei in kunstwurk dêr't wy beide fan oertsjûge binne dat it oangripend is, mar dat alhiel net adekwaet is, dat in farce is.’ Yn it stik Trochbraek of krisis? forsmiet Inne de Jong dat en hâldde út dat Guernica net kunstmjittich is, folslein natuerlik is, in gleon protest en sa adekwaet as mar kin. Fierder fette hy Smit op dizze wize gear: ‘Foar him (Smit) is yn de kunst it âlde en breklike yn it foarbygean, mei de moderne réalisten brekt in nij tiidrek oan, dêr't de kunst yn suvere wêze sil fan profetyske pretinsjes en oare skealike byforskynsels. It giet nou fia de forfrjemding, de ûntminskliking en de farce om klearebare estétyske ûnderfining, l'art pur. De goede smaek hat gjin funksje mear.’ Inne de Jong foege der oan ta: ‘Ik twivelje oan it skema en noch mear oan syn aktualiteit. Ik sjoch gjin bifrijende trochbraek, wol in swiere krisis ( ). De fraech nei de bitrutsenens fan de kunst op eigen tiid en situaesje liket my hjoed folle aktueler as de théory fan in absolute tsjinstelling tusken réalistyske en net-réalistyske kunst. In romantyske l'art pour l'art-poëzij dy't allinne noch mar om eigen as wintelt as in krisisforskynsel.’
Nou't ik dit neilês bigryp ik ek dat ik, wurch, tsjin Inne de Jong ophâlden bin. It is dúdlik dat it skema dêr't er oan twivelet net myn skema is. Myn skema, om dêroan fêst to hâlden, sjocht der likernôch sa út. Hwat de kunst troch de ieuwen hinne wichtich makket is net, ‘de skientme’, mar it feit dat it kunst is en as sadanich kunstmjittich, altiten in forfrjemding fan de deistige réaliteit ynhâldt. It réalisme is dan ek in greate bidriging fan de kunst, om't it troch in maklike kommunikaesje mei uterlike dingen, troch in maklike minsklike ûntroering de estétyske ûnderfining suver ûnmooglik makket.
De réalistyske kunstner hat it dêrtroch o sa swier: as er slagget is dat nettsjinsteande himsels en dat ferget gâns talint. Aldergeloks is it slimste op 't heden oer en sjocht de kunstner gauris yn dat de kunst kunstmjittich is. Dat is hwat fan in bifrijende trochbraek, mar bitsjut tagelyk ek in krisis. In krisis dêr't ‘goede smaek as kriterium’, dat dúdlik út twa foar elkoar oersteande helten bistie, útdrukking fan wie. In krisis dy't dúdlik bilutsen is op it probleem fan ynhâld en foarm fan de kunst, dêr't ik net sa't De Jong my forwyt ‘it dogma fan de ynhâld-forneatigjende foarm’
| |
| |
by oanhingje, mar it ienfâldichwei net mear wit. Dat de estétyske ûnderfining sawol mei foarm as ynhâld to meitsjen hat stiet foar my fêst, mar ek dat de dichotomy foarm/ynhâld net bistiet en dat dy ynhâld inkeld bistiet troch de foarm en yn lêste ynstânsje dus as foarm.
Net inkeld théory, mar de libbene by de deade wie it essay fan Trinus Riemersma Hessel Miedema's forhalen, in terreinforkenning (1966). Riemersma biheinde him hjiryn, lykas er sels sei, ta de technyske bisûnderheden, ‘om't dy yn earste ynstânsje it meast nijsgjirrich binne.’ Sa ûntstie in weardefol opstel, dat jitris de préokkupaesje mei it proaza yn dizze perioade sjen lit. De rige petearen fan Tiny Mulder, dêr't yn de jiergong 1967 in bigjin mei makke waerd wize ek yn dy rjochting. Oan't nou ta wiene it petearen mei Anne Wadman, Trinus Riemersma, Theun de Vries, Rink van der Velde, Ypk fan der Fear en Jo Smit.
Mar De Tsjerne hat mear brocht yn 'e jierren 1962-1967. Deselde frage dy't Hessel Miedema steld hie yn de RONO-bydrage en dêr't Steven de Jong en de quatrebras-redaksje op yn gien wiene, sels noch wol mei Seitenhiebe nei De Tsjerne, wie yn bigjin 1962 troch F.J. Bergstra oan 'e oarder steld yn It dialekt, de lange teannen en it minderweardichheitscomplex. Skerp analisearre er de taelsituaesje yn Fryslân en kaem ta de konklúzje ‘It Frysk mei dan in tael wêze, lykwols brûke wy it allegearre, op mar in heechst inkelde útsûndering nei, op dialektniveau. En hwat pas goed slim is troch dizze hiele konstellaesje rekket ús taelnoarm, ús taelgefoel, hieltyd mear ûnder ynfloed fan de Nederlânske skriuw- en sprektael dy't hieltyd massiver oer de Fryske folkstael hinne komt to lizzen, kollektyf, mar ek yn elk fan ús yndividueel.’ Der is ek gjin algemien biskaefd Frysk, miende Bergstra, al is der in soarte fan noarm foar literair Frysk. ‘It sprektaelfrysk hat him as noarm fan sosiale distinksje noch net trochsette kinnen; der bistiet noch net in boppedriuwende sosiale laech yn Fryslân, dy't Frysk praet en krekt dêrom, omdat hja boppedriuwt en sosiael distingearre is, har sprektaelnoarm trochdriuwe en de rest fan it folk oplizze kin.’ Heechstens is der, neffens Bergstra in ‘Elemintair Biskaefd Frysk, EBF.’ Op dizze rige fan trije opstellen réagearre inkeld Sybe Sybesma, mei in stik dat in nochal negative konklúzje hie: der moat in nije ynspiraesje komme, ‘dy't it folk oansprekt en meinimt - dy't dus oeral dêrre fanwegen komme moat, dêr't de offisiéle oerheit vacua ûntstean litten hat.
Mar hat de Biweging dêr de organen wol foar?’
Deselde problematyk kaem jitris werom doe't E.B. Folkertsma yn fiif
| |
| |
ôfleveringen trije lêzingen skôge fan F.J. Bergstra foar de Fryske studinten, dy't yn 1962 bondele útjown wiene troch de Federaesje fan Fryske Studinte Forienings. Folkertsma wiisde mei gâns fortoan fan argumintaesje de konklúzjes fan Bergstra ôf, sûnder lykwols dy syn útgongspunten sels to hifkjen en ûnder skot to nimmen. Dêrom kaem Bergstra der op werom yn in artikel Krityske Solidariteit, yn bigjin 1964. De kearn fan it hiele skeel tusken Folkertsma en him seach er yn it feit dat Folkertsma yn de modern-yntellektuéle yntegraesje foar it Fryske folk oer it greatst mooglike fordjer seach. Dy yntegraesje op Fryslân ta, sei Bergstra, ‘is him sa oanstjitlik, dat er my mei de tange beetpakt as in fiis ding. Neffens my is dizze yntegraesje it postulaet fan alle Fryske biweging; as hja net de pretinsje hat dat hja dit wiermeitsje kin, dan jowt hja harsels nei sin en wêzen, en ynhâld en foarm op.’
Fierder hiet is: ‘Mar de tsjinstelling, dy't Folkertsma sa skerp oanset is falsk. Dy hiele spjalt tusken folk en yntellekt is in misbigryp; ik jow ta, dat iksels yn myn jonge jierren iverich oan dat misbigryp meinifele haw, mar doe stie ik ek noch tige ûnder forkearde ynfloeden, û.o. dy fan Folkertsma. Yn it bistean fan de inkelde minske is it intellekt, de ratio, it forstân gjin “Fremdkörper” mar in yntegrael bistândiel yn in organysk gehiel.’ Bergstra herhelle jitris hwat er yn syn earste Tsjerne-artikel sein hie, nammentlik dat ‘in maetskiplike laech dy't “ministrabel” en frysktalich tagelyk is’ in bitingst wie foar de takomst fan it Frysk. Oft de biweging ynteressant is, wie net fan bilang, ‘mar oft it foar it Fryske folk, de Fryske minske, oft it foar Jan, Pyt en Klaes aenst noch ynteressant wêze sil om Frysk to praten. Dat is de ûre fan de wierheit foar de Fryske Biweging en dy ûre sil meikoarten slaen.’
Hwat minder somber, mar dochs ek réeel wie D.A. Tamminga yn It sprutsen en it skreaune Frysk yn 1966. Syn seréne, mar oanfurdber wiere konklúzje wie: ‘Men hoecht jin net út to klaeijen foar't men op bêd giet.’ De literatuer, binammen de proazaliteratuer fan dizze lêste jierren, biwiist dat. It wurk fan Wadman, fan Riemersma, fan Rink van der Velde, fan Poortinga, fan Piter Terpstra is foar de status fan it Frysk yn Fryslân fan net to ûnderskatten bilang. Yn 1962 skreau Fedde Schurer ûnder de titel It faeije avontúr ek oer de Fryske situaesje en sei dêryn: ‘Der is wolris sein dat de Fryske biweging de bitsjutting fan 'e literatuer oerskatte, dat hja it mear sykje moast yn it politike en ekonomyske, mar ik bigjin hoe langer hoe mear to leauwen dat it fuortbistean fan de Fryske mienskip fan de literatuer en fan har allinne ôfhingje sil.’ Yn itselde
| |
| |
stik kaem er ta de al earder oanhelle útspraek oer de Fryske skriuwer: ‘Hy moat net alderearst suver ( ) mar forrassend Frysk skriuwe, dat de bern fan eigen tiid oansprekt, by moat sels idioom meitsje. Dat bitsjut dat er net alderearst neibyldzjend, mar in skeppend taelformogen hawwe moat. Der binne in pear yn Fryslân dy't it bigripe en dêr neffens dogge.’ Oan 'e ein fan 1967 lykje de útspraken fan Schurer noch wierder, hwant noch mear réaliteit.
Mar ek De Tsjerne sels as ûnderbou - njonken de oare, nou spitigernôch fordwoune literaire periodiken - is fan bitsjutting. Net inkeld foarsafier't der nij skeppend wurk yn forskynt, op it mêd fan proaza en poëzij, ek fierders net allinne troch de needsaeklike bigelieding fan de literatuer yn de foarm fan skôging en krityk fan nij-útkommen wurk, mar dochs ek yn dy algemienere bigelieding fan it kulturele yn algemiene sin, al is dan in al to pretinsieuze opset net altiten wier to meitsjen.
De eigentlike literatuer kaem fortrietlikerwize oan 'e oarder melt in mannich figueren ús ûntfoelen. Yn 1962 skreau Durk van der Ploeg in In memoriam Gerrit Mulder, Jo Smit skreau By de dea fan Teatske Alzum en yn 1963 skreau D.A. Tamminga nei oanlieding fan it forstjerren fan Obe Postma. Great wie de skok by de dea fan Jan Piebenga yn 1965. Syn prikeljende publisistyske wurksumheit liet in gefoel fan leechte ynienen. Douwe Tamminga skreau By Jan Piebenga syn forstjerren yn De Tsjerne. Piebenga hie de lêste jierren in rige fan opstellen foar it blêd skreaun, dy't allegearre op literair-historysk mêd leine. Yn 1962 Ieu fan Redbad en Bonifatius, Huizinga en Fryslân en Byld fan trije foargongers (nei oanlieding fan Winst út forlies, briefwiksel tusken T.R. Dykstra, J. van Loon en H.S. Sytstra útjown fan J.H. Brouwer en J.J. Kalma); yn 1963 Wekkers mank Sliepend Folk (nei oanlieding fan Y. Poortinga: Op 'e drompel fan de romantyk; Poortinga joech in réaksje op dy skôging yn De souder en de flier) 1964 De lekebroer en syn kronyk (oer Petrus fan Thabor), Rinse Posthumus as minskheitsapostel en Notarisklerk en Frysk profeet (oer J.B. Baarda) 1965 Griffy-chef en man fan geast (oer D. Bouma Nieuwenhuis).
Literaire skiednis joech ek D.A. Tamminga: Hwa wie de dichter M. Lasis? (1962); J.P. Wiersma Om de Rimen en Teltsjes hinne (oer de 5te printinge fan 1919) (id.); Inne de Jong: De dichter Anne Jousma (1963). Leo H. Bouma bispriek (1964) it boek: Om Gysbert Japiks hinne fan J.J. Kalma ûnder de titel Polyhistoarysk sneupen yn Gysberts ieu; Trinus Riemersma joech syn skôging fan de útjefte fan De Kaertlizzer fan H.G. van der Veen
| |
| |
de titel mei fan Masterwurk mei fortrage ûntstekking (1965). Yn 1967 skôge Nauta de skriftuer Préokkupaesje of frije kréativiteit fan Y. Poortinga, en Douwe Tamminga de bondel Wylde hierren en oar proaza fan P.J. Troelstra.
Trinus Riemersma forlike yn it spesiale nûmer, dat yn 1966 by gelegenheit fan de 60ste jierdei fan Theun de Vries útjown waerd de bihanneling fan it Hengist en Horsa-thema by De Vries en Simke Kloosterman. Nou't de wurden speciael nûmer dochs fallen binne: yn 1963 kaem it Katalonië-nûmer út, yn 1964 in Shakespeare-nûmer, yn 1966 in nûmer wijd oan de lichte muze en ein 1967 noch in nûmer, forsoarge troch de jongste generaesje fan Fryske skriuwers, ûnder redaksje fan Meindert Bylsma, Leo Popma en Oene Spoelstra, dat troch de yllustrative kant opfoel.
Net-fryske literatuer kaem noch oan bar yn de skôging dy't Lolle Nauta yn 1962 joech fan it wurk fan Herman van den Bergh (Schip achter het boegbeeld) oer Slauerhoff, yn it In memoriam Gerrit Achterberg itselde jiers fan Inne de Jong en it bisprek dat F.J. Bergstra oan de dissertaesje De mens als vreemdeling fan L.W. Nauta wijde.
Ek yn 1962, skreau Yge Foppema oer Brecht, in stien fan oanstjit; Tiny Mulder oer Hûndert jier mei Alice yn wûnderlân en L.H. Bouma oer It Norske teatret foar syn gouden feest. Yn 1963 skreau Sjoerd Leiker oer Isaak Babel, in earlik skriuwer, prof. dr. J.H. Brouwer oer Hoel en Hamsum en oer Dörrenmatt en, hwat foarsichtich, oer Rolf Hochhuth (Der Stellvertreter). Yn 1965 bitocht Hindrik Pietersma ûnder de titel Tiid en ivichheit de forstoarne T.S. Eliot en skreau prof. Brouwer oer Ibsen en ús tiid. Yn 1966 bitocht Sjoerd Leiker J.C. Bloem. It oersetten yn it Frysk kaem oan 'e oarder yn it bisprek dat Tamminga joech fan de wichtige dissertaesje fan Klaes Dykstra oer dat ûnderwerp en yn it Shakespeare-nûmer. De oersetting fan de Symphonie Pastorale fan Gide troch H.K. Schippers waerd skôge troch M.J. de Haan, H.Tj. Piebenga joech in oersetting fan John dos Passos Trije prologen en in epilooch; D.A. Tamminga sette de ferse-syklus Minsken, Oarlochshea fan Dr. Giacomo Prampolini oer en Teije Brattinga Foar de Wet fan Franz Kafka, allegearre yn 1964.
In wolkomme oersetting, yn 1964, wie Jiskepûster en de Dea fan Ann Mari Falk. J.H. Brouwer en A.I. Brouwer-Prakke setten dizze detectiveroman út it Sweedsk oer. Hja diene dêrmei goed wurk, net inkeld op it stik fan oerset-technyk (de fortaling waerd 1965 gunstich skôge troch G.A. Piebenga), mar ek om't it in detektive-roman gau en ‘Jiskepûster’
| |
| |
dêrfan in bisûnder fortsjinstlik spesimen is. De Fryske literatuer hie oant dy tiid net folle oars as It geheim fan de Greate Wielen, fan Sjoerd van der Schaaf, út 1941 en It geheim fan Osinga-State fan Piter Terpstra út 1946 (útsein inkelde forhalen fan Burgy en Bijker). In hwat forwaerloazge genre makket dat men al gau bliid is, as der ris in fortsjintwurdiger fan forskynt en sa wiene wy yn 1967 ek wiis mei Trinus Riemersma syn De moardner komt werom. Net allinne omdat de lêzer rjocht hat op mear as inkeldris in boekje, mar ek as teken dat yn it detektive-genre wier hichtepunten birikber binne, is it goed dat der oersettingen binne lykas Jiskepûster en de dea.
De byldzjende kunst kaem yn De Tsjerne wer net folle oan bod. Jo Smit skreau yn 1962 Cor Reisma ta bitinking, Hugo Kingmans oer De wrâld fan Boele Bregman (1965), Sjoerd Leiker Selsynkear, skaeimerk fan it tekenwurk fan Mare van der Woude (1966); R. van der Velde hie foar it lichte nûmer fan itselde jier in Petear mei Cork en D.A. Tamminga bispriek (1967) it boek fan J.P. Wiersma oer Pier Pander. Noch skrielder kaem de muzyk der foarwei. J.L. de Jong joech (1962) Stille winken foar muzykkrityk; Bernard Smilde skreau in jier letter Trijekear Bach en trije kear in Magnificat. It nuvere is noch net iens dat der yn 'e rin fan 'e tiid mar sa'n bytsje oer muzyk skreaun is yn De Tsjerne, mar dat der noch nea net oer moderne ûntjowingen yn de muzyk skreaun is en dat wylst suver rounom nije forskynsels yn de kunst har meastal it earst opponearje yn de muzyk, dy't fan datoangeande yn mannich opsicht foarop giet. Op allerhande skoallen yn Nederlân wurdt de jeugd ynljochte oer muzyk, ek oer nije muzyk, troch learboeken fan Henk Broekstra út Ljouwert. Hwerom hat de redaksje sa'n man nea ris oanpuond om sinfol oer muzyk to skriuwen, sadat it der op dit mêd net sa alderbinaudst byleit as nou it gefal is?
It toaniel krige better syn gerak, ek al mei't der - û.o. foar opfieringen op 'e Sweach - gâns knappe oersettingen fan stikken kamen. Ek de film kaem geregeld oan de oarder en dêrby komme noch twa ôfsûnderlike greate forhalen: Sjoerd Leiker yn 1963 oer De Overval en Inne de Jong yn 1967 oer Ingmar Bergman en syn oeuvre. Bûten de biwende swett0en lei ek in stik oer Regionale televisy troch F.C.M. Wijffels (1962), in artikel oer It Fryske museum en de aktualiteiten troch Hugo Kingmans (1963), in bydrage fan Inne de Jong oer Súd-Afrika (1964), in forfolchstik fan prof. dr. J.H. Brouwer oer Nijnoarsk en Frysk en bydragen fan Sjoerd Leiker ënder de titel Gjin ënderdak, dêr't er moetingen mei fijânnen en
| |
| |
freonen en autobiografyske omtinkens yn joech (1966).
Yn bigjinsel hat De Tsjerne njonken dat as literair blêd ek syn paed as algemien kultureel tydskrift skjinmakke. Wichtich dêrby is ek hieltiten hwat him yn de lytse letterkes efteryn ôfspile. Dêr ek die út bliken dat De Tsjerne it net socht yn selsfoldienens en ôfwar tsjin iepenheit. Ek út de kritiken is dat nammers to fornimmen: dy komme fan ûnderskate kanten en de kritearia evoluearje yn it algemien yn de rin fan 'e tiid mei. By it bigjin fan de tweintichste jiergong bitanken de redakteuren Fedde Schurer en E.B. Folkertsma, dy't fan resp. 1946 en 1949 ôf yn de redaksje sitten hiene, en rommen it plak yn foar jongere skriuwers: Lolle Nauta en Trinus Riemersma.
Dy forjonging wie sa njonkenlytsen ek needsaeklik, om't it swiertepunt nou ienris op oare generaesjes yn 'e literatuer kommen wie to lizzen. Yn 1964 wiisde D.A. Tamminga yn H. Algra en de taboegrinzen op de biweechlikens fan dy grinzen en spriek him prinsipieel út tsjin sensuer fan oerheitswegen, ek yn 'e foarm fan ynhâlden fan subsydzjes. Psychologysk bisocht Jo Smit binei to kommen hwat der yn ús dagen bart en hwer't it forset fan Algra weikomt yn in artikel As Gods seine der mar op rêst (1965). Op 15 jannewaris 1966 waerd in literaire middei fan De Tsjerne hâlden, dêr't F.J. Bergstra spriek oer De Gouden brulloft, in treflike lêzing dy't aldergeloks ôfprinte is yn De Tsjerne. Bihalven nijsgjirrige dingen oer de forhâlding tusken Fryske biweging en Fryske literatuer sei er ek weardefolle dingen oer de seksuéle préokkupaesje yn de literatuer. De rêstich oardieljende psychiater wurdt hjir net kjel: ‘De jongerein sil yn greate halen wol deselde wierheden ûntdekke as de âlderein, allinnich op har eigen manier en dat is dan ek altyd wer it nei foaren heljen fan in nij aspekt. Lokkich is de âlderein dy't dat aspekt ûnderkenne en weardearje kin.’ Bergstra wiisde der op dat it kunstbigryp wier net inkeld ‘it moaije’ as subjekt hat. Alle kunst boppedat hat in stik inerlike logika. ‘Wol fier fan der skande fan to sprekken dat nou ek al yn de Fryske literatuer dy fize seksuéle moade foar master bigjint op to slaen, moat men der bliid om wêze dat ek ús literatuer sa ryp wurdt dat hja har sa needsaeklike hygiényske funksje wier makket.’
Op al dit soarte konstatearringen kaem protest noch forset. Wol wie der yn somlike kringen forset tsjin romans as De Smearlappen fan Anne Wadman en Fabryk en oare romans fan Trinus Riemersma. It trof fan datoangeande bisûnder goed dat foar de Gysbert Japicxpriis 1967 troch de advyskommisje Trinus Riemersma mei syn boek Fabryk foardroegen
| |
| |
waerd. De mearderheit fan Deputearren folge dat advys (fan in mearderheit út de kommisje), nettsjinsteande it ach-en-wé-gerop fan H. Algra yn it Friesch Dagblad en Tsjebbe de Jong yn de Bolswarder Courant. Yn de Steaten waerd der oer neipraten, mar it gappe allegearre wider as dat it biet. Men krige de yndruk dat it allegearre mear foar de efterban bidoeld wie, as dat it de forûntrêste Steateleden persoanlik sa heech siet, dat hja der net fan sliepe koene. In hwat komike healslachtichheit fan de F.N.P.-fortsjintwurdiger, dy't foar de bikroaning wie, sil wol yn itselde flak sjoen wurde moatte.
Opfallend wie ek dat noch yn de Steaten, noch yn de har forsettende kranten it literaire oardiel fan de advyskommisje yn 'e kiif set waerd, mar dat soks inkeld barde fan de kant fan Steven de Jong, dy't him dêrby sûnder argumintaesje birôp op in ôfwikend oardiel fan Bauke de Jong, eartiids yn Asyl forskynd.
Nou achtsje ik Bauke de Jong as kritikus wier net lyts, mar it giet net oan om him - of hwa oars ek - as de profeet to sjen, út hwaens mûle inkeld wysheit floeit.
Ik wol hjir graech útsprekke dat ik bliid bin mei de bikroaning fan Fabryk om't ik it in bêst boek achtsje, mar dat ik ek wiis bin mei it forrin fan de gong fan saken. Ut de bikroaning is gjin bliuwend skeel fuortkommen, der hat gjin skieding fan de geasten pleats foun, de gearwurking binnen in (lytse, wis) literatuer tusken fûgels fan allerhande (ek konfessionele) plumaezje is net ûnmooglik wurden.
Dat is de winst fan de twa-en-tweintich jier Fryske literatuer, dêr't wy hjirre oer gear binne.
Wol ta skied en skeel hat spitigernôch de foarnommen fusy tusken de tydskriften quatrebras en Asyl (beide yn likwidaesje) en De Tsjerne laet. Nou bin ik net in bêste skiedskriuwer, hwant ik wit ek net mear as hwat my út 'e krante oanwaeid is. As ik it goed bigryp wiene de redaksjes it iens wurden. Der soe in nije redaksje komme foar De Tsjerne, dêr't inkelde fan de sittende redakteuren fan ôfgean soene, dêr't dan lju út it eardere quatrebras- en Asyl-formidden foar yn it plak komme soene. Ien fan dy nije redakteuren soe Bauke de Jong wêze. Dêrtsjin ûntstie protest by in mannich lêzers en de útjower (Je Maintiendrai Friesland) kaem de plannen foar en sei dat it net trochgie. In Tsjerne sûnder Bauke de Jong moast it wurde en doe bitanken ek Lolle Nauta (al lid fan De Tsjerne-redaksje) en Steven de Jong (nij, út namme fan quatrebras). Fan gefolgen bistie de redaksje fan De Tsjerne sûnt 1-1-'67 út Durk van der
| |
| |
Ploeg, Trinus Riemersma en D.A. Tamminga.
It is o sa spitich, dat yn in literatuer dêr't eltse man telt bikwame lju as Bauke de ut Jong en Lolle Nauta (faeks ek Steven de Jong, mar dy hat my de gelegenheit noch net bean syn bitûftheit op to merken, oars as yn in net ûnaerdich oersjoch oer de nije poëzij) oan 'e kant komme to stean en dat troch in aksje dy't allesbihalven elegant wie. Nou hie Bauke de Jong ek net elegant west yn de krityk op E.B. Folkertsma en yn it bisprek fan Aarden Vaten, de bitinkingsbondel fan krantestikken fan Jan Piebenga, nei dy syn dea útjown. Mei de saeklike ynhâld fan beide kin ik it wol lyk fine, mar foar hwa't de literatuer noch hwat mear is as losse, op harsels steande uteringen - en dat suggerearret it sit nimme wolle as redakteur fan in literair tydskrift dochs wol - moat ek in biskate strategy, in fielen hoe't jins wurden oankomme net alhiel sinleas wêze. In redakteur fan in tydskrift dat út soarte in gearbinend forskynsel is, is nou ienris gjin franc-tireur, al sil er op 'e tiid ek fjochtsje kinne. Foaral ek is it him om meistriders bigoun, wol er hieltyd wer alle talint in kâns jaen, binammen nij talint, hwant it is him mear om de biweging fan it hiele leger to dwaen, as om dy fan de inkeling, al sil er de ynspirative krêft fan de ôfsûnderlike figueren net to lyts achtsje.
Douwe Tamminga hat trijentweintich jier Tsjerne-redakteur west en syn ôfgean as sadanich markearret ek de ein fan dit opstel oer de Fryske literatuer nei de twade wrâldoarloch. Al dy tiid hat er yn mannich opsicht it gewisse fan De Tsjerne west en al dy jierren is De Tsjerne, mei bisûndere nûmers en al mei izeren regelmaet útkommen. Graech wol ik dit oersjoch sjen as in hommage oan Douwe Tamminga, foar de wize hwerop hy syn plak skjinmakke hat net allinne, mar in plak skjinmakke hat foar de Fryske literatuer. Foar it oansjen dêrfan, ek nei bûtenút, hat hy greate fortsjinsten hawn.
In oar man, dy't bihalven kréatyf, as skriuwer, ek as organisator en ynspirator greate wearde hawn hat nei de oarloch is Ype Poortinga. Syn literair-histoaryske bilangstelling liedt net ôf fan de kunst fan hjoed-de-dei, mar krekt der op ta, lyk as syn stúdzje Préokkupaesje of frije kréativiteit biwiist. Boppedat hied er hieltyd in iepen each foar de materiéle omstannichheden dêr't de Fryske literatuer har yn rêdde moat. De stúdzjegearkomsten yn Koartehimmen, sûnt in jier twa-trije binne syn ynitiatyf en foar in great part syn wurk; hy joech de stjit ta de rige Fryske paperbacks, bigoun yn 1966, hy is sûnder op to fallen rounom oanwêzich dêr't it flamke fan in praktyske oanpak fan skriuwersswierich- | |
| |
heden oanbliesd wurde kin.
It soe in kâld kunstke wêze gâns mear nammen to neamen fan figueren dy't elk op eigen wize, bûten it kréative om, foar de literatuer fan bitsjutting west hawwe, mar ik haw my yn dit opstel hieltyd biheind by it oantsjutten fan klimaet-biskiedende faktoaren en persoanen.
Lit my út de lêste jierren inkeld noch oanhelje - negatyf - dat ein oktober 1966 Frysk en Frij, it iennichste Fryske wykblêd, ophâldde to bistean, yn itselde jier dus dat - posityf - Gysbert Japicx op spektakulaire wize bitocht waerd, mei û.o. in tal boekútjeften, dêr't de kommintaer fan prof. dr. Brouwer grif de dreechste fan wie en it Skriuwersprinteboek oer Gysbert de opfallendste.
Fierder mei noch neamd wurde dat yn 1967 de iepening fan de Fryske boekewike, de 25ste, yn Drachten wie, yn De Lawei, dêr't it boekefeest mei waerd ta it feest fan de konsumint.
Yn Boalsert wie inkeld plak foar de skriuwers en in groep persoanen dy't de lêzers sa to sizzen fortsjintwurdigen. Yn De Lawei koene de lêzers liiflik oanwêzich wêze en hoegde dat net yn de foarm fan in middeler. Soks yn oerienstimming mei de situaesje op it literaire mêd, nou't der in publyk groeit dat rjochtstreeks nei de Fryske boeken taest, sûnder dat de Biweging der as middeler oan to pas kommen is. In situaesje dy't yndied fan de lêste jierren is, mar dy't taret is yn 1945 al en dêr't mei sykjen en taesten literair op oan libbe is.
|
|