| |
| |
| |
Poëzij yn ûnstjûr
Nou't ik ienkear in perioade fan njoggen jier ôfsplist haw fan de trije-entweintich, leit it foar de hâan dat ik bisykje de restearjende fjirtsjin jier nochris yn twaën to parten. Mei hwat kunst (mar dêr giet it hjir ek om) en gewjokkel slagget dat ek. Ik leau net dat it al to mâl is de jierren fan 1954 oant en mei 1961, as in tiidrek dat ûnder bipaelde aspekten bisjoen hwat eigens hat, útkomme to litten.
Quatrebras kaem yn 1954 en bistie noch yn 1961, mar ûnderwyls hat de tradisionele poëzij, ek yn De Tsjerne, it plak romje moatten foar in dichtkunst dy't him frijmakke hat fan in tal eleminten dy't essintieel wiene foar it eardere fers. Yn 1960/1 waerd yn De Tsjerne polemissearre oer de nije dichtkunst; hoefier dy fornijing gean moast en gien wie, sûnder dat it goed rjocht fan dy poëzij sels yn 'e kiif set waerd en sûnder dat der ien hân útstutsen waerd foar de eardere, konvinsionele poëzij. Oarsom, oan de nije poëzij waerd forwiten dat hja sels al wer konvinsionele trekkens hie. Yn 1961 forskynde op fjouwer winen; yn 1961 bigoun Anne Wadman syn De Teannewâdder.
Yn 1954 is Wadman gjin lid mear fan De Tsjerne-redaksje en, hwat slimmer is, draecht dêr gjin krityk en essay mear yn by. Wol hat er de earste forskynsels fan in nijere ferskunst noch mei bigelaet. Doe't yn novimber 1952 it opskuorjaende, earste ekspressionistysk-nije fers hurrel fan Jan Wybenga yn De Tsjerne forskynd wie, réagearre Wadman al ridlik gau (1953) mei in trochtinking fan de kwestje, ûnder de titel Poëzy om de poëzy. De earste fraech is,’ sei er, ‘dy fan de prinsipiële rjochtfeardichheit fan dizze poèzij. It probleem fan de poëzij is, op dit stuit, it probleem fan de foarm. Men kin sels sa fier hinne gean en siz: de poëzij dat is de foarm.’
Fierders konstatearre er mei rjocht: ‘De eigentlike ynhâld fan in gedicht is dan ek... syn foarm.’
Mei't it gedicht in relaesje to skeppen hat fan dichter nei lêzer, net yn it flak fan de meidieling en de konversaesje, mar direkt, troch de wei fan de tael, komme klachten oer to min forsteanberheit by moderne dichters gauris foar, omdat de lêzer it to folle siket yn in indirekt en yntellektueel kontakt en dus dochs mei in foarm fan konversaesje mient to krijen to hawwen. Wadman warskôge der tsjin ûnder it wurd ekspe- | |
| |
riminteel to folle biflappe to wollen en wiisde op de tige reéle en konkrete ynhâld. Hy forklearre to leauwen ‘dat de eksperimintele poëzy yn prinsipe in suvere saek is, ntl. it bisykjen de poëzy to ûntdwaen fan har ûnsuvere bymingsels, fan har ynhâldkompleks, en de tael in poeticis to ûntslaen fan har al to swiere bilêsting oan bitsjuttings- en bigrypswearde. It wurd, ek it poëtyske wurd, is biladen mei in ieuwenlange bitsjuttingstradysje. Dy't him fan dy tradysje net losmeitsje kin en it wurd, de tael wer skjin en nij en krekt-berne sjen, is net yn 'e widze lein foar it bigripen fan en oardieljen oer eksperimintele poëzy. Dit is de wearde fan dy poëzy, dat hja de a-poëtyske bymingsels skiede en skiftsje wol fan it absolute en suvere wêzen fan de poëzy, dat hja yndied neat wêze wol as poëzy, dat hja de tael en har pre-logyske wetten jilde en sprekke litte wol. Dat bitsjut des-yntegraesje. De tael wurdt yn har faktoaren ûntboun, om yn wiskundige terminology to sprekken. Wel, as dy des-yntegraesje in middel is om de tael en yn dy tael de wrâld fannijs to bilibjen, hwerom dan net?’
De oanstriid is great om noch folle mear út dit essay to sitearjen, hwant it is in bisûnder treflik stik. Anne Wadman wiisde ek op de gefaren dy't der wanke en op de swierrichheit ‘om histoaryske needsaek en moade út inoar to hâlden,’ hokker útspraek ek wer relativearre waerd. Earder yn it essay hie Wadman sein dat it goed wie it bigryp eksperiminteel to sjen yn syn prinsipe en syn yntinsjes. Nou, dat hat er yn Poëzy om de poëzy treflik dien.
Mar by liet op de krekt referearre útspraek folgje: ‘De graduaesjes en variaesjes binnen it bigryp foarmje punt twa en de praktyske resultaten punt trije.’ Dêrby kin ik inkeld forsuchtsje dat wy (gjin pluralis majestatis) him by de bigelieding dêrfan pynlik mist hawwe.
Yn 1953 kaem in ploechje jongeren dy't har de Mieren neamden mei in tydskriftke De Golle, ûnder redaksje fan H.J. Brouwer. Der kamen trije nûmers fan út en doe waerd it opfolge fan quatrebras. It earste nûmer fan quatrebras, yn offsetprintinge fan de Studentendrukkerij poortpers n.v. te Amsterdam, wie tagelyk it lêste nûmer fan De Golle, dat in syklostilearre útjefte wie fan Auxilium, Boalsert. De redaksje fan it nije blêd bistie út Marten Brouwer, Sybe Sybesma en Lambert Mulder. Hja kundigen oan: ‘Wy sille neist litteraire ek oare bydragen opnimme, bygelyks op it gebiet fan byldzjende kunst en muzyk.’ Mei in program woene hja net komme. ‘De rjochting fan it tydskrift sil yn al dizze dingen foar himsels sprekke moatte.’
| |
| |
Lykwols kaem de redaksje nei oanlieding fan de aktualiteit mei neijere forklearringen. De Tsjerne hie net meidien oan de mienskiplike útjefte Nationale Snipperdag fan Nederlânske literaire en kulturele tydskriften, hokker ûnthâlding Schurer yn De Tsjerne forklearre hie. De redaksje fan quatrebras foun hjiryn gelegenheit him ôf to setten tsjin De Tsjerne. Spitigernôch spriek út it stik earder rankune as klear tinken oer de literaire situaesje en bleau it by hwat dizenige konstatearringen. Dat kaem fansels ek mei't it punt fan oanfal forkeard wie. De bining forbrutsen fan De Tsjerne yn 1946 wie in treflike start en de frage yn 1954 wie dy fan de konsekwinsje fan it op har sels oanwiisd wêzen fan de literatuer, de problematyk fan it eigen wêzen, dy fan foarm en ynhâld. Mei ek it fortrekpunt fan De Tsjerne der yn to biheljen kaem quatrebras ta de âldfrinzich-slûchslimme útspraek: ‘Wy jongeren witte, dat foar ûs it Frysk-nationale engagement net forbrutsen is, mar opnommen yn in wider algemien-minsklik engagement.’
Oan 'e ein kaem de redaksje ta in forklearring, dy't foar in part algemiene wierheden bifette, foar in oar part de saken yn 'e dize liet: ‘Kunstnerskip en kompromis slute elkoar út. De kunstner ynhalearret alle forskynsels, bioardielet har net, mar set har yn it ljocht fan syn eigen mooglike frijheit, dêr't er yn elke kréaesje wer nei rikt. Hy rikt dêrnei yn 'e uterste iepenens fan it bern. En dat krekt makket dat er ,hic en nunc' oeral op 'e wrâld, en ûnder oare ek yn Fryslân, elk momint op 'e fjouwersprong stiet, foar de smeet op it bistean as minske, en dat kin allinnich wêze: de minske as frijheit. It giet om de fakkel fan it kunstnerskip yn elts minske, yn lêsten; en dêrom dizze namme foar dizze situaesje: Quatrebras.’
Krityk en essayistyske bigelieding hawwe hieltyd it tokoart fan quatrebras útmakke. Oant 1961 ta, skreau Úlkjze Boersma in kear oer Le diable et le bon Dieu fan Sartre (1954), Sybe Sybesma oer Wolfgang Borchert (1954), Gerben Abma oer de publikaesje Christen zijn in de moderne samenleving (1955), Winfried Brouwer oer Forwurpen Chiliasme (1956), Roel Falkena oer It Frysk toanielselskip, Lambert Mulder oer Kristlik leauwe en atoombiwapening, Steven de Jong Yn 'e sel fan goed en kwea (1960) en boppedat wie der de Lapekoer, dêr't G. Schroor syn ljocht yn skine liet oer kulturele oangelegenheden fan allerhand aerd en plak. In bisprek weardich achte waerden Jan Piebenga syn twade printinge fan de Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse (troch Lambert Mulder, ûnder de titel In nije museumgids); Durk van der Ploeg Lok op
| |
| |
Eachlingte (troch Jelle de Jong); A.A. van der Werf Yn 'e berm lâns en Op 'en paed (id.); Anne Wadman Yn 'e lytse loege en Jo Smit Bisten en boargers (id.).
Mei essayistyske bihanneling fan de aktuéle eigen literatuer hâldde Marten Brouwer him dwaende yn trije opstellen, opklimmend yn bitsjutting. It earste, De greate forpressing, wie frijhwat mistich, mar Earste pleitrede (1955) oer it brûken fan haedletters en lêstekens wie in goed bisykjen ta theoretyske fordjipping, wylst Sjochfersen en harkfersen (1957) in treflike bydrage wie ta ynsjoch yn it fenomeen fan de nije dichtkunst. Jelle de Jong utere him essayistysk mei Experimentalia (1958) en Sybe Sybesma skreau In mooglike slack yn 'e loft oer dichtkunst (1959). Hy kaem ta de irenyske konklúzje: ‘faeks dat De Tsjerne mear each hat foar it strikt poëtyske gehalte, Quatrebras mear foar it nije en revolusjonaire.’ Dêrmei sloech er, leau 'k, de spiker moai op 'e kop, mar alles is dêr net mei sein. Quatrebras hat foaral troch syn forskining, syn kombinaesje mei fisuéle eleminten, syn eksperiminten yn uterlike foarmjowing in nij en forfrissend elemint west, quatrebras hat kâns sjoen inkelde dichters en proazaskriuwers oan to lûken dy't it nije mear representearren as de poëten yn De Tsjerne, quatrebras hat sjen litten dat de nije dichtkunst foaral in saek is fan de jeugd.
De Tsjerne kaem yn de jierren 1954-1962 wer mei in tal bisûndere nûmers út: Nei tsien jier bifrijing (1955), Noarwegen-nûmer (1956), Lichte muze-nûmer (1957), Tamminga-nûmer (1959) en Israël-nûmer (1961). Bihalven yn dizze spesiale nûmers kaem bûtenlânske literatuer oan 'e oarder yn Dostojewski as skriuwer en nasionalist fan Lolle Nauta (1954) en yn itselde jier yn in stik fan deselde oer Ernst Wiechert; Thomas Mann, de boarger en de kunstner fan Jhr. J.W.J. Witsen Elias (1955); By Halldor Laxness op bisiik fan Jan Piebenga (1955); Oer negro spirituals en gospelsongs fan S.J. van der Molen; in stik fan Y. Poortinga oer Heine (1956); Jeanne d'Arc yn tsjerke en litteratuer fan Inne de Jong (1956); Saartje Speckx en de Lusiaden fan G.N. Visser (1956); De posysje fan de dichter yn Wales fan Y. Poortinga (1957); in essay oer it toanielwurk fan T.S. Eliot troch Hindrik Pietersma; De Ierske skriuwer yn wrâldforbân fan Risteard O Glaisne (1958); Hermann Allmers, de Friezen en it Friezenliet fan H.T.J. Miedema; Shylock, de Joad fan Inne de Jong (1960); Panorama fan de hjoeddeiske Katalaenske literatuer fan Joaquim Molas (1960); Ernst Jünger yn hear en fear fan Jan Piebenga (1961) en Dylan Thomas fan D.A. Tamminga (1961). Boppedat kaem bûtenlânske
| |
| |
literatuer gauris oan 'e oarder yn kritiken en kritykjes op oersettingen dy't yn dit tiidrek forskynden.
De Hollânske literatuer moast it dwaen mei Obe Postma syn De foarkar foar Slauerhoff (1955) en jitris in stik oer Slauerhoff yn 1956 fan Y. Poortinga, in stik oer Guillaume van der Graft fan U.J. Boersma (1955), in bisprek troch D.A. Tamminga fan Hendrik de Vries syn Groninger Symphonie en troch Lolle Nauta fan Sjoerd Leiker Smalle bruggen naar de vrijheid (1958).
Toaniel en film kamen wer geregeld oan de oarder, byldzjende kunst en muzyk inkeldris. Sa skreau ir. J.J.M. Vegter oer It Fryske oarlochs-monumint (1955); H. Martin oer De Fryske byldhouwer Tsjipke Visser (1955); J.J. Spahr van der Hoek oer Pier Pander (1958) en Boy Wander oer De ‘Fryske’ skilder Gerrit Benner (1958), wylst it muzikale op it aljemint kaem yn J.L. de Jong Lsn. Alde ynstruminten by âlde muzykwurken (1955); Gysbert Japicx en syn lieten (1957) en Muzyk as lichte muze (1958), mei Anne Wadman oer Gustav Mahler en Des Knaben Wunderhorn (1960).
Under polityk en kultuer soene gear to bringen wêze: Fokke Sierksma, Grinslânsk en Frysk regionalisme (1954); Fedde Schurer Twa hânwizers (1955); Anne Wadman Fjildforkenning yn Drees-lân; E.B. Folkertsma Argewaesje fan it Wurd (1957); Jo Smit leu fan it bern, bernske ieu (1959); Dr. G. Dykstra De minske in ‘animal symbolicum’? (1960). Oer de krante yn Fryslân skreauwen E.B. Folkertsma en, him oanfoljend, Fedde Schurer yn 1955; oer de Fryske boekforsoarging ljochte Durk van der Ploeg de lêzers yn 1961 treflik yn.
Dêrmei bin ik oanlânne by de Fryske literatuer sels. Yn 1958 stoar Jan Jelles Hof, dy't literair ta in wol gâns earder tiidrek heart, mar dy't oan 'e ein ta warber bleau op taelkundich mêd. Dy't ek yn 1951 ûnder de titel Fan eigen tiid en folk in sammelbondel útjoech, dêr't er útsein syn Hiawatha-oersetting alle fersen yn gearbrocht dy't er ‘om 'e iene of de oare reden (soms is dat siker de litteraire wearde net,) biwarre habbe wol.’
D.A. Tamminga tekene yn In net útsprutsen grêfrede de spoaren dy't Hof op literair en taelkundich mêd neilitten hat yn Fryslân, in opstel dat foar de literaire skiednis fan greate bitsjutting is. Hwat letter bisocht Jo Smit yn In great njoggentjinde-ieuwer it negative momint yn it wurk fan Hof werom to bringen op in tokoart yn de geast fan de tiid earder, as yn de persoanlikheit fan Hof.
De literaire histoarje kaem ek op oare wize op it aljemint.
| |
| |
Fedde Schurer skreau oer Douwe Kalma's Keningen (1954); H.T.J. Miedema skôge it proefskrift fan Wadman oer Hjerre Gerrits van der Veen (1955); Ype Poortinga forlike fjouwer biwurkingen fan 'e âldfryske sêge fan de trettjin asega's (1955), joech syn bitinken oer Oera-Linda-kunde (1956), skreau oer De anonimus fan ‘It Jonge Fryslân’ (id.); ek oer Aldfaerserf by Simke Kloosterman (id.), oer S.J. Hoekstra as birimer fan in natûrpsalm (id.), oer Klaus Groth en syn Fryske oersetters (1957), oer de lichte muze yn de 19e ieu (id.) en oer ûnbikende fersen fan Pyt van der Burg (id.).
Freark Dam helle de figuer fan Albert Jan ten Brink nei foaren (1958); J.J. Kalma hannele oer De útjeften van De Lapekoer fan Gabe Skroar (1958) en sawol J.H. Brouwer as J.P. Wiersma wiene op e tekst oer de sawnde printinge fan de Rimen en Teltsjes (1959); de lêste seach ek kâns de identiteit fan Piter Jelles Wûnderblom op it spoar to kommen (1960); Obe Postma forlike de Rimen en Teltsjes en de Camera Obscura (1960) en Fedde Schurer skreau oer Rinke Tolman (1961).
Wichtich wie yn 1957 it útkommen fan de twade, útwreide printinge fan Jan Piebenga syn Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse, dêr't driuwend forlet fan wie en dêr't in ûnbidigen soad wurk oan fêst sitten hat. Der is gâns tsjin it boek ynbrocht, foar in part torjochte, mar yn elts gefal stelt it boek ús bysteat om fan de literatuer foar de twade wrâldoarloch in folslein oersjoch to krijen en oanknopingspunten to hawwen foar fierdere stúdzje.
Hwa't letter in nije skiednis skriuwe wol, sil fan dit boek - ek al soe by syn wurk folslein oars dwaen - altiten gemak hawwe. Fedde Schurer bispriek it boek yn De Tsjerne en foun der gâns yn to lekjen. Wadman koe in hiel yn mei Schurer opgean, mar hie folle mear wurdearring foar de histoaryske oanpak, nei't út syn réaksje yn De Tsjerne op it bisprek fan Schurer ûnder de titel Krityske kanttekeningen by in krityk bliken die (1957).
It skriuwen oer de eigentiidse literatuer haw ik foar it lêst biwarre. Dit barde fansels yn it foarste plak troch krityk op forskynde boeken, dy't ik hjir inkeld neame wol as der bûten de bisprutsen publikaesje om algemiene of bilangrike dingen yn sein waerden.
Sa hat it oersetten yn it Frysk gauris op it aljemint west, mei't yn dizze snuorje de publikaesje bigoun fan Kalma syn folsleine Shakespeare-oersetting. En Fryslân is de breid jubele Klaes Dykstra by it útkommen fan diel I (1956), al stie er ek alhiel net kritykleas foar it resultaet oer;
| |
| |
in monumint foar Shakespeare, foar Fryslûn en de oersetter, sei Yge Foppema fan diel II, al joech er ta dat Kalma yn syn fortalen tige ûngelyk wie, mar, ornearre er: ‘Net it ungelikense yn dizze oersetting is hwer't it op oankomt, mar dat hja, mei alle lek en brek, macht oer jin krije kin, ja, jin meifiere kin yn de wrâld en de skientme fan Shakespeare, sadat men alle lekken en brekken forjit!’
Dan kin neamd wurde Dichter en Folk dat Lolle Nauta skreau nei oanlieding fan Bern fan 'e ierde fan Fokke Sierksma. Nauta syn skôging fan Obe Postma syn yn 1957 útkommen bondel Fan wjerklank en bisinnen, dêr't er gûns net yn wurdearre, is in foech essay oer de dichter Postma (1958). Wier essayist, en fan hege rang, toande Lolle Nauta him yn It smelle front fan de yntelliginsje, in skerpsinnich essay oer Wadman as dichter, romancier, essayist en kritikus. Nauta skreau: ‘As it wier is, dat it in kunstner dan pas slagget earlik to wêzen tsjinoer himsels, as er syn foarm muoisum op himsels bimasteret, dan is ek dúdlik dat Wadman as essayist mear is as yntellektueel allinnich. Neffens syn literatuer-théory is er qua essayist minder slagge as qua romancier en dichter, hwant Wadman forberget him as essayist folle mear efter syn wurden as yn syn oar litterair wurk. Syn essays binne nammers de yndirekte uteringen fan in man, dy't syn litterair oardiel hieltyd op 'en nij hifkje moat. As romancier hat er fakentiden de psychology fan syn persoan yn it foar al klear, as dichter nimt er lang net altyd de muoite en sykje om nije wurden, wylst elke krityk foar Wadman in nij aventûr west hat en in muoisume konfrontaesje.’
Doe't G. Mulder sechstich jier waerd, hat E.B. Folkertsma him tasprutsen en dat waerd opnommen yn 1955; Hendrik de Vries skreau dat jier oer Tamminga's balladen en it wêzen fan de balladekunst en Anne Wadman skreau (1957) Skriuwe as skaekspul, soks nei oanlieding fan Piter Terpstra, Fjouwer minsken yn in stêd.
Wadman syn Fryske Fersleare waerd, fiif jier to let, bisprutsen ûnder de titel De Magy, de Magiër en de Master en ûndertekene D.A. Tamminga (1958). Yn it Tamminga-nûmer droech Prof. Dr. J.H. Brouwer in stûdzje oer Sitadel by en in healjier letter (1960) wijde F.J. Bergstra him (Douwe) in moai essay: De dichter, de tael, en de mienskip. Douwe Tamminga hie yn 1957 de Gysbert Japicxpriis, dy't fan in jierlikse in twa-jierlikse priis wurden wie, krige foar syn Balladen en Lieten dêr't yn De Tsjerne gjin speciael omtinken foar frege waerd. Yn 1959 waerd der gjin priis útrikt omdat E.B. Folkertsma him wegere, en yn 1961 stie Freark Dam
| |
| |
stil by de takenning fan de priis oan Marten Sikkema, foar syn dichtbondel Seinen.
Oer it literaire op himsels hannelen bydragen as dy fan J.A. Rispens Geheimen fan de poëzij; E.B. Folkertsma Leed en lok fan 'e Fryske skriuwer en Klaes Dykstra Lûd-patroanen yn Fryske poëzy, allegearre yn 1954. Folkertsma sei û.m.: ‘Us skriuwers hawwe to min gelegenheit om it fak goed to learen, om har idéen sette en rypje to litten ta foarm, om har oan har literatuer to jaen. Hja moatte der aloan wer by wei, dat wol sizze hieltyd út, en dei oan dei de holle by oare dingen hawwe. Sa hâlde hja in bytsje tiid ta lêzen en stúdzje en nauwerneed rêst ta bisinning, en moatte it gâns fan “forlerne” flechtige úren hawwe of it nuodlikernôch op stuiten oankomme litte - hwat Friezen krekt yn 'e regel min ôfgiet. De kweade ynfloed dêrfan is dan ek suver by eltsenien to fornimmen. Sawol fan foarm as fan ynhâld is in binearjend great diel fan 'e Fryske literatuer ûnryp, foarbarich of op 'en moaisten foarriedich wurk. It hat gjin tiid hawn om tiid to krijen, gjin rêst om stân en sté to winnen.’ Goed, ik fornim, nou ik hjirmei dwaende bin, dat ik sels it libbene foarbyld bin fan hwat Folkertsma úthâldt. Dochs bin ik it net alhiel mei him iens. De Fryske skriuwer forskilt yn dizzen net safolle fan syn Hollânske kollega's leau 'k, en dat ‘gjin rêst hawwe om stân en sté to winnen’ sit faken mear yn de algehiele kultuer fan ús dagen, as yn in spesifyk Frysk elemint. Forskynsels, moadeforskynsels soms wol, yn de literatuer folgje har rêdder op as ea west hat. Hwat ús wol dwers sit is ús tal. Dat is gauris to lyts om yn 'e mande alle mooglikheden to ûndersykjen dy't de úre opjowt, om oan inoar steun en stipe to finen foar de rjochting foarút. Gefolch fan it
lytse tal is ek, dat er tusken eigen oandriuw gauris opdracht komt, sa dat men essays skriuwt as men nocht hat oan in roman to bigjinnen, kritiken as men fersen meitsje wol, toanielstikken as it sin nei koarte forhalen stiet. Om de stoffe hoecht de Fryske skriuwer net forlegen to sitten leart de ein fan Folkertsma syn stik, dat ik graech oanhelje, al wie it inkeld mar as oanfolling op in eintsje fan syn hân nei oanlieding fan Elbrich, dat ik earder oerskreau. ‘Wy forsjogge ús op 'e uterlike ynbannichheit en evenredichheit fan safolle Frysk karakter. Ek yn Fryslân bart der tusken in man en syn neiste - faek himsels - gâns mear as wy miene, ús sels foarstelle kinne of doare. It navenant hege tal selsmoarden, meastal yn in skriklike stilte har ôfspyljend, moast ús al op it spoar sette. Mar de kwael is, wy sitte to folle yn 'e stêd, of yn 'e ôffreding fan boargerlike kantoaren, studearkeamers,
| |
| |
biroppen en amten. Lju dy't húsriem de streek opkomme: winkelmantsjes, bakkers, slachters, sosiale arbeidsters, wyksusters, meteropnimmers, dokters, hja witte der mear fan. Hja witte fan yn it biente frettende feten, fan 'e rouste forkrêftingen fan jonge boerefammen op fredige pleatsen, fan 'e greatste en stilste opofferingen, fan 'e wanhopichste en forfeelsumste striid tsjin karaktersûnden. Hja witte, dat mei alle nivellearring ek yn Fryslân fan it jier fan ús Heare 1954 de healwiiste, de bolbjirkenste, de edelste, de tragyskste, de grousumste, de dekadintste, de opteinste en de Godhearlikste dingen barre.’
Mar ik wie noch net klear mei de literair-literaire bydragen. De dichters draeije troch fornijde Hugo Kingmans (1955) mei in fersrigel fan Jan Wybenga en itselde jiers pleite Anne Wadman foar de roman boppe it forhael, dat produkt wêze kin fan rykdom, mar ek fan earmoede. ‘Ik bin bang,’ sa sei Wadman, ‘dat it yn Fryslân almeast út 'e earmoede berne wurdt.’
M.J. de Haan spriek op it Studium Generale Frisicum 1955 oer plak en bitsjutting fan de literatuer yn de hjoeddeiske kultuer, hokker lêzing ûnder de titel Ekspedysje oer de sompe opnommen waerd yn De Tsjerne, al hie dat skraech nedich west.
Yn 1957 herhelle E.B. Folkertsma yn Himsels foarbylêzend folk foar in part hwat er earder yn Leed en lok fan 'e Fryske skriuwer sein hie. In sin oan 'e ein, dy't ik oanhelje, lit lykwols sjen dat der gûns foroaring kommen wie yn it tinken oer poëzij: ‘Dy eksperimintele fersen en stikken - forsafier't hja gjin sabeareboartsjen binne - soenen dy ek ris protest wêze kinne tsjin Fryslâns bislettenheit en in earnstich bisykjen om út it isolemint fan gemoedlikheit en midsmjitte, dêr't ús literatuer sa nuodlik yn forkeart, wei to slagjen?’
Yn 1959 skreau Jo Smit in opstel Oer eksperimintele poëzij dêr't er yn neigie hwat de driuw wêze koe ta it skriuwen fan dy poëzij. Hy kaem ta de konklúzje: ‘De antropologyske kant fan de eksperimintele dichtkunst is folslein bigryplik: de dichter bifêstiget himsels yn syn wurk, bisiket op symboalyske wize - troch it neamen fan nammen dy't nei wurklikheden wize - mei de wurklikheit yn kontakt to kommen en dy magysk to biynfloedzjen.’ Ek oer de uterlike kant fan it eksperimintele dichtwurk sei er ien en oar, byg.: ‘De bylden by de eksperimintelen binne konkreet, hja bringe ús de ierde yn it sin foar it foralgemienjende wurd, hja bringe it ús yn omtinken dat de minske net inkeld geast is, mar ek lichem, en dat wichtich is... Sjoch mar ris hoe faek bylden en
| |
| |
wurden oan it liiflike ûntliend, yn dy fersen foarkomme. Fakentiden sit der net folle struktuer yn dy fersen - logysk, om't de fersstruktuer is meastentiids abstrakt bigjinsel. De eksperimintelen wolle dat it fers himsels skriuwt.’ Der waerd ek noch op wiisd dat, mei't de dichter brekke moat mei de itige foarm it gefaer ûntstiet dat immen inkeld troch foarmleas to wêzen, foar dichter trochgean kin. Hjirmei en mei de oare oanhellingen kin ik folslein meigean, mar ik leau al dat der noch hwat fordúdlike wurde kin. De eksperimintele dichtkunst is in protest (wurd, dat frjemdernôch yn it hiele stik net foarkomt) tsjin de abstrahearring lykas dy troch it wurd towei brocht wurdt en dêr't it tradisionele fers eartiids ek tsjin striden hat, mar yn hokker striid it hwat langer hwat mear (lyk as yn eltse oarloch bart) de trekkens fan de tsjinstanner oannommen hat; mei oare wurden, ek oanklaud sit mei de abstrahearring. Dat is fansels ek sa; it tradisionele fers bistiet as abstraksje al ear't it stal krijt troch de wurden fan de dichter. Al hiel dúdlik jildt dat foar in foarm as it sonnet.
Yn it lêste haedstik fan De Glanzende Kiemcel dat Het schrijven van verzen hjit, lit Vestdijk stapke foar stapke sjen hoe't er útgeande fan de rigel ‘De herfst bouwt veel kerktorens bij’ as kristallisaesjekern foar in to skriuwen gedicht ta trije, wier net sa minne sonnetten komt. It kin ek dúdlik wêze dat it gebrûk meitsjen fan in rélizzende foarm de poëtyske wurksumheit, ek as dy opfette wurdt as in protest tsjin it to abstrakte wurd, net perfoarst hoecht to bihinderjen. Préokkupaesje mei de foarm kin in stipe wêze om wurksumheden fan it ûnderwêste to stimulearjen. Mar de eksperimintele dichter hat ôfdien mei rélizzende foarmen - gjin niget as men bitinkt dat de foarm de eigentlike ynhâld is en dy krekt net tradisioneel wêze wol, wêze kin - mar wól dat it fers syn eigen foarm is. ‘Krijt’, soe ik binei, en forkeard, delskreaun hawwe, hwant mei it brûken fan dat tiidwurd krijt ‘foarm’ dochs wer in abstrakt, in eigen bistean. Gedichten binne forhipt minsklike dingen en yn har riedseligens lykje se op minsken. De kwestje fan foarm en ynhâld liket wol hwat op de forhâlding lichem en siel. Oer dy siel is wakker sprutsen en skreaun, der bistiet sels in sielkunde en al pratende oer it wurd ‘siel’ binne wy der sa njonkenlytsen fan oertsjûge rekke, dat dy siel in wurklikheit op himsels wêze soe. Mar winliken witte wy wol dat dy siel sa tige by it lichem heart dat er inkeld mar in soarte aspekt fan de minske is. Nou mei hjir it Grykske tinken en it kristendom yn meiwurke hawwe en meitsje fan it tinken oer de ‘siel’ in frijhwat dizenich spultsje, dochs
| |
| |
wit eltsenien as der fan immen sein wurdt ‘hy rint mei de siel ûnder de earm’, dat dy immen net op wei is om it ding earne yn to leverjen, of hwa wit, kurearje of registrearje to litten troch de tsjerklike autoriteiten. Né, elts wit dan dat er mei byldspraek to krijen hat. It lichem dat liket aerdich taestberder, mar wer lizze de grinzen fan it liiflike? Hwat laket? Hwat gûlt? Hwat is foreale? Hwat is biskamme? Hwat is senuweftich? It lichem of de siel? Of is it net earder sa, dat de frage forkeard steld is en dat it útinoar hâlden fan twa forskillende entiteiten net opgiet? Elk dy't deroer neitinkt sil meistimme moatte dat it lêste foar 't neist de wierheit is, of leaver de tagong ta in lyts bytsje mear wierheit.
Sa binne foarm en ynhâld fan in gedicht ek gjin ôfsûnderlike entiteiten, mar hearre hja by inoar, konditionearje hja inoar, is der gjin logyske skied. Al bliuwt it fansels mooglik om by bineijering to praten oer foarm en ynhâld, lykas men prate kin oer lichem en siel, as men jin dan mar klear biwust is, dat men dêryn gjin ôfspegeling sjen mei fan de ûnderlizzende wurklikheit, dat men dan poëzij en minske tokoart docht. De iennichste help fan de dichter binne de wurden, mar dy binne tagelyk ek de greate fijân. It giet der mei as mei skoaljonges, dy't earst meiinoar wrakselje moatte, heal út 'e gek, heal út gramitige earnst, ear't hja kameraten wêze kinne. By skoaljonges hoecht dat alfaken mar ien kear, mar de dichter moat hieltyd op 'e nij de wrakseling oangean. Dêrom ek leau ik dat yn it algemien it eksperimintele dichtsjen hwat is foar jonge minsken; âlderen wrakselje net mear liiflik, mar bisykje ta in soarte fan forstânhâlding to kommen, slûkwegen to bigean, taktysk to operearjen en hja wurde mar inkeld ris agressyf.
Ik haw hjir mei opsetsin hwat oer útweide om to wizen op in forskynsel dat him yn de rin fan it tiidrek yn kwestje hwat langer hwat mear foardocht: de dichter heart ta de jongerein. Nou hat it altiten sa west dat de lyryske dichter meast yn syn jonge jierren op syn hichtepunt wie en der is ek neat op tsjin de eksperimintele poëzij in lyrysk karakter ta to skriuwen, mar dan bliuwt der dochs fan oer dat de eksperimintele dichter in oare lier brûkt as syn foargongers plichten. Net allinne by quatrebras binne jonge minsken oan it wurk, ek yn De Tsjerne is it wurd in poeticis oan de jongeren. By quatrebras binne it Marten Brouwer, Geart van der Zwaag, Jelle de Jong en foaral Hessel Miedema, yn De Tsjerne komme Tjitte Piebenga en Durk van der Ploeg nei foaren. De winst sit dúdlik by quatrebras en by De Tsjerne binne it al hwat âldere figueren as Marten Sikkema, Reimer van Tuinen,
| |
| |
Freark Dam en Jan Wybenga, dy't de jongeren treast binne.
Oer it peil fan de Fryske poëzij makke Lolle Nauta him ûngerêst yn syn bisprek fan de bondel út 'e pas fan Jelle de Jong (1959). De eksperimintele poëzij is arrivé, konstatearre er, mar it binnen it troch de eksperimintele poëzij skepen klimaet ûntstiene wurk fan Jelle de Jong wiisde er ôf. ‘Yn in literatuer, dêr't de tradysje oermachtich hearsket mei of sûnder help fan biweging of folklore, hat de opposysje genôch oan de simpelheit fan de ûntkennende hâlding. Hja sil net op it idé komme kréatyf wêze to moatten omdat de tsjinstanners elts kréatyf bisykjen al lang oerjown hawwe.’ De bondel út 'e pas achte Nauta net to biantwurdzjen oan de avant-gardistyske pretinsjes fan quatrebras en it nuttich effekt fan de bondel seach er dêryn, dat it yn 'e takomst tsjinje koe ‘as biwiisstik, as ûnmisber dokumint foar de man, dy't him der meikoarten ta sette sil en skriuw in nekrology fan de fryske litteratuer.’
Dit mismoedige eintsje is grif hwat oerdreaun pessimistysk, mar it sil ek wol mei agogyske bidoelingen skreaun wêze. Fan deselde Nauta sitearje ik út syn bisprek fan Op fjouwer winen (1961): ‘Om it folk yn biweging to krijen en in biskate krisis yn réaliteit om to setten, moatte der wolris útspraken oer de takomst dien wurde, dy't men foaral net as foarsizzingen opfetsje mei.’ Dêr wol ik it dan mar op hâlde. Nammers, ek myn wurdearring foar de dichter fan út 'e pas is gâns greater as Nauta sines. Lyk sa forskil ik dúdlik fan miening mei Fedde Schurer dy't yn in bisprek fan Lok op eachlingte fan Durk van der Ploeg (1959) dy syn wurdgebrûk heech set boppe ‘it sabeare djipte-psychologysk gedweil mei de tael, dat jin by in figuer as Jelle de Jong sa oanfleane kin.’ Né, myn foarkar leit bipaeld net by Van der Ploeg mei hwa't ik it wol iens wêze kin as er itselde jiers Tjitte Piebenga mei de thermen fan karratsjana de sjonger by de lier neamt en as er (1960) reade runen fan Ella Wassenaer skôget ûnder de titel Erupty fan wurden.
Bisûnder ynkringend skreau Lolle Nauta oer Literatuer en engagemint (1960), in essay dat mei gâns misforstân ôfrekkenet. In stien yn de fiver bitsjutte it stik Fakirs fan de wurge slangen fan Durk van der Ploeg (1960) oer eksperimintele poëzij. Hy kaem dêryn ‘ta de konklúzje dat it poëtysk eksperimint, sa net mislearre, dan dochs ûnfoltôge is yn hwat men der, ôfgeande op de bilofte, réeel fan forwachtsje mocht en yn de foarm, hweryn hja har ynearsten iepenbiere hat, op retour rekket, en hwat langer hwat mear rjochting kriget nei de kant fan it post-eksperimintele, hweryn poëzij net yn it foarste plak eksperimint wêze wol, mar
| |
| |
omt it ûnmooglik is yn dizze tiid, hweryn in folsleine fornijing needsaeklik is, oan it eksperimint to ûntkommen. In poëzij dy't har net yn it foarste plak oriëntearret op it modern wrâldbyld, mar nammeleaze geheimen siket efter de wurklikheden fan ús bistean en in flecht nimt yn de mythe dy't dizze geheimen bihearskje soe.’ Ek quatrebras, miende er, wie de réalisearring fan in nije poëzij net slagge. ‘Hja binne net oan it gefaer ûntkommen dat hja fan in théory in prinsipe makken, hwerby de literaire need dy't hja observearren har wurden is ta in eksperimintele deugd. In deugd dy't spitigernôch net fierder rikt hat as de ynterne chaos fan yndividueel forwar.’
Van der Ploeg woe dat de Fryske poëzij, ‘dy't korrespondearje wol mei de romte fan it folsleine libben’ ta in eigen skoalle kaem, yn hokker rjochting ‘dizze tiid ek freegje mei. Mar dan tagelyk in eksperimint yn de tael. De tael skept in mooglikheit ta it eksperimint, en oarsom iepent it in mooglikheit ta de tael. Oant nou ta hat faek bliken dien dat de tael in obstakel is ynsté dat hja in mooglikheit foarmet en dêrmei dévaluearret ta ûnmacht. En tagelyk bidoel ik in poëzij dy't adaequaet is, dy't net fan bûten ôf mar fan binnen út foarm en ynhâld kriget.’
Steven de Jong reflektearre as earste op it essay fan Van der Ploeg yn Lykrede foar de cerebrale avant-garde? Neffens Van der Ploeg, sei er, is ‘de poëzij fan estetysk, romantysk en lyrysk forskynsel wurden ( ) ta in cerebrale biskriuwing fan it folsleine libben.’ ‘Dat is wier,’ joech er as kommintaer, ‘mar as de godheit Poëzij yn gefaer is, bisiket ien as Van der Ploeg troch kode en kultus it gefaer op in ôfstân to hâlden. It docht bliken dat er in tradisionalist pur sang is.’ De Jong bisleat syn bydrage mei de wurden. ‘It sil tiid wurde dat dy deade godheit “poëzij” yn Fryslân ûntmaskere wurdt. It sil in greate bifrijing bitsjutte foar gâns jonge dichters. En dêrom is to hoopjen dat quatrebras him noch jierren op in ôfstân hâlde kin fan de sentimintele romantyk fan de earnstige religy fan dy Fryske poëzij, dy't it wêzen fan it bisteande ta libben bringe wol.’
Tige ynljochtsjend wiene de Eksperimintele notysjes fan Tjitte Piebenga yn itselde nûmer. Hy joech in histoarysk oersjoch fan it eksperimintalisme yn Hollân en sette dêr it Fryske bisykjen foar oer. De ûntjowing yn it literair klimaet forrint yn Fryslân trager, hâldde er út, de tradysje is koarter, hwat minder mooglikheden jowt en ‘De eksperimintelen steane ( ) by uzes noch tofolle yn in frontstelling fan de tael, en bûtendat kinne se har noch slim thús fiele yn de nije sitewaesje, dy't ûntstie
| |
| |
doe't de spjalting tusken literatuer en Biweging stadichoan skerper en yngeander waerd.’ Wol hat quatrebras artistike winst brocht, mar it ûntbrekken fan kritysk lieding jaen wie in great manko. ‘Dizze sloppens yn it krityske en essayistyske wie net allinne foar quatrebras faei, mar ek foar de eksperiminteel skriuwende dichter. De literaire noarm rekke dêrmei yn in ûnlân, en soks forliedt licht ta maklikens dy't syn ynfloed op it fers útoefenet.’
As der al in tsjinstelling wie tusken De Tsjerne en quatrebras, dan wie dat ‘mear op oare, as op literaire grounen.’ Quatrebras, soe men sizze kinne, bioardiele mear neffens libbensskôging as neffens poëtysk gehalte, hwat winliken, sa miende Piebenga, in tobektaesten wie op tastânnen sa't dy foar 1880 yn 'e literaire krityk yn Hollân bistiene. ‘En sa koe dan de tsjinstelling tusken de beide Fryske blêdden karakterisearre wurde mei de antithese tusken metafysika en literatuer, al waerd, binammen yn quatrebras, mar ek gauris dêrbûten, dizze tsjinstelling fakentiden opfette as revolúsje kontra tradysje, hwat perfoarst net wier wie, om't beide blêdden it eksperimint romte joegen.’
Oer de bydragen yn de forskynde jiergongen fan quatrebras joech Piebenga it folgjende oardiel: ‘Fierder docht út halt alle nûmers bliken, dat de eksperimintele fersfoarm fakentiids wol brûkt waerd, de fersen wiene tominsten almeast “foarmleas”, mar dat de ynhâld faek noch oanhelle wie mei in tofolle oan tradysje, en to min dreau op assosiaesje fan klank en byld, hwernei't gâns fan it suggestive elemint fan de eksperimintele poëzij forlern gie. Dêrby waerd it eksperimint noch alris oplette as in undersiik fan it platte wurd, hwat oer it algemien lykwols op neat útroun, ôfsjoen dan fan 'e dégradaesje fan it eksperimint. Dêr komt noch by dat it eksperimint as eksperimint tofolle lei yn 'e sfear fan it al of net brûken fan ynterpunksje en haedstêven, wylst de ûnderskieding eksperiminteel-tradisioneel bytiden ek yn dy geast bilibbe waerd. Sa bisjoen moat sein wurde dat lang net alle meiwurkers oan quatrebras as eksperiminteel to boek stean meije. It measte wurk bleau dan ek in tige biskieden bisykjen om ta it eksperimint to kommen, hwerby't it logysk is, dat de posysje fan dit wurk earne leit tusken avant-gardisme en tradisionalisme, al leit it qua ynhâld tichter by it lêste. Eins hat quatrebras yn al syn jiergongen as eksperiminteel tydskrift dreaun op ien dichter.’ Dat wie dan Jelle de Jong.
Yn it january-nûmer 1961 biandere Durk van der Ploeg Steven de Jong yn in ûndúdlik stik ûnder it haed Polemyk fan bloeijende kadavers, dêr't
| |
| |
er û.o. yn ta de konklúzje kaem: ‘It eksperimint wurdt yn Fryslân yndividueel bilibbe. Der bistiet gjin biweging, gjin kollektyf literair programma dat forboun is oan ien of oar literair tydskrift. It soe lykwols yn in lyts taelgebiet as Fryslân hast ek net forantwurde wêze.’
Steven de Jong fordúdlike dêrnei jitris syn bidoelingen. Hy ornearre ‘dat in dichter yn elts fers op 'en nij berne wurde moat en mei elts nij fers nije mooglikheden skeppe kin. Elts gedicht hat syn eigen noarms, dy't net altyd objektyf to omskriuwen binne, mar dy't de lêzer kréatyf ûntdekke moat om der like kréatyf yn to leauwen.’ ‘Alle mooglike sabeare poëtyske noarms’ binne in stan-yn-'e wei, binne ‘dwerse kneppels foar de fuotten.’ Syn remeedzje wie: ‘Ik soe sizze, jonges, smyt alle kneppels op it jiskelân mei myn theoryen en fiksjes der by, as dy jim yn 'e wei steane. Wurd yn fredesnamme gjin tsienderangs amateurfilosoof dy't yn dizige essays oer de essinsje fan it bistean en de poëzij fortiisd rekket en in finzenis fan objektive noarms en konklúzjes om it dichterlik formogen hinne bout. Skriuw mar raek fersen en fan de hûndert sil der grif ien by wêze, dy't gâns better is as hûndert essays foarskriuwe kinne.’ Oan 'e ein skreau er noch to leauwen dat ‘de mooglikheden ûneindich greater binne as ús forstân omfetsje kin.
Dat wol net sizze dat de wrakseling en de tucht weifalle, mar dêr sil gjin dichter him op biroppe meije en gjin minske sil dy omskriuwe kinne of hy moat der fan dichtsje.’
Durk van der Ploeg skreau yn syn andert: De renaissance fan it avant-gardisme wer frijhwat oan de problematyk, dy't Steven de Jong oproepen hie foarby, al sei er wol inkelde saillante dingen. ‘It skriuwen fan eksperimintele literatuer is net allinne in kwestje fan taelgebrûk en ynhâld, mar it giet lykop mei taelskeppend wurk, hwerby de tael út 'e biheining dêr't hja troch in dei yn forkeart, komt ta greater ûntjowing en forbreding. Der leit foar de Fryske literatuer in romte braek, omt de bihearsking fan de tael net fier genôch rikt. Dêrtroch is it eksperimint foar in great part mislearre, opkeard, bigrinzge. En de rounte dy't it eksperimint it sterkst foarstiet, it oanhâldend propagearre hat as in nije trochbraek yn de Fryske letterkunde, hat it binammen op dit stik op it rammeljen fan de pels oankomme litten en der mar hwat hinne skreaun. It tal hollandismen soe dêrfan allinne al in dúdlik biwiis jaen kinne.’ Dat is alteast hwat fan in andert op de swierrichheit dêr't Steven de Jong mei siet: de ûnmooglikheit fan kritearia foar de eksperimintele poëzij, de ûnmooglikheit fan noarmen, fan in rélizzende estétyk, dy't ommers stri- | |
| |
dich is mei de ûtgongspunten fan dy poëzij. Tsjin Steven de Jong hied er sizze kinnen: mar as it fers ienris berne is, dan kin it hifke wurde op poëtyske kwaliteit, in lêste, faeks dizige, subjektive, mar likegoed réele noarm, dêr't ek it taelgebrúk ûnder bisjoen wurde moat. Essayistyske bigelieding fan de eksperimintele kunst bitsjut dan ek net it opsetten fan systemen foarôf, mar it yngeand analisearjen fan it wurk efterôf. Dêrby hied er dan noch konstatearje kinnen, dat dêrfan, yn it hiele Fryske literaire bidriuw net bjuster folle tolânne kommen is, faeks foaral om't wy ús o sa
únwis hele as ús it itige mjittersark ûnthelle wurdt en wy inkeld oanwiisd binne op ús earmoedige meneuvels mei de spikerhurde karstien fan it poëtysk gehalte.
Hawar, gjinien seach blykber mear heil yn dizze polemyk, dat Van der Ploeg hâldde it lêste wurd. Underwyls forskynde yn 1961 de bondel op fjouwer winen, in kar út fersen fan jonge dichters mei wurk fan Fryske grafici, gearstald fan A.R. Oostra, Tjitte Piebenga, Durk van der Ploeg en Meinte Walta. In wichtige bondel, dêr't Lolle Nauta in wichtich bisprek oan wijde. Hy bigoun de krektneamde polemyk yn it omtinken werom to roppen en ornearre: ‘Tjitte Piebenga hat nei myn idé in hâldbere diagnose jown fan de situaesje fan de Fryske poëzij en binammen fan de needsituaesje fan it bledtsje quatrebras, dat al jierren tangele sit mei de wanforhâlding fan poëzij en program. En in Durk van der Ploeg, mei al syn leafde foar tsjustere útspraken, ûntbrekt it net oan idéen oangeande de takomst fan in poëzij foar it Fryske folk.’ Dêrnei konstatearre er: ‘De jongste generaesje hat it poëtysk foar it sizzen yn Fryslân’ en bitreurde it dat ek wer yn de neamde polemyk de klam op it algemiene kaem to lizzen ynpleats fan op it subjektive, op bigjinsels ynsté fan op it wurk fan yndividuele dichters. Dat er hjirmei dochs wol deun by Steven de Jong kaem to stean, like Nauta net to sjen, wierskynliken mei't er seach hwer't de oast siet: ‘De jonge Fryske dichters moatte biwize dat hja der binne, ek al wiene hja der al lang en is der suver nimmen oars as sij.’
De bondel neamde Nauta in manifest, mei rjocht en reden, om't it de earste blomlêzing wie ‘fan moderne, d.i. “zeitgemässige“ poëzij yn Fryslân. Oft men dy poëzij as eksperiminteel bititelje wol is foar in part in suver praktyske kwestje, dy't lykwols gearhinget mei de prinsipiéle fraech nei de forhâlding fan tradysje en eksperimint, in haedstik dat noch altyd ûntbrekt yn de boeken fan de théoretisi fan de eksperimintelen.’ Yn elts gefal wie dúdlik dat it wurk út 'e bondel nij wie en dat der gjin
| |
| |
kontinuïteit is tusken it wurk fan de tsien dichters dêrfan en dat fan har âldere Fryske kollega's. Mei Tjitte Piebenga miende Lolle Nauta dat it nasionael elemint it eksperimint yn Fryslân yn 'e wei sit. ‘It is net tafallich,’ sei er, ‘dat yn it eksperimintele tydskrift quatrebras somtiden ek fan dy nuvere nationalistyske stikjes stiene.’
Ik leau, dat dat àl tafallich is en dan bidoel ik mei ‘tafallich’ inkeld net-prinsipieel, net fuortkommend út in poëtysk wollen of út de poëtyske need. Ik leau, dat dy nuvere nasionalistyske stikjes in forsin wiene, bigien yn in rankuneuze hâlding foar De Tsjerne oer, dy't yn it earste nûmer mei rjocht programmatysk de bining oan de biweging forsmiten hie. Dêr folge in biwust meitsjen út fan de eigen problematyk fan de literatuer, en net tafallich soe it west hawwe as quatrebras De Tsjerne forwiten hie dêr to min oan to dwaen. Tafallich hie quatrebras gjin theoretisi en foarsafier't it blêd se al hie wiene se blykber de maklike kant it neist.
Fan nasionalisme fornimt men nammers neat yn it wurk fan de wiere talinten fan quatrebras, Jelle de Jong en letter foaral Hessel Miedema. Dat biwiist al fuortendaelks it nuvere Frysk dat hja bytiden skreauwen en dat troch it omsittend laech fan û.o. de theoretisi nou krekt as in triomf fan de nije poëzij sjoen waerd.
Yn syn skôging Op syk nei it lyrysk subjekt wie Lolle Nauta foaral to sprekken oer in part fan it wurk fan Jelle de Jong, Tiny Mulder, Tineke Bethlehem en Hessel Miedema en by sei: ‘trije, fjouwer dichters, dy't de muoite fan it lêzen en ûntsiferjen wurdich binne, ik fyn it noch al hwat. Dizze bondel moast eins, as it heal kin, alhiel útforkoft reitsje.’
As ik nou nochris tobek sjoch op de perioade 1954 oant en mei 1961 dan leau ik dat it wichtichste aspekt is, dat de tradisionele poëzij bilies jaen moat foar de nije en dat dêrmei it wurd yn de poëzij oan de jongerein is, in situaesje dy't bliuwe sil salang't de poëzij syn útslutend lyrysk en min ofto mear eksperiminteel karakter hâlde sil. De juvenile trekkens dy't de poëzijbigearigen it leafst yn de poëzij sjogge, meitsje dit suver ûnûntkomber.
Wichtich foar it algemien klimaet yn dizze perioade hat fierder west dat de ûntjowing út it earste tiidrek nei de twade wrâldoarloch har fuortsette. In wichtich ynsidint wie Kneppelfreed, op 16 noveimber 1951 yn Ljouwert, yn 'e earste perioade, wis, en foroarsake alwer troch Fedde Schuwer, sij it mei de net lytse help fan de rjochterlike autoriteiten. De fortuten fan dit barren - al daelk in greatere response by it folk - kamen
| |
| |
foargoed mei inkelde wetten dy't it gefolch wiene fan Kneppelfreed. De wet-Cals yn 1955 makke de twatalige Fryske skoalle mooglik, in wet fan 1956 regele it brûken fan it Frysk, binammen yn it rjochtsforkear. Fan bilang wie ek it forskinen fan Fryske wurdboeken (Nederlânsk-Frysk, 1952; Frysk-Nederlânsk, 1956) en fan de Encyclopedie van Friesland (1958).
De ûntjowing fan de Fryske Akademy wie spektakulair en de Noordelijke Leergangen foar de oplieding fan l.û. en m.û.-akten wiene ek foar it Frysk - dat syn akten ek yn 1955 erkend seach troch it Ryk - fan bitsjutting. Faeks moatte hjir ek noch neamd wurde de Rely-prizen, dy't sûnt 1954 út in legaet fan Aurelius H. Th. Jorritsma († 1952) biskikber steld wurde.
|
|