| |
| |
| |
Wrakseling om nivo
Ik leau dat it net al to kunstmjittich is de tiid fan 1945 oant en mei 1953 as in hwat ôfsûnderlike perioade to biskôgjen.
Yn jannewaris 1946 komt it earste nûmer fan De Tsjerne, mei yn de redaksje njonken Fedde Schurer (berne 1898) en D.A. Tamminga (berne 1909) de jonge Anne Wadman (berne 1919), dy't sawn jier lang mei syn stimpel set hat op De Tsjerne. De eask út it redaksionele stik fan Schurer, op to kommen tsjin in soarte fan folkskunst ‘dy't mei kinst neat to meitsjen hie en woekere op regionalisme en folklore’, to wille fan de wiere kunst hat aldermeast stal krige yn it kritysk wurksum wêzen fan Anne Wadman. Hy hat de toan set foar gâns krityk, hy hat de thema's oanjown, dy't yn dy jierren binammen yn 'e krityk meidogge, en hy hat dat dien yn in tael en in styl dy't nij wie foar Fryslân. As essayist is Wadman libben en boartlik, om't it abstrakte tinken hieltyd wer stipe wurdt fan it konkrete byld. In mannich fan de essays út de earste fiif jier binne bondele yn Kritysk Konfoai (1951), in boek dat ek nou noch it bêste is dat wy op dit mêd hawwe. De boekskôgingen, ek fan it wurk dat er - mei rjocht - ôfwiist binne hjoed noch folslein lêsber. It binne bisprekkingen dy't earlik oardielje, ek as it ta in folsleine ôfwizing komt; de krityk wurdt bi-argumintearre en hieltyd wurde nijsgjirrige algemienheden oer de literatuer formulearre, dy't it lêzen ta in nocht meitsje, ek sûnder hokker ynteresse yn it bisprutsen boek.
Wadman is yn de earste nei-oarlochske jierren gauris forwiten in to strang kunstrjochter to wêzen, ja in boal. To ûnrjochte, hwant hy is myld forlike by oaren dy't ta deselde bitse ôfwizingen komme, mar dan net op groun fan sa'n dúdlike analyse as by Wadman it gefal is. Faeks dat in slachtoffer en syn neibisteanden better oer in forneatigjend grêfskrift kinne as oer in anatomyske les.
It gie der yn de earste perioade binammen om to ûnderskieden tusken kunst en kitsch, tusken literatuer en lektuer, tusken ûnderskate nivo's fan skriuwerij. Wadman gie hjiryn foar, mar oaren diene mei: Marten Sikkema, D.A. Tamminga, om de wichtichsten to neamen.
Dat Wadman greate nocht oan dit wurk hie, leit net foar de hân en dat docht ek bliken út de stikken út 1948, dy't opnommen binne yn Kritysk Konfoai. It binne njonken in skôging oer Reinder Brolsma, wurdearrin- | |
| |
gen fan literaire figueren fan formaet; út Fryslân Fedde Schurer, lofsjonger fan in dûbeld paradys, út de Nederlânske letterkunde Simon Vestdijk en Gerrit Achterberg.
As Anne Wadman mei yngong fan de jiergong 1954 net mear yn de redaksje fan De Tsjerne sit, kin men sizze, dat de goede striid striden is. Tonei sil it plak fan binammen allerhande proaza dúdliker wêze. Dat fan de poëzij net en ek dêrom is 1953 in gaedlik jier om in perioade - dochs altyd hwat in abstrakte en dizenige saek - mei to bisluten.
Fan Anne Wadman forskynden noch yn 1945 twa bondeltsjes poëzij, Fan tsien wâllen en Op Koart Front, dy't Schurer nochal priizge, al wie it mei gâns foarbihâld foar it libbensgefoel dat der út spriek. Foar de ferstechnyk lykwols hied er alle wurdearring. ‘Dizze nonchalante, mar derom net minder fjûrige frijerij mei de foarm is in hoopfol teiken’, hjitte it yn it bisprek fan it earste bondeltsje. Wadman hat syn kennis fan de theory fan de (âldere) dichtkunst noch dellein yn syn Fryske Fersleare, yn 1953 forskynd. Krekt op 'e tiid, hwant Wadman hie foar himsels al ôfskied nommen fan de poëzij dêr't, dat seach er skerp, oare takomstmooglikheden as dy fan de tradisionele fersleare, foar wonken. Yn 1952 skreau er in essay ûnder de titel De stân fan saken (bls. 90-94 en 117-123) dêr't er de komst fan in ekspressionistyske dichtkunst yn oankundige en yn 1953 in stik Poëzij om de poëzij (bls. 184-190). Hjiryn sei er oer de eksperimintele dichtkunst: ‘Har in reden fan bistean ta to kennen bitsjut net alle oare foarmen fan poëzij har bisteansrjocht to ûntnimmen. Wol is it sa, dat hja spesiael it omtinken op har lûke sil, just om de spaningen yn har problematyk. It foarmprobleem nammers sil en mei ús yn earsten net mei rêst litte.’
Dizze wurden jowe foar my bisûnder goed wer, dat de tiid foroaret en hja slute moai oan by myn arguminten om mei 1953 de ein fan in perioade gearfalle to litten. Dêrby bin ik my der tige fan biwust, dat sa'n yndieling minder hwat is fan de ûnderlizzende wurklikheit, as wol fan in tinken oer de literatuer, dat middels ta oardering nedich hat.
Nou kin ik triomfantelik útroppe dat de tiid fan 1945 oant 1954 de tiid is dêr't yn bislist wurdt oer it probleem fan it nivo en dêr't it foarmprobleem út oerbliuwt.
Lyk as ik al opmurken haw foarmje dizze jierren ek de perioade dat Anne Wadman mei redakteur fan De Tsjerne wie, hwat ek in greate bitsjutting hie foar it literaire klimaet.
Hwant ik herhelje, it is foar de literatuer, en dat grif foar de Fryske,
| |
| |
fan bilang dat der in klimaet is dêr't de skriuwers yn skriuwe wolle en publisearje kinne.
Fan dat oangeande wierre it mei. De ôfrin fan de oarloch hie in frijheitsfielen meibrocht, dat foar de literatuer o sa gunstich wie. De Fryske biweging koe rommer sile en koe har wurk fan it rein-idéalistyske mear nei it saeklike forlizze; de hâlding fan Fryslân ûnder de bisetting hie it gefoel fan eigenwearde by it folk forsterke; de Fryske biweging wie idéologysk suvere yn it fjûr fan de oarlochsjierren; it ûnderlinge solidariteitsfielen yn Fryslân wie ynearsten greater as west hie en dêrtroch hie ek it Frysk nije kânsen. Yn de stêdden, binammen yn de haedstêd Ljouwert dêr't it Frysk foar de oarloch hosk wie, hie dat samar ûngemurken de slach woun, yn dy sin dat it, al wie it as tael fan in minderheit, as publyk middel ta forstânhâlding erkend waerd.
De Fryske professoraten kamen it iene nei it oare. Njonken it ordinaet yn Grins kamen der bisûndere learstuollen yn Amsterdam en Utert (1948), yn Leyen (1952) en in ordinaet oan de V.U. yn Amsterdam, ek yn 1952.
It Boun fan Fryske Kunstvers wie o sa warber yn dizze jierren. De kranten dy't forskynden hiene frysksinnige meiwurkers, der kaem in nij wykblêd út ûnder de namme Frysk en Frij en ûnder de bitûfte lieding fan J.J. Hof en J.K. Dijkstra.
Der kaem in Regionale Omrop Noard, wol yn Grins, mar dochs mei in eigen Fryske útstjûring en mei in literaire rubryk, wis, yn it Nederlânsk, mar ûnder Fryske lieding, mei't de Fryske literatuer kwantitatyf noch kwalitatyf de minste wie yn de regio, dy't troch de R.O.N. bistrutsen waerd. Oant en mei 1953 wie Fokke Sierksma redakteur fan dy literaire rubryk en wurke okkasioneel mei oan De Tsjerne.
Yn 1947 stelden Deputearre Steaten fan Fryslân in priis yn foar de Fryske literatuer, de Gysbert Japicxpriis.
Priiswinders yn de earste jierren wiene Obe Postma (1947), Nykle Haisma (postúm, 1948), Fedde Schurer (1949), Ype Poortinga (1950), Sjoerd Spanninga (1951), Anne Wadman (1952) en Rixt (1953).
Minder direkt literair rjochte (al heart dat suver hwat as irony) wie Kneppelfreed (16-11-1951), dêr't wichtige konsekwinsjes út folgen foar de posysje fan it Frysk en sa ek foar de Fryske literatuer en har bitingsten. Mar it wichtichst foar de klimaetbipaling wie nei alle wierskyn De Tsjerne. Ik sitearje jitris út it ynliedend artikel fan Fedde Schurer: ‘Us wirk is trijeliddich: skeppend, foarljochtsjend en kritysk. By it twad
| |
| |
neamde scille wy ek ús omtinken gean litte oer hwet der bûten Fryslân forskynt, binammen yn Hollân, yn Ingelân, yn Skandinavië en yn Yslân. Fierders wolle wy it bigryp ‘litterair’ net to ing opfetsje, mar ek artikels jaen oer toaniel, oer musyk, film, byldzjende kinst en boukinst.’
Foaral yn de spesiale nûmers hat De Tsjerne him bûten it direkte Frysk literaire bijown. Novimber 1946 wie in Slauerhoff-nûmer, juny-july 1947 in muzyk-nûmer, juny 1948 in Bretagne-nûmer, oktober 1949 wie wijd oan Edgar Allan Poe, jannewaris-febrewaris 1950 wie in Amearikanûmer, septimber 1952 in Suriname-nûmer.
Bûten hwat hjiryn foarkomt, waerd oer bûtenlânske literatuer hwat wispeltuerich skreaun. Fokke Sierksma skreau oer Koestler yn 1947, Jan Wybenga yn 1948 oer La Peste fan Camus en oer wurk fan Georges Duhamel en Jules Romains. Yn 1950 fine wy Rudolf Troelstra oer folks-poëzij fan West-Java, Klaes Dykstra sette in stik fan Lucia Trent oer, dat oer Amerikaenske soasiale dichters gie en fan Povl Kildemoes fortaelde Marten Sikkema in stik oer Kaj Munk. Yn 1951 fortelde S.J. van der Molen hwat oer Emily Dickinson en har wurk, Douwe Kalma skreau oer Poe en Melville en fan James Krüsz waerd in stik oer Erich Kästner fortaeld. Yn 1952 waerd fan deselde in stik oer tael en literatuer fan Helgolân oerset en forlike Marten Brouwer Death of a Salesman fan Arthur Miller mei Les Mains Sales fan Jean-Paul Sartre. Yn 1953 skriuw D.A. Tamminga oer Klaus Mann en fornamen wy noch in echo fan it Bretagnenûmer, mei't Per Denez (yn Fryske oersetting) Tangi Malmanche bitocht.
Ut dizze opsomming docht wol bliken dat der in greate en forsprate bilangstelling wie, mar ek dat de krêften net machtich genôch wiene om oars as haphazard to wurk to gean, dêr't ik sa'n Ingelsk wurd om siz. Ommers, der is neat by út Ingelân en mar in bytsje út Frankryk, dat Schurer nammers net neamt. Hwant hoe't men it ek bisjocht, yn de romte fan de Westlike wrâld dêr't ek Fryslân yn sykhelje moat, spylje Ingelân en Frankryk yn literaire saken net swak by. Nou birikke dy ynfloeden ús dochs wol út 'e twade hôn, fia de Nederlânske literatuer, of troch dy fan Bretagne of miskien sels de felekant fan Yslan om. Ik wit net oft Schurer dat lân út himsels bitocht hat; foar it neist sit dêr de ynfloed fan Jan Piebenga efter, dy't in jier lang (1946) redakteur fan De Tsjerne west hat. Mei opsetsin haw ik twa opstellen oerslein, dy't Dr. G. Dykstra foar De Tsjerne fortaeld hat, beide fan Dr. Johann Lentner. It iene, yn 1949, gie oer Franz Kafka, it oare, yn 1951, oer Georg
| |
| |
Trakl. Beide dus al âldere figueren, mar dy't dochs foarbyldich binne foar it nije proaza en de nije poëzij yn Europa.
Fan bilang wiene ek de essays fan Dr. Giacomo Prampolini oer Wearde en wurking fan de lytse literatueren (1949) of dat fan H.T.J. Miedema Ssn. oer poètes maudits.
De Hollânske literatuer wie bûten it Slauerhoff-nûmer en hwat ik fan Anne Wadman neamd haw, fortsjinwurdige mei de oantinkens fan Dr. Prampolini oan Marsman (1950), in stikje oer it bigripen fan Achterberg fan Hendrik de Vries en de bitinking fan Martinus Nijhoff troch Schurer (1953), njonken in bisprek fan Frank Wilders, Grensconflict; Evert Zandstra, Volk zonder uren; K.v.d. Geest, Gezegend is het land; Ale Brouwer, Grijs geweten; J.B. Charles, Volg het spoor terug, allegearre dus min of mear bisibbe oan Fryslân, wêze it yn it lêste gefal yn negative sin. Apart stiet noch in bisprek fan de kabaretteksten fan Annie M.G. Schmidt troch S.J. van der Molen.
De forbiningen mei eigen, eardere literatuer liede alderearst nei Gysbert Japicx: H. Ssn. Miedema oer Tsjesck-moars See-aengste en Bilderdijk (1949), Dr. C. Kramer oer Gysbert Japicx en P.C. Hooft (1948) en, ek yn 1948, de polemyk tusken Schurer en Wadman oer de barokke trekken fan ús greate dichter, mei ek noch in ynbring fan Obe Postma. Wadman skreau noch oer H.G. van der Veen (1951), A. van der Minne-Buma publisearre in net earder útjown fers fan Piter Jelles (1952), E.B. Folkertsma skreau in treflik essay oer Brolsma mids syn folk (1953) en Johan Winkler droech in stik by: Guido Gezelle en ús pake (1949).
Oer muzyk - bûten it muzyknûmer fansels - skreau J.L. de Jong Lsn. Wurd en toan (1949), Chopin en Fryslân (1949) en Beethoven as minske (1953), en A. Kornelis Oer en om it sjongspul (1946).
De byldzjende kunst kaem oan bod yn Jan Wybenga Oer it wurk fan J.A. Bakker (1949), B. Tuinstra In Fryske Skilder (Andrys van der Sloot, 1953), B.D. Lodewiges van Mijnden De Sweedske kunstner Helge Zandén (1953, oers. Jan Wybenga). Toaniel en film kamen frij geregeld oan 'e oarder; oer boukunst is net skreaun.
Hjirmei lykwols is it ynformative en essayistyske elemint oant 1954 ta net tekene, hwant F.J. Bergstra skreau noch oer De oerwinning fan de demokraty, oer Problemen om it Fryske folkskarakter (beide 1946) en oer Lof en blaem fan de anonymiteit (1948); Fokke Sierksma hannele nei oanlieding fan de dea fan Bernadotte oer De wrâld en Fryslân (1948); J.J. van Weringh skreau bihalven oer it proefskrift fan Sierksma oer
| |
| |
Eleminten fan Aldgermaenske libbensskôging (1951); prof. dr. K. Sneyders de Vogel oer De taelstriid yn Súd-Frankryk (1951); Y. Poortinga oer Folksfantasy (1951) en M.J. de Haan oer Fryske polityk (1952). Oer Grinslânners en Friezen wie Hendrik de Vries yn 1952 op 'e tekst, oer de Skiednis fan de Joaden yn Fryslân H. Beem (1953), hwaens boek De verdwenen Medine yn 1952 troch Fedde Schurer bisprutsen waerd.
Ut dit oersjoch blykt yn elts gefal dat er oan alle kanten libben wie, ek yntellektueel libben, fral as wy bitinke dat It Beaken, De Vrije Fries, It Heitelân dochs ek fol moasten, om mar inkelde oare útjeften to neamen.
By de figueren, dy't de earste perioade nei de twade wrâldoarloch mei biskiede, hearre ek inkelden dy't yn 1945 al forstoarn wiene. Net André Scholten († 1944), dêr't Anne Wadman in gefoelich In Memoriam oan wijde, mar al Nyckle Haisma († 1943), fan hwa't yn 1946 njonken neilitten fersen de novelle Simmer opnommen waerd, dy't apart útjown waerd yn 1948. Fan syn earder wurk forskynden twade printingen en yn 1948 waerd him postúm de Gysbert Japicxpriis takend. Yn 1951 forskynde It lân forline, forhalen dy't er yn it kamp yn Tjilatjap skreaun hie.
D.A. Tamminga skreau yn De Tsjerne (1946) By de dea fan Nyckle Haisma, Marten Sikkema wijde him in gedicht, datearre oktober 1945. Ek Yke Boarnstra († 1943) heart derby. Yn 1945 forskynde syn samle, neilitten wurk, forsoarge fan D.A. Tamminga en Dr. Y. Poortinga, ûnder de titel Waeksen Ark. It bisprek dat Fokke Sierksma yn 1947 yn De Tsjerne joech is winliken in In Memoriam en in éloge oer de fersen, dy't mar in lyts part fan de bondel bislane.
Jitris in In Memoriam bislút ús perioade, mei't Fedde Schurer ûnder de titel Forballe Kening ein 1953 Douwe Kalma bitocht. Dy hie yn dizze jierren fral yn iensumens warber west as oersetter, mei yn De Tsjerne ienris in iepenbier intermezzo fan in polemyk mei Klaes Dykstra oer de kunst fan it oersetten. Yn 1952 hied er ûnder pseudonym I. de Merw Manáos in soarte toanielstik in aktuéle fantazije yn tolve toanielen yn De Tsjerne, ûnder de titel Sa ienfâldich is it libben. Sa ienfâldich is it libben spitigernôch net en al is de hjir en dêr hwat springerige, bernlike fantasy wol aerdich, it stik dooch net.
De rige fan libbenen oer hwa't skreaun waerd, iepene yn 1946 mei Ulbe van Houten, dêr't Marten Sikkema it plak fan biskreau yn de Fryske literatuer, in wichtich plak om De sûnde fan Haitze Holwerda. Yn 1945 forskynde Ein fan 'e mars fan Ulbe van Houten, dêr't inkeld fan sein
| |
| |
wurde kin dat it goed skreaun is. Foar De Hillige Histoarje, bibelske fortellingen (2 dielen 1949-1953) krige er de Gysbert Japicxpriis, mar yn dizze bikroaning woech de forneamde roman, dêr't krekt de fyfte printinge fan forskynd wie, tige mei.
It july-nûmer 1948 wie in Schurer-nûmer by de gelegenheit fan syn fyftichste jierdei, dêr't Anne Wadman syn Lofsjonger fan in dûbeld Paradys yn opnommen is. Foar syn bibelsk drama Simson út 1945 krige er yn 1949 de Gysbert Japicxpriis, dêr't grif ek syn hiele oeuvre by mei die. Yn 1947 kaem It boek fan de Psalmen út, yn 1949 de fersebondel Vox Humana, dêr't ik hjir neat oer sizze wol, om't ik op Schurer noch werom kom.
Fan Obe Postma kaem yn 1946 de bondel It sil bistean, dêr't er yn 1947 foar bikroane waerd mei de Gysbert Japicxpriis. Yn 1949 forskynden syn Samle Fersen, dy't Fokke Sierksma bispriek ûnder de titel Complete poëzij (1950). Yn maert 1953, by gelegenheit fan syn 85ste jierdei kaem De Tsjerne mei in Obe Postma-nûmer, dêr't de analyse fan de stylwearden troch Anne Wadman, ûnder de titel Dichterlik geheimskrift, it weardefolst yn wie, mar lykas Postma suver eltsenien hwat sei, sizze altiten alle bydragen oer syn poëzij ek it ien en oar. By deselde gelegenheit waerd in essay oer it dichtwurk fan Obe Postma troch Fokke Sierksma útjown yn de Reiddomprige. It hjitte Bern fan de Ierde en like treflik as de titel wie de ynhâld. Dochs jowt ek Sierksma net de einichste analyse fan dizze poëzij, dy't mei de Samle Fersen nammers net ôfroun wie, om't der yn 1957 noch Fan wjerklank en bisinnen kaem.
De fersen fan Obe Postma, sij it net allegearre, binne ek hjoed noch folslein libben en yn biskate opsichten kin men yn him de foarrinder sjen, fan hwa't nou yn Fryslân de jongsten en de nijsten binne. Lju as Geart van der Zwaag, dy't fersen skriuwe wolle dy't sein wurde kinne, fersen ek foar deistich gebrûk. Mar ‘syn tiid foarút’ klinkt to revolusionair, better liket my ‘troch syn persoanlike ynset boppe de tiid út.’ It eigenaerdige parlando yn de fersen fan Obe Postma, dy't by minder poëtyske spanning ta gejeuzel wurde soe, mar nou gauris prachtige poëzij is, wie in geheim dat de tiid oerspande. It psychisch monisme fan Postma wie net inkeld útkomst fan filosofysk tinken, mar hwat fan de hiele persoan, mei al syn fakulteiten. Foar myn gefoel sit der in sublimearre erotyk yn syn dichterlike fisy op lânskip en ierde. Yn in ier gedicht al as De boerinne fan Surch is it dúdlik dat dy boerinne Postma kâld lit, bihalven as ûnderdiel en stoffearring fan it lânskip; dêrhinne liedt de stream fan
| |
| |
syn gefoelens. It wurk hat gauris in aparte humor, dêr't men net fan wit oft er wol fan de dichter is, of dat de kosmos dêr't er binnen toeve dy sels hiem hie.
Ik wit noch dat wy de dichter by syn 85ste jierdei in skilderij oanbeaën op in huldigingsgearkomste op in sneon-to-middei yn it Oranje Hotel yn Ljouwert. Ek it essay fan Sierksma waerd dêr oerhandige, dat moaije boekje dêr't de útjower ekstra syn bêst op dien hie, mei in soad goud op 'e bûtekant. Der wiene ek taspraken en wy krigen in kopke thé oanbean en Postma, moai rjochtop op it eareplak, liet him dat allegearre wolgefalle. Oan 'e ein bitanke er, wis en freonlik, foar alle eare dy't him oandien wie, en ek, ja, dat fral noch ‘Foar de brosjuere en de tekening.’ In statement, dat lêste, dat foar my de hiele middei goed makke.
Postma is hiel âld wurden. Alder as ea ien libbene Europeeske dichter west hat. Dêrom wie it in skok, doe't er stoar. Dat hie net wêze moatten foar ús gefoel - dat hie ek net hoegd, nei myn gedachten. Hy libbe ommers gjin minske yn 'e wei, hy dichte mar en bistudearre de skiednis en hy die dat sa, dat der skraech anekdotes oer him geane. De pear kearen dat it der op like, lei dat ek noch oan in forkeard perspektyf fan de taskûger en foel de anekdoate krekt nêst de dichter. Bygelyks doe't Tamminga de primus interviewde foar syn fiifentachtichste jierdei en frege nei mooglike ynfloed fan de tachtigers yn syn jonge jierren, andere Postma, dy't hwat dûf wie: ‘De padvinders? Né, dêr haw ik nea by west.’ Wis, de situaesje appellearret oan myn primityf gefoel foar it komyske, mar it hat neat mei de dichter to krijen. Sa seit ek it feit dat, yn Grins, om middennacht hinne Jan Wybenga by my oanskille mei de forbjusterjende meidieling: ‘Nou wit ik hoe't it him slagget sa âld to wurden - hy fret kinine,’ net sa folle oer Postma - hwant oer dy giet it: Jan hie efter him stien yn in apotheek yn Ljouwert, dêr't er gâns kinine ynsloech - as oer Wybenga en mysels, nei't ik letter bigrepen haw, hwant ik haw der lang yn leaud dat Postma, dy't op 't lêst fysikus fan oplieding wie, in alchimistyske oplossing foun hie foar it binearjende probleem fan de dea.
It iennichste dat oerbliuwt is it forhael fan Lolle Nauta, dy't oer Obe Postma skreaun hie, doe't er yn Göttingen studearre en oardel jier letter, doe't er de âlde poëet mette, fan him to hearren krige: ‘Ik hie Jo doe skriuwe wollen, mar Jo sieten yn Dútsklûn en ik wist net hwatfoar postsegel der op it brief moast.’
| |
| |
Mar dit is wer ien fan dy gefallen, krekt as yn de fersen, dat men net wit oft it oan de man leit of oan de réaliteit. Hwant, fordomd, ik wit sels net hwat der op in brief nei Dútsklân moat. Hawar, ik bin der wis fan dat de poëzij fan Obe Postma - fan hwa't Sierksma seit: ‘Hy is in hiele wrâld, fol fan minsken en dingen, fol fan ljocht en hjir en dêr in Bunker skaed’ - noch libben is as in hert en ik bin der fan oertsjûge, dat gâns fan de fersen noch hiel lang lêzen wurde sille.
Bliuwende fersen waerden ek skreaun troch Rixt (A.H. van Dorssen) fan hwa't yn 1952 de sammelbondel De Gouden Rider útkaem, dêr't foaral de fersen skreaun fan 1942 oant 1952 yn opfoelen en noch opfalle. Fan dy, ek uterlik tige moaije bondel, moast al gau in twade printinge komme en doe jitris ien. Sa'n populariteit - foar fersen - makket jin suver hwat eangstich, mar yn dit gefal folslein to ûnrjochte. Nei fyftsjin jier, yn in poëtysk klimaet dat foar it greatste part ôfweefd hat mei metrum, rym en yn tsjinstberens hâlden bylden blykt dizze poëzij troch har minsklikens en earlikheit, troch de spanning ek, dy't forskûle giet efter in raffinearre ienfâld, noch fris as in nút. Fokke Sierksma skreau oer de bondel yn De Tsjerne (1953) ûnder de titel Forhael fan in ivige jonkheit. In jonkheit, sei er, ‘dy't sa ryk, sa iepen en sa keninklik wie, dat de âlderdom der yn opnommen wurde koe. De dream fan har dichterskip wie de strieljende fiere stjerre fan in jonkheit, de donker glânzgjende kearn fan har âlderdom.’ Alderdom by wize fan sprekken dan, hwant Rixt wie grif net âld, doe't hja yn 1953 de Gysbert Japicxpriis útrikt krige yn Boalsert, hja wie dat skraech, doe't hja yn 1967 har tachtichste jierdei fierde yn Fryslân.
Yn Boalsert fortelde hja hoe't hja by de boekbynder west hie om in omslach foar De Gouden Rider út to sykjen: ‘De man seach my oan: Is it in berneboekje, mefrou? - Né, in bondel poëzij. - Religieuze poëzij? - Né, amoureuze! Doe bògden wy ös beide tige earnstich oer it staleboek hinne, mar ik hie ynwindich in ôfgrysliken wille en sei tsjin mysels: Hoefst dy neat mear to forbyldzjen, âlde; dyn uterlik suggerearret oars neat mear as berneboekjes en religieuze poëzij!’ Yn dyselde taspraek joech hja noch in karakteristyk fan Hollânsk briefwiksel tusken minsken dy't oars Frysk mei inoar prate: ‘It is oft in feint syn faem oer it wang aeit mei de want oan.’
Fokke Sierksma sei dat de fersen fan Rixt him de Hollânske dichter A. Roland Holst yn it sin brochten. Dêr kin ik wol hwàt ynkomme, mar ik moat by de lettere gedichten fan Rixt earder oan Albert Verwey
| |
| |
tinke: deselde spanning, deselde forbining fan intelliginsje en gefoel, deselde forsoening fan botsende krêften as by de dichter fan Het Levensfeest of Het lachend Raadsel, deselde technyk suver. Mar boppeal, in dichterskip dat yn syn bêste uteringen de tiid treast wêze sil.
Noch in dichter fan bilang kin út dizze perioade neamd wurde: Sjoerd Spanninga (J. Dykstra), dy't lykwols oars as Obe Postma en Rixt syn oeuvre noch net ôfroune hat yn dit tiidrek en dêr't ik dus op weromkom. Fan him forskynde yn 1949 de bondel Spegelskrift en yn 1950 Nûnders, dêr't er yn 1951 de Gysbert Japicxpriis foar krige. Yn De Tsjerne (1949) kritisearre G. Koelstra de earste fan dizze twa yn in yntelligint bisprek, dat de greate kwaliteiten en lytse tokoartkommingen knap op it spoar komt. De bigjinwurden binne suver hwat profetysk: ‘In dichtbondel koart nei syn forskinen to skôgjen kin in nuodlike kant hawwe: it weardeoardiel oer poëzij foarmet him ornaris stadichoan. Like maklik kin men de bitsjutting fan in dichter ûnderskatte as jin forrifelje litte troch de feardigens hwermei de oanliz fan guon dichters harren yn steat stelt oan de tael de uterlike foarm fan it fers to jaen. Dan moat der faek tiid oer forrinne earl men de intrinsike wearde fan it wurk bigjint troch to krijen. By immen as Marten Sikkema bygelyks hat men foar beide -ûnderskatting en forrifele wurden - tige op jins iepenst to wêzen en it soe my gjin ienfâldige taek talykje it gehalte fan syn dichterskip nou al fêst to stellen, al binne syn fersesamlingen al in pear jier âld.’
Nûnders waerd yn 1951 skôge troch J.H. Brouwer, dy't yn de titel spriek oer Forbylding sûnder poarteam. Hy joech in moaije en wiidweidige stilistyske analyse en sei doe hwat mismoedich: ‘Ik wit wol, men hâldt der net mear fan, sokke détails acht to slaen.’ To ûnrjochte nei't ik mien. It is op himsels al nijsgjirrich Brouwer mei dy analyse oan it wurk to sjen, lyk as dat ek barde yn syn boekje Fryske Styl (1952), in analyse fan in stik proaza fan R.P. Sybesma. De aktuéle wearde dêrfan wie fansels net sa great, mar Brouwer naem fan datoangeande blykber revanche mei yn 1953 mei it boekje De Fryske Fjouwerrigel to kommen.
Douwe Tamminga, dy't in koart kritykje hjirop joech yn De Tsjerne frege him ôf: ‘is de fjouwerrigel wol drokkernôch bioefene om dêr op dit pas al in aparte stúdzje oan to spansearjen!’ En even fierder murk er op: ‘De skiednis fan it Fryske kwatryn is net ôfroun, seit Brouwer oan 'e ein fan syn stúdzje. Dat is wol wier, mar wierder is, dat dy skiednis net of amper bigoun is.’
Noch wer wierder is, leau ik, dat J.H. Brouwer knap op 'e tiid west hat,
| |
| |
om't de goarre ek sa mar wer oer wie en theoretyske fordjipping, krekt yn de snuorje dat de forskynsels har foardogge, wier gjin kwea kin. Ik leau dat wy der wiis mei wêze moatte en it muoit my och sa, dat professor Brouwer sûnt dy tiid him op dit mêd hwat stil hâlden hat. Graech hie ik syn ‘meneuveljen-mei-it-lancet’ (term fan Tamminga) to pas brocht sjoen op de Fryske dichtkunst lyk as dy him sûnt dy tiid ûntwikkele hat. Brouwer hie nammers oan 'e ein fan syn skôging fan Nûnders noch mear to sizzen: ‘Spanninga is in dichter, dy't de muoite wurdich is. It kin gjin kwea, dat er ús ris út it smûke en skadige Fryske paradyske opjaget en syn wrâld ynstjûrt. In wiid gefoel driuwt him, hy mjit mei hwat greater mjitstôk as wy wend binne.’ En fierders: ‘Dat er, by de weeldrigens fan syn fantasije, by de spontaniteit fan syn byldspraek en syn gefoeligens foar klank en kleur, soms oer de grinzen fan it oannimbere springt, is better as to birêsten yn de makke en guodkeape midsmjitte, dêr't de Fryske skriuwers mar al to faek oanstriid ta hawwe.’
Frijhwat yndruk makke it bondeltsje fersen dat Garmant Visser yn 1947 forskine liet ûnder de titel Jolm. It enthousiasme fan Sierksma, dy't it foar De Tsjerne skôge is hjirby net it nijsgjirrichste, hwant dy wurdearring hie rjocht en reden. Ek as men de fersen út Jolm nou lêst, komt men ûnder de yndruk fan de poëtyske krêft.
Sierksma ornearre dat de kwaliteit fan de earnst de gedichten in bilangryk plak yn 'e moderne Fryske literatuer taskikten. ‘De greatskens fan de flokte dichters, is it greatste fan dizze bondel’ miende er, en dat sleat dan winliken oan by de romantysk-sûmbere oertinkingen dêr't syn stik mei bigoun en dêr't er Visser in fortsjinwurdiger yn neamde ‘fan in generaesje, dy't in taskôger ta sûmbere oertinkingen forliede kin. Mocht it earst like ha as soe Fryslân, as in typysk lân foar in boerekultuer, immún bliuwe foar de nihilistyske formeageringskuer fan Hollân, fan hiel West-Europa, al ridlik gau die bliken dat in ynheljen fan 'e kulturele skea nije skea meibrocht.’
Obe Postma neamde Jolm modern-sinysk, mar dochs mar foar in part: ‘it hat ek heel oare aspekten.’ De Tsjerne bilei dat jiers in symposion oer Jolm, dêr't it moai stûf opsein waerd en dêr't gâns forskil fan miening hearske. Der kaem dan ek noch in forfolch op yn De Tsjerne: in polemyk, dêr't Schurer, P. Terpstra, P. Wybenga en Anne Wadman oan meidiene, of leaver der kaem in forklearring fan Schurer hoe't hy oer de poëzij tocht, nei oanlieding fan de hwat earmoedige frage fan Terpstra
| |
| |
oan 'e ein fan it symposium ‘hwer geane wy op dizze wize hinne?’ en tsjin dit stik Lof fan 'e poëzij polemisearre Wadman yn in essay Lof fan it protest. Schurer andere net en ek Wadman die it swijen ta de needgjalpkes fan Terpstra en Wybenga. It forhael fan Schurer is in sympathike fordigening fan de autonomy fan de kunst en fan de poëzij as in libbensforskynsel, dat folslein binnen de rounte fan it minsklike falt. Wadman forklearre dan ek dat er gâns in ein mei him lykop gean koe. ‘De fout by Schurer sit neffens my hjirre, dat er in al to simplistysk entweder - oder stelt tusken de libbensbiskoulike ynhâld én de skientmeoandwaening op 'e literatuer-gefoelige minske.’
Tsjin dat simplisme keart it essay fan Wadman him en ek sûnder it foarm-ynhâldprobleem foar altiten op to lossen, kaem er dochs ta in ôfroune konklúzje: ‘Is de foarm fout, dan is it in sûnde tsjin de (goede) idé, - is de idé fout, dan is de moaije foarm to ûnrjochte brat. Dizze taek is dus net antithetysk, mar synthetysk. En dat kin allinne as men dy idé akseptearret as in wêzentlik ynhaerent ûnderdiel fan de aesthetyske ynterpretaesje.
Visser syn symbolyk foar it protest as skientme ûndergean, bitsjut: it protest akseptearje, der fan útgean dat in minske ôfwikseljend in immoreel munster en in moaije gek is, en ús âld wrâld in triennedal, dêr't glim en laits har mei lijen hanthave kinne op 'e smelle koarde fan it kwea gewisse. En yn dat triennedal is de dichter in (negatyf of posityf) boadskipper, en hwa't it boadskip net oannimt is ûnearlik as er de boadskipper in komplemintsje jowt foar syn moaije biwurdingen.’
It proaza wurdt yn dizze perioade, bihalven troch Anne Wadman fortsjintwurdige troch Ypk fan der Fear en Ype Poortinga. De earste publisearre yn 1949 de histoaryske roman Ta him dyn bigearte dêr't Wadman syn forneamde stúdzje Kanaeltocht op syn hountsjes oer skreau. Hy sei derfan dat it boek skreaun wie mei de folsleine oerjefte fan in kunstnerssiel. ‘It is in appèl oan de meast folsleine, absolute leafde, net fortsjustere troch oerfloed fan “geast”, mar rounút basearre op in taestbere “sex” ( ). Dat der fragen fan religy en morael oproppen wurde, kin it boek allinne mar weardefoller meitsje.’ En oan 'e ein hiet it: ‘It boek ( ) is skreaun út in greate bisieling, in greate oandrift. It faget mei ien streek gôns Fryske prutsromans oan kant en jowt in eachweid op 'e takomst.’ Oer de novelle Ik en menhear (1952) skreau Schurer yn De Tsjerne; hy hâldde him foaral mei de psychology fan it forhael op en seach der oan 'e ein winst yn ‘dat de auteur it stribjen nei in aparte styl fan koarte
| |
| |
ôfbrutsen sinnen oerjown hat foar it procédé fan 'e normale folsin.’ Ype Poortinga skreau yn twa dielen it boek Elbrich. It earste diel forskynde yn 1947 en waerd troch Anne Wadman yn De Tsjerne bisprutsen. Tige kritysk, mar mei as konklúzje: ‘de hiele Elbrich I mei al syn tokoarten bliuwt foar my yn de Fryske literatuer fan nei de oarloch it earste boek dêr't ik my net luik om meitsje, dat it der is. It fortsjinnet in lêzerspublyk dat yn Fryslân fan hjoed de dei der miskien net is.’
Oer Elbrich II (1949) skreau E.B. Folkertsma, dy't it boek kwalifisearre as ‘in sielkundige roman, histoarysk ynklaeid en skreaun op in ridlike distânsje.’ Hy foege der oan ta: ‘En dan blykt it kwaliteiten fan bitsjutting to hawwen, al wie it allinne mar yn de útbylding fan har nei hwa't it boek neamd is. De skriuwer hat in greate figuer skepen, en is dat net ien fan de heechste dingen dêr't de literatuer ta komme kin?’ It bislút fan dizze skôging is to nijsgjirrich om net oan to heljen. ‘Is it nou safier hinne, dat it manlik slachte to kyk en to kak set wurde moat en dat de ieuwen dêr by roppen wurde moatte? Hwat foar sin hat soks, biskriuwerij fan sloppe hearen, to swak foar trou, foar avontûr, foar hwàt in leafde, foar hwàt in frou? Sille wy dêr sielkunde fan leare, of skiednis, of barmhertichheit, of skientme, of ridderlikheit? Hwa yn 'e goedichheit kin dàt forkwikke? Hja komme foar, de streuperts, mar al to folle komme hja foar, mar binne de inket en de muoite fan it biskriuwen net wurdich. En al soe it alle sin hawwe, ik bitankje foar de eare. Forhelje my fan keardels dy't de frou treast binne, de greate. En dan, fan sokken en net earder, de hoflikheit.’ Nettsjinsteande dizze filippika waerd Elbrich II yn 1950 leanne mei de Gysbert Japicxpriis en grif ta gelegenheit hjirfan skreau Sj. van der Schaaf yn De Tsjerne ‘Ype Poortinga as prozaïst.’ Hy foun gâns to priizgjen: de forsoarge tael, it loskommen fan âldfrinzige romantyk, it forstean fan de geast fan de (herfoarmings-)tiid. ‘De tiid’ sei Van der Schaaf, ‘wie oars as de tsjintwurdige en de gedachtewrâld wie in oare, mar de minsken wiene net better en net minder as hjoed de dei. Ek net lytser of greater. Dit is it moderne momint yn dizze histoaryske
roman.’
Ek Van der Schaaf hie biswieren: ‘To min wjokt it needlot as in swarte fôgel boppe dit libbensforhael; en as de ein komt, dan is der by de lêzers gjin binearing, gjin meilijen, gjin bangens foar de lêste bledsiden.’ Lykwols: ‘Psychologyske romans binne der net folle yn it Frysk. Poortinga hat it tominsten bisocht, en wy meije al bliid wêze, dat it him in stik hinne slagge is.’
| |
| |
Ik kin dit oersjoch oer de earste perioade fan de Fryske literatuer nei de twade wrâldoarloch net better ôfslute as mei it neamen fan noch ien boekje, dat troch de nuvere forstânhâlding dy't ik mei it Lot skyn to hawwen, krekt op 'e tiid forskynd is. Yn 1954, dat is wier, mar krekt dêrtroch omfettet Hedendaagse aspekten van de Friese literatuur presiis de perioade dy't ik hjirmei ôfslúut.
In Hollânsk boekje, ek wier, mar dêrtroch tige gaedlik om nochris it klimaet oan to tsjutten: it wie in lêzing dy't professor Brouwer foar de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde hâlden hie.
|
|