| |
| |
| |
Frijdom is de heechste wet
‘Hwat is it nuver dat men der mei pielt, nou.’ Yn dy wurden hat Teatske Alzum my ienris oer har forhâlding ta de literatuer ynljochte. In moderne forhâlding, hwant ik kin my skraech yntinke dat ien dy't it skriuwen ûndergiet as it ‘jaen fan skientme’ ta dizze formulearring komme soe. Ik leau dat de útlitting fan Teatske Alzum typearjend is foar it antropologyske tinken fan ús tiid, dêr't de minske as riedseleftich yn biskôge wurdt.
Hoe forskillend der ek oer him tocht wurdt, de measten binne it der dochs wol oer iens dat der twa kanten oan de minske sitte: de biologyske en de eigenaerdich-minsklike. Op allerhande wizen is dat ûnder wurden brocht, mar yn in simpele foarm komt it der op del dat de konkrete minske sawol yndividu as persoan is.
As biologysk wêzen, mar ek yn mannich opsicht as soasiael en polityk wêzen is er yndividu, lêste ienheit mids oare gelikense ienheden, forfangber en itselde. Mar hy bilibbet himsels tagelyk ek as in ik, hy hat it eigenaerdige formogen him yn himsels om to draeijen en nei himsels to sjen, hy hat it formogen tsjin oaren dou to sizzen en as sadanich is er persoan. As persoan is er ûnforfangber en unyk. As yndividu is er folsleine bipaeldheit, as persoan folsleine frijheit en hy is dat tagelyk. Mei't de minske yndividu en persoan tagelyk is, is er de paradoksale kant it neist. Dêrom jowe absolute útspraken oer him mar in part fan de wierheit. Dat giet ek op foar alle typysk minsklike uteringen, dus bygelyks ek foar de kunst.
Kunstwurken binne persoanlike uteringen, rjochte oan oaren as persoanen. De kunstner, of lit ús him fierder mar forfange troch de literator, bilichemt yn syn wurk hwat hy fan de wrâld (bûtenwrâld en binnenwrâld beide) sjoen hat fan syn unyk eachweid út.
Hwat it kunstwurk ‘bitsjut’ is de útkomst fan in dialooch mei de lêzer. Net inkeld is elk kunstwurk unyk, syn bitsjutting is dat ek foar elk persoan dy't der op respondearret. De literator rjochtet him net ta in kollektyf, mar altyd op de inkeling, de oar, as persoan.
As wy ûnder dit aspekt de Fryske situaesje bisjogge, dan docht bliken dat de gefolgen net lyts binne. Om't de wearde fan de kunst yn it unike
| |
| |
momint leit, is it fan gjin bilang oft der gans of mar in bytsje lêzers binne, net rjochtstreeks en wêzenlik alteast. Ien lêzer is foar it fenomeen ‘literair kunstwurk’ genôch. Hwat dat oanbilanget is der foar de Fryske literatoren gjin reden ta gefoelens fan frustaesje: sa lyts is it Fryske taelgebiet op it lêst ek wer net. Gauris binne yn 'e lêste jierren yn Hollân, nei't der inkelde Fryske romans yn it Nederlânsk oerset wiene, lûden opgien dêr't de forheardens yn útkaem dat lju dy't skriuwe koene, dy't kunst makken, dat yn it Frysk diene en net yn it Nederlânsk. Hja toanden dêrmei mar in lyts bytsje bigryp foar it fenomeen kunst oer, en de skriuwers dy't op de frage hwerom't hja it Frysk foar kar namen, anderen mei ‘samar’, of ‘om't my dat it natuerlikst ôfgiet’ of sokssahwat, namstomear. Hja demonstrearren dêrmei tagelyk ûnopsetlik dat der in emansipaesjeproses foltôge is dêr't de klam yn it bigryp Fryske literatuer alhiel is kommen to lizzen op it lêste ûnderdiel fan dit wurdepear.
Ien lêzer mei theoretysk genôch wêze, praktysk lykwols telt it tal tige, mei't literatuer inkeld eksistearret as it wurk útjown wurdt en dêrfoar binne nou ienris ekonomyske bitingsten net wei to siferjen. Hjir hawwe wy de theoretyske rjochtfeardiging fan stipe, fan subsydzje, fan oanfoljende honorearring, fan fûnsfoarming en fan hwat der mar mear barre kin om de literatuersirkulaesje oan 'e gong to hâlden en to helpen. Hjir leit de rjochtfeardiging fan net lytser, mar krekt oarsom, greater stipe as foar de Nederlânske literatuer fan de kant fan de Ryksoerheit.
Op himsels is it nammers hwat nuver dat de oerheit hwat docht foar de kunst, hwant winliken hat hja dêr gjin boadskip. De oerheit hat leafst to krijen mei yndividuen, mei gelikense ienheden, dêr't wetten foar makke wurde kinne en algemiene regels foar jilde kinne. Dat de kunstner op in stuit troch de tiid holpen wurdt leit yn 'e reden, net dat de oerheit rjochtstreeks de kunst stipet, dy't ommers sa tige yn it persoanlike flak leit. De oerheit is út har aerd konformistysk, wylst de kunst har krekt forset tsjin de status quo en dat fûlder neigeraden it soasiale libben de persoanlikheit mear bidriget. Aldergeloks stipet de oerheit, dy't op it lêst ek út persoanen bistiet, de kunst prinsipieel wol, al wurde somlike fan har fortsjintwurdigers wolris kjel as it om in spesiael boek giet. It is lykwols dúdlik dat hja net meiweage meije hoe't hja as persoan respondearje op in biskaet boek. Dat is net ynteressant, likemin as it feit dat sa'n boek dúdlik in bipaeld faset fan de status quo oantaest. Dat heart it boek altiten to dwaen en de mjitte dêr't dat mei bart fynt inkeld in grins yn it oardiel fan de strafrjochter.
| |
| |
As Deputearre Steaten yn 1967 de Gysbert Japicxpriis takenne foar in boek dat somliken skamteleas achtsje, dan meije hja bêst allegearre by dy somliken hearre, sûnder dat soks oan har bislút hwat ek foroarje soe. Dat de oerheit de kunst stipet kin komme mei't hja der in biskate positive wearde oan takent en dat hja net al to eang is fan de negative wearden. Kunst wurket komselden rjochtstreeks op it soasiale libben. Dat leit ek foar de hân, mei't hja har rjochtet op persoanen, net op in kollektyf. Wol binne der fansels nijsgjirrige gedachtespinsels to meitsjen oer de útwurking fan de literatuer op de maetskippij. It parallellisme fan idéen yn boek en (even letter) yn de wrâld dêr't it yn forskynt, is noch op forskate wizen to forklearjen. Der kin út de opienfolging yn 'e tiid in oarsaeklik forbân forûndersteld wurde, mar ek sels dêrby kin sawol tocht wurde oan de literatuer dy't lûkt as oan de maetskippij dy't triuwt; der kin lykwols likegoed oannommen wurde dat de skriuwer troch syn eigenaerdige formogens earder as de kollektiviteit dêr't er út komt aen hat foar hwat op kommende wegen is; de forhâlding kin ek noch yngewikkelder wêze en sawol it iene as it oare bifetsje, mei faeks noch oare eleminten.
As de skriuwer al sjenner is, dan dochs altyd de bline sjenner, dy't wy al út klassike tiden kenne; de man dy't net tofolle bihindere wurdt troch hwat ús sa deun op 'e lea sit, dy't net it foar eltsenien sichtbere biskriuwt, mar dy't út syn handicap wei, syn frijheit wint.
Dy frijheit is essinsieel foar de literatuer. As alle kunst is it in gratuïte, frije, frijbliuwende aktiviteit. Nimmen kin twongen wurde in roman to skriuwen, nimmen hoecht in roman to skriuwen, net ien hoecht in roman to lêzen.
Dat de literatuer gratuïte aktiviteit is, skiedt har klear en dúdlik ôf fan it soasiale en politike libben. Maetskippij en polityk moatte der wêze en de soasiale en politike skiednis binne dan ek kontinu. It iennichste alternatyf foar in biskate maetskippijfoarm is in oare maetskippijfoarm. Mei in populair foarbyld: hwa't net oan polityk docht dy docht dochs oan polityk.
Mei de literatuer is dat oars: hwa't net lêst, dy lêst nou ienris net; hwa't net skriuwt, dy skriuwt net.
Fan gefolgen dat de kunstskiednis diskontinu is. Ynsté fan dit kunstwurk binne der twa alternativen: of in oar, of hielendal gjinien; ynsté fan dit literaire libben in oar, of alhiel gjin. Dizze algemiene dingen binne alwer foar de Fryske situaesje o sa wichtich.
| |
| |
Hja fergje derop in sfear to skeppen, dêr't de kunstner - de man dy't it kin - yn skeppe wol. Hja fergje derop dat der wurk skreaun wurdt dat de lêzer oansprekt, wurk dat er lêze wol. En om't kunst nou ienris persoanlik rjochte is, moat der forskaet wêze, hwat mear, hwat better. Hwa wurde hjir paradoksalerwize út namme fan de frijheit ferge? De skriuwers ek, wis, mar likegoed allegearre, dy't it mei de kunst goed miene, dy't achtsje dat der kunst wêze moat, al ha hja sels gjin skeppende krêft; allegearre dy't it tinken is mei it Frysk, de hiele Fryske biweging, ûnforskillich oft hja de literatuer sjocht as mei in middel yn har striid, of as kroan op it wurk, of as inkeld kunst. Dit bitsjut net in ûndergeskikt wêzen fan de ien oan de oar.
Yn dat opsicht wie it credo dêr't Fedde Schurer de earste jefte fan De Tsjerne (jann. 1946) mei iepene, De biping forbritsen, tige dúdlik. ‘By de Fryske biweging sa't wy dy nou kenne hat de litteratuer yn 'e foarhoede stien, wie de dichter wachter en pionier; de stim fan 'e roppende, sjender fan hwat komme moast, mar der yette net wier. Hy wier liedend en wêzentlik illemint yn 'e biweging’ skreau Schurer om de foaroarlochske tastân to tekenjen. Nou soe it lykwols oars. ‘De skriuwer hat syn tsjinst as wêzentlike biwegingsfactor dien; de biweging moat har losmeitsje fan har erflike litteraire bining en eigen brede wegen gean. Dit mei somlike romantici ta mankelikens stimme, de measten ûnder ús hawwe foldwaende realiteitsbigryp om to forstean det it sa moast en net oars, en ek om yn to sjen det hjir in biskiedend stuit oanbritsen is. Ingenieur en dichter geane elk hjar eigen wei. Net allinne de ingenieur, ek de dichter. Ek by him is de bining tobritsen, en hy is frij wirden. Frij fen it biwegingsapparaet. De litteratuer hat net mear alderearst in propagandistyske opdracht yn tsjinst fen 'e nationale saek, hja is der net inkeld om de minsken to oertsjûgjen fen de treflikens fen dit of de needsaek fen det; hja hoecht der net mear op út om mei alle minderfielen fen 'e provinsiael to demonstrearjen det men mei it Frysk dochs ek by dit en by det, like goed as mei in oare tael dit en det en yette mear dwaen kin, hja hoecht net mear to tsjûgjen fen hjar ûnbidige ljeafde for dingen dy't it program foarskriuwt. ( ) Dizze bining tobritsen, is hja ien fen wêzen mei alle litteratuer to wrâld, neaken en warleas en frij springt hja to foaren as de Idé yn de teikenroman fen Frans Masereel. Allinne yn dizze frijheit kin hja libje; allinne op dit ynternationale plan kin hja wearde krije for it
nationale libben.’
Schurer forfolge mei noch in wichtige passaezje, dêr't de earste sin fan
| |
| |
folstean mei: ‘En frij is hja ek wirden fen de nachtmerje fen it dilettantisme.’
Dit artikel fan Schurer biskôgje ik, al is it net yn de tiid, dan dochs prinsipieel as it startpunt fan de Fryske literatuer nei de twade wrâldoarloch. It is in wichtich stik, it hat it pathos fan de Bifrijing, it hat de fisy fan in sjenner.
Al hie Schurer inkeld dit stik skreaun, dan fortsjinne syn namme to boek to stean yn de Fryske literatuerskiednis.
It is dan ek net om to lekskoaijen dat ik siz dat Schurer net de bline sjenner wie en, mar dat is efterôf maklik to sizzen, dat der noch gâns fan de biheindens dy't it bisit fan in pear eagen meibringt, yn trochklinkt. Eltsenien sille yn de oanhelle einen opfallen wêze de wurden (net mear) alderearst (in propagandistyske opdracht) en (net) inkeld (om to oertsjûgjen ensfh.).
Ek op oare plakken yn it artikel wurdt it net alhiel dúdlik yn hoefier Schurer de kunst op it each hat of de kunstner. Ik krij de yndruk dat er him minder keart tsjin it feit dat de kunst de ancilla fan de biweging wêze soe, as tsjin de hearetsjinsten dy't de kunstner aloan to forrjochtsjen hat.
Dêrtsjin rjochtet Wadman him ek yn in polemyk mei Inne de Jong yn 1953 fierd yn De Tsjerne (bls. 316), as er seit dat er wegeret ‘de Fryske skriuwer to sjen as de Homo Intellectualis dy't foarornearre is om de smoarge putsjes op to knappen dêr't de Homo Kritensis to biroerd ta is’. Hy hie lykwols dúdliker de kunst op it each, mar waerd ta dizze útspraek brocht troch it dizenich romantysk geskriuw fan Inne de Jong. Earder (bls. 253/4) hied er al úthâlden: ‘it sil ynearsten ek wol needsaeklik bliuwe dat de Fryske dichters dêr (“de striid foar it folk”) likegoed oan meidogge as de leargongjowers en de ponghâlders. Mar lit ús dat bileaven net sjen as in foarrjocht of in idéale tastân, mar as in stik ûngeriif dat ús skeppingsformogen ûnderstek docht, al wie it allinne mar om de kostbere tiid dy't it opfret. Lit ús it Frysk-nasionale koely-wurk sjen as hwat it is: in hurde needsaek, dêr't wy to ûnrjochte somstiden ek noch nocht oan hawwe, mar dêr't wy ús op tiid en ûre oan ûntwine moatte om wêze to kinnen dy't wy winliken binne.’ Foar dat lêste hie Wadman al earder yn it stik in knappe formule foun: ‘It giet by my net yn it earste plak om de Fryske skriuwer mar om de Fryske skriuwer.’ Mei oare wurden, siz ik derby, it giet om de literatuer.
Schurer, om nei De bining forbritsen werom to kearen, seach alderearst
| |
| |
leau ik de posysje fan de skriuwer. Ek foar de twade wrâldoarloch ommers wie der literatuer dy't net in propagandistyske opdracht wie. De namme fan Obe Postma mei hjir folstean.
Skerp seach Schurer fierders dat binammen de krityk in oare, in kritysker funksje krije moast: dy moast ús bifrije ‘fen de nachtmerje fen jowt.
Ek hjirre lykwols wurdt tofolle nei de minsklike kant tocht en wurdt de krityk net op it eigentlike ûnderwerp bilutsen. De literatuer, as dy út eigen fearren fleane moat, sil it eigen wêzen as problematysk ûndergean, sil him yn de jierren dy't komme fan eigen estetyske groundearring biwust wurde. Fragen nei de sin fan it kunstwurk, de fragen fan foarm en ynhâld, de fragen nei it hoe en hwat fan it engagearre wêzen, sille biskiedend wurde en dêrnei de frage nei it hwat fan de kunst. It is net tafallich hwannear't yn 1965, as in lyts stikje dêrfan ekplisyt makke wurdt yn in essay fan Jo Smit, deselde Inne de Jong wer opponearret. Wurden as ûntjowing en foarútgong - troch De Jong ûnderskoud yn syn sjenwize op de skôging fan Smit - hawwe gjin sin foar de kunst oer, al wie it inkeld mar om't sokssahwat as literaire histoary winliken net bistiet (yn de sin fan in kontinuüm fan oarsaken en gefolgen) oars as yn in feitlike opsomming fan de kunst dy't west hat of dy't as sadanich presintearre waerd. Mei dit lêste wurdt literatuerskiednis yn it foarste plak de skiednis fan de literaire krityk, op himsels al wer hwat, dêr't ûntjowing en foarútgong net sa bot op tapasber binne, bihalven dan út in iensidich, biheind parti-pris wei.
Ik bin dan ek fan doel foaral út to gean fan de aktuéle refleksjes op 'e literatuer, sa't dy bliken dogge út essay en krityk en fierders foaral ek de klimaetbipalende faktoren acht to slaen, dêr't dan, nei't ik hoopje, ek in mannich wurkstikken en figueren in plak troch taskikt wurde sil.
|
|