[Nummer 4
De Fryske literatur 1945 1967]
Wurd foarof
In essayistyske bihanneling fan de Fryske literatuer nei de twade wrâldoarloch is der fan my frege. Dat bitsjut oan 'e iene kant de eask fan biheining - it mei bygelyks net in soarte fan learboekje wurde, kreas yndield yn paragrafen dêr't alle forskynsels en alle figueren yn ûnderdak brocht wurde - oan 'e oare kant jowt it de mooglikheit to boartsjen bûten it eigentlike mêd fan de literatuer; it bitsjut ek oan 'e iene kant de opdracht de fenomenen in plak ta to skikken, mar dêrfoaroer it frij dat to dwaen nei eigen oardiel. Winliken komt it hjir op del: hjir lizze de literaire produkten fan trijeëntweintich jier, romans, essays, fersen, toaniel, boekbisprekken, literatuerskiednissen, tydskriften en bisykje dat nou mar ris op eigen manneboet to oarderjen. Nou bitsjut oarderjen foar ús altiten yndiele neffens biskate eigenskippen en om't in literair wurk safolle eigenskippen hat, binne der ek gâns oarderingsprinsipes mooglik. Men kin al oer yndieling prate as dat bart neffens primitive ûnderskiedingen as lang en koart, goed en biroerd en gean sa mar troch. Yndiele op ien inkelde eigenskip soe wol slim iensidich wêze en dêrom haw ik bisocht der hwat mear tagelyk to nimmen. Ek hat it gjin doel oare as literaire eigenskippen to nimmen, mar dêr is men fansels al daliks op subjektyf oardielen oanwiisd, wylst it hifkjen fan dy eigenskippen al hielendal subjektyf is.
It iennichste dat ik dêr tsjin dwaen kin is, dat ik mysels yn 'e kaert sjen lit, sadat elk alteast sjen kin hwat der winliken bart. Wolnou, ik bin foar dit opstel útgien fan in definysje fan it literaire kunstwurk, dy't ik foar mysels formulearre haw, yn 'e forhopinge dat dêr alle eigenskippen dêr't it by literatuer op oankomt yn sitte sille. Dat folget nei myn idé út de definysje fan definysje. Dat útgongspunt wie:
Literaire kunstwurken binne persoanlike uteringen fan gratuïte aktiviteit, dy't lykwols rjochte binne op oaren as persoanen en dy't boun binne oan plak en tiid, mar dochs yn it bêste gefal dy tobûten geane troch de persoanlikheit fan de skriuwer, dy't harren duorsumheit it dilettantisme.’
It is hwat in knoffelige definysje, mar by hat it foardiel dat er jin, mei syn twa paradoksen, net to folle de hannen bynt en dochs gâns hwat wêzenlik is biflapt.