dy beide hearen dy't him - sa sjocht er it - syn wiif ûntset hawwe, en it leit foar de hân dat er se útracht en oankwitst. It is yn to skikken dat ‘ik’ ynearsten alle skuld op ‘it komysk duo’ smyt, om syn frou, en dus himsels, to sparjen. Mar nei forrin fan tiid sil er de moed opbringe moatte om ta to jaen dat dy mannen mar figuranten binne en dat hy de skuld by himsels en syn frou to sykjen hat. Dat ynsjoch komt to let. En as ‘ik’ dan yndied safier is dat er wit dat er ophâlde moat mei lêbjen oer W en W, dan docht er it in pear siden fierder lykwols wer.
Men soe tsjin my ynbringe kinne: dy ‘ik’ is nou ienkear in rankuneus figuer dy't eigen skuld bisiket to oerrazen mei op oaren to rachen. Ja, dat leau ik ek wol, dy ‘ik’ is sa, dat trochâldehoeren past by him. Mar dat nimt net wei dat hwat hy skriuwt op 'en dûr net mear lêsber is. Piebenga hie, om't hy - en net syn haedpersoan - op 't lêst forantwurdlik is foar it artistike nivo fan 'e roman, hwat faker de wreedheit opbringe moatten om it gejeuzel fan ‘ik’ de kop yn to drukken.
It is net mei wissichheit út to meitsjen fan hwannear oant hwannear ‘ik’ syn boek skriuwt. Hy bigjint krekt foar't se de húshalding opbrekke, liket my ta, en hy hâldt op as de skieding al úetsprutsen is. Fan dy skiedingsproseduere fynt men in bytsje werom yn it boek, en it liket my ta - al bin ik leek - dat dêr dochs wol in pear goeije scènes út to heljen west hienen. Mear skriuwt ‘ik’ oer it toanielklubke dêr't, njonken û.o. de smjunten Watse en Wouter, syn frou en hy diel fan útmeitsje. It spyljen wurdt fuortset, ek as ‘ik’ en syn frou al byinoar wei binne. In gekke fynst is dat toanielklubke net, hwant foarst wie dat sabeareartistike milieu gaedlik foar it slagjen fan 'e avances fan W en W, en twad waerd ,ik' troch it meispyljen yn dat ploechje twongen om hieltyd wer syn frou, dêr't er al by wei wie, to moeten, hwat de akku fan rankune en fortriet alle kearen wer oplaedde.
Wol soe ik it op priis steld hawwe as yn it forheljend proaza, part trije fan elk haedstik, hwat mear oer dat toanielklubke forteld wie, hwant it bliuwt nou wol hwat dizenich. En ek om mear objektive ynformaesjes to krijen oer Watse en Wouter, hwant dy twa komme der wol hwat raer foarwei. Ik wit wol, it binne mar byfigueren, mar as ‘ik’ it nedich foun om har salang mei ynfektiven to efterfolgjen, dan hie er har dêrneist ek in earlike kâns jaen moatten, lykas er dy oan syn frou jown hat yn 'e petearen en forheljende parten.
By einsluten de figuer Astrid. As ik myn sin siz, dan hie dy better mist wurde kinnen. Piebenga bisteget nochal hwat omtinken om har, wylst