De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 112] [p. 112] Tiny Mulder / Gedichten Ars brevis 1 myn knyn de ôfstân fan parys nei amsterdam forwidere en dan it hiele ein nei ljouwert noch om mar in goed ein to neamen wit net hoe sot ik by myn efterdoar mei woartellof omskutterje en myn fromste bidoelingen stikkenwaeije oan de line buorlju en foarbygongers ta spot 2 hwerfoar ik libje foar in tút in readen in swarten foar hwat ditten en datten en foar de gloarje fan god en blykber foar it lot - lyk as frommen jim al tochten - him to loovjen as in stomme [pagina 113] [p. 113] 3 dach dames moatte wy sizze tsjin de wurden yn har forgulde earmoed mantels dat se har selsrespekt wer fine nei it heechforried de rjochtdei en de straf dach respektabele dames dy't ús korruptens boeten wy sille jimme forsichtich en biskieden de earmsillige opskik útdwaen en jim koel biwarje dach earbiedweardige frouwen bid foar ús nou en yn de ûre fan pinne op papier [pagina 114] [p. 114] Brooklyn wenjend yn middenstânskouwen franklin ave., brooklyn, n.y., strike se nacht en dei ja ek en binammen oerdei dûbelde skoattels op 'e doarren hâlde by de skille de doar yn it tsier goed forankere mei koopren keatlings sjogge mei ien each mei ien tear each neaken de frjemdling dêrbûten de rôver de moardner de dief de forkrêfter trephûs fol driging portalen fol hate oant mooglik miskien nei hifkjen en freegjen nei freegjen en hifkjen it tsjindiel blykt en de frjemdling der yn komt mei kofje en doughnuts as in ingel yn brooklyn [pagina 115] [p. 115] Manhattan broadway wie in yndianefuotpaed lâns de rivier oan wjerskanten buffel en bear broadway is de brede wei troch de ivige jachtfjilden fan glês en beton bezine en oalje oan wjerskanten Ford en Chrysler don't worry Job giftich rikjende púnheap rjocht yn gods eagen - sjoch hoe grien de stien útslein is sjoch hoe swart de foech biskimmele - en wy amper giftige swammen mei ús driftige flokjes en noait reden ta laster bilegerje de manmachtige ruïne job hinderlik Vorige Volgende