| |
| |
| |
Leo Popma / De bokkesprong fan Heruer
Joun sloech se my yn it gesicht. Saffier is it nou al.
Foar't ik der erch yn hie, draeide se har healwei om yn har stoel en mei de folle hân helle se nei my út. Mei kaem se oerein en stoep in eintsje tobek. Bleek en forlutsen fan ûntsetting naem se my op en foel doe skreauwend tsjin my út.
‘Lit dat, goar ûngelok, stjonkdier; kom net mear oan my, walchlik beest, smearlap, ik kots fan dy.’
Doe strûsde se de keamer út, in bûsdoek foar de mûle treaun. De doar sloech ticht. Yn de keuken hearde ik har braekjen en hoastjen.
Ik wie achter har stean gien. Oer har skouders seach ik it geweldige lichem op en del gean. Men hearde har smûgen, koart en swier. It like as wie de earmstoel yn har weigroeid. Har hier wie sloarderich byinoar boun en hong oer ien fan de skouders op it boarst.
Se hie net opsjoen doe't ik der ynkaem en sêft goejoun sei, om har net to steuren. De holle foardel, de knibbels hwat útelkoar om it liif romte to jaen, har hannen rêstleas mei de heakpinnen dwaende, in ein fan har ôf, om de ynoarme búk hinne, as hearden se net by har, sa bleau se ûnbiweechlik sitten.
Mar ik woe fan har hâlde, sei nochris dei doe't ik in hân op har skouder lei en har foarsichtich yn 'e hals tute.
Foarsichtich, dat sei ik doch? Mei droege, ynhâlden lippen en roerdelings. Myn hân rekke amper har klean. Ik wit dat sy neat fan my fordrage kin. Elke oanreitsing dy't de waermte fan myn lichem fielber makket, soe har mislik meitsje.
Ik hearde elke nije útboarsting dêrjinsen, it smoarde kokjen en de brokkelige stream dy't yn har kiel opsette en ûnder gekreun op 'e stiennen kwatste. Ik stelde my foar hoe't de triennen oer har forstikt gesicht rounen en seach de slymtriedden dy't se rocheljend út har múle bisocht to spuijen en traech fan har lippen slierken.
Hwat kin ik noch foar har dwaen? It iennichste is fuortgean. Dat kin ik net. Ik moat hjir bliuwe om har by to stean as it nedich wêze mocht. Trouwens, se soe my net gean litte. Fûler as ea soe se oangean en my útmeitsje foar it smoarchste dat se bitinke kin.
| |
| |
Lêstendeis haw ik útsteld yn in hotel to gean, salang. Ik miende har dêrmei to wille to wêzen. Se soe my net mear om har hinne ha, de lucht dêr't ik it hús mei forgiftigje soe har net langer mislik meitsje. Ik soe it dien ha, as se woe.
Mar se boarste út yn in smeulsk laitsjen earst, en dêrnei, doet de pine har wer ta harsels brocht hie, foel se werom op har fornederj end geskel. ‘Skoft, profiteur, hoererinder, omt ik net to brûken bin foar dyn goare streken mei oaren fuort, hen, op hotelkeamers; my barste litte, nou't de wille der ôf is; god, geile rikel, dou stiest by de muorren op. Se sjogge dy oankommen: - dit hotel is allinne foar minsken, menear, spitigernôch wy kinne neat foar jo dwaen.’
Se wie bispotlik, in gedroch, sa't se mei in hege stim en sinnige gebaren de resepsionist neibaude. Har swiere lichem koe it net mear neikomme Mar ik liet neat skine en hearde har oan. Har biledigingen en ynsinuaesjes woe ik net op trochtinke. Se bigoun wer smaedlik to laitsjen, mar de pine makke har pûr.
‘Se sille sjen datst in dier bist, sadré'st dy omkeard hast sille se tsjin elkoar gnize om dyn sturt, dyn lompe poaten, it hier dat dy ta it board útgroeit. Soademiterje op, stjonkbear, ik kin dyn wâlm net forneare.’ Ik tink der wol oer om my yn 'e stâl nei wenjen to setten. It strie haw ik al ris probearre. It is miskien wol makliker krûpende alles ôf to dwaen. De trôch stiet njonken de sliephoeke. Alles wurdt der ienfâldiger troch. Mar ik haw der net ta bislute kind.
Se is nou yn 'e achtste moanne, hie ik dy dat al sein? Fansels, dou hast it fan it bigjin ôf meimakke, ik hoef dy neat to fortellen. Bin ik dyjinge dêr't se my hieltyd foar útmakket of wurd ik stadichoan troch har forfoarme? Ik sprek dy al oan as wiest in oar. Mar goed, dan witst skielk hwer't ik bilânne bin.
Ik troude har omt ik fan har hold. Hoeden gie ik to wurk dy earste kears, om har gjin sear to dwaen. Se huvere by myn oanreitsing. Mar se naem my op en sûgde my leech, letter. Alles die ik om har to bidaerjen. Wy wiene gelokkich, leau 'k. Ik woe der net oan tinke dat ik har soms net bigriep. Myn argewaesje oer allerhande lytse dingen wie net rjochtfeardige, tocht ik. Se wie dy't se wie en sa woe ik fan har hâlde. Ik bisocht har yn alles tomjitte to kommen. Hyt wie se net, sa't men dat neamt, en ik paste my derby oan. Hwant se wie leaf.
Mar de oankundiging dat se swier wie - op in jountiid, doet ik fan myn wurk thús kaem - wie de ein fan de dream.
| |
| |
Witst noch hwatst allegear úttochtst om it har nei 't sin to meitsjen? En har easken koene sa lumich net wêze, as dou foldiest der oan.
De perioaden fan mislikens hie ik tige mei har to dwaen. De grize gie my oer de grouwe as ik har nei de keuken laet hie en it broaze lichem kromjen seach, wylst har koartsige eagen eangstich de flier ôftaestten en takniepen hwannear't de stream fan ellinde hommels nei bûten briek. Triljend en mei bitrienne wangen spuide se it slym út, rjochte har en seach my oan as wie ik in frjemd. Ik brocht har werom nei har stoel, sette wetter foar har klear of draeide sêfte muzyk om har del to bêdzjen.
Troch 'en dei wie se allinne thús, hwat har bang makke, al spriek se dat nea tsjin my út. As ik thús kaem nei kantoartiid, koe ik har oeral oantreffe. Soms wachte se yn har stoel, it each op 'e doar rjochte. Of ik bitrape har der op, dat se achter de gerdinen nei my stie út to sjen of oan 'e doarren harke om myn ynkommen to hearren. Ek koe ik har yn de leane tsjinkomme, dy't nei myn hús fiert. Swijend folge se my, wylst ik har de grappige foarfallen fan dy deis fortelde, om har hwat op to fleurjen. Mar alhoe sterk se nei myn komst like út to sjen, as ik der wie, sleat se har op yn harsels en repte mei gjin wurd oer hwat der yn har om gie. Unrêstich wie se mei allerhande dingen dwaende, mar healwei liet se it lizze om earne oars har gedachten mei ôf to lieden. Se waerd swijsum en neinimmend. Wrantelich koe se my tobektriuwe as ik har mei it ien as oar helpe woe of makliker meitsje.
‘Stel dy net oan,’ rôp se dan, ‘dou bihannelst my as in ynvalide.’
Ik fordroech har kluchten en wende my oan fan alles to birêdden en har fragen foar to wêzen. Nou en dan kaem se noch wolris by my as wy togearre yn 'e stille keamer by de hurd sieten en ik har mar mei har gedachten en hantwurk oan harsels oerlitten hie. Dan kroep se my oan mei in skuldich gesicht en flûstere dat ik har forjaen moast, hwant dat se wol oars woe, mar har faek sa ellindich fielde.
Dan streake ik har foarsichtich en brocht har op bêd. Soms sliepte se noch yn myn earms, en forwiet ik mysels dat ik oan har twivele hie. Myn erchtinken en oergunst hiene my nitelich makke, ik moast op har fortrouwe en har yn har omstannichheden fordrage.
Stadichoan bigjin ik der fan oertsjûge to reitsjen, dat myn hâlding tsjin har oer minder ûnwis wie. Mar hwannear't hja har dolle riten hie wie it de earste ynjowing dy't jin ta aksje brocht. Ik stie der foar. Gelegenheit om rjocht en ûnridlikheit ôf to wagen wie der net. Troch to handeljen koe ik fan har hâlde.
| |
| |
It bigoun mei it sûr. Op de meast ûngelegen mominten kaem ik oan har winsken tomjitte en sleepte rauwe griente mei jittik oan, komkommers en sitroenen, of makke in mingsel fan jittik en sodawetter, dêr't se glêsfollen fan opdronk.
Ik foldie mar oan hwat hja frege, hwant har ûngeduerichheit makke my bang. Ik feide my skuldich troch de net útsprutsen forwiten, dy't ik aloan yn har hâlden en dragen waernimme koe.
In sneintomiddei stie se ynienen foar my, de jas oan, ré om to fortrekken. Se woe nei de smidte, de lucht fan brân en izer rûke. Forheard noch troch dit ûnforwachte bislût bisocht ik har dûdlik to meitsjen dat de smid dy deis net op it wurk wie. Mar ûngeduldich hiet se my risselwaesjes to meitsjen om mei. Wy rieden nei it doarp. De dyk wie forlitten, de buorren útstoarn. De kealens fan it lân makke my noch iensumer. Ik woe flechtsje of yn opstân komme. As se mar ien wurd sein hie oer hwat der yn har omgie.
Ik rammele oan de doarren en tikke oan de ruten, dêr't de gerdinen foar dellitten wiene. Doe't ik nei myn bitinken langernôch dwaende west hie en har tsjin de skrouske wyn yn biroppe woe dat der gjinien thús wie, wiisde se fan de wein út nei de achterdoar. Ik kearde my om en seach de smid troch it rútsje loeren. Hy forstie my net, sleat it lûk, en nei forrin fan tiid gie de doar op en skreauwde er boppe de wyn út, hwat ik woe? Syn slieprich gesicht en forknûkele klean makken my ûnwis, mar ik lei him mei gebearten út hwat der to rêdden wie en tocht dat er ús foar ien kear wol skewiele woe. Hy die de doar wer ticht. Ik hearde syn bromstim dêr binnen en dêrnei it lûde laitsjen fan in frou. Wy waerden der yn litten en folgen it pear nei de smidte, dêr't se swijend en mei hetsige koppen achter ús stean bleaunen.
It roek dêr nei roastich izer en skroeide hoarn. Ik liet har bigean. Se snúfde de roken op en bifielde har lea. Achter my hearde ik it pear gnyskjen en sûntsjes stinnen. Ik doarst net omsjen om har net to attendearjen op hwat dy twa dêr útheefden. Mar de frou hie myn gedachten ret en lake tsjin har. ‘Jaja, wyfke, dat is de ellinde fan ús frouwen. Hâld him dy tonei fan it iif. Smearlappen bin 't, dat siz ik dy.’
Mei hearde ik de smid grânzgjen, en it wiif, dat bihaechlik kreunde en har troch him nimme liet.
Fluch brocht ik har nei de doar, bitanke yn it foarbygean de minsken dy't yn in skimerhoeke amper mear to ûnderskieden wiene, en ried werom nei hûs.
| |
| |
Jouns nestelje ik my yn myn stoel. Ik doch myn klean út, dy't my hinderje. Ta in kleaun oprôle yn de kêssens, fiel ik my op myn gemak. Ik skriuw dy hoe't it mei har stiet. Yn 'e stêd keapje ik bananen en nuten, sadat ik my hjir sels rêdde kin.
Nou ja, dêrnei wie se noch stroever. Mei gjin wurd liet se har út oer it bisyk oan de smidte. Al lang die ik gjin muoite mear om har noch to binaderjen. Mar koart sliepte ik langer mei har yn itselde bêd. Fuortoan lei ik op 'e flier, dêr't ik in poepebêd makke hie. It ljocht bleau op. Uren oan ien wei lei hja to lêzen, smookte swiere sigaretten en wie har fan myn oanwêzigens net biwust, nei't it like. Oer de rânne fan it ledikant seach ik de geweldige rouning fan har búk. Ik bisocht my net to biwegen, hwant by it minste gerús spatte se op of bigoun kleijerich om hwat mear meilibjen fan myn kant to freegjen. Ik forbaesde my alle nachten weroan oer de groute fan har liif. Troch myn teisters biskôge ik har. Ik die as sliepte ik as sy yn de stilte muoisum oereinkaem en tomûk oer de bedsrânne op my delseach.
Griuw-griuw, fordomme, de luzen hawwe har yn myn facht nestele, dat is lêstich Heruer; lâns it bekling skuorje, skuorje, dat giet better.
God, de faem soe ik pakke moatte, op de flier fan myn keamer krusigje en har bisitte as yn in woast wâld, en togearre gromje en skreauwe, de rook fan hars yn ús hier en moas tusken de skonken.
Soms hear ik har mei de faem. Dan is se praetsk, se spot mei har wanskepenheit, tink ik. Se neame myn namme, of se ropt my. Se flústerje lang, mei stikem gnizen, en dan de faem dy't laket, stikt fan it laitsjen. As se my bitsjinnet glide har eagen by my del. Se bûcht har to fier oer my hinne. Ik hear har snuven en sjoch har gesicht fan opwining kleurjen as se yn 'e keuken fordwynt.
Ienkear trapearre se har, wylst se my it iten foarsette. Ik hie har noch net sjoen dy deis. En wylst de faem by my dwaende wie, stie se ynienen yn 'e doar en lake skealik, mei har wurge, lege stim. Ik woe har groetsje en freegje hoe't it mei har wie. Mar troch de oanwêzichheit fan de faem of hwerom dan ek, bigoun se to skelden.
‘Dou stjonkst, Heruer, dyn ritsige lucht is ûnfordraechlik. Loeder, dy trut to forlieden mei de stank dy't út dyn klean, út dyn hier, út dyn hûd nei bûten kringt. Bok, rikel, bolle, man, walchlike fuilik!’
En fuort stoarme se nei de keuken, dêr't de faem by har ynkommen fordwoun wie, en ik hearde har roppen.
‘Strui it krûd op it hiem, oars ha wy aenst dy loopske teven wer om 'e
| |
| |
doar. Sjit op, trut, foar't it to let is!’ Se klapte de doar ta en bigoun nochris tsjin my.
‘Swyn, sels de hounen wolle mei dy joetse. Sjoch hwatst my oandien hast. Hwatfoar munster hast yn myn yngewant brocht. Mei dy klauwen hast oan my sitten. Sjoch him sitten, de makke bok. Sjoch dy kwyljende freet syn lijf folfretten. Hier, spieren, kwyl, swit en hûd, ûngelok, neukdier!’
Ik moast my ynhâlde, dat moat ik dy bikenne. Mar hja hie miskien gelyk. Se hellet my del, se fornederet my yn myn manlikens, dêr't hja troch my to trouwen om frege hat. Ik moat har fordrage. De iennichste manier om fan har to hâlden langer, is mysels op to jaen. Elk bisykjen om har gerêst to stellen soe har riedleas meitsje fan eangst en ûnmacht.
Dou soest har net weromkenne, de faem dy't har eartiids troch dy streakje liet, skruten en hwat ûnrêstich, as wie se bang datst tofier gean soest. Mar se wist wol better en liet dy bigean om gjin wantrouwen op to roppen en om net de kâns to rinnen datst fan har fuortgean soest.
As in swiere baviaen stommelet se troch it hûs. Ik sjoch har komselden mear, mar har wearze fan my follet it hiele hûs.
It moat wenne. It krevelet oeral yn myn hier, dat my langer by earms en skonken delhinget. Oer de rauwe fliermatte rôlje ik my hinne en wer om my to skobjen.
Ik lêst har net mear. Har wearze fan my makket my kjel. Stel dy foar, dat ik myn hierrich liif nochris tusken har knibbels wringe soe. Dochs wosk ik my alle dagen, Heruer. Ik kocht fleskes yn 'e stêd, dy't ik tusken myn klean leechgeat. Lytse fleskes, dy't nei blommen roeken. (Dou kinst better tsjin de doarstile, Heruer, op en del, de skerpe kant oer dyn rêch skrasse litte.)
Walchlik wie it, mar hwat moast ik, foar har?
Bûten is it tsjuster. As de moanne my tusken de ljisken skynt, biweecht it yn it hier. Pears en glêd sjit it omheech. Huhuhuheruer, ik trek dy ôf.
Fan 'e middei op kantoar hie ik de skuon even út. Alles docht my sear oan it lijf. Miskien hie ik it board ek wol los. Ik koe net mear lêze hwat der op 'e papieren foar my stie. De nekke waerd my stijf, en it wie oft it kin nei foaren groeide. Ik hearde laitsjen doe't ik my weromloek nei it toilet. Doe't ik weromkaem hiene se lytse nuten foar my dellein en in glinsterich beltsje. Dat wie leaf en ik bitanke harren troch mei de bel to swaeijen. Allegear klapten se yn 'e hanneen en rôpen, goed,
| |
| |
goed sa, Heruer. Mar se stelden har oan. Ik hie wol hwat oars oan 'e holle.
Hoe soe it nou mei har wêze? Ik sil de doar yn it slot dwaen. Lit har hjir joun net mear komme, gjin fornederingen mear. Ik soe my net langer ynhâlde kinne. Myn klauwen soene har kiel ôfslute en ik soe net earder loslitte kinne oant har swiere liif oan myn fuotten lei. Lit har net komme. Ik moat fan har hâlde. Opsjitte moat ik. Myn liif forgroeit hieltyd hurder. Hier oerdekt myn hûd, aenst binne de lippen forlamme, myn biwegingen wurde al swierder, ik kin amper noch op fuotten stean. En ear't myn stramme fingers, myn ieltige klauwen ta hoeven forhurde binne, moat ik hjirwei wêze, bûten, om myn liif biwege litte to kinnen sa't it dat wol. Sy hat har sin krige, my foroare en forlege ta it soarte dat ik neffens har wie. God, it is gjin gesicht. Yn it rút sjoch ik myn spegelbyld. Myn kop is ûnwerkenber. Op myn krûme rêch hat de facht him sletten en groeit fierder, lâns de nekke omheech. Myn earen biwege as ik de wynbrauwen freegjend oplûk. De fuotten binne nei binnen groeid en strike geduerich oerelkoar. It is bispotlik, huhuhu Heruer, tichter by it rút, huhuhu, yn de facht bin de billen ûnbidutsen bleaun, read en ieltich skine se troch.
Se mei hjir yn gjin gefal mear komme om my to freegjen dit of dat foar har to dwaen. Gûlend soe se nei bûten fleane en buorlju meinimme om my it hûs út to jeijen. Ik moat my ynhâlde har net foar it lêst noch goendei to sizzen, en to fortellen dat ik der net mear bin. Har jong sil my net sjen. Ik bid foar har, hehehheruer, dat se gjin dier, gjin hierrich munster to wrâld bringe mei. Se sil iepenrutsen wurde, slimmer noch as eartiids troch my. Lit har net oan my tinke as it safier is, oars sil in stjonkend gedroch út har binnenst glide.
Ik moat hurd. De naed yn myn hoeven brekt troch. De doarren moatte noch op, sûnder dat se my fuortgean heart. Nei de bosk. Dêr moat ik in leger bouwe, oant ik fan de dieren net mear to ûnderskieden bin. Dan bin ik feilich.
Mar oant salang? Allinne de nachten sil ik my fortoane kinne. It doarpsfolk sil syn bern binnendoar roppe sadré't de sinne achter it wâld ûndergien is. Se sille de doarren skoattelje. Sûnder dat ik it wol, sille hja bang tsjinelkoar oan krûpe, as myn skreau troch de joun galmet, Hùhùhùheruer!
Mar ik moat libje. Ut har skuorren en hôven sil ik myn iten garje. Litte hja har biskermje, dy't achter bliuwt yn myn hûs. Sy is swier fan
| |
| |
dit munster. Sy sil har jong wol leare my to forachtsjen. Op fjouwer poaten strúnt er troch de winternacht. Hy wachtet syn kânsen ôf op de boerehiemen. Hoeden kringt er de stâllen binnen, as de boeren yn 'e hûs keard binne.
Hùhùhùheruer! Syn liif trillet, de moanne forwaermet syn ljisken. Binnendoar sil er se nimme, it neat formoedzjend fé. Elk dier dat him binei komt sil er bispringe Jankend jachtsje de teven achter him oan. It doarp beeft achter de sletten lûken. Kreunend litte se har joetse. Hy is de rikel, de bolle, de bok.
Hùhùhùheruer! As it earste sinneljocht oer de snieflakten krûpt moat er wer yn de bosken wêze.
|
|