De Tsjerne. Jaargang 23
(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 99]
| |
Durk van der Ploeg / It lúsjefersprikje en it koalsblêd[By wize fan kronyk]. De dichter Obe Postma, hwaens hûnderste bertedei wy dizze moanne bitinke, hat yn 1936 it gedicht Dichters Stoffe skreaun hweryn ûnder oaren de folgjende rigels foarkomme: Der binne dichters tsjinwurdich dy't in lúsjefersprikje / en in koalsblêd bineame doare, / En al it únnoazele dat de siele biwege kin. Postma stuitte hjir op in foar him nij forskynsel, dat yn wêzen hielendal net nij mear wie en dat wy oantsjutte kinne as de demokratisearring fan it wurd/de tael. Yn elts gefal wie it yn de Fryske poézij wol hwat nijs. Postma forsette him net tsjin dit forskynsel fan demokratisearring (hwa soe dat ek fan Postma forwachte hawwe?) mar wurden lykas lúsjefersprikje en koalsblêd bihearden neffens him al ta it ûnnoazele, it unbitsjuttende. Ek tsjin it ûnnoazele hie er gjin biswier, hwant by skreau dat it de siele biwege kin en hwat is poézij oars as dat? Foar Postma wie dizze demokratisearring fan de tael gjin probleem. It foarmet ommers ek in wêzentlik ûnderdiel fan syn eigen poézij, itjinge syn wurk hwat universeels jowt. Lit dat lúsjefersprikje en dat koalsblêd op harsels flauwekul wêze, ik lit dit byld noch net farre. Der is sûnt 1936 in bulte foroare yn de literatuer. Poézij is nou folslein hwat oars as doe, of miskien is poézij nét hwat oars, mar mienden se doe dat it hwat oars wie omdat in lúsjefersprikje en in koalsblêd net bydrage koene ta de kunst, útsein dan yn it proaza oer pyromanen, hwerby it lúsjefersprikje stéfêst it biwiis levere. Ik wit noch dat wy froeger by it koaltameitsjen de bûtenste blêdden krigen en dy as in pet op 'e holle hiene. Dêrom gjin ûnnoazele, mar taestbere dingen dy't wol deeglik ynhâld en funksje hawwe yn de poézij fan nou. Ta illustraesje skriuw ik hjir in fers oer fan Meindert Bylsma, ûnder de titel mearke opnommen yn it bondeltsje Fersefariaesje.Ga naar voetnoot*) der wie ris in klomp
dêr siet ik yn to farren
| |
[pagina 100]
| |
by de trottwaerbannen lâns
en lâns alle doarren
al rillegau die bliken
ien skip dat wie to min
foar hwat de minsken
fuortsmieten yn 'e rin
fan 25 jierren
fan 20.000 lúsjefersprikjes
boude ik myn nijste skip
mei illustykjes en knopen
bierfiltsjes en flessen
kaertsjes foar alle bioskopen
in stik of hwat messen
lampen om to skimerjen
en by to mimerjen
oer de prinses fan al
dy wûndermoaije dingen
en as echte doch it sels man
nifele ik dêr de moaiste
prinses fan 'e wrâld fan
dit mearke duorret noch lang
sa lang soe 'k net fortelle kinne
dêrom siz ik mar ensafuorthinne
Sjochdêr, it byld fan de moderne poézij, hweryn de tael net mear op in fuotstik stiet, mar gelyk komt to stean mei de sprektael fol banaliteiten en stilistyske tokoarten. Dêrmei binne der foar de poézij folle mear taelmooglikheden ûntstien, hwant njonken in demokratisearring fan de tael is der ek in oar milieu en taelsfear foar de poézij tagonklik wurden, lykas Meindert Bylsma hjir ek dt dúdlik illustrearret mei wurden lykas illustykje, knopen, bierfiltjes, flessen, kaertsjes foar alle bioskopen, etc. De dichtrigels fan Obe Postma binne konstatearjend mar tsjutte tagelyk ek in nije mooglikheit oan, al brûkt er yn dit forbân wol it wurdtsje doare. Men moat hwat nijs oandoare. Dêr wie Obe Postma sels ek net fij fan. Wy kinne yn syn wurk in bulte moderne wurden en bigripen fine, dy't organysk folslein by syn wurk hearre, lykas: fyts, auto, autowei, bioskoop, yngenieur, farm, boy. Dêr hawwe de measte Fryske boereromans optheden wol oan. Obe Postma wie ek de earste Fryske dichter | |
[pagina 101]
| |
dy't it lúsjefersprikje en it koalsblêd bineamd hat, itjinge foar my it safolste biwiis is dat syn wurk noch lêsber is en in nijsgjirrich stúdzje-objekt foarmet.
Sûnder dat der daliks sprutsen wurde kin fan in nije poézij, mei dochs wol konstatearre wurde dat der groei en biweging sit yn de Fryske dichtkunst. Miskien hat Jan J. Bylsma forline jier it nije offensyf fan it relativearjen fan it dichterskip en de poézij wol ynlet mei de publikaesje fan syn bondel Striptease, yn elts gefal hawwe de poézij-festivals to Ljouwert en Drachten der goed oan dien. Gâns in tal dichters kaem mei nij en oar wurk foar it ljocht dat oanklang foun by in brede rounte. Dizze poézij-feesten hawwe der grif ek ta bydroegen dat it publyk hwat oer de swiere image - dy't de Fryske poézij winliken altyd hawn hat, binammen omdat it Frysk is - hinne holpen waerd en dêrfoar yn it plak ûntstie in soarte fan populariteit. Yn elts gefal snijde it mes nei twa kanten: de dichter en it publyk, dat ieuwen wjerskanten in kleau fan ûnbigrip en ûnforsteanberens stien hat. Greate bilangstelling foar poézij is ek to tankjen oan it loslitten fan gâns estetyske noarmen en foarmen, it relativearjen fan it dichterskip en it gedicht sadat se it publyk like earnstich nimme as dat se sels binne en binammen ek omtinken jowe oan irony, boartlikens, réaliteit, aktualiteit, polityk, seks, godstsjinst en dat dynamysker, skokkender, oangripender witte to bringen as wy yn ús noflik lettertúntsje wend binne, al giet it dan, lykas op de dichter-festivals mei bihelp fan waskmiddels, fluitsjes en papieren fleantugen. Der is noch in resint forskynsel dat in oerweldigjende bilangstelling sjen lit foar poézij, to witten it telefoan-gedicht fan Operaesje Fers. De trije redakteuren, Meindert Bylsma, Josse de Haan en Geart van der Zwaag binne fan bitinken dat poézij libbensfunktioneel wêze moat foar elts en net tsjinje moat ta forsiering fan de boekekast. It telefoan-gedicht wiist yndied op in nije mooglikheit om de audityf ynstelde minske to birikken. De literatuer moat út har steatlikens en eptigens wei. Men wol dat net allinne birikke troch in oare poézij to skriuwen, yn in deistich taelgebrûk mar fral ek troch it uterlik. Inkelde foarbylden fan dy mooglikheden joegen de pamflettisten Reinder Rienk van der Leest en Tsjerk Veenstra dy't yn 1967 guon fan harren gedichten yn folderfoarm útjown hawwe. Van der Leest lit him yn syn partikulier útjowne folder patates mei mayonaise sjen as in wurdboarter, dy't poézij-grapkes | |
[pagina 102]
| |
makket mei in toto-útslach, in atlasregister en tv-reklame. En poézij of gjin poézij, it docht ynbreuk op ús klisjees, ús banaliteiten. Minder biwust en soms spits binne de fersen fan Tsjerk Veenstra dy't er útjoech yn in stensil-útjefte mei únder oaren as titel: hoepla, een nieuwe mens. Syn protestsongs binne bitend en sarkastysk. It is net sa earnstich as wy wol wend binne mar krekt de boartlikens en it suggestive is by him faek de stek ûnder wetter al is it lang allegear gjin poézij hwat der yn dit folderke stiet, likemin as dat it gefal is yn it wurk fan Van der Leest. Ien fan de bêste fersen lit ik hjir folgje:
learplan
dy fan sawntich
ienensawntich
en dy fan
fjirtjin-achtjin
en dy fan
fjirtich
fiifenfjirtich en
mar dêr komme wy net oan ta
it hoecht net mear
fan nou ôf oan
bern binne jim frij
wy dogge
spultsjes op it plein
zakdoekje leggen
beamkeforlos
toudounsje
knikkerje
en anna zat op majesteit
dat is it aldermoaiste
hwant der moat
by skriemd wurde
en skrieme
is it iennichste
hwat jim leare moatte
Hwat men yn de poézij fan de jongeren optheden binammen lêst is it | |
[pagina 103]
| |
protest, tsjin oarloch, polityk, massaliteit, forfrjemding. De poézij giet net mear, lykas by de Jongfryske Biweging oan polityk en maetskiplik biweech foarby. Nou bitsjutte it protest en de aktualiteit yn de poézij op himsels gjin fornijing, dat kinne wy sjen oan it desimber-nûmer fan De Strikel dat in samling aktuéle fersen fan Inne de Jong publisearre hat ûnder de titel Lyts Kommintaer. It is de felle en faken emoasionéle, earnstige toan fan de dichter/polemist Inne de Jong. Mar hiel faek krekt gjin poézij omdat De Jong tofolle dokumintearret en tomin wurket mei understatement. Poézij is nou ienris hwat oars as it opleppeljen fan feiten. Hjir hat de polemist de dichter yn 'e wei stien, al wol ik de fortsjinstlikens fan dit wurk perfoarst net ûntkenne. It sil Inne de Jong ek in soarch wêze. Hy skriuwt hjir út in earlik en oertsjuge protest wei, kommintariearjend as it nijs efter it nijs. Hoewol dizze kommintaren net nij binne, se binne ek net wei. Hwat my by de poézij-bydragen fan Fryslân Oerein opfalt, is dat se it net sykje yn it protest, mar yn de nationalistyske dekadinsje fan Fryslân al wurdt it wol faek mei in studintikoaze grap bislein; frijhwat rjochtsinnich en bolbjirken. Ik hie tocht dat it meartalich literaire tijdschrift A-Wyt dizze nije poézij-ûntjowing ek hwat stimulearje soe mei it opnimmen fan nij wurk. Mar krekt yn oarewei. R.R. van der Leest publisearret in pear fersen yn nr. 3, dy't er ek al yn patates mei mayonaise ôfprinte hat. Fierder stiet der in tekst yn út Stried föör de Moderspraoke in parsebirjocht fan it Nordfriisk Instituut en in pear tekstbydragen dy't net folle om 'e hakken hawwe. Knap útfierd mei foto's, collage's, facsimilé en tekeningen - al is de Jugendstil dan hwat yn 't neigean - mar dêr is it dan ek mei sein. It wol my talykje dat der foar in meartalich literair tijdschrift optheden wol gâns mear to forhakstukjen is. Binammen nou't poézij mear en mear in forskynsel wurdt fan Benelux en EEG, (al kin it dan fansels net sûnder Ingelân) leit der foar in meartalich literair tijdschrift gâans in fjild braek dêr't de tsjintwurdige redaksje sa't liket jusjes gjin aen fan hat. Meartaligens wol men ek by telefoanpoézij en by wize fan gentle hint wiis ik der op dat der faeks in oparbeidzjen mooglik is tusken A-Wyt en Operaesje fers, dy't as twa meartalige literaire media dochs unyk wurk dwaen kinne. Yn elts gefal wiist in great forskaet oan poézij-publikaesjes wol op mooglikheden, dy't yn Fryslân faek hwat tofolle útwierre wurde yn partikulier bihear útjowe folderkes. Obe Postma ta oantinken. |
|