Beng-beng-beng!
By de lêste sloech it kneusje beide hannen foar 't liif en kwakte om.
‘Mear gelok as wysheit, Petersen! Le Roy, lade! Gewear dellizze. Fan 'e trekker ôfbliuwe!’
Der draefden twa hospikken it terrein oer mei in brancard. Se leine it kneusje derop en draefden wer fuort.
‘Sersjant Kwint! Tritich sekonden!’
‘Tritich sekonden, luitenant! Foaral rêstich, Le Roy! Earst oanlizze en stadich ôfdrukke. Dan op 'e nij ynasemje. Gean dyn gong.’
De gipspoat hobbele op in formakelike wize it terrein oer. Mar mei in opmerklike snelheit dochs!
‘Nou kin er wol rinne, dy bliksem! Toe, Le Roy!’
‘Sjit nou, jonge!’
Mar Le Roy waerd sénuweftich fan it gerop efter him en skeat twaris mis. Doe wie syn kâns ek foarby.
‘Adema, lade!’
‘Hwat soenen se mei dy fint dwaen dy't Petersen yn 'e bealch sketten hat?’
‘Sjoch dêr steane in stikmannich ambulance-auto's.’
‘Fordomd, jonge, de hele medyske stêf is der!’
‘Soenen se har nei 't sikenhús bringe?’
‘Wy freegje de luit.’
‘Nou net. Dan krijt er de hel yn.’
‘Nûmer trije klearhâlde, sersj ant Kwint.’
‘Ynoarder, luitenant.’
Se krigen allegear in bar en doe moasten de oare sersjanten mei har groepen fan tsien. Hja hellen de watsjes út 'e earen en gyngen by de skavotten stean. Sersjant Kwint reage mei de pompstôk in lel oalje yn 'e lopen fan har gewearen.
‘Thúus daliks poetse.’
‘Ha wy joun gewearynspeksje, sersjant?’
‘Jaseker!’
‘Hoe let, sersjant?’
‘Acht ûure.’
Yn 'e ploech fan sersjant Koopmans gyng in jûchhei op. ‘Flak foar de harsens! Hartstikke rekke!’
Se wienen klear en kamen mei har sersjant by de skavotten.
‘Wel?’ frege Kwint.
‘Fjouwer, en de lêste lyk foar de raep.’