en Willem fjochtsje der om hwa't earst sil. Jaep komt der tusken. Se rôlje mei har trijen oer de bieren hinne. Jaep makket him los en dan sit er by Hanny.
- Ik earst, dan Kees, dan Willem en dan de oaren. Elk op syn beurt, seit Jaep.
Jelle stiet by Gerry.
- Toe nou, Gerry, smeket er har.
- Se hat neat, seit Minne.
- O né? fjurret Gerry.
- Lit dan ris sjen, toe dan lit sjen, ropt Jelle.
- Bist gek? Fizerikken, smearlappen, ropt se en bliuwt stiif foar it kier sitten dat der in streekje ljocht oer har gesicht hinne falt.
Hanny hat de klean al los. Jaep hat syn hân djip by har blouske yn stutsen en leit syn holle oer Hanny's skouder. Kees skuort him efteroer. Hy komt mei Jaep op 'e bier tolanne Hanny raest.
- Hâld jim stil, of ik smyt de doar iepen, ropt Gerry.
- Hwerom wolstou net? Greate skytsek, seit Jaep.
- Op 'e dyk hast in greate bek, ropt Hanny. Nou Kees earst. Mar dou knypst my net, heite!
- Myn hannen switte sa, seit Minne.
- Dat is better as dy kâlde jatten fan Kees, seit Hanny.
- Ha ik kâlde jatten? freget Kees.
- Fingers as ongels, seit se.
Dan is it Willem syn beurt. Jaep stiet foar Gerry en lûkt de doar ticht dat it tsjuster wurdt yn it bierhok.
- Hwerom wolstou net boarstjefiele? Hy kriget har beet en triuwt beide hannen har by de blouse yn. Gerry slacht en skopt. Byt him yn 'e earms dat er los litte moat.
- Dou hast wol hwat, hear. Falt my neat ôf, hunet er.
- Swijnjakker, ropt Gerry.
- Nou dou je, seit Willem tsjin Minne. Greate kloat astou biste, dou stietst to dreamen.
Mei driigjende gesichten stean se foar him.
- Moatst fluch wêze, seit Hanny.
Hy sit neist har op 'e bernebier. Syn hân wurdt noch hiter fan har boarsten. Se groeije as ballonnen. Ik ha der fan dreamd, tinkt Minne. Hwat hat God Hanny greate boarsten jown.
- Myn hannen binne waerm, hen Hanny?