De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 81] [p. 81] [Nummer 3] Jan J. Bylsma / Gedichten Unnocht de wyfkes mei de earste poppe yn 'e bernewein haw in glimk yn 'e eagen fan ik bin de earste en de lêste ik haw it stopjern of alteast it naeijen útfoun as ik dan mei nocht nei har nylonskonken en de amper restaurearre tytsjes sjoch tink ik mei nocht oan ûnnocht oan de finzen manlju yn 't fabryk [pagina 82] [p. 82] It studint (non scolae, sed pecuniae discimus) de hearen fan paula puera erat virgo en de onterechte aep de tsjinwurdige frije jonges fan tsien oer read en de heechst populaire deeseisensechstich bin oer net al tolange tiid de kleijende doktoren mei in ton skjin yn 't jier of de ûnoantaestbre hearen fan 'e rounom renommearre klassejustysje [pagina 83] [p. 83] Natur yn 'e nea genôch priizge natûr ha 'k nei in ûre skjin myn nocht nei elke beam komt wer in beam nei elke greide wer hwat lân sa út en troch sjoch ik in ré mar dat is in forsin nei alle wierskyn dy sil wol losbrutsen wêze út it net sa drok bisochte hartekampke [pagina 84] [p. 84] In memoriam de baer wie delset yn 'e achterkeamer dêr't de tillefoan ek oan 'e muorre rinkele ik wie tige warber mei airwick de dea en it libbensgreat bisef hwat meitsje ik my drok as dit de ein de absolute ein wêze moat Vorige Volgende