Personalia:
William Carlos Williams; berne 1883 to Rutherford, New Jersey, U.S.A., opwoechsen yn New York en oan 'e Mar fan Genêve. Yn 1910 as dokter wer nei syn berteplak en dêr stoarn yn 1963.
Wie yn 'e lêste helte fan syn libben ien fan 'e forneamdste dichters fan Amearika. ‘It kritearium fan literaire kwaliteit wie foar him de skôging, de krekte waernimming fan it opfallende en de omsetting dêrfan yn in tekst, dy't it foarstelber makket.’ Hoewol net sûnder krityk hearde er ta de rounte om Ezra Pound, mar naem dochs in folslein eigen plak yn.