Op it harspit
Preek foar eigen parochy
Pleitrede, uitgesproken ter zitting van het Gerechtshof te Amsterdam door Gerard Kornelis van het Reve op dinsdag 17 oktober 1967.
Dat it needsaeklik wie dat de auteur G.K. van het Reve in moanne fan syn tiid ûfnaem om dit forwar gear to stallen, is spitich. Hwant bûten inkele pregnante útspraken (de Godheid, Edelgrootachtbaar College, is van oudsher niet kieskeurig, maar ‘lust het hele varken’) is dit geskrift fan fjouwerentweintich siden net botte nijsgjirrich. En boppedat - de skriuwer seit it sels al - de bilidenis fan it leauwe ta it útsprekken hwerfan hy him twongen fielde is net prettich om oan to hearren. Men kin jin dan ek ôffreegje oft it net forstanniger west hie, ynsté fan jin op it himd út to klaeijen en to praten oer dingen dy't jin op 'en djipsten biwege, yn dit Edelgreatachtber Formidden in rikjende skeet to litten. Hwat hat it ommers foar sin oer rjocht to praten mei minsken dy't harsels biskôgje as wetstapassers?
Mar Van het Reve hat yn goedens wollen en dat is him, op in inkeld grapke en in pear oanfallen op de strontweinen dy't him oerriden hawwe nei, knap ôfgien. Hy hat de saek dy't tsjin him oanspand is wichtigernôch foun om der in heap tiid oan to spansearjen, en de wearde fan dizze pleitrede hinget ôf fan it bilang dat men oan dizze hiele saek takenne wol.
Nijs stiet der yn 'e fordigening net folle, tominsten net foar hwa't wolris in bytsje oer theology en literatuer lêzen en neitocht hat. (Mar foar sokken waerd dit pleit fansels ek net opsteld). It meast nijsgjirrich is Van het Reve hwannear't er it wetsartikel, dêr't hy tsjin sûndige hawwe soe, op it harspit nimt. It bigryp ‘godslestering’, it sintrale wurd út it artikel, neamt hy juridysk sjoen net to hantearjen, om't it ûnmooglik is objektyf fêst to stellen oft der in god is. Dizze wet giet út fan in theologysk aksioma. Van het Reve nimt oan dat dizze formule mei opsetsin keazen is, ynsté fan bygelyks ‘smalende voorstellingen die krenkend zijn voor godsdienstige gevoelens’, om't it de wetjower der net om to dwaen wie godstsjinstige gefoelens yn it algemien to biskermjen, mar allinne dy dy't bitrekking hawwe op in min of mear algemien oannommen godsbyld. Dizze wet biskermet net allinne de net-kristenen net, mar hy bifoarrjochtet ek noch in biskaet skift kristenen (protestanten) boppe in oar skift (roomsen). De Hillige Faem, Boeddha en Krishna wurde net biskerme, stelt Van het Reve fâst. En men kin der oan taheakje: Lou Ieltsje ek net. It soe in aerdige stunt wêze om in smoarch stik oer Lou to skriuwen en dan ôf to wachtsjen oft men foroardiele waerd fanwege mislediging of fanwege godslestering. Barde it lêste nèt, dan hie men in dúdlik biwiis fan in diskriminearjende rjochtspraek.
Van het Reve's konklúzje nei it hifkjen fan 'e ‘gewraakte’ passaezjes is dat fan lêbjen gjin sprake is, dat syn godsfoarstelling net mei opsetsin kweadaerdich is, en dat hy fan 'e minsken dy't him mei kjitte smiten hawwe net oannimme kin dat sy der sokke hillige en kwetsbere gefoelens op nei hâlde.
Mei dat lêste stiet er swak, hwant ek al soe it legioen der kwetsten foar hûndert persint út smearlappen bistean, it feit dat sy har op it sear kommen fiele bliuwt dâr likegoed om. Oft de kwetsten kwetsbere gefoelens hawwe en it seedlik rjocht hawwe, sjoen har eigen kwetsende útspraken, om har kwetst to fielen, dy fragen hoecht de rjochter him de holle net oer to brekken. It ôflizzen fan 'e forklearring dat men kwetst is, jildt as biwiis. Likemin wurdt der yngefal de kwetste sa freonlik is de oarsaek fan syn smertplakken oan to wizen, oar biwiis frege as allinne dat sizzen. Oft de op it sear kommene in biskaet boek al of net of forkeard lâzen hat, docht net ta de saek. Elke Nederlanner hat it frij him kwetst to fielen en dârfan de oarsaek