De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 76] [p. 76] William Carlos Williams / De Delgong De delgong noeget sa't de opgong noege. Oantins is in soarte fan foltôging in foege fornijing mear noch in ynwijing, hwant d' oantins iepnet romten, nije plakken, biwenne troch swermen - ont nou ta hie men dêrfan gjin weet - fan nije kategoarijen - hwant har biweegjen is rjucht' op nije doelen (ek al hie men foarhinne der ôfsjoen). Gjin forlies bistiet alhelendal út forlies - hwant de wrâld dy't it iepenet is altiid in plak dat men earder net ealge. In wrâld forlern, in wrâld net ealge, noeget ta nije plakken en gjin witens (forlern) is sa wyt as de oantins oan witens. Mei de joun wurdt leafde wekker al wurde har skâden - dy't libben bin út reden fan sinneskyn - nou slûch en lit' hja farre har langst De leafde sûnder skâden forroert har nou en wurdt wekker as de nacht hurd oanrint. [pagina 77] [p. 77] De delgong bisteand' út ienal wanhoop en sûnder foltôging forwurkliket in nij ûntweitsjen: dat is in omkear fan wanhoop. Hwant hwat wy net foltôgje kinne, hwat leafde is ûntsein, hwat wy forspilen yn 'e foarsmaek - folget de delgong sûnder ein, net to forneatigjen. Oersetting H.Tj. Piebenga novimber 1967 Vorige Volgende