sletten wêze as men foar it ljocht komt, it is in saekje fan de binnenkeamer. Noch net ryp, soene literaire aertsfaders eartiids sein ha. It is nuodlik, de pre-natale fase fan it dichterskip to showen, omt it meast hwat fan masturbaesje hat.
In inkeld fens as Strip-tease of Koart frysk poëtysk lexikon hie it as specimen dwaen kinnen. Yn it lêste is der ek gjin mijen mear by. Hwat yn Essay noch liigd wurdt, ‘dit is gjin stil forset’ ensfh., is hjir alteast planút yn sein, ‘dit dichtsjen/ is wraek op/ nearzich libben’. It gedicht Unmacht karakterisearret mei syn al to fette titel, it foarste part fan de bondel wol in bytsje:
Dat dogge wy - of sy - ek wol, mar as it der op oan komt, meitsje wy dat sels wol út.
In totael-yndruk dus fan to bitiid de doar út dien, to swak om yn safolle farianten it dichtsjen, it eigen prebearjen akseptabel to meitsjen, gjin demokraet fan de poëzij yn wêzen, dêrfoar is it al mei al to opsetlik, to selsynommen yn de groun, mar de sjerpslikker en de kwerulant foar folk en faderlân.
Mar hwat nukt dat, snij dy earste fyftjin siden der út, Frysksinnich en Brussel-Hearrenfean, wol aerdich hear, hawwe ek noch dat nearzige. Bigjin To Iet (lês yn dizze taelhantearring foar ‘jit’ wol ‘noch’) en Efterôf, lês Aldman en alles hwat dêr achter stiet, om myn part ek Goejoun.
Foar dy fersen hat Bylsma - oft er woe of net - syn sin krige: ‘ik woe dat ek/ om my in greate stilte/ hinne woeks’. It hottefyljen en it gedrang om op 'e foarste rige ha bilies jown, de man is op himsels weromsmiten en hat dy mominten foar leaf nommen en se útdjippe. De eigen situaesje is ûnder eagen sjoen, de balâns fan in heal libben opmakke. Ek sûnder folle selsbiklach, earder hurd en biwust fan de stan fan saken, mar mei irony genôch ek om de relativiteit fan alles yn to sjen. In âldman bitiden troch ‘ûnderfining... wiis/ tsjin in fiersto hege priis’, dy't lykwols noch oan alle kanten libbet, ‘as ik mar gjin hite jazz hear/ gjin