De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 69] [p. 69] Daniél Daen / Fersen Fotoferskes: Us heit fan tolven oant ienen skytbûtse, grouwe earten ite en it evangely fan mattheus docht er in healûre oer knipperje, wekker wurde mei pineharsens yn in kertier patriarchale warskôging oan alle leden fan it gesin en jammerje oer de to hege fleisrekkens fan de slachter tsjin ús mem ek in kertier om dan wer to bigjinnen mei skytbûtsen Projeksy ik bin in wolvejong opgroeid yn in formidden leafdeleas fan in diktator en skrutene skiters ik siz god is dea en alles hwat dermei anneks is hjoed haw ik myn heit bigroeven hjoed haw ik Myn Heit bigroeven leafdeleas [pagina 70] [p. 70] Dea fan in arbeider syn hiele libben lang hat er it mei de lea fortsjinje moatten in hurd bistean fan bealgjen en tape er deselde mop as dokter waerd syn kant net útsjoen lit stean lake hwant yn syn doarp wie mar ien kommunist neist in baron en arpé-ers nou is er dea in knoestige oast en oan syn grêf hat dûmny sprutsen en hy en sy it wie in bigroeven talint ja Vorige Volgende