| |
| |
| |
Tr. Riemersma / Claudia
Hy like in net ûngeskikte knaep om de wike mei troch to bringen. Grif hie er gjin freondintsje, hwant hy wie al foar de twadde kear allinne op it strân. Se stapte ûnder de oerkapping fan 'e tint wei syn kant út. Hy stie oan 'e hoksen ta yn it wetter de baei oer to sjen.
‘It is hwat dizich, mar likegoed ymposant, netwier?’
‘Wel, dat is it grif. Mar ik haw it nea oars sjoen as dizich. Ik haw hjir nea earder west. Jo wol, nim ik oan?’
‘Ik leau it wol ja, mar net yn dit plak.’
‘Witte jo hoe't dy bergen dêrre hite?’
‘Gjin idé.’
‘O.’
‘Bergen ha myn ynteresse net.’
‘Hwat hat jou ynteresse dan, as ik freegje mei?’
Se glimke him oan, mar sei neat.
‘Dat mei ik dus net freegje. Sorry!’
Se glimke troch wylst er har nijsgjirrich opnaem. Se koe bisjen life, se die it hiele jier oars net as bron en moai bliuwe.
‘Ik ynteressearje my mear foar fakânsjegongers as foar de fakânsjeoarden.’
‘Minsken binne nijsgjirrich, dat is wier.’
‘Se binne meast net nijsgjirrich, se binne meast forfelend. Mar in inkelenien kin je helpe om je behoeften to bifredigjen.’
‘Hoe bidoele jo dat?’
‘Hoe soe ik dat bidoele?’
Se roun werom nei har tint en hy gyng njonken har.
‘It is net sa drok hjirre.’
‘It is noch to ier. Yn augustus is it grôtfol.’
‘Sjoch, hjir is myn tint. Gean der mar yn.’
Hy moast in bytsje krûm stean. In noarderling wie it, mar gjin Ingelskman, it Ingelsk wie syn memmetael net. In Noar miskien?
‘Gean dêr mar sitten. Sigaret?’
‘Jo ha mar ien stoel.’
‘Ik jow my hjir wol del.’
Ut syn troane wei seach er it hear oer. In radiootsje, in mannich boeken en sy, igael brún yn 'e ljochtblauwe bikiny.
| |
| |
‘Jo ha 't hjir wol komfortabel.’
‘O ja.’
‘Ik tocht dat jo jo forfeelden.’
‘Né, dat net. Mar al hat men it noch sa skoan, men hat dochs wolris sin oan hwat oars.’ Se drukte har sigaret út en gyng op 'e rêch lizzen. Se glimke.
‘Dat bigryp ik. Fansels.’
Se Loek de strikken fan har broekje los en lei it fansiden. Hy krúste syn skonken oernij wylst er har erchtinkend opnaem.
‘Kom mar.’
Hy strûpte de swimbroek út en gyng op har lizzen. Se streake him oer de rêch en it sêft biwegende kras. Se moast har holle fier efteroer bûge om him tútsje to kinnen.
‘Leave jonge.’
‘Dus dat bidoelste!’
‘Ja.’
Se sloech har skonken om sines doe't syn stjitten heftiger waerd. ‘Nou, nou!’
Hy seach even stil en freegjend yn har eagen. ‘Ik wit net iens hoest hytst.’
‘Claudia.’
‘Ik hyt Knud.’
Hy makke him los en stapte yn syn swimbroek.
‘Hjir is wol in handoek.’
Se suchte en riek har út. ‘Dou kinst it, Knud.’
‘Ja, wy binne in goed pear, al kenne wy inoar noch gjin healûre.’
Se knoopte laitsjend har broekje fêst. ‘En nou woe 'k wol in ein rinne.’
‘Of hwat drinke.’
‘Ja, mar dan wol 'k my earst omklaeije. Hwer wolst hinne?’
‘It kin my net skele. Leafst hwat bûtenút.’
‘Ik sit yn it Grande Hotel. En dou?’
‘Astoria.’
‘Wy treffe inoar wol op healwei.’
Se Loek de strânjurk oer de holle en roun mei him del.
‘Litst dat hjir allegear lizze?’
‘It hat gjin wearde.’
Se wosk har en klaeide har oan. Se socht in pear stevige skuon út. Hy dangele foar it hotel om doe't se bûten kaem.
| |
| |
‘Ik haw der even nei fornommen hwer't in gaedlik sitsje is. It is in tweintich minuten rinnen. Is dat in biswier?’
‘Né, bislist net.’
Se rounen it bihindige doarp út in smel berchpaedtsje op. By it klimmen naem er har hân beet, en by liet him net wer los.
‘It is hjir moai, mar sënder dy soe it my net opfallen wêze.’
‘Dou bist leaf, Knud.’
‘Ja? En hwerom? Om't ik dat siz, of om't ik niis by dy lein haw?’
‘Om beide.’
Hy bûgde him foaroer om har to tútsjen.
Se dronken in glês wyn yn in lyts restaurant oan 'e wei dêr't it berchpaed útkaem. It útsicht wie der prachtich, en fakânsjegongers wienen der bûten harren net.
‘It is my noch allegear like frjemd. Dou bist my oer 't mad kommen.’
‘Hast der spyt fan?’
‘Né.’
‘Wel.’
‘Dou nimst it nochal licht.’
‘Knud, asjeblyft! Ast rúzje meitsje wolst gean ik leaver werom.’
‘Sorry, Claudia. Mar ik bigryp dy net.’
‘Moat dat dan?’
Hy helle de skouders op.
‘Wel, Knud, it is tige simpel. As ik forlet ha fan in man, dan bisykje ik ien to krijen.’
‘En dan nimst de earste de bêste.’
‘De bêste dy't ik krije kin, ja.’
‘En dat hat foar dy neat mei leafde to meitsjen?’
‘Dou komst wol hiel heech út it noarden, hen? Mar ast it witte wolst: né, myn aventûrkes hawwe neat mei leafde út to stean, en der folget ek net út datst rjochten op my jilde litte kinst of it frij hast om my út to freegjen en my ûnfreonlik to bihanneljen. En nou wol 'k werom.’ Swijend rounen se njonken inoar it paed oer. It waerd al hwat skimerich en se moasten goed útsjen. Doe't de ljochten fan it doarp foar har opdoeken bleau Knud stean.
‘Lit ús net mei rúzje útinoar gean. Sille wy earne togearre ite?’
‘Dat kin net. Myn man wachtet op my.’
‘Bist dan troud?’
‘Ja, dat bin ik.’
| |
| |
Hy sei gjin sprek mear oant se by har hotel wienen.
‘It bêste, Claudia.’
‘Oant sjen, Knud.’
Se gyng nei har keamer om har to klaeijen foar it miel. Doe't se de ytseal yngyng, siet har man al to wachtsjen. Hy kaem op har ta en bigroete har mei in tút.
‘Kom, Claudia, hwat bist wer moai. Ik hoech der noait om to tinken hwannearst komst. Hwant as elkenien stil wurdt, dan wit ik datstou it bist dy't de seal yn komt.’
‘Dou bist in skat.’
‘Hasty amusearre?’
‘Hm, matich. En dou?’
‘Bysûnder! Ik haw in machtich stik rots ûntdutsen. Moarn wol ik foto's meitsje. Hast mei dy lange, ljochte feint op en út west?’
‘Hoe retst it sa!’
‘Net sa slim. It is de iennige dy't hjir sûnder taforsjoch omrint. Foel er ôf?’
‘Gjin ûngesoune nijsgjirrichheit, Gio!’
‘Myn úntskuldigingen, pop!’
‘It is in noarderling, witste. Se binne sa swier op 'e hân en hawwe lêst fan wroege.’
‘Bidjer it iten der net om!’
‘O né, perfoarst net.’
De jouns doe't Gio fuortgien wie en Claudia op it terras siet de sé oer to sjen, doek ynienen Knud foar har op.
‘Mei ik derby komme?’
‘Knud! Jawis.’
‘Is dyn man net by dy?’
‘Dy is op syn boat.’
‘Ik haw my oerdei net korrekt gedroegen.’
‘Dêr net mear oer. It is in moaije joun, in romantyske joun foar hwa't der gefoelich foar is. Yn alle gefallen is de joun to goed foar problemen.’
‘Dou bast gelyk. Mar hoe romantysk de joun ek wêze mei, waerm is er net.’
‘Woest in ein kuijerje?’
‘Dat is better as sitte tominsten.’
‘Ik kom sa werom.’
Se kaem noch gjin fiif minuten letter by him yn lange broek en jack.
‘Sille wy mar?’
| |
| |
Se stapten de treppen del nei it strân ta. In mannich boaten leinen stil yn it wetter. Fan forkillende kanten hearden se muzyk. Yn it doarp jakkeren in pear auto's om. Hjirre wie it rêstich. In inkeld pearke kaem har foarby, de earms om inoar hinne. It stiek suver oan.
‘Mei it?’
‘Hm.’
It wetter lei sljocht tsjin it strân oan, allinne in boat makke hwat biweging.
‘Jimmes?’
‘Né, dy leit de oare kant út, in ein út 'e wâl.’
‘Dat greate kastiel?’
‘Ja.’
Hy fluite biwûnderjend.
‘Bringe jim dêr de fakânsjes op troch?’
‘Fakânsjes? Né, altyd. Dat is to sizzen: myn man. Ik sit leaver yn in hotel.’
‘Werkt dyn man dan net?’
‘Net mear. Hy hat him al in pear jier lyn weromlutsen.’
‘Is dyn man al sa âld?’
‘Sa âld? Hy is trijensechstich.’
‘Dan skele jim noch al even!’
‘Hoe âld hast my? Né, lit my it mar sizze. Dou tinkst dat ik goed tritich bin?’
‘Ja.’
‘Ik bin ienenfjirtich.’
‘Dat leau ik net!’
‘Ik leau it sels soms net iens, mar it is sa.’
‘Né, it is net wier, Claudia. It kin net!’
‘Ik bin in jier of acht âlder as dy, Knud. Fietst dy bidondere?’
‘Ach.’
Se rounen even swijend fierder it strân lâns. It doarp mei syn ljocht en muzyk lei nou fier efter har.
‘Hoe lang bist troud?’
‘Trijeëntweintich jier.’
‘Hwat?’
‘Ik bin troud doe't ik achttjin wie. Gio hat my út 'e rotsoai helle.’
‘Hwat rotsoai?’
‘Ach, gjin détails. Gio hat my rêdden en my in prachtich libben jown.’
‘Dou koest wol fan him hâlde.’
‘Dat doch ik ek. Earst wie it tankberheit. Nou net mear. Ik hâld fan him.’
‘Dou seist it of miendest it.’
| |
| |
‘Ik mien it, Knud’
‘It bistiet net.’
‘Dou witst ek alles better, net Knud?’
‘Claudia, it kin ommers net. Dou bist jong, by is âld. Jim wenje apart en jim libje apart.’
‘Né, wy libje togearre.’
‘Harkris, Claudia, hwat tusken ús foarfallen is, dat kinst dochs net... Hoe nimt dyn man soks op?’
‘Knud, dou hast my fan 'e middei al foar 't forhear hawn. Bigjinst nou wer?’
‘Sorry!’
‘Sille wy mar werom?’
Pratendewei wienen se in hiel ein fuortbuorke. It wie dochs kâld, sa flak by it wetter. Se fornamen it doe't se yn Claudia har hotel yn 'e waermte kamen. In pear glêzen wyn die de rest.
‘Knud, wier, ik woe wol op bêd.’
‘Dan sil ik wol opstappe moatte.’
‘Meist wol by my sliepe, ast wolst.’
‘De minsken hjirre...’
Se Loek oan 'e skouders. ‘De minsken!’
‘Goed,’ sei er.
Se smieten de klean út en frijden útlittener, mei it slot op 'e doar, as de middeis op it strân. Hy tominsten. Har lei it kâld hwer't se wie. Doe't er weromkaem nei't er him wosken hie, woe er wer prate, mar se hie har al deljown.
De moarns waerden se wekker mei't der immen oan 'e doar kloppe. Tagelyk skeaten se oerein om to harkjen.
‘Ja,’ rôp Claudia.
‘Claudia!’
‘It is Gio.’
Se roun nei de doar en die him op. Knud wist net hwat er dwaen moast. Fan 't bêd ôf springe en de klean oanlûke wie gjin tiid ta. Under de tekkens krûpe en him sliepend hâlde wie to berneftich. Hy bleau sitten sa't er siet. De man dy't deryn kaem like op in âld boer. Hy stiek de hân út en neamde syn namme: Gio Franscetti. Knud fielde him as in pasjint. Op bêd bliuwe wie it bêste hwat er dwaen koe. De man skynde him net oeral to meitsjen om hwat er oantrof. ‘Jo brûke it moarnsmiel mei ús?’
| |
| |
‘Graech.’
Claudia gyng nei de baeikeamer. De man joech him yn in stoel del mei in sigaer. En al dy tiid siet Knud mei de tekkens oan 'e mul ta op bêd. Hy doarst net op it horloazje to sjen, om't er bang wie dat by elke biweging fan him de man him ûnforhoeds omdraeije soe. Mar Gio smookte rêstich syn sigaer en eage it wetter oer. Hy stoarre net; oan 'e lytse biwegings fan 'e holle merkbiet Knud dat er it gedoente op it strân mei niget achtsloech. En dat wylst efter him ien op it bêd fan syn frou lei... hy, Knud. Hy bigriep it net, neat derfan.
Claudia kaem spierneaken werom. Knud seach mar in momint nei har. Hy pakte syn klean en gyng nei de baeikeamer. Yn in pear tellen wie er klear en hie er de klean oan. Claudia en har man joegen net de yndruk dat se sieten to wachtsjen. Se praetten togearre en lieten him in minút of hwat stean foar't se omseagen en oereingyngen.
De tafel wie al foar trije persoanen dutsen. Dy Gio moast hurd as glês wêze. Under iten waerd him neat oars frege as oft er noch thé woe. Fierder forroun it petear hielendal tusken Claudia en har man. Knud fielde him in snotjonge. Hy naem hastich ôfskied doe't it miel dien wie. Se hienen ek net oars forwachte, like him ta.
‘Moatst mei him ophâlde,’ sei Gio.
‘Och, hwerom?’
‘Ik mei him net.’
‘Dou net, ik wol.’
‘Dou ek net. It is in plakker. Krijst gedonder mei him. Moatst dermei ophâlde.’
De middeis mette se, fansels, Knud wer op it strân. Se koe him net ûntrinne, al hie se wollen, mar se bisocht it net. Hy kaem har mei lange stappen op 'e side. Se krige de saus dy't er gearbroud hie fuortdaliks oer har hinne.
‘Claudia, hwerom brekst net mei him?’
‘Ik hâld fan him.’
‘Och Claudia, dat is ommers ûnsin! Hoe kinst fan sa'n man hâlde!’
‘It binne myn Baken, net?’
‘Harkje nou ris, Claudia. Jim hearre net byinoar, dat witst sels likegoed as ik, oftst it nou tajaen wolst of net. Siz, Claudia, ik kin dy gjin libben oanbiede lykast nou hast, mar sinten allinne...’
‘Set it dy út 'e holle, Knud.’
‘Dou litst my net iens útprate.’
| |
| |
‘Ik wol net datst der ûnsinnige dingen útkreamst.’
‘It is my tinken’
‘My ek. Ik wol der neat mear oer hearre.’
Se bleauwen de oerdeis byinoar omhingjen op in terras, beide mei it each op it strân, en wikselden amper in wurd. Hy sinde hieltyd op in bettere oanfal. Sy moast op ien of oare wize de dei omkrije. As it waer alle dagen gelyk is, falt dêr ek neat mear oer to sizzen. En it moaije útsjoch went men ek al to hurd oan.
Se gyng om in üre of fiif by him wei.
‘Oant sjen?’
Se skodholle. ‘It bêste, Knud.’
Gio hoegde diskear net op har to wachtsjen. Se siet al in set doe't er kaem. Dochs wie er koart. In tút koe der mar amper ôf. ‘Dou hast him wer troffen!’
‘Dou hast ús net sjoen.’
‘Ik fornim it oan dy. Dou bist oars as oars. Ik haw dy warskôge, Claudia. It moat út wêze.’
‘Hwerom bist ynienen oergunstich?’
‘Klets net! Ik mei syn soarte net. Hy wol dy rêdde, tink? It is sa'n idéalist dy't dy dyn frijheit ûntnimme wol. Mar dou kinst net mear oars, Claudia. Dou kinst net mear wenne oan in boargerlik bistean.’
‘Och, hâld der oer op, Gio. Ik wit it allegearre wol.’
‘Ast der dan mar rekken mei hâldst. Dou moatst him loslitte.’
Se gienen stúmsk útinoar. Hy yn 'e auto fuort - dou dyn plezierkes, ik mines - sy nei boppen. Se wist dat Gio gelyk hie, en dêrom wie se lilk. Mar hy hie har nei dit forfelende gat tasleept.
Om in ûre of tsien kaem Knud. Net forwachte, en net wolkom, mar se stjûrde him net daliks werom. It briek de joun yn alle gefallen. En hy kaem bislein op it iis.
‘Ik bin net hielendal de snotjonge dêrst my foar oansjochst, Claudia. Ik haw fiif jier troud west. Ik hie in frou en in dochter fan trije, fjirdel jier. Se binne forûngelokke doe't se in ritsje meitsje soenen yn 'e nije auto. Ik fortel dit net om dyn meilijen op to wekken, mar om dy sjen to litten dat ik ek it ien en oar meimakke haw, en datst bigripe silst dat ik net sa grien tsjin ús forhalding oerstean astou wol mienste. Ik leau net dat ik mei dy de himel op ierde réalisearje kin, mar àl dat wy elk mei ús eigen oantinkens togearre hwat lok fine kinne.’
Se seach him dreamerich oan en glimke.
| |
| |
‘In tryst forhael,’ sei se. ‘In forhael om fan to skriemen. Op bêd to lizzen mei de knibbels oplutsen en de punt fan it lekken yn 'e mûle en wachtsje oant mem komt om to treasten.’
‘Dou hast de gek dermei!’
‘Né, dat haw ik net. Mar ik bin net mear gefoelich foar ditsoarte romantyk. As ynlieding om to frijen, miskien... mar fierder... Ik haw my de wei ta sokke gefoelichheit ôfsnijd. As ik der wer oan tajoech, bilânne ik op 'e nij yn 'e goatte. Ik haw it sa wol nei 't sin. Ik bin lokkich. Dus...’ ‘Dus ik kin my better stilhâlde.’
‘Hjiroer al. It hat gjin doel, dat haw ik dy fan 'e middei al sein.’
‘Dyn man hat dy tsjin my opset.’
‘Hy mei dy net lije, dat is wier. Hy hat wol troch dat it dy om mear to dwaen is as om in aerdichheitsje. Kinst min forwachtsje dat er dy mei iepen earms ynhellet.’
‘Dou bislachst it mei de gek.’
‘Ja, ik wol der net serieus oer prate.’
‘Claudia, Claudia! Ik hâld sa fan dy!’ Hy naem har yn 'e earms en tute har. Dêr forsette se har net tsjin. Se ritsten har de klean fan 'e lea en sprongen op bêd. Hwat spitich joech er himsels ta dat dit miskien ek meast it doel fan syn kommen wie.
‘Ik wol bern fan dy ha, Claudia.’
‘Ik kin gjin bern krije sûnt ik operearre bin. Achttjin wie ik, godnochta. Gio hat my rêdden, oars hie ik deroan Bien. Gio hat my út 'e rotsoai helle.’
‘Claudia, gean mei my. Lit my net allinne!’
Hy krige gjin antwurd. Se sliepte al.
De moarns waerden se op 'e selde manier wekker as de foarige deis. Der waerd oan 'e doar kloppe. Se hienen it witte kinnen, se hienen der rekken mei hâlde moatten.
‘Yn 'e baeikeamer! Doch de doar op 't slot. Dou kinst dêrwei op 'e gong komme. Toe, fluch!’
Der waerd op 'e nij kloppe. Knud snipte syn klean byinoar en skeat de sliepkeamer út. Claudia die de doar op. Mar sa loftich as se graech wêze woe, wie se net.
‘Dach Gio.’
‘Pop.’
Hy seach nei har neakene lea en streake har even oer 't wang.
‘Kom ris.’
| |
| |
‘Hwat?’
‘Ik haw der sin oan.’
‘Nou?’
‘Ja. Gean ris foar 't bêd stean. Krûm. Ja, sa.’
‘Dêr wurdst sa wurch fan.’
Hy bleau efter har foaroerbûgde lichem stean. Mar ynsté fan har to nimmen trape er har ynienen fûl yn it krús. Se dûkele it bêd yn, tearde útinoar en sloech dûlbeld as in kwetste wjirm.
‘Ik bidoel mar dat ik myn nocht ha.’
De pine kaem doe't Gio de doar efter him tichtslein hie. Se wreau har skonken tsjininoar oan en bleau snotterjend lizzen. Se hearde de doar fan 'e baeikeamer gean en doe kaem har yn 't sin dat Knud dêr noch west hie. Hy moast it heard hawwe. It makke neat út.
Se gyng in healûre letter nei ûnderen en se bisocht gewoan to rinnen. Mar it die slim sear by de treppen del. Se hie Gio net forwachte, mar hy wie der al.
‘Ik haw dyn keamer opsein. Wy geane joun fuort.’
Se knikte. It kaem har net oer 't mad en it makke har net nidich. Se wie net lilk op Gio, mar se koe nou net tsjin him prate. Se wie wémoedich, om't se to fûl oan it tsjoar hoart hie en der net los fan kaem en om't se tagelyk wist dat se net los fortroud wie. Sa't it wie, wie it it bêste. Dat witten makket tryst. En letter doet se neist Gio roun, dy't har koffer droech, fielde se har in skoalfanke dat troch heit nei it âldershûs weromfierd wurdt. Mar ek dat hearde derby, en dat forgoede ek noch in gemis fan lang lyn. Hy roeide har nei it jacht dat in twa- trijehûndert meter út 'e kust lei. Se wie wer thús.
De middeis dienen se noch in pear reizen nei it doarp om iten yn to slaen. Gio bleau hieltyd by har, hy wekke skerp oer har. Mar Knud, dy't de hiele middei efter har oan strúnde, krige dochs syn kâns. Of liet Gio it ta?
‘Claudia! Ik haw fan 'e moarn heard dat dat beest dy sloech. Dou moatst mei my gean!’
‘Né, Knud,’ sei se wurch. ‘It kin net.’
‘Hwerom net?’
‘Wy geane joun fuort.’
‘Ite jim noch yn 't hotel?’
‘Né, oan board. Wy slagge de lêste boadskippen yn.’ Se stiek him de hân ta. ‘It bêste, Knud. Ik haw it moai foun mei dy.’
| |
| |
‘Ik helje dy joun. Wier, Claudia, ik wol dy net misse. Ik helje dy fan it skip ôf. Om in ûre of acht as it skimerich wurdt.’
Hy draeide har de rêch ta doe't er Gio yn 't each krige. Even letter seach er kâns har in opteard briefke yn 'e hân to triuwen. Mar se lies it nea. Gio naem it har ôf doe't se it yn 'e beurs dwaen soe. Se draeide biskamme de eagen ôf. Hy glimke, en even haette se him.
Yn 'e neimiddei frege se him hwerom't se nou mar net daliks ôfstieken. Mar by woe earst syn foto's ûntwikkelje. ‘En by nacht is it it moaist op it wetter,’ sei er.
Se makke it iten klear en doe kaem de frede werom. It stie har net tsjin, de fortroude omgongen troch it skip en it wurk. Se hie it miskien wol mist dizze wike, se hie tomin omhannen hawn. En se wie bliid dat Gio noait personiel mei op reis hawwe woe. Se soe oergunstich west ha op 'e tsjinstfaem dy't iten foar him rémakke.
Se hearde him it anker opdraeijen doe't se ôfwosk. It iten hie in lyts forsoeningsfeest west. Wurden wienen der amper fallen, in wurdmannich oer de films dy't hongen to droegjen, mar genôch foar har beiden. De motor sloech oan en se sette noch hurd dit en dat toplak, hwant de ôffeart woe se net misse. Ynienen miende se dat se fluitsjen hearde. Ienris, nochris... Se soe nei boppen mar se krige in dúst doe't de skroef mei barstend geweld bigoun to draeijen en it jacht in pisel makke. Se hold har oan beide leuningen fêst en klom nei boppen. Se leine nou mei bakboard nei de wâl ta, en noch draeide de boat fierder as in top. It roer moast oerdwers stean.
‘Hwat dochstou!’ rôp se.
‘Ik draei,’ sei er gnyskjend.
De boat lei mei de boech nei de kust en draeide noch troch, oant se wer yn 'e âlde posysje leinen. En doe seach se in meter of tsien fan har ôf in man út in wyld skommeljende roeiboat weispringen en mei greate slaggen nei de wâl swimmen.
‘Gio, Gio!’
Hy liet de motor tobekrinne en draeide it stjûr by.
‘Ja?’
‘Hwat dochstou!’
‘Wy geane fuort.’
De boech wiisde nou rjocht fan it lâan ôf. Hy sette de motor op heale krêft en treau har doe sêft foar him út nei de reling.
‘Gio!’
| |
| |
‘Moatst ris sjen hoe moai 't de moanne opkomt.’
‘Toe, Gio, hwerom diestou dat?’
‘Tink der net mear oan, leave.’
Hy skoude syn bannen ûnder har rokken en loek har ûnderguod omleech.
‘Nou net, Gio!’
‘Nou al. It is sa'n moaije joun.’
‘It docht my sear nou.’
Doe't er yn har gyng bûgde se oer de reling fan pine. Mar it duorre mar even, doe wie it fijn. Se seach oer it spegeljende wetter dêr't it jacht súntsjes troch snijde. De kust glied njonken har wei. Dy swimmer, dy soe nou wol op it strân slagge wêze. Se draeide har gesicht nei lofts, en line even tsjin Gio's hymjende mûle. De moanne lei as in wite bal op it wetter.
‘Gio,’ flústere se.
It lok wie mei de hân to taesten.
|
|