Personalia:
Ludzer Heine van der Molen; berne 1941 yn Arnhim, studearre oan de Koninklijke Academie voor Beeldende Kunst en De Vrije Academie voor Beeldende Kunsten yn Den Haech, gie yn 1966 nei Canada, dêr't er as learaer byldhouwen en boetsearen wurksum wie, wennet yn Toronto, dêr't er fan 12-28 april o.s. eksposearret; it yn dit nûmmer opnommen wurk is al in pear jier âld en strookt net alhiel mear mei de lêste opfettings fan de makker.