| |
| |
| |
Leo Popma / It reade kêssen
Alles oan him wie read. Rossich dan. En krekt troch dy feale kleur - net it ien, net it oar - hie er hwat ûnsidichs oer him, hwat lefs en smaekleas dat syn uterlik net bot oantrekiik makke.
Net dat er der by elkenien út lei, rjochtoarsom soe men sizze kinne. Syn komike kluchten brochten nou en dan ris hwat libben yn it ientoanige bistean dêrre. Syn brike opmerkings koene fan in lesûre ien greate keet meitsje, en op in inkelde deadling nei, hie gjinien dêr folle op tsjin. En ek hwannear't syn ûnnoazele manier fan sizzen en frjemde gedachtekronkels by in learaer blykber net oansloegen en wy ús wol to wacht namen om mei útdaegjend laitsjen de oarder yn 'e klasse to liif to gean, dan hie er yn alle gefallen yn oare wei al safolle losmakke, dat wy ús, skûljend achter elkoars rêch, sieten to forgriemen en stikkend fan spanning ôfwachten hoe't hy him der hakkeljend en hieltyd mear forûngelike út rêdde soe.
Mar winlik wie er troch dy oanhinklikens, dy't it to rêdden wie om syn mâlle kunsten, in bûtensteander. Nimmen soe him ek by syn foarnamme neame. Dat wie in útsûndering, sawol fan de kant fan de learaers as fan ús, dy't hwat ûnechts hie en op bybidoelings wiisde. Hysels wie net it minst op syn iepenst yn sa'n gefal. Ut licht trekken fan syn wynbrauwen boppe it sutrich briltsje en in senuwachtige biweging fan syn mûle, die wol bliken dat men him dan op in swak sté kommen wie en er him tige forgulde fielde. Mar daelk dêrnei priemden syn erchtinkende eachjes troch de fettige brilleglêzen en wie er op alles fortocht.
- Hea Leenders, stean net to maffen, man, as er ien foar de fuotten roun of ûnbiret earne stie to drinteljen.
- Och jong. Dat wie alles meast, foar't er mei de forhûddûke tear yn 'e foarholle fan ruten spile en fansiden it gedoch fierders oereage. Mar it koe wolris oars biteare, en dyjinge dy't dan krekt mei him to krijen hie, hie hâlden en kearen om der sûnder to folle kleanskuorren foarwei to kommen. Ungenedich hakte hy der dan yn, helle alles oeral hwat er him fan de persoan yn kwestje to binnen bringe koe en skold en rachte sûnder ein. It stammerjen dat yn sokke eagenblikken noch slimmer waerd, en syn rêdde manier fan praten, makken it slachtoffer by foarrie al kânsleas.
| |
| |
- Och jong, tink om dysels, hwer bimuoist dy mei, dou hast ek altyd hwat oer in oar to sizzen, tink dou mar..., witst noch wol fan doe en doe...?
Koart en skerp en net to kearen as er ienkear fanwegen kaem, rattelen de wurden oer syn fochtige, roazige lippen. Ek nei sa'n útfal, al hie er foar in momint grif it oerwicht hawn, loek er him werom op ien fan de muorren fan it sombere skoalgebou dat it plein - de area hiet it winlik - ynsleat. Dêr hong er dan dagen om, stientsjeskoppend, ûnforskillichwei fluitsjend en bûtensletten.
It wie yn 'e tredde klasse. Op grammatica sei er sels, neffens de bineamingen dy't dêr gebrûk wiene, en dêr't er him dúdlik mei ôfsette tsjin de klassen ûnder him. Wy koene him al twa jier, en yn it mienskipsgefoel dat ús it earste jiers as frjemden op de strange skoalle byinoar holden hie, wie er akseptearre en hearde syn waerzgjend foarkommen der foar ús by.
Hwat jin krekt yn him tsjinstie? It wie it gehiel fan yndrukken dat jin bybleau. It rossich koart knipte hier dat as in boarstel op syn holle stie, it lullige briltsje fan deselde forsketten tint, dat altyd hwat nei foaren sakke, en foaral syn noas, of noaske, dat as in rau stikje fleis midden yn it gesicht plante wie, en dêr't gjin hûd oerhinne lei, sa't it like. Syn lippen wiene fan itselde materiael en makken - foaral as er yn it defensyf wie - lytse smakgelûden, wylst dan ek de rimpels yn 'e foarholle opsetten, hwertroch er hwat krige fan de ieuwige forskoppeling. Dêrby wie it binammen it kleurleaze fel fan readhierrigen, dat yn syn neidiel wurke. De to greate jaskes fan brún-, beige-achtich tweed, dêr't de skouders fan oerhongen, makken de weesjonge folslein.
Dat wie er trouwens net. Ien fan de dingen dy't er op ús foar hie wie, dat er út dy omkriten kaem en gauris nei hûs ôfsette as wy ús yn 'e tryste rekréaesjeseal formeitsje moasten. Ek krige er wolris bisite, foaral fan syn heit, dy't simmerdeis op frije middagen faken steatlik it plein op fytste, krekt as de forplichte stúdzjeûren foar ûs noch net ôfroun wiene en Leenders al mei withoefaek ta it rút út sjen, de komst fan de like roastige ûnderwizer oankundige hie. As in bern wie er dan, mocht foartiid fuort, en letter seach men him kreas neist syn heit troch it doarp kuijerjen.
Leenders wie bytiden hwat ôfwêzich. Binammen yn 'e les- en stúdzjeûren as er op himsels weromwurpen wie en de omjowing merkber fan him ôf foel, siet er yn gedachten nei bûten to stoarjen, of lei it boek
| |
| |
sa bryk tusken syn earmtakken, dat syn oan 'e holle steunde hannen him elk sicht op de bledsiden ûntnimme moasten. De tear yn 'e foarholle wie dan fordwoun, de mûle makke lytse priuwbiweginkjes, de hannen giene yn 'e broeksbûsen biskûle. Dat ûnbiwuste fortoan waerd him wolris needlottich as er wreed ta de oarder roppen waerd. Mar hoefaek kaem it net foar, dat de hiele klasse siet to slûgjen en Leenders dêrtusken net opfoel.
In pear fakken mar koene der noed foar stean dat der ek op dy ûren, dy't meastentiids net oerholden fan oandacht, aksje wie. Of winlik mar ien fak, yn oare gefallen wie it de persoan fan de learaer of in rûge passaezje yn de ien as oare klassike tekst dy't de holle helder hold. De biologyles, ienkear yn 'e wike, wie it, dy't ús moarns al mei in hyt gesicht elkoar yn it liif stompen die, en dy't grif de measte oandacht krige sa'n dei. Ek Leenders fleure dan hielendal op. Hy like in bytsje oerstjûr, hy wie hwat plakkerich yn it gesicht en slim ûnrêstich. Hy flibe der suver oer as er him forkneukele oer hwat wy fan 'e middei nei alle gedachten wer foar geheimsinnichs genietsje soene.
Hwant hwat fierder it skoaljier foardere, nammersto djipper sakken wy ôf yn de tsjustere holten fan it minsklik lichem. Biology hiet it, it wie minskkunde, wy neamden it koartwei ‘byf’. Oer blommen en fûgels waerd net praet yn it lesprogramma fan de skoalle, yn it iepenbier alteast net, mar it iene jier byf forgoede in soad. En hwat menear Dasse der oan ûntbrekke liet, folle Leenders wol oan. Hwant hoe't hja krekt Dasse mei dit fak opskipe hiene, wie foar elke generaesje wer in riedsel, binammen as men yn it tredde trimester al in aerdich ein hinne yn 'e ynterne organen delgongen wie. De forlegenheit dêr't er in ûre oan ien stik wei yn 'e selde ûnbiweechlike hâlding mei njonken de katheder stie, en de net to fortarren droege manier fan lesjaen, makken him pûr ûngeskikt foar dit fak, dêr't neffens ús folle en folle mear avontûr yn siet. Dochs wist elk dat dit jier syn hichtepunten hie, to bigjinnen mei de komst fan it skelet, dat Dasse de ien as oare dei sûnder mis meinimme moast. Syn lette komst, nei't yn oare lokalen de folgjende les nei de learaerswikseling al wer bigoun wie, wie sa goed as wis in oanwizing, dat er de drokte op 'e gongen ôfwachte hie om dan sûnder opsjen en hastich it klepperjend geramte de klasse yn stjûre to kinnen. Syn forlegenheit en miskien ek hwat lytsachtsjende glim, dy't er daelk by it ynkommen al net mear ûnderdrukke koe, joegen ús min ofte mear it frij om him lûdroftich yn to heljen.
| |
| |
Dat wie ek it momint dat Leenders losbriek. Yn 'e foarste bank, in eareplak dêr't er allinne foar dit barren mei ynnommen wie, skeat er oerein, makke it achterlân mei swaeijen fan syn earms dúdlik hwat der op til wie, dounse yn syn bank op en del, hompte syn buorman piipjend fan net to forwurkjen wille mei de earmtakke yn 'e side, en aloanwer achterom, bihelle er ús mei in hetsige kop yn syn opteinens. Oant dan hie der lykwols noch neat to sjen west, hwant it skelet bleau yn earsten forpakt yn in swart oertrek, dat pas weinommen waerd as it lesboek dêr oanlieding ta joech. Dat die Dasse sels, mei de forgreatsjende trep fan syn meilydsume glim, omt er wol wist hoe't de klas der op reagearje soe, en er dêrby sels in hâlding oannimme moast. Roerich hie it sûnt it bigjin fan de les west. Soms koe men Leenders heal oerein in pear doldryste boksbiwegingen yn 'e loft meitsjen sjen, hwernei't er wer yn syn bank del foel en úngeduldich it momint ôfwacht.e. Mar as lang om let de bleke bonken sichtber waerden en de earms noch neibongelen as Dasse it heakjend oertrek der einlings ôf hie en ûnforsteurber yn 'e katheder troppe, dan kaem der yn 't earstoan gjin ein oan 'e byfal dy't út 'e klasse opstiigde. Foaroan seach men it hinne en wer sjittende kopke fan Leenders dy't fjûrread en mei de ûnmooglikste lûden in forstikking binei like to wêzen. Foaroer, achteroer, ûnderút sakke, steande njonken syn bank, yn alle tinkbere kronkels, spinfuotte er fan net to bidaerjen laitsjen.
Mar al hoe't er him formakke mei de pylhannes, sa't er it skelet neamde, hielendal út 'e skroeven wie er as it ‘kesjet’ op 'e lappen kaem. Dat wie in gipsen model fan de minsklike romp, en sa neamd omt de útnimbere organen fanwegen slyt troch swachtels byinoar holden wurde moasten. As dy der ienkear ôf wiene, hie men frij sicht yn 'e búk, dy't ús yn fûle kleuren fordúdlikje moast hoe wûndermoai de skepping wol yninoar sit. Om alles goed echt lykje to litten wie dat moeras omseame troch in rânne tobeksleine hûd, ek fan gips fansels, mei ierkes en al der yn. Hoe't it forfolch nei boppe wie liet ús kâld, mar dat al it wittenswurdige krekt boppe de ljisken ophold, woe ús mar min oan. Leenders makke dêr ek gjin geheim fan. Hwant hwannear't de terms, de nieren en de lever útpakt wiene en as ûnskuldige, granaetachtige eksplosiven op 'e lessener leine, kaem er oerein en gluorke, leargierrich kwânskwiis, oer de rânne om ek it fierdere forrin fan it minsklik ynterieur yn him op to nimmen.
- Leenders, jonge, doch net sa binaud.
It seurderige en, altyd hwannear't it him oangie, hwat fornederjende
| |
| |
toantsje dêr't Dasse alle mooglike kompromitearjende fragen mei de kop yn bisocht to slaen, wie lykwols de lêste oantrún om der op los, foaral as de klasse dêr biskieden mar net mis to forstean priis op blykte to stellen. En nammersto kweader wy it krigen, nammersto earnstiger die Leenders him foar yn syn fragen, dy't earst de annale kant neist wiene, mar dan al gau yn it skamhier bigounen to kreveljen.
Hy krige lykwols gjin kâns. Forslein siet er der neitiid by, boarste soms yn in koart senuwachtich gnizen út, mar swijde fierders, forûngelike troch bidrigingen de klasse útstjúrd wurde to sillen.
Hoewol't Leenders stal joech oan de fragen dy't ús allegearre yn 'e kop om wrimelen, en al dy nei swit en urine rûkende jongesliven suver ûntlaedde, hie de tucht fan de skoalle elkenien sa yn 'e skjirre, dat neitiid, as de gedachten wer hwat ôfkuolle wiene en elke utering fan eigen lichaemlikheit neffens foarskrift ûnderdrukt waerd, de wearze tsjin de roazige Leenders wer tanaem. Men formoede in fjûr ûnder dy bleke hûd, dat jin bieanstige en dat út syn klean in rook losmakke, dy't hwat opwinends hie, mar tagelyk eat dat jin fornedere en biskuldige.
Dêrom seagen wy der net raer fan op doe't de ien nei de oare him trappearre. Elk koe it werom. It hearde hielendal by him, foaral yn dy mominten fan opsluting yn himsels. Mar it wie ek sa yn striid mei de regel fan de skoalle, dy't der foar yn stie dat nimmen ek mar in momint fan de dei út it sicht fan alteast ien, twa oaren wie, dat gjinien it leauwe koe. Men woe foar elkoar ek net wêze hwat men seach, mar tomûk holden tsien, tweintich pear eagen him yn 'e gaten, bidronken har oan dit ûnfoarstelbere en seagen hoe't er oangie, hoeden, yn 'e broekbûsen, ûnder it reade kêssen.
Dy simmer wiene hja út ein set mei de forbouwing fan de skoalle. En omt it gie om de fleugel dy't de studzjeseal omfette, wiene wy dy moannen ûnderbrocht yn 'e leslokalen, by lytse groepkes mei in sechste klasser foar it tasicht, mar mei gâns mear mooglikheden foar yndividuéle ûntjowing. Dêr waerd dan ek tankber gebrûk fan makke. Foaral it bigjin fan de ‘greate studzje’, jouns, hie in eigen seremonieel dat tsjinje moast om jin ta to rissen foar de ûrenlange ôfsûndering yn eigen boeken en gedachten. Dêrta hearde it omslachtich oanstrûpen fan de studzjemouwen, tinne stoffen oertrekken dy't fan pols oant krekt oer de earmtakke rikten, en dy't de slyt fan de jasmouwen opkeare moasten. Alhoewol't ek dêr de bispotlikste modellen en kleuren ûnder sieten, joech binammen it forskaet yn kêssens noch wolris hwat hilariteit. Hwant de kont wie
| |
| |
in bêdding nedich yn al dy ûren en in glimmende broek joech dêr gjin foech. Dêrom tôge elk withwersanne in kêssen mei, soms biskieden en net mear as in bihindich matsje, faek ek in ûnbidigen matras mei weelderich borduersel.
Leenders wie dêr biskieden yn, hwat it bistek oangiet alteast. Mar it reade flewiel dêr't it ding mei biklaeid wie, gong jin troch ieren en sinen. En lilker wie er net to krijen as troch him it kêssen ûnder de earm wei to ritsen en de mannichte yn to soalen. As wie him in stik út it fleis snijd, sa brânde er der dan yn. Mei fordrach waerd it hieltyd op 'e sitting Lein foar't er him der as in fjurrige hoanne op del liet en eefkes noch hinne en wer skoude om der in passende kûle yn to knetsjen.
Mar it kaem foar op in dei dat men him, yn sté fan der op to sitten, mei it read flewielen baeltsje op 'e knibbels seach. Wie dat om ús réaksje to hifkjen om dêrnei, hwannear't wy ek op dy klucht wer útsjoen wiene, oer to gean op de folgjende fase? It kaem yn alle gefallen safier dat it kêssen ûnder tsjin syn búk oan lei en gulp en dijen bidiek. Ek al wie der fierders neat waer to nimmen, wol foel op hoe't Leenders mear as ea mei hastige blikken lâns de brilleglêzen - sa't er dat koe as er him der fan forwissigje woe dat er net yn syn ôfsûndering bigluorke waerd - fansiden loerde, ûnrêstiger as gewoanwei en mei de bikende reade flammen yn it gesicht. Dêrby siet er fakentiid djip yn 'e bank, de iene hân biskermjend tsjin nijsgjirrige eagen oan 'e holle, de nare wierskynlik yn 'e bûse, dêr liet it kêssen nei riede. Mar de hoedene trillingen dy't njonkelytsen oan it oerflak fan it flewiel to sjen wiene, wiisden op genôch aksje fan dy kant. As kopertriedtsjes dy't kontakt meitsje, sa hearde men it knisterjen yn alle hollen, dy't wol oer de boeken bûgd wiene, mar troch geloer tusken de fingers troch wol op 'e hichte bleaune mei hwat him dêrjinsen ôfspile. Yn 'e binearjende stilte hearde men foarsichtich snuven as wie der brânlucht waer to nimmen.
Stadichoan rekkene Leenders ek al mar minder mei syn omjowing dêr't er him yn it earstoan foar to wacht nommen like to hawwen. As it kêssen wer to plak lei en er nei forrin fan tiid stadichoan hieltyd djipper yn 'e bank weisakke wie, skeat er ynienen oerein, licht kreunend, as waerd er wekker út in dream. Dan wie it in skoftsje rêstich, mar gau wie er ús wer forgetten. Hoartich pompte it kêssen op en del. Syn skuon skraben oer de flier om hâld. Mei brutsen eagen en heal iepen mûle stoarre er wezenleas op syn boeken. It sêfte hymjen boaze oan. Men seach it read
| |
| |
flewiel forheftich stampen. Syn spraette skonken stieken nou foarút, sûnder wjerstân langer. Woeste trillingen giene troch syn lea. Dan foel de holle him yn 'e nekke, hy rjochte syn rêch, de hakken fan syn skuon boarren har yn 'e flier. Allinnich op 'e kant fan 'e sitting steunden syn billen noch it bevende liif, dat yn krampen hieltyd heftiger oangie. It ûnderliif kaem omheech, de swierte fan it kêssen op syn organen makke him gek. Hy kreunde, de biwegingen waerden minder regelmjittich. Skokken en krampen forwrongen syn liif, oant er mei in sucht, in sêfte gjalp soms, werom foel yn 'e bank, dea ynein, de eagen ticht en mei droege, sleauwe lippen.
As hie elk him mei Leenders ôftrutsen, sa wurch en tofreden kaem de klasse nei in ynhâlden stilte wer ta himsels. Kocheljen, forskeuken en it forwikseljen fan learboek brochten ek Leenders werom op ierde. Unmerkber bisocht er wer yn it gehiel op to gean, kwânskwiis in oare hâlding oannimmend, sûnder ek mar ien taest yn 'e rjochting fan it kêssen to ûndernimmen.
En nimmen dy't fan de duvel kwea wist. Der waerd net oer praet. Men mijde dêr op to doelen. Gjinien dy't merke liet to witten hwat der to rêdden wie. Mar by allegearre libbe in ûnrêst dy't elk foar oar net skine litte woe.
Allinne Leunissen dy't tocht yngripe to moatten, en mei it weak aksint fan it suden syn ûntsteltenis oan in fortrouweling kwyt bisocht to wurden.
- Siz, hwat is dat mei Leenders? Dou hast it dochs wol sjoen? Mei dy allinne doar ik der oer prate. Dou witst der fan, dou bigrypst it dochs wol, hen? Dat kin sa mar net, dat is in greate sonde, hen? Sil ik it oan menear Stroux sizze? Ja, ik doch it, hear. It is freeslik. Soks.
(Menear Stroux - elk op syn bar, ier of let, neigeraden de symptomen fan lichaemlik ûntweitsjen. Hy hat ‘kistke’ by Stroux - spytgnyskje of smaek fan braeksel en lucht fan celibataire asem.
- Gean sitten, jong. Doar yn 't slot - flústerstim - únwennich geskou op de biwuste stoel, it ‘kistke’.
- Ik moat dy ris hwat fortelle, jong, dou bist al sa great, al in hiele man, hast.
Blommen en it sta-sta-stamperke - bijen en it stoumoal - de natûr is wûnderlik.
- Dan wurdt er great en stiif, dou silst dat wolris by dysels waernommen ha, hen jong? En dan... Dat is moai, jong. Sa wol de skepper it. Earbied tsjin dyn lichem oer, kein en suver, dan is der neat to rêdden.
| |
| |
- Dach jong, en ast ris earne mei sitst... )
De fochtige waermte dy't Leenders yn dy himelske eagenblikken syn klean yn streamen fielde, it oantinken oan dy herhelle mominten fan forjittelheit, lieken him to bidwelmjen en joegen him dy drystens dy't ús ûnwerklik foarkaem Elk fan ús bisocht him fortroud to meitsjen mei hwat er alle dagen weroan seach. Mar nammersto fierder by gie, nammersto binauder waerden de situaesjes dêr't men jin in hâlding by fine moast. Doe't er ek ûnder de lessen sûnder bigreatsjen syn lea foar ús dounsje liet, syn orgaen forwoast en al sichtberder ûnder it flewiel tramtearre, wie de oanwêzichheit fan de learaer oan de iene kant in forromming foar ús, mei't wy alle forantwurdlikheit op him ôfskouwe koene, mar oan de oare kant in bisetting omt wy bang wiene foar ûntdekking en min ofte mear mandelich blike soene oan de sûnde fan ien fan ûzes.
De wearze fan dit tomûke kwea en de klammens fan it klibberige sied dat tusken hûd en klean ôf bigoun to kuoljen en to droegjen, krigen ek Leenders, nei't it like, langer hwat mear yn 'e skjirre. Skou en ûngeduerich gie er syn wegen, bisocht al oansluting to hâlden mei syn klasgenoaten, mar waerd mijd, forachte troch sommigen. Doem en bidjêr hongen ús boppe de holle yn syn oanwêzigens. De kanker dy't syn rêchmoarch stadichoan tofrette moast, soe ek ús oantaeste. De rude dy't gnauwde oan syn hierwoartels, bidrige ek ús mei folsleine kealens. Lytsachting sa't Dasse dy sûnder wurden suver oan Leenders dúdlik makke, hwannear't er nochris mei syn binaude fragen oankomme doarst, lytsachting en wearze wie it iennichste dat wy foar him opbringe mochten. Boete en gebed allinne koene ús warje foar sûndige gedachten. Op 'e sliepseal, dêr't yn it tsjuster ûnbistimde lûden út 'e chambrettes opstiigden, bleau it in rieden nei it dwaen en litten fan al dyjingen dy't men inkeld koe yn it gehiel fan de skoalle en dy't de lange nachten oan harsels oerlitten wiene. De nacht wie in iensumheit dy't ta ûndergong laette, dat wie ús yn bidutsen termen fakernôch foarholden. Hwa hope net yn it bêd neist sines de hoedene biwegingen werom to kennen, dy't him in lotgenoat yn de sûnde forsekeren, en dy't fan Leenders by einbislút winlik in held, in ôfwearzige held meitsje soene. Mar likegoed koe men forwachtsje in ûnderdrukt stammerjen to hearren fan bidden en selsmarteling, dy't yn wanhope in lêste útwei wiene.
It wie ûnder de les fan De Sych, de wiskundelearaer, in wike as fjouwer
| |
| |
foar de ein fan it trimester, dat Leenders weiroppen waerd. Syn forheard gesicht en de ûnnoazele fraech: ik?, die bliken út dat er nearne gjin euvelmoed yn hie. Mar doe't de eagen fan de learaer al mar troch op him rjochte bleaune en him hwat ûngeduldich taroppen waerd: ja dou, hwa oars hjit hjir fan Leenders, kaem er oerein. Krytwyt stommele er ta de bank út. Oer syn gesicht loeken ûntelbere lytse senuwtrekken. Hy biet op syn wangen en lippen. Mar foar't er by de doar wie waerd er him wer biwust fan syn omjowing. Hy bisocht noch mei mâlle gritsen syn ôftocht to dekken, mar alles mislearre. Hy wie bispotlik en lyts en dom, sa't er tsjin De Sych noch hwat stammere fan ja menear. Hastich en read ta yn 'e nekke slûpte er troch de doar.
It flewielen kêssen, syn boeken, alles hwat oan Leenders tinken die, bleau binefter yn syn bank.
Hiene se him gjin gelegenheit jown syn bisittingen byinoar to fandeljen? De middeis bleau syn plak leech. Neat wiisde der op dat er noch lang weibliuwe soe. Mar wy seagen him net mear. Ien fan ús waerd hjitten syn boeken salang fansiden to lizzen. Allinne it reade kêssen bleau lizzen, oant it yn it koarte skoft tusken twa lessen troch de klas soald waerd. It gie fan hân ta hân, as in bliksem fleach it oer ús hollen. As in bismetting dy't elk him fan it liif hold, waerd it trochjown. Under de banken rekke it op 't lêst, doe't de learaer der yn kaem. Nimmen dy't it oanrekke hie, gjinien dy't wist hoe't it dêr kaem, smoarch, forronfele, ûnwerkenber.
- Hwat ik sizze woe, hearen, jim klasgenoat is nei hús.
Leenders? Fan skoalle skopt, gelokkich, hwat? Né, ik wit fan neat, fordomme dy Leenders, hwat mankearde der oan? Hen? Ssst, ju.
- Stilte, hearen. Hy hearde hjir net. Leunissen, side achttjin, fortael.
|
|