De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 41] [p. 41] [Nummer 2] Jan Dotinga / Fersen Sokssahwat as nocturnes hwat lêste gedachten fandelje foar de nacht miskien bou ik der in frou fan of sil ik de letters telle om yn sliep to fallen wurden dy't op 'e stilte útrinne en fan neat mear witte de dei sjocht himsels nochris nei skodhollet moarn is der wer in nacht de nacht is in gat yn it ljocht sliepe sûnder boaijem leauwe sûnder euvelmoed stil wêze sil ik de dreamen stjûre [pagina 42] [p. 42] Bigraffenis nei funérailles fan fransz liszt de linkerhân draecht de deade swarte noaten gûle in wite raef in hege toan meditaesje it lûd wurdt mankelyk eare en deugd rinne by de ljedder op de kiste sakket rekket it hiele tûtseboard súntsjes draeit de liere huodden ôf Vorige Volgende