‘Hoer!’
‘Hoer ja! Ha-ha. En dou, hoererinder!’
Se skout him in stoel yn 't paed en rint om 'e bysettafel hinne. Dêr komt er oan, de oare kant om, dy felle bok. De forloving kein hâlde, deeglik trouwe, en spuije op har en har soarte. Hoer, hoer, mar likegoed, in slpûertsje mei wol, as nimmen it sjocht.
Hy bliuwt stean, de strik dwars, it hier wyld, de eagen biroun. En tusken de flippen...
‘Dy sleauwe forloofde fan dy, Peter, dat kwyn, kin dy dat ek?’ Se pronket mei har boarsten en skokt har liif hinne en wer.
‘Ik sil dy...’
‘Mar dou kinst my net krije.’
Hy mjit de ôfstân en de obstakels.
‘Moatst har joun fortelle datst by in hoer lein hast, smoarge boargerman! Moatst it dyn bern skielk fortelle, fuillak ast bist!’
Mar dan is er mei ien sprong by har. Syn veilen skrasse oer har skouder. Se falt tsjin de muorre oan. Se slacht hwer't se him reitsje kin, mar by grypt har by de polsen en twingt har nei it bêd.
‘Kazan!’
As hie de houn der op wachte. Hy springt tusken man en frou en gromt inkeld. Charlotte rint efteriút nei de doar, bifielt har bliedend skouder. Peter syn wylde eagen steane bang. Mar de hoeder hat syn niget oan dat wite dinkje ûnder it himd dat nou stadichoan foaroer sakket.
Charlotte sjocht it, se laket heas.
‘Pak him, Kazan!’
De hoeder hapt nei it slachte, skuort it stikken. Skreauwend fjlocht de man oer tafels en stuollen, mar de houn springt better. Hy hapt nei dat bluodrige dinkje, nei de wite billen. Hy twingt de man op 'e groun en set him de tosken djip yn 'e strôt. Charlotte hinget hymjend tsjin 'e doar, de hân noch yn har broekje.
‘Ophâlde, Kazan!’
De houn giet neist de man lizzen. Charlotte fandelet har ûnderguod byinoar en lûkt it oan. Dan sjocht se nei Peter. Hy is dea. Kazan hat him de strôt útbiten. Se wol de houn skoppe, mar se hat him ommers sels oanhise.
‘Ynoarder, Kazan, mar wy moatte it even oars ynklaeije.’
Se nimt de hoarn fan 'e heak en skillet it polysjeburo: ‘Charlotte Keijzer... Ja, it is hjir hielendal yn 'e war. Myn houn hat in klant oan-