Krityk yn 't koart
Tsjustere petearen mei de ljochte
Achttsjin skriuwers en dichters dy't rigelmjittich dielnimme oan de skriuwerskonterinsjes dy't twaris jiers to Koartehimmen hâlden wurde, hawwe mienskiplik in bondel forhalen en gedichten skreaun op it thema Yn petear mei de ljochte. Der binne gâns nijsgjirrige ynterpretaesjes to jaen fan dizze ljochte en dêrom biedt sa'n thema genôch mooglikheden oan skriuwer en dichter. Yn de forhalen en gedichten sammele yn de bondel Yn petear mei de ljochte bliuwt it lykwols allegear hwat kryptysk. It wol my foarkomme dat de measte auteurs dy't yn dizze útjefte publisearre hawwe, net de rjochte foarstelling hawn hawwe fan harren ljochte. Gâns fan dizze forhalen en fersen bliuwe yn it tsjuster hingjen, lykas it proaza fan Tiny Mulder, Meindert Bylsma en Jo Smit. Op himsels goed skreaun, dat fan Smit hwat tradisioneel, mar de skriuwers fordrinke yn harren eigen forhael. It forhael fan Tiny Mulder moat men winliken bigripe út in al to summiere epilooch. Meindert Bylsma is gysten yn syn skriuwen en springt tofolle fan de iene ympresje yn de oare. It forheljende komt pas oan bod by Geart Jonkman, dy't in ûndogensk forhael skriuwt as in luchtige flotte fortelling. Folle stiver en steatliker dêrtsjinoer is Ane Jousma, dy't noch altyd ymponearre troch Egyptyske dynasty en âlde kultuer, in forhael skreau oer it hôf fan farao Toetanchamon, dy't yn de skiednis sa bikend wurden is om't syn grêf, dat datearret út de 14e ieu, folslein geef werom foun is. Yn elk gefal biwiist dit forhael dat Jousma him de sitewaesjes en kultuer út dy tiid tige ynlibbe hat, al moat it thema der hjir winliken oan it hier by skuord wurde, lykas ek by de gedichten fan Leo Popma, dat op harsels knappe fersen binne, mar net skreaun as petear mei de ljochte.
By Ypk fan der Fear is de ljochte in feint dy't de ik-figuer gedurigen yn 'e bisnijing hat, mar ta in echte leafde sil it nea komme, omdat er ljocht is, en se bang is foar bern mei read hier. In strak en kompakt forhael waerd skreaun troch Trinus Riemersma, hwerby it binammen oangenaem is dat der gjin haedletters en lêstekens yn foarkomme. Ria Postma-Stolk skreau har jeugderfaringen yn 'e Trynwâlden. In earlik forslach al docht it soms hwat nayf oan en hie men it graech hwat strakker hawn. Hein Faber lit syn forhael yn syn eigen hûs spylje en formingt it mistearje mei it skriuwen fan syn petear mei de ljochte, hoewol it mistearje hjir hwat hingjen bliuwt yn in goedkeape oplossing dy't net twingt ta spanning. Der binne in pear poézij-bydragen dy't der útkipe, to witten: de fersen fan Jan Dotinga, Leo Popma, Steven de Jong en Geart van der Zwaag.
Gearfetsjend: It liket my ta dat dit thema de measte skribinten hwat op 'e doele brocht hat, wilens guon oaren hjir kâns seagen om net earder publisearre wurk dochs printe to sjen. Der is wol stribbe nei forskaet, mar de measten hawwe it allegear hwat to earnstich en (to) djipsinnich opfette en dêrom is dit boekje as tajefte foar de Fryske Boekewike ek net slagge, tinkt my.