| |
| |
| |
R.R. van der Leest / Leave sawntjin; in stripforhaeltsje yn sonnetten
1
in feint fan namme reynold last
slacht wer in nije playboy iepen
hy suchtet djip it falt net ta
in dûbelbêd allinne to bisliepen
dan giet er nei it skiere strân
faeks is dêr noch in faem forgetten
mar stil yn skimer leit it sân
in fiskmiuw skimpket oer it wetter
en dus bikaeid nei it hotel werom
ynienen bliuwt er stean dy deale
in heaze sexy stimme lústert kom
joun healwei tolven op myn keamer
yn strânstoel weikrûpt sit fordomd
it brûnzen fanke fan syn dreamen
| |
| |
| |
2
alf ûre al hawar nou gjin gekliem
hy nimt in kâlde brûs en fluitet
en nokkert om de fine wetterstriel
dy't fleurich út syn nawle spuitet
syn burd is al wer aerdich hurd
mar dêrom gjin bikommernissen
hy hat de nije philishave en dus
en mum foar earmsholtefrissens
en bare bêste lotion foar it hier
en pre en after shave ek fan tabac
hy is sa alderdrokst yn 't spier
de doar fljocht iepen mei in knap
in fette fint rint snjiddich yn
en fluorret reynold mei in smak
| |
3
de manlju rôlje hymjend om en om
de baeisel is sa glêd as sjippe
se fjochtsje fûl se fjochtsje stom
dêr kriget reynold dochs in tippe
fan oarmans kraech en mei in grom
lit hy him oer syn skonken wippe
de man slacht tsjin de waskerskom
syn wang lâns gliere reade drippen
jawol hy sakket súntsjes ûnderút
syn fuotten oer it matsje sjippe
dan leit er stil plat op syn snút
op syn klean it bloed yn stippen
ek reynold sjocht der aeklik út
ien sangen each twa tsjokke lippen
| |
| |
| |
4
de bûsen fan de bûten westen man
fynt reynold in revolver yn en dan
in slúf mei rydbiwiis op namme fan
rené marcel verdier út carcassonne
op in nije foto mei in stik der ou
it lichem fan in neaken jonge frou
folslein fan ûnderwurk en boppebou
reynold pakt syn polaroid mar gau
dy revolver noasket him net sasear
mar dit ûntholle kykje namsto mear
knip fyftjin tellen wachtsje klear
hy bynt de lea en mûle fan verdier
en docht syn keamer op it slot oké
einlings is er foar syn ôfspraek ré
| |
5
de nacht is soel de yntsjes sjirpe
syn soalen oer it grintpaed knirpe
as er nei har grand hotel ta giet
dat boppe op in hege dúntop stiet
it falt him hielendal net ta en fyn
yn dat gebou de keamer fan céline
mar lang om let stiet hy der foar
en tikket fol forwachting op de doar
dêr is se dan syn strânmearminne
se hat net al to folle om it liif
in swietrook swevet om har hinne
fan sandelhout en chanel nûmer fiif
se skrikt fan syn gesicht hwa binne
en swijt en laket en omklamt him stiif
| |
| |
| |
6
in babydoll leit op syn lekken
swierhollich komt reynold oerein
hy eaget forroaid oer de tekken
en fynt céline op 't fuottenein
hy klaeit him oan en freget dan
dou witst wol hwer peal alve is
fanmiddei dêr hwat seist der fan
se andert him en laket azemfris
foar dy in fraech foar my bifel
hy stekt ôf nei syn eigen hotel
mar yn de gong wurdt er sa kjel
syn keamerdoar sit net op 't slot
syn baeisel stiet ek waechwiid op
it tou leit dêr en dêr de prop
| |
7
hy barst hast fan de pineholle
de plysje skilje jowt net folle
se sille him in senuwlijer neame
en syn forhael oerstjûr geëamel
hy krijt út it laedtsje fan it buro
dy heislik nijsgjirrige bleatfoto
mar hy is nou net swiet forrast
se hat in mael op 't rjochterboarst
ring ring telefoan hwa dizze kear
hy hâldt de hoarn in ein fan 't ear
syn kop fordraecht net folle mear
in sêfte whiskystimme seit wês ré
en moetsje my om middennacht oan sé
bek ticht myn namme is verdier
| |
| |
| |
8
peal alve stiet yn grille sinneskyn
dêr leit yn minimael tekstyl céline
en oer har brûnzen heuvellân de wyn
en sân tusken har lichemshierkes yn
hy seit céline ik bin net oaljedom
in fanke as dy is net myn eigendom
dou slachst genôch mei freonen om
hwa is rené verdier út carcassonne
har moaije griene eagen sjitte fjûr
hwat tinkst wol smoarge fryske boer
ik bin in faem fan eare en gjin hoer
en reynold andert wis ik bin in houn
strui dou dyn bleatfoto's mar roun
adieu céline ik haw dy aerdich foun
| |
9
se lit him gean en sjocht him nei
mar as er suver fuort is rop se hei
kom hjir 't is wier ik ken verdier
hy naem tomûk in foto fan my yn privé
doe't ik to sinnen lei op myn balkon
nou dangelt er hieltiten by my om
as ik him net bitelje is 't fatael
it wurdt foar heit in great skandael
en deugd bitsjut foar heit in protte
men sil him út syn sté wei wrotte
as men syn dochter yn natura sjocht
siz my dan seit reynold hwat er docht
is dyn âldhear in hegen by de plysje
se andert né minister fan justysje
| |
| |
| |
10
it waer is om it spielt en ljochtet
as reynold skrousk en sûnder animo
dy jouns allinne yn syn deux chevaux
de wei rydt dy't nei sé ta bochtet
hy stjûrt syn lytse auto oer it strân
it hellet en it skuort oan alle siden
moedsum komt er troch de dobben riden
en hâldt dan stil fuort by de wetterrân
de ljochten dôvje sigaret opstekke
it dak bigjint noch mear to lekken
hy sit yn tûzen noeden to forrekken
wer blauwe bliksemflitsen fan komsa
hy skrikt op hwat sil er nou wer ha
en stapt fluch út en wâdet der op ta
| |
11
it waeksen antlit en it stjurre bloed
de frjemde hâlding fan de stive lea
bitsjutte wer in minske út syn noed
en 't kâlde stille gnizen fan de dea
it lyk left heal bidobbe yn it skom
mar reynold hoecht net mear to sjen
hy lit verdier allinne skrept werom
en start de motor fan syn citroën
twa ljochten swaeije oer it strân
en stouwe him dan rjocht tomjitte
it stjûr omklamt er mei in fêster hân
hy lit syn wein nei lofts ta sjitte
mar ek de oar in jaguar draeit by
en set mei kûgelsfeart him efternei
| |
| |
| |
12
syn einepykje rint in bytsje mank
de jaguar dy avensearet better
mar dy hat ek in tiger yn de tank
de auto's strûze troch it wetter
de motors gûle en de remmen janke
de tsjillen giselje it sodzich sân
hy hat it gas stees op de planke
mar forgees de oar syn efsterstân
formindert sjendereach fansiden
sjocht reynold al syn fijân riden
dy raemt him heftich kear op kear
syn weintsje stûket mear en mear
hy springt der út mar komt net fier
in kûgel fluitet him troch 't hier
| |
13
reynold ropt jow my mar myn gerak
dyn moardnerslean dat krigest strak
de man komt tichteby hy glimket swak
en seit gjin kûgels foar in labbekak
ear't ik dy wurgje lústerje nei my
faeks docht myn plat forhael dy nij
as 't wol forfeelt snap dan net wei
ik gean oer liken ik gean ek oer dy
trije minne honten dou verdier en ik
hiene fan deselde foto elk in stik
foar jim har liif foar my har holle
sa'n rike bút fordele jowt net folle
dus moatte jim hjir nou krepearje
ik sil céline allinne wol sjantearje
| |
| |
| |
14
in oare auto skuort de tsjusternis
as dat faeks help foar reynold is
hy byt syn lippen hâldt de azem yn
de auto komt en hwa stapt út céline
de man is efkes yn ûnwissens brocht
knippert mei de eagen en dêr fljocht
reynold him al mei in kaekstomp oan
de revolver bôget sierlik nei it sân
hy krabbelt fluch syn wapen efternei
reynold skopt it dan hwat fierderwei
mar de keardel is in tige taeijenien
hy smyt reynold mei in grouwe stien
de manlju draeije om inoarren hinne
se hymje switte bliede flokke stinne
| |
15
mar reynold falt ynienen nei him út
in snoeksprong dy't net goed biteart
hy roait krekt mis foardat er keart
ynkassearet er in kolossale dúst
it stjerket him en hy kin amper sjen
noch ienkear jowt er in trewinkel
de man fljocht ûnder glêsgekinkel
troch it foarrút fan syn citroën
dan rint céline op reynold ta en seit
wy bliuwe by inoar yn alle ivichheit
dou hast ek ús heit syn stelling ret
al wit de bêste man it sels dan net
en monter andert reynold har sjesa
mar gau mei 't swikje nei de plysje ta
| |
| |
| |
16
de oare deis gean reynold en céline
de boulevard lâans yn de noardewyn
it libben is in bliere bliere dream
se komme by in waerme fretterskream
en reynold seit céline in bamibal
in hakbal nassibal of woarstgefal
siz dou dochs fanke hwat sil 't wêze
se seit gewoan patates mei mayonaise
dan jubelt se ceasar yn syn race-car
in moaije jonge yn in slide ropt har
se stout fuort tusken de parasols
en hinget efkes letter om syn hals
forheard lit reynold har mar rinne
dêr rydt syn leave sawntjin hinne
| |
17
in feint fan namme reynold last
docht wer in nije flesse iepen
hy suchtet djip it falt net ta
mei in forroaide kop to sliepen
dan giet er nei it skiere strân
dêr fielt er him in bytsje better
sa stil yn skimer leit it sân
in fiskmiuw skimket oer it wetter
werom nei syn hotel hy sjocht
noch ienkear oer céline har mêd
forskuort de foto hat syn nocht
hy is fan fammen en jenever sêd
hy drukt it knopke fan it ljocht
en sliept tofreden yn syn dûbelbêd
|
|