| |
| |
| |
Durk van der Ploeg / Oefening
De onderdrukking van hun vrijheid zal niet eeuwig duren.
navo-handboek
It reint dat it eazet as de auto ús mei ús fjouweren ôfset op 'e blabzige reed. Ik rin efter de oaren oan en stap hieltyd yn harren fuotleasten, dy't alwer foar de helte fol wetter roun binne as ik de skuon der yn set. Soms spring ik, lykas de oaren, nei wjerskanten oer de plassen hinne, mar wy bliuwe dochs efter elkoar. Sergeant Groothuis foarop, mei de earms út elkoar as in fûgelforskrikker. Hy warskôget ús foar de kûlen en makket frjemde meneuvels dêr't ik gjin fluit fan bigryp. Op in momint stean wy alle fjouwer mei de earms yn 'e loft to swaeijen, hâlde elkoar by it skouder beet om de skuon út 'e drek to lûken. Sergeant Groothuis jowt de rjochting oan nei it geboutsje dat ik troch rein en skimer hinne gewaer wurd. It stiet der as it hûs fan de sindeling, dat ik my herinnerje fan de kalinder dy't thús tusken it rút en de klok hinge. Herman, dy't foar my rint, stiet ynienen mei de skonken wiid út elkoar as in trochwintere huzaer fan Boreel. Hy flokt as in kriichshelt as er stadich fierder yn de kûle weisakket en de drek him oer de skuon giet. Der komt in fleantúch leech oer. It skuort de stilte oan flarden. Sergeant Groothuis en Willem binne al tweintich meter yn 't foar en sjogge omheech. It gebou is mar plat, it komt net boppe de beammen út en de doar liket my in yngong nei in oare wròld. Sa op it earste gesicht liket sa'n oankomst avontûrlik genôch om der plesier yn to hawwen. De kommandant stiet to kafferjen om't wy fier oer de tiid binne.
- Us hiele oefening giet nei de knoppen, raest er.
As ik stram yn 'e hâlding stean bliuw, plakt de broek my tusken de skonken as hie ik my bimiigd. Ik krij jûkte yn 't krús en bisykje mei de fuotten byelkoar lâns to wriuwen.
- Stean dêr net to rideljen, ropt er tsjin my.
Troch syn blaffen giet de jûkte ynienen oer. Hy driget mei strafmaetregels, forslokt him in kear omdat er sa útsinnich raest. Syn kop rint read oan en sergeant Groothuis wurdt sa lyts as in slak by it oanhearren
| |
| |
fan de donderpreek. Ik sjoch oan him dat er wol graech in hûskeslak wêze wol, dan kin er him forskûlje. Hy stiet him suver to biskiten fan dy rotsak fan in kommandant. Hy tinkt fansels oan syn forreinde streepkes, dêr't er sa syn bêst foar dien hat. Hy is der wol foar yn tsien konten krûpt. Mar konten binne gjin slakkehûskes. Dy konten hawwe him allegear wer útskiten. Hwant as it der op oan komt kinne dy hege soademiters se allegear wol skite. Alle legere rangen binne it ôfeart fan de hegere en it fuotfolk, de kliber, de fretters, de greate holle eagen fan de deadelingen, binne fuortkommen út de legere rangen. Dêrom stiet sergeant Groothuis mei de billen strak tsjin elkoar. It broekje skoddet him om 'e kont as wie der al ien mei syn streepkes oan it toarnen. Hy hapt oan ientriedwei: Ja luit, né luit, ja luit, by sjongt de oarders en bifellen nei op 'e sangerige toan fan de deabidder. Der lizze lytse plaskes wetter om ús hinne.
As de kommandant útknald is knoffelje wy yn it tsjustere gonkje op. Herman slacht mei syn gewear tsjin de muorre.
- Sjoch út dyn doppen, ropt de sergeant.
As ik my troch in gonkje hinne wring jow ik him mei de kolf fan it gewear in tik yn 'e nekke. It ljocht floept op. Hy stiet driigjend foar my.
- Deadeling, slach dou dyn beppe, seit er nidich.
- Myn beppe is al dea, siz ik.
- Haw gjin greate bek.
- Hjir kinst hén. Krekt skietst sahwat yn 'e broek fan binaudens, mar hjir kinst dy wer ôfréagearje, rop ik.
Mei syn greate kloeren kriget er my by de strôt en raest:
- Gryp net boppe dyn macht, jonkje!
Yn syn eagen sjoch ik in dierlik wolbihagen. Syn waerme azem blaest er my yn it gesicht.
- Kloatesergeant, pesthoun, skythússlak, navo-angel dy'st biste.
Der komt yn syn útdrukking hwat fan machteleazens.
- Der wurdt wiidweidich rapport fan opmakke, seit er.
- Ik hie ek net oars tocht. Dou bist in húskeslak. Bist fansels wend oan it disciplinaire systeem, de diktatoriale oarder. Ik haetsje jim klyk as de pest. Jim hingje byelkoar fan it skriuwen fan rapporten.
- Hjir wurdt de macht ûnderstboppen smiten, de adel fan it leger fortrape. Hy kriget it brûs op 'e lippen as er noch in skoftsje troch giet mei it militaire vokabulair. As er net mear prate kin bliuwt er triljend stean en triuwt my nei de doar fan 'e keamer. Ik doch it ljocht op. De tl
| |
| |
flikkert lang en twivelich boppe it bureau. Herman komt fan 't húske.
- Hwat in rothok, seit er as er syn rommeltsje oan 'e houten kapstôk hinget.
Ik keil myn útrêsting op it fjildbêd. Om beurten smite wy wol tweintich lúsjefers yn 'e oaljekachel eardat der in flamke oer de boaijum krûpt. Wy lûke de wiete krous út en stean in skoft yn 'e ûnderbroek om 'e kachel.
- Ik forhip fan 'e hûnger, seit Herman en giet op 'e rânne fan it fjildbêd sitten.
- Wy moatte prikjelûke hwa't earst sil, siz ik en hâld him twa lúsjefers-prikjes foar. Herman lûkt langst.
- Dou earst, seit er, en tagelyk lit er him efteroer sige.
Ik lês de ynstruksje njonken it telefoantastel, de list mei forbiningen en telefoannûmers. Wilens ik my yn 'e droege broek stean to hisen komt sergeant Groothuis der yn mei in steapel papieren.
- Earst melde by it Garnizoenskommando en by de Sintrale Post foar neijer ynstruksjes en hjir binne de formulieren, seit er koart.
SUPREME HEADQUARTERS ALLIED POWERS EUROPE, stiet der boppe. Ik knik, it is dúdlik. Elke hanling fan de oarloch is yn it foar al fèstlein neffens de opstelling fan de formulieren. De oarloch is in statistysk feit, in wittenskiplike birekkening.
As Groothuis fuort is komt Herman oerein.
- Ik sil sjen dat ik hwat iten krij, seit er.
Ik hear syn skuon klippen yn 'e gong. Dan nim ik de heak op en draei it nûmer fan de Sintrale Post.
- Sergeant-majoar Klaroen. Jim binne hast in ûre to let. It hiele skema fan de oefening is nei de knoppen.
- Kalkoen? frege ik.
- K-l-a-r-o-e-n, stavert hy my foar. De hiele Navo giet sa nei de bliksem. Jim ha it hiele Nato-systeem, dat op wittenskiplike birekkeningen basearre is, ûnmooglik makke. De tsjinstanders sille hjirfan profitearje en de Nato (hy hat it om beurten oer Navo en Nato) is de pineut.
- Hwa binne ús tsjinstanders? as ik freegje mei.
- Dat is in saek fan de oarlochslieding, antwurdet er koart.
- Wy hawwe ús to let meld, siz ik tsjin Herman, dy't mei in gesicht fan trije dagen min waer op it fjildbêd delfallen is. Alle ûnderdielen hawwe al ynstruksjes hawn, nou wachtsje se noch op ús, oars komt it net út. Sergeant-majoar Klaroen hinge oan 'e lijn to flokken dat it sta
| |
| |
sei. Hy wol der op út dat de hiele fordigeningsliny sa nei beppekelder giet.
Ik draei oan ientriedwei nûmers. Garnizoenskommando, Loftdoelen, ûnderskate depots, ynstânsjes, allegear mei de meidieling dat wy paraet binne, dat wy op oarloch sitte to wachtsjen, dat wy ûnder elke omstannichheit trou bliuwe oan H.M. en de regearing, oan de legerlieding en dat it ús in earesaek is foar it Faderlân to stjerren. Wy hoege net mei militaire eare bigroeven to wurden. Wy binne mar deagewoane parasiten, manskippen, strontmichjes. Elke kear krij ik deselde droege, allesbigripende stimmen en antwurden. Net ien hat hwat to fortellen, gjin freonlike wurden.
Herman prutst oan syn spiritusbrander.
- Hwat silst nou?
- In bakje kofje sette, as ik hjir tominsten wetter bisette kin.
- Is der noch gjin iten?
- Der is gjin kok en gjin iten. Op syn gaust mei in pear ûren. Der spaende sa'n miterige korporael yn 'e keuken om. 't Zijn een paar schoonheidsfoutjes in de oefening, sei er. Mar dy kaffers litte ús moai in heale middei troch de drek wrotte mei in trochreinde hûd.
Telefoan. Alarmfase A. hear ik mei wisse stim fan 'e oare kant.
- In organisaesje fan lik myn fesje, seit Herman en wringt om 'e kop fan 'e brander ôf to krijen.
- It is bigoun, siz ik.
- Hwat? freget Herman.
- De oefening.
- Dat sil ek tiid wurde oars rinne de Russen ús hjir aenst oan 'e tafel ta. Dou moatst trochbelje, oars sit dy kommandant dy aenst wer efter de broek oan, by is op 't heden net to brûken.
Herman skopt mei de skoech op 'e branderkop. - Dat kring sit fêstruostke, dat wurdt twa ûren neat yn 'e roppert. It ding hat fan 't simmer yn 't wetter lein yn La Courtine. Hy sit sa fêst as in hûs en ik forrek fan 'e hûnger. Dou hast de mage yn 'e auto leechjage. Wiest bang foar oarloch of sa?
- Ik, ik kin net oer sok autoriden oer hulten en bulten.
- Moatst trochbelje oars krigest stront mei de kommandant, de Sintrale Post, it Garnizoenskommando en wit noch mear hokker flauwe kul, seit Herman.
Hy bigjint forsichtich mei de brander tsjin de muorre to tikjen. Ik draei
| |
| |
de nûmers en stek oan elk itselde forhael ôf fan formele gegevens en kodearring.
Herman dondert de brander troch de keamer en flokt. Hy faget him de hannen oan 'e broek ôf en giet mei it krús tsjin 'e kachel oan stean.
- Ik trilje op 'e poaten fan 'e hûnger, dat hâld ik gjin twa ûren mear út, seit er.
- It is in mentale training, hûnger, ellinde, sykte, earmoede, it heart by de oarloch.
- Dou kinst lekker lulle, mar de krêbbe hinget hjir heger as de krib, ha 'k wol bigrepen. Hy wriuwt him mei beide hannen troch it krús en lit de waermte bihaechlik oer syn forklûme lea gean.
Ik folje de earste gegevens, dy't ik telefoanysk binnen krij, yn op 'e formulieren. Allegear foar Strategic Air Command. Op 'e minút ôf folje ik de tiden yn foar in krekte analyse. Oarloch is in wittenskip dy't men hieltyd fierder ûntwikkelje kin. It is al sûnt ieuwen histoarysk to analisearjen: Athene komt oan de Seine to lizzen en de antithese Amearika-Ruslân komt yn antesedinten oerien mei it Atheensk-Spartaensk konflikt. De fitaliteit fan de minske hat him taspitst op de oarlochstechnyk. Foar dy technyk wurde wy amoeben, strontmichjes op 'e greate skerne fan 'e wrâld. Ik moat der wer oan tinke wilens ik de gegevens yn trijefâld ynfolje op de formulieren. Allegear optochte flauwekul fan dy kearels fansels, mar goed ik skitje troch.
- De oarloch komt mar min op gong, it is to kunstmjittich, it hat noch tofolle toanieleffekten en der wurde regyfouten makke, siz ik tsjin Herman, mar by hat de eagen as in kat ta skreven lutsen.
- Post Tronde, Post Tronde. Ik siz it hieltyd wer. It makket my wurch en slûch. Oan 'e oare kant witte dy sufferts fansels net dat ik oan myn bureau sit to slûgjen, mar der moatte ek mesken wêze yn it net fan de oarlochsfiering. In luitenant fan de Stêf freget gegevens dy't klassifisearre binne. Ik ha de opdracht krigen gjin klassifisearre gegevens troch to jaen. Ik siz tsjin de luit dat ik de gegevens net jaen mei. Syn stim bigjint to triljen.
- Ik wol de gegevens op slach en stuit hawwe, telefoanysk.
- Ik moat my oan de foarskriften hâlde, siz ik.
- Ik ha mei foarskriften neat to krijen, raest er werom.
- Mar ìk wol, siz ik kalm om him to narjen.
Ik bin altyd dutsen mei myn oarders.
Hy bigjint as in kranksinnige to razen. De luit blaest him op as in pod.
| |
| |
Syn kliergeswellen groeije him efter de earen út ta ballonnen. Ik hear him mei syn foarpoaten yn de papieren risseljen. It is it systeem fan de militaire pod, dy't him wer bisiket to biroppen op rapporten. Mei syn tsjûke ballonnen hinget er kwabbich oan 'e heak. Hy blaest en rochelt. De longen sitte him grif fol hjerstdampen.
- Dou hast gjin macht, dou bist ûndergeskikte, dou...
Ik liz de hoarn der op. Ik wurd sa slûch as de pest en wol my eefkes deljaen mei de holle yn 'e hannen. It duorret mar koart dan hinget der al in great-majoar oan 'e lijn. As men it by dat folk yn 'e kant set komt men by de ljerre tolânne. Elke kear as der skille wurdt komt men in triem heger. It biwiist de bitreklikens fan de macht. Hy komt mei itselde forsyk en slooft him út mei arguminten. Ik forwiis him nei de foarskriften. Syn stim is heech en hol as praet er út in enoarme romte, út in hangar bygelyks, dêr't syn lûd resonearret yn it metael fan masines. Syn lûd bigjint oer to slaen as er yn syn ûnmacht bigjint to razen: Ik moat it hawwe, it is bislissend foar it fierdere forrin fan de oefening. Hy stiet as in wyldeman to dounsjen, skopt tsjin syn bureau. Syn lûd giet as de tonger tusken de bergen. Yn myn forbylding sjoch ik de majoar troch de hangar springen fan nidigens.
- Dy hiele klassifikaesje is fan gjin bitsjutting, der stiet optheden mar ien ding op 't spul en dat binne de gegevens, it militaire apparaet, de fordigening fan Europa en dêr moat alles foar wike.
As ik in skoft mei de kop op it bureau lein ha to slûgjen wurd ik ynienen kjel wekker fan de telefoan.
- Kolonel Beerenpoot, oerste fan de Stêf, sei er mei in swier lûd.
It is as leit er samar ien fan syn poaten op myn bureau. Hy diktearret mei in wisse stim: Ik jow hjirby opdracht ta it daliks trochskiljen fan de gegevens Ac 61-72.
It bliuwt in skoft stil as wol er my tiid jaen nei to tinken. De hounen, se wolle my der yn stjonke litte. It knarst en rattelt yn it tastel. Myn hannen trilje. As ik neat werom siz wurdt er lulk, syn stim giet wol twa toanhichten omheech. Hy easket dat ik de ynhâld fan Ac 61-72 oan him foarlês.
- De foarskriften kolonel, siz ik wer.
It rattelt yn it tastel as lûkt de kolonel de krinkels út it snoer. Ik sjoch hoe't er senuweftich troch syn snor strykt, sa'n brede bazige snor, stel ik my foar. Ik sjoch syn lichem oan de oare kant fan de forbining sa great wurden dat syn holle it plafond rekket, syn earmen swaeije as
| |
| |
tûken troch de keamer. It is in yndrukwekkend figuer, sa't ik him mei syn breed forsiert boarst foar syn Navo-bibliotheek stean sjoch.
- It giet om de gegevens, seit er nei in momint stilte, ta fordúdliking, it is yn it bilang fan ús definsje, yn it bilang fan de minske, yn it bilang fan de wrâld.
- Ik fordom it om my de hûd fol skelle to litten fan sa'n luzige luitenant, siz ik, en dan sa'n great-majoar dy't my as in snotjonge bihannelet. De kolonel wurdt hielendal rêstich. Faderlik hast.
- Jo binne yntelligint genôch om dat oan to fielen, ik bigryp it folslein. Ik hear syn fingers op it bureau tikjen fan ûngeduld. Foar myn gefoel moat syn macht symbolisearre wurde yn lichemsomfang. (As ik mei immen oer de telefoan praet, ha ik der daliks in heldere foarstelling fan en komt elk detail my dúdlik foar eagen). Syn lichem wurdt ynienen sa great dat ik de hiele Navo-bibliotheek net mear sjen kin. Syn lichem wurdt great fan ridderlikens. Kolonel Beerenpoot wurdt in wolk dy't alles fortsjustert.
- Ik bin yntelligint genôch om dizze gegevens net to jaen, net oan jo, net oan de generael, net oan de steatssekretaris, net oan de minister, om de dea-ienfâldige reden dat it net mei, lykas jo witte sille.
Dan wurdt it stil lykas it foar myn gefoel noch nea earder stil west hat. De kolonel kucht, it is in oankundiging fan it lot, tink ik. It lot dat my as Navo-parasyt, as lyts strontmichje boppe de holle hinget. Kolonel Beerenpoot kucht lang, as hat er noch mar in fjirdepart fan syn longen oer. Dy oare trijkwart hat er grif yn de twadde wrâldoarloch al útkotst yn ien of oar konsintraesjekamp.
- Wês forstannich, seit er neitinkend, forset dy net tsjin machten, it is libbensgefaerlik. De machten binne der om ús to biskêrmjen, mar as immen him tsjin de machten forset, forliest er syn biskêrming.
- De klassifikaesjefoarskriften falle ek ûnder dy biskêrming, siz ik.
- Dit giet to fier, raest er. De mentaliteit fan it leger is nei de bliksem, it leger giet nei de... (hy kin sa gau net in equivalint fine foar bliksem, en bigjint to stammerjen. Nei de knoppen, nei de haeijen, nei de hel, de fordommenis. De man tjirget him as stekke se him mei messen yn 'e rêch. Hy smyt mei bigripen as: lânsbilang, libbensbilang, strategysk bilang, opdracht, twivel, oermacht, forneatiging. De heak kleeft my yn 'e switterige hân, de earen tûtsje my fan dy baltende Beerenpoot, dy't yn talleaze herhellingen troch raest oer bilangen dy't hy fordigenet.
As ik de hoarn opliz, springe de krinkels wer yn it snoer. De kolonel
| |
| |
stiet grif noch to razen, hy hat net fornommen dat ik de hoarn al oplein haw. Se prate dochs altyd yn monologen dy arrogante kloatsekken en skynoanbidders.
Alarmfase A hat alle ûnderdielen yn paraetheit brocht. Rounom wei komme meldingen binnen. Ik sykje nije forbiningen, myn stim trillet troch triedden oant efter it tinkbyldige front. Rounom sitte nou soldaten mei slûge koppen byelkoar to wachtsjen op transport, fleantugen stean op 'e banen to proefdraeijen. Ik kin it lawaei fan 'e basis út 'e fierte hearre. Myn stim sjongt troch de romte, ik praet ûnder de séën, de rivieren. Oeral dêr't myn stim komt bûge offisieren har earnstich oer de stêfkaerten.
Ik skarrelje myn tas op út 'e hoeke fan 'e keamer.
- Hast ek noch hûnger? freegje ik.
Mei lytse snokjes wurdt Herman wekker. Hy sjocht nei it ljocht as moat er prûste.
- Hoe lang binne wy hjir?
- Oardel ûre. Hast ek noch hunger?
- Ik bin mislik fan 'e hûnger. Hastou iten? Dêr hiest ek wolris earder mei oankomme kinnen. In earlik en trou soldaet foarlige en him dan ek noch twa ûren op 'e tok hâlde dat er suver fan 'e bonken falt.
- Woarst, rop ik. Woarst, mar dat meistou dochs net. Hjir Fikky. Ik hâld him de woarst boppe de holle.
- Nou net langer kloathannesje, seit Herman, ik forslok my hast yn 'e flibe.
- Earlik partsje, hast in mes?
- Hwat moatte wy mei in mes, sjoch, ropt er en raemt my de woarst út 'e hannen. Knappend byt hy der in hompe ôf. Ik skuor him oer it bureau en ûntnaderje him de woarst.
- Lit my los, lit my los, de telefoan, raes ik.
- Hwat kin my dy Navo skele. Hy hat de mûle sa fol troppe dat er amper prate kin.
- Moatst der yn smoare!
Ik spring fan it bureau en skuor my los. It ein woarst triuw ik by de broek yn. Hymjend stean ik oan de telefoan.
- Post Tronde, Post Tronde, siz ik hymjend as hie ik in ein hurd roun. Alarmfase B. Ik herhelje it birjocht.
- Dat is noch gjin oarloch, seit Herman en lit him wer op it fjildbêd falle.
| |
| |
Ik skilje troch nei de oare posten. De woarst walget my. It lêste stik smyt ik by Herman op bêd. Hy sjit der as in houn op ôf en dukt der mei ûnder de tekkens ta in roungear protsje. Hy gnoarret en gnaud mei syn lyts kopke de woarst út 'e foarpoaten.
De stim dy't tsjin my seit dat Alarmfase C, Stadium Blau bigoun is, makket my hwat ûnwis. Ik moat ynienen oan forskriklike dingen tinke. Yn 'e fierte hear ik straeljagers fluitsjen op 'e basis. Soms fljocht der in masine leech oer.
De kommandant bliuwt foar myn bureau stean. Syn fingers trommetje op it blêd. Syn mûle stiet spand as moat er in wichtige bislissing nimme. Ik sjoch omheech nei syn skerpe kin. Syn eagen gean oer de formulieren.
- It wachtsjen is op 'e lêste alarmfase, kommandant, siz ik. Hy sjocht my in momint oan mei net bigripende eagen. Hy bûcht him fierder oer it bureau, risselt yn de formulieren en lêst mei de finger der by. Hieltyd heakket syn finger by it skrift.
- Alve ûre fjirtsjin, melding fan sabotage to B, lês ik him foar as er al to lang op ien en itselde plak stoarret.
Hy sjocht my oan, wachtet.
- Sjoch, seit er. Hy leit de finger op ien fan de formulieren. - Bigrepen? Ik knik.
- Der is tomin oersjoch oer de sitewaesje, seit er. De birjochten moatte better útwurke wurde, der moatte mear details yn forarbeide wurde. Foar in krekte analyse binne dizze gegevens net tarikkend. It giet der hjir binammen om in dúdlik byld to krijen fan de ûntwikkeling.
Ik knik wer en fiel dat myn hân trillet by it skriuwen. Hy giet njonken my stean en strykt mei syn hân oer syn glêdde knopen. Ik gean oerein om him út to lizzen, mar by makket in biweging mei de hân.
- Wy stean op it punt fan oarloch, seit er, sadwaende...
Ik skodholje, mar ik bidoel it oars. It is krekt as swevet der my hwat troch de holle, in flinter, in ynsekt, dat yn myn harsens gounzet. Ik krij der jûkte fan yn 'e earen. bigjin to gapjen, tominsten ik wol gapje, mar doar net salang't de kommandant njonken my stiet.
- Wy stean op it punt fan oarloch, herhellet er, mei de klam op oarloch. Ik knik.
- Oarloch? freegje ik.
Hy strykt him de fingers troch it hier.
| |
| |
- It wurdt earnst, seit er.
Ik gapje dat it wetter oer it bureau hinne sproeit.
De kommandant stekt de hannen ta de broeksbân yn, bûcht de tinne simmergalgen nei bûten.
- Dou bist forantwurdlik foar in goede dokumintearring en rapportearring. Hy draeit him in heal slach om nei Herman, dêr't allinne mar in tûfe hier fan to sjen is.
- It is yn it bilang fan de Navo, yn it bilang fan ús allegear. De oarloch is in werklikheit dy't ús elk momint foar eagen stean moat. Is dat net sa, dan sil elke oarloch ús oer it mad komme. En eh, der moat hwat faker it wurd Navo yn foarkomme. Liz ek binammen de klam op nammen. Dat is hwat se letter graech lêze wolle. Der moat ek taktysk rapportearre wurde.
- It is in proef, siz ik.
De kommandant draeit oan syn segelring.
- Proef of gjin proef, it is like wichtich as in oarloch, of miskien noch wol wichtiger. Oan it slagjen fan in proef kin men de krêft foar in eventuele oarloch mjitte.
Hy tikket mei de rjochter wiisfinger op 'e formulieren.
- En dat? freget er strang.
- Se woene klassifisearre gegevens hawwe.
- En? freget de kommandant strang.
- Se ha se net krigen, kommandant, sels de kolonel net.
- Mar tink der om dat in rapport gjin boekhâlding is. Dus bygelyks Kapitein dy en dy, luitenant sa en sa, folje sels mar yn, dou witst hwat ik bidoel. En fierder hawwe wy de resultaten fan dizze oarlochfiering sels yn 'e hân.
Ik knik wer. Ik knik oan-ien-tried-wei. Hwat moat ik oars as knikke, al haetsje ik de hiele klyk; de kloatsekken, dy't gjin bek iependwaen doare, it ivige gelyk fan de meardere, de ûnforbidlike trou oan de superieuren.
De kommandant lit de doar mei in klik efter him tichtfalle. Koart dêrnei komt der in bleek soldaetsje yn. Hy bliuwt foar myn bureau stean.
- Ik moat freegje oft de knoop dy't de kommandant forlern hat hjir ek leit, seit er.
- In knoop?
- In knoop fan de jas fan 'e kommandant, seit er.
- Mist de kommandant ien fan 'e knopen fan syn jas?
| |
| |
De bleke jonge knikt.
- It is in ramp, siz ik.
- It is in gouden knoop, seit er, ik moat him sykje. Ik moat krekt salang sykje oant ik him ha.
- Dat wurdt in spultsje fan in spjeld yn 'e heabult, moatst mar tinke, siz ik.
- Kommandant Buikmeijer is obstinaet om't de knoop weirekke is. De bleke bigjint oer de flier to sykjen, klaud op hannen en fuotten tusken it bureau.
- Bliuwst my fan 'e poaten ôf, rop ik. Tinkst dochs net dat ik him yn 'e sokken ha?
- Miste de kommandant de knoop al doe't er hjir wie? freget de bleke.
- Né, siz ik, alle knopen sieten der hjir noch oan. It wie noch in komplete kommandant Buikgordel.
- Buikmeijer, forbettert hy my. Syn fingers rikketikje as rattepoatsjes oer it seil. Hy krûpt ûnder Herman syn bêd.
- Ik ha him al!, ropt er optein.
- Kinst ris sjen hwer't sa'n kommandant omkrûpt, siz ik. Hy bisjocht syn fynst by de lampe en smyt him wer oer de flier.
- It is in leadtsje fan in woarst, seit er toloarsteld en dûkt wer oer de flier.
- In knoop fan 'e gulp kin men ek sûnder, siz ik.
- It is net in knoop fan 'e gulp, hy is fan 'e jas; in gouden knoop mei in liuw.
- Forgemy, forsinst dy net mei in hountsje of in slak? Siz mar tsjin de kommandant dat wy him sa lang wol in leadtsje fan in woarst liene wolle. It binne allegear hânswoarsten. Snuvend as in houn rint de jonge de gong yn mei de sturt tusken de poaten. Fan klearebare alteraesje lit er de doar iepenstean.
- Dach hountsje, rop ik him efternei.
Yn it gonkje hear ik him keffen mei syn heech lûd.
Ik wol elke kear hwat freonliks sizze tsjin de stim dy't de kodesifers opdreunt, tsjin de man fan de Sintrale Post en it Garnisoenskommando. Ik soe bygelyks sizze wolle: Ik woe dat ik op bêd lei. Of ik soe freegje: binne jo troud? Bern, fansels en in leave frou. Dy sjogge jo nou ek yn in pear nachten net. Sa giet soks, tsjinst easket plicht, tsjinst easket de hiele minske. Mar jo lizze ek leaver efter it breiden broekje. Hwat jo sizze. Dat is ek al sleur wurden? Fuoi!
Wer dy stim fan de Sintrale Post, toanleas en traech: Alarmfase C,
| |
| |
Stadium Read. Ik wurd der kjel fan. Dat bitsjut in oanfal. Ik skilje sa gau mooglik troch nei de posten, herhelje it birjocht as in klaus út in toanielstik, hieltyd mei in oare yntoanaesje. Ik wol oan allegear hwat freegje mar se lizze daliks de hoarn der op. Gjin groet, gjin ekskuus. Ik skilje de birjochten troch fan brânmeldingen, arrestaesjes, oerfallen. De chef-stêf fan it Underdielskommando is mei syn jeep forûngelokke op in ynspeksjereis. Dat wurdt in bigraffenis mei militaire eare en salútskoaten, net sunich. Wilens ik al dy gegevens yn de formulieren sit to forarbeidzjen wit ik dat ik gjin skriuwer bin mar in boekhâlder. Mar de kommandant sil syn forhael hawwe, ik fantasearje der wol hwat hinne. Melding fan forheftige oanfallen fan de Russen út Eastdútslân. 3.45 ûre: Joadeprobleem neat fan bikend op Sintrale Post. 4.05: It oparbeidzjen fan Ingelse, Dútse en Nederlânse legerlieding lit to winskjen oer. (Hiene wy mar better nei De Gaulle harke). 4.07 ûre: Melding brân fan benzineopslaggen (sabotage?). 4.15 ûre: Kapitein Berk kriget hertoanfal nei it hearren fan safolle forliezen. 4.23 ûre: Kommandant Buikmeijer mist knoop fan 'e jas. Lit djipgeand ûndersyk ynstelle. 4.59 ûre: Telefoanforbiningen forbrutsen. Strop foar offisieren Halster, Kortbaas, Klein, Straat, Karbol en Antberg, dy't hjirtroch gjin forbining krije kinne mei harren froulju, dy't de telefoan by it bêd stean hawwe. 5.10 ûre: it is knudde mei de sijkers, kodearringen doge net. Kolonel Beerenpoot razend as de hel. Etc., etc. Ik wurd slûch. Foar myn gefoel is it al de tredde deis dat wy op 'e post sitte. De telefoan wurdt in great en glânzgjend brein, in boppeminsklik orgaen, hwerút de hiele oarlochsfiering bistjûrd wurdt.
Stiff fan it sitten gean ik oerein, smyt Herman de tekkens oer en bring de earste formulieren nei ôfdieling C1, dêr't in korporael oan it bureau sit to sliepen. Der rint him in straeltsje flibe op 'e strik. As ik tsjin syn bureau oan skop skrillet er wekker en knipert mei syn fochtige eagen. Hy faget him de flibe fan it kin en freget hoe let it is. Ik helje de skouders omheech.
- De oarloch is bigoun, siz ik. Aenst sitte wy ek op 'e bilstompkes. Hy lit him oer de formulieren hinne falle en leit de kop op 'e foarpoaten. Dan bigjint er stadich oan de formulieren to fretten.
Ik bisykje to sliepen. Der komme fleantugen leech oer. It lûd sinkt wei yn de gloaijingen fan in helder lânskip; it lit in spoar fan iensumens
| |
| |
nei. Ik liz nou grif al oardel ûre mei de eagen iepen ûnder de tekkens. It ljocht skynt sêft rose troch de tekken hinne, lykas it ljocht troch de eachslidden as ik yn 'e sinne liz. Ik gean der ôf en plúzje my de teannen skjin.
- Hwat silstou? freget Herman.
- Ik gean der út. It is hjir net om út to hâlden.
Ik slûp troch it smelle gonkje, sjoch alle kanten út en harkje skerp oft der ek immen oan komt, hwant it is strang forbean om bûten de doar to kommen tidens de oefening. As ik fuotstappen hear sjit ik yn 'e wc en lûk troch. Ik wachtsje oant alles wer stil is. Mei in hoart stomp ik de bûtendoar iepen. De damp hinget as in tsjûke wazem tusken de beammen. Ik sykhelje djip en rin hieltyd dûkend om it gebou hinne oant ik oan de efterkant my efter de beammen forskûlje kin. In fleantúch komt sa leech oer dat ik my eangstich yn it gers falle lit. Ik klau wer oerein, heal krûpend, heal rinnend strûs ik troch de strûken. Der komme mear fleantugen oer, hieltyd leger. Mei in swaei wurde se wei oer it geboutsje. Ik ha in gefoel út 'e deaden opstien to wêzen. Ik rin oer in sêft fearjend oerflak fan boerekoalsblêdden, hweryn wetterdrippen as sulveren kraeltsjes glinsterje. Der strielet in griene kleur út dy't har formingt mei it earste sinneljocht dat readich op 'e kym stiet. Der binne nou nearne beammen mear, mar it fjild is fol griene en blauwe skitteringen. De fearjende blêdden binne skerp oan 'e fuotten as sit der in tin laechje its oerhinne. Tusken dy planten stekke frjemde foarwerpen. Forsichtich lit ik my yn 'e blêdden sakje. Der lizze wapens, spearen, bilen, harnassen, gewearen, revolvers. Hjir en dêr leit der in sêfte griene laech oerhinne as in roastplant. Ik spring oer in pear gefaerlike skerpe swurden, mar ik moat út myn doppen sjen. Der stean ek greate planten tusken as fan wylde raberber mei blêdden, wol sa great as de earen fan in oaljefant. Ik klim op ien fan de blêdden dy't boppe it lânskip útstekt. Nou sjoch ik dat it fjild krekt in oarlochstsjerkhôf liket. Der lizze fleantugen, dêrefter stekt de loop fan in kanon. Ik hear yn 'e fierte it bolderjen fan geskut.
Fleanmasines raze dat de groun my ûnder de fuotten trillet. Ik spring oer de blêdden en klim op in fleantúch. Der giet in heldere trilling troch it metael as stiet it tastel ré om omheech to gean. Oer de wjukken rin ik nei de oare kant en bliuw op it uterste puntsje fan de lofterwjuk stean. Under my lizze harnassen. De skobben binne ljochtgrien oksidearre. Troch de eachgatten sjoch ik yn it harnas, dêr't tinne lytse bledtsjes by de binnenwand opkrolje as in tear frucht- | |
| |
bigjinsel. As ik troch de eachgatten hinne blaes, giet der in sêfte trilling troch de bledtsjes. Ik rin oer it fleantúch nei de kabine, dy't heal forsonken leit yn in berch forwrongen minúsjebannen, dy't op Etruskyse toskprothesen lykje. Troch de glêzen koepel sjoch ik yn de kabine in lichem sitten mei strakke metalen foarmen. De eagen stoarje rjocht foar har út lykas in piloat ûrenlang sit to stoarjen op in oasiaentocht. De skiiffoarmige izeren hannen binne mei skroeven oan de stjûrkneppel fêstmakke. Ik tikje mei myn knoken op it glês. It makket in doffe klank as slach ik op in leech fet. It lichem forweecht him net mar stoarret foar him út oer in griene fosforkleurige sé fan boerekoalsblêdden, wylde raberber en roastplanten. Ik klim oer de koepel hinne en gean rjocht foar it gesicht fan de robot sitten. De eagen twa smelle kokers, de mûle skeansakke as by in oerhael. Oer de metalen boarstplaten leit noch de glâns fan 'e sinne. It hindert him net dat ik him it útsicht ûntnim. It tastel fljucht yn in feilige koers oer it boerekoalfjild, dêr't soms wolken fan damp oerhinne driuwe. Syn hannen réagearje net as ik my foar de koepel sakje lit. De robot is dea. De eagen stoarje yn de ivichheit fan it forjitten; it roerleaze fjild mei de roastige groeisels oer it metael. In greate roastplant stiet boppe op 'e holle fan de robot. De plant
sprút him út 'e harsens wei. De weefsels fan wiskunstige birekkeningen hawwe troch de oksidaesje folslein oare forbiningen krige. Fan de snút fan it tastel sjoch ik yn de fierte. Oan dizze tocht sil nea in ein komme, tink ik. Troch it glês sjoch ik de robot sitten as in lyts forskronfele mantsje, ynelkoar dûkt fan wurgens kin er amper mear troch it rút sjen. Ik klim werom oer de koepel, bûch my oer de punt fan de wjuk hinne en ûntdek dat der folle mear lagen wapenmateriael lizze. Karabinen, mortieren, heal forkoale hângranaten. Ik balânsearje oer it uterste puntsje fan 'e wjuk, dy't fearret as de springplanke yn it swimbad. Ik spring op en del, hieltyd heger. Ik forbaes my der oer dat ik elke kear wer krekt op 'e punt fan 'e wjuk tolânne kom. Ik meitsje grif sprongen fan wol fiif meter hichte. De wet fan de swiertekrêft hat folslein nare forhâldingen krigen, foar myn gefoel. By elke sprong dy't ik meitsje gounzet it troch it fleantúch hinne as bigjinne de motoaren to draeijen. Ik krij der aerdichheit oan. It fleantúch skoddet hinne en wer as hat it in stikkene stjûrynrjochting. As ik in hiele hege sprong meitsje kin ik de robot skodzjen sjen yn 'e koepel. Syn roastplant skoddet him as in plom op 'e holle. Hy moat wer nije moed krije, tink ik. Ik fearje noch in pear kear op en del en set my ôf om op in tank tolânne to kommen. Mar dat mislearret. Plat op 'e kont
| |
| |
fal ik yn 'e helmen. Ik bliuw in skoft heal yn 'e sûs lizzen. Der stekt gers tusken de helmen en blommen, dy't de soldaten der ta kamouflaezje tusken stutsen hawwe. De riemmen fan de helmen stekke as hagedissen troch it gers hinne. It wol net bêst rinne oer it helmefjild, it binne krekt tsjûke balstiennen as op merkpleinen, dêr't men altyd dwers mei de skoech tusken stiet. It liket my better ta om to springen, hieltyd hurder fan helm op helm. It is in fjild fan wol miljarden helms, skat ik. Hjir en dêr sitte heuveltsjes yn it lânskip, as binne de helmen dêr fan 'e wyn opjage. Op ien fan dy heuveltsjes bliuw ik stean. Der stiet in leger skouder oan skouder om my hinne. Ik fiel my machtich en rop bifellen dy't oer it wide fjild forklinke. As ik lang oer de massa hinne sjoch liket it wol as komt der biweging yn it leger. Foar myn gefoel rin ik de hiele dei, mar der komt gjin ein oan. Samar krij ik it idé om de helmen op in bult to smiten, mar ek nei de djipte liket der gjin ein oan to kommen. Ik stean optlêst yn in kûle en smyt de helmen nei boppen. De kûle wurdt sa djip dat ik it fjild net mear sjen kin. It makket my rêstiger, hwant de fierte makke my bang. Ut 'e kûle wei sjoch ik rjocht omheech yn 'e snie fan 'e stjerren. Mei de knibbels oplutsen gean ik lizzen as in deade yn in fiersto lyts grêf. Der binne ieuwen foarby gien, tink ik en doch de eagen eefkes ticht en skriem om safolle fortriet. Mei ien hân rik ik ta it grêf út nei de stjerren, en tink: It libben kin samar net ophâlde, ik moat werom nei de Post.
|
|