De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 7] [p. 7] Sjouke Voolstra / Fersen dûmny sei fan 'e moarn syn ûnleauwe weimoffeljend yn aloan dreger preken jimme sille gjin oerhoer dwaen mar de sinne is noch net ûnder of it jongfolk boartet by it lykhúske op it tsjerkhôf it oerâlde spultsje fan wês fruchtber en formannichfâldigje se binne net mear foar ien god en ivich itselde gat to fangen moatte jo mar rekkenje... [pagina 8] [p. 8] Playboy of The kingdom of God in the U.S.A. efkes de oarlochsekonomy opfiere en wy hawwe allegearre toe nou bêste leave minsken in saneamd minskwurdich bistean: cardin styled jackets masculine look in underwear jaguar sportscar mei bypassende aftershave in farske playmate eltse moanne yn 't roune bêd mei tank oan greonterp: dat keninkryk fan dy hugh heffner wurdt dat noch hwat? [pagina 9] [p. 9] Beafeart nei Ljouwert freed de njoggenûre bus fol boeren krekt by de kij wei op paed nei kij praet oer kij nei de stadige prosessy oer 't saeilân en 'e fémerk it hillich miel fan hemawoarst en 't sillich slokje yn 'e kroech in moai gleon frommes streaket se efkes oer de roungeare rêch mar thús wachtsje de opbakte ierpels kâlde sûpenbrij en 't hastich wiif de ienûre bus fol boeren krekt by de kij wei op paed nei kij praet oer kij [pagina 10] [p. 10] Famyljepetear justerjoun moete ik in frou yn 'e herberch ûnder it tredde slokje sei se: jo lykje op pieter en ik op 'e keninginne sizze de minsken dan sil ik mar mem sizze, sei 'k mar ik fyn it net in komplimint sei se en ik allikemin doe hawwe wy mei in keninklik gebaer mar in rountsje jown Vorige Volgende