De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 4] [p. 4] Sjoerd Spanninga / Fersen Rjochtdei A't jo alle poepesetten yn jou libben kreas byïnoar feije en stikem yn 't jiskefet deponearje dan kom je sûnder mis by my tolânne en nou hâld ik it measte fan de lju dy't graech harsels nei foaren skouwe en gewoanlik tinke domny hat foar my preke mar der binne subtiliteiten hwer't party gjin weet fan hawwe en dy litte harren likemin ûntstride niis noch sei in flinke frou my ommers: - ús pake hat altyd bêst op himsels past en dat docht jin deugd hwant wysoarte passe ornaris leaver op in oar en der ûntkomt ús neat mar nim nou sa'n ien as eabele bygelyks gjin blyn hynder kin by him skea dwaen en de spinreagen sparje de gordinen út mar dochs in nommel mantsje goederlaeks en noch geregeld [pagina 5] [p. 5] oan 't nifeljen dy strykt okkerdeis wolmienend in pear krollen yn 't fatsoen by in flarde dy't him narret mar d' oare moarns sjocht hiel de buert sa skilich as in skol as hy der oansúlkjen komt of stiet brióóó to roppen bingelt er nei hûs ta mei syn skipperspetsje en dan rin je jouns fêst wol in freon fan jehova of de satan yn 'e earmen mar hwer bliuwe hja dy't stikken út harsels weiskuorre doare? - de eagen fonkelen har yn 'e kop oant der wer stilte foel om har stim dit wie de bidstoune fan de natûr en dan jowt it langer gjin foech jin mei kweade gedachten to spiizgjen wylst de evenminske it liif oatmoedich op 'e plaetstove leit dat de stjonkerts der útwaeije wol ik ha. Snein Goudfisken luit'rje hwat om [pagina 6] [p. 6] lêze de tiid fan de glêzene klok blaubloeijende wyldernis krûdige nepeta tilt fan de bijen ûndraechlik hege gebouwen steane to skodholjen hja sjogge de strjitten alle kanten út singeljen nei de tsjerkelaeijen mar de sinneblinen lizze noch op bêd to stjonken elke doar hat in kralene rok en skuontsjes fan hazzefel sokken spilet it oargel fêst gjin nijs mear lykwols hwat normatyf is foar de iene hoecht it foar de oare net to wêzen dat binne jo de harmonijen tusken de korrekte lju somwilen sêd - hopen skreauwe har heas oer it ûnrjocht op ierde mar sitte hja sels stevich genôch yn 't seal dan skoppe se gauris it earst de domme eleminten dy't by 't ankel rinne - licht slieret earne oars de molkwei wer de loften lâns de reek fan 't kampfjûr ek al leit it lânskip der hwat knûkelich hinne foar in reidsjonger yn 'e hounebosken en de himelske astronauten. Vorige Volgende