As ik myn sin siz...
Heil...., de bommesmiters?
Men hoecht wier-wier gjin trije deiblêdden to lêzen om to witten, hoe fordoarn it greatste part fan it minsklik slachte is. Hwat Riemersma de mentaliteit fan ús machtich moai wrâldtsje neamt, dat is in frijwol ûnforoarlik forskynsel, sa âld as dat wrâldtsje sels en dêrmei ynherint. Der bistiet nou ienris yn it lyts en yn it great in striid om de macht en dy wurdt útfochten mei wapens dy't der net om lige - oan konsentraesjekampen, krematoria en napalm ta.
Fansels, jonge minsken lyk as Jo nou, Riemersma, en hiel lang lyn iksels ek, dy forwachtsje dan gâns fan it lêste -isme, dat oan de politike kimen forskynt. En dan sjugge hja de grouwélichheden allinne kommen fan de kant fan de bistriders fan dat -isme.
Fan massamoardners sprutsen: tink dan bileaven ris om 1789 en hwat dêrop folge en om 1917 en hwat dêrnei kaem. Fansels, dat moardzjen barde lyk as altyd mei de bêste bidoelings, mar ik tink, dat in Nederlânske generael dêr gjin hânwetter oan hat.
Mar ja, Jo hawwe oars wol great gelyk. Jonges, dy't bommen smite of sette by stânbylden en miskien ek by gebouwen - soe de Ridderseal net gaedlik wêze, of it ministery fan definsje of it Catshûs - ik sei: sokke jonges moatte bileanne wurde mei minstens in stúdzjebeurs yn ekonomy of sosiology of psychology of sa. Dat binne grif de takomstige lieders fan in fredessteat; soks blykt dúdlik út harren wize fan dwaen. It sil miskien de fraech wêze, oft hja fiele foar stúdzje. Nou ja, men kin ek prizen ynstelle of harren in talage foar it libben jaen b.g. Yn elts gefal moat men se foaral gjin omkromte bylizze; hja foarmje de blom en de hope fan de naesje en hawwe gâns mear to bitsjutten as dy grize massa, dy't iverich arbeidet en studearret om foarút to kommen.
As dizze bommeprotesten hwat oanmoedige waerden, krigen wy mûglik in sfear, dy't hwat rikkerich en lawaeijerich is, mar it munster ‘gesach’ dat gie deroan en soks is dochs altiten in skoander ding yn ús ieu fan emansipaesje.
Der soene noch wol hwat stânbylden to finen wêze foarearst fan lju, dy't har generael, fjildhear of staatsman neamden, mar dy't nou blykber in oare namme drage: Willem fan Oranje, Oldenbarnevelt, Michiel de Ruyter, Jan de Wit b.g. - de twadde en de lêste hawwe by harren libben ek al ien en oar ûnderfoun.
En om tichter by honk to bliuwen: wy hawwe yn Fryslân sels Us Heit en Johan Willem Friso en Tsjerk Hiddes; mar dy hawwe spitigernôch net allegearre in stânbyld, wol? Dan kin men se ek mei wurden to liif gean.
Né, bislist, wy moatte dy kant oars al út! De kombinaesje kristendom-kapitael moat oan 'e kant en forfongen wurde troch de proletaryske ienheit fan potfortarren. Wy moatte brekke mei al dy militaristyske bounsnoaten, wy skaffe dy soldaterij ôf, wy stjûre de polysje sûnder wapens de strjitte op, en dy moat it dan net weagje en bihinderje de aktiviteiten fan ús idéalistyske bommesmiters!
As wy de wrâld dit skoandere foarbyld jowe en Luns ek nochris it mannewaer opsizze litte to Washington, dan hâldt Johnson grif mei de bombardeminten op en dan kin de earme, fordrukte en sêftsedige Vietcong ris opromming hâlde yn it suden. It izeren gerdyn skout dan in tige stik op de goede kant út, en elts woltinkend minske kin dan witte, dat de rjuchten fan de minske feilich steld binne mei alle moréle easken dêrmei mank en dat greatmoardners ienris en foargoed ôfdien hawwe.
As Johnson him dan weromlutsen hat en syn échec ynkasseare, kin dat imperialistyske Amearika him einlings ris binnen syn eigen grinzen hâlde. Hyt soks net isolationisme? En dan... dan kin de freedsume frede út it easten him nei alle siden ûnbihindere útwreidzje en ek by uzes komme!