De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 470] [p. 470] Daniël Daen / 0.......0 It hat neat mei in gedicht to meitsjen mar hwat bin ik feitliks oars as in komposysje fan fleis en bloed lyk as miljarden oaren Juster stie ik yn 'e krante - in momint tocht ik dat ik unyk wie haha... Alles dat ik tink dat it nij is is plagiaet op it forline sels dizze rigels Dus bin ik in lizstien yn it ûnbitsjuttend mozayk fan minsken Sels dat bin ik net Vorige Volgende