dy't yn ûnderskate kwaliteiten útelkoar falt. Dêr binne de fersen dy't de striidberens towekker roppe, lykas yn Weitsrop (earder útjown as rymprint), Ien Wurd, opdroegen oan Boris Pasternak, de lokale fersen Planetarium to Frjentsjer, Boalserter Martini en Snits. Dan it forheljende gedicht yn de foarm fan de ballade en it drama God wol it, yn opdracht skreaun foar de stêd Dokkum, mar dat winliken net ûnder to bringen is by de ûndertitel ‘fersen’. Mar al mei al gâns histoarysk materiael, hwerfan it visionaire gedicht Mimering fan Biskop Bonifatius my it bêste foldocht. Dêr is Tamminga in kear alheel út it harnas fan rym en ritme en lit him gean. Dat jowt hwat boartliks oan dit gedicht, dat skreaun waerd yn opdracht fan it Bonifatius-Komité 1962, mar makket it ek sa minslik yn spontane utering. Dy spontaniteit fyn ik ek yn it mei forûntweardiging en grime skreaune protest Ien Wurd, dat rjochtút en sober fan tael is, al docht de oantsjutting (nei Liberté fan Paul Eluard) my twiveljen oan dy forûntweardiging.
Konkludearjend stiet my foar de geast dat de tael sawol mooglikheit as obstakel wêze kin foar Tamminga. Der hat foar myn gefoel altyd in soarte fan dualiteit bistien tusken de dichter en de taelkundige Tamminga, lykas de theology faek obstakel wie/is foar de dûmny-dichter. Faeks is it dêrút ek to forklearjen dat er hast likefolle oersettingen makke as dat er origineel wurk skreaun hat. It dichterskip hat hjir syn dualiteit fuortset yn de útdaging. Wrâldliteratuer oer to bringen yn it Frysk wie yn de jierren doe't hy bigoun to skriuwen noch seldsum en hie hyn ofto nei net it niveau dat hy him tocht. Dy dualiteit hat him dan miskien ek utere yn de stylneifolging dy't wy yn dizze bondel fine. De Sinteklaesgrienmank (yn 'e trant fan sawn dichters) en it fers Fan it Skylger lân (Obe Postma neifolge) binne stikjes dichterlik nifelwurk dy't biwiis jowe fan syn ambachtlike linigens fan de tael en de bihearsking fan de persoanlike stylfoarmen. Mar dat binne de grapkes yn dizze bondel, dy't it swierwichtige en soms hwat bombastyske fortarber meitsje, lykas ek de fersen Stanza foar de lichte Muze en It bêste bêd, skreaun op in rigel út it testamint fan Shakespeare ‘I give unto my wife my second best bed’.
Hwat my by it lêzen fan al dit wurk net loslit, is de fraech oft Tamminga werklik oertsjûge is fan de earnst fan dizze fersen. It binne foar my kante, hoekige en mei wurd-ekonomy skreaune gedichten dy't troch in krêftige, manlike struktuer en in raffinearre technyk hwat hawwe fan it folsleine. Mar dit technysk útbalansearre dichtwurk lit my ynderlik sa