Op it harspit
Boun fan (noch) net (mear) kunstners
De RONO hie tiisdeitojoun 21 novimber in programma oer it Boun fan Fryske Kunstners. It Boun miende (in enkête hie it útwiisd) dat it noch wol bisteansrjocht hie. Nou, dan moatte se mar hwat trochpiele.
As ik myn sin siz, dan wurdt dat Boun yn stân hâlden troch minsken dy't nea goed op 'e gleed kommen binne en âlde knapen dy't de lêste fiifenfjirtich fier gjin inkeld kunstwurk (of hwat dêr foar troch gean moat) stâld hawwe, en dy't troch efter of deun oan de bistjûrstafel to krûpen, min of mear har status fan kunstner hanthavenje kinne.
Nou ja, der is in pear jier lyn hwat nij bloed yn it bistjûr kommen. En by dy gelegenheit ha se ek it dryste stik bistien om fan efter de feilige façade fan ‘It Boun’ wei to piuwen nei Hindrik Algra. Pet ôf foar sokke helten!
Ik haw godtank neat mei dat Boun ûnder de klep. Ik soe der net iens forlet fan hawn hawwe om op boppesteande wize oan it lekskoaijen to slaen, as ien fan 'e Bounsmannen (ik mien Cats, mar as ik mis bin myn oprjochte ekskuzes) him net sa rankuneus utere hie oer de skriuwersrounte fan Koartehimmen.
Dy rounte hie winliken ûnder it biwâld fan it Boun stean moatten, mar om't it nou wierskynlik to let wie om noch it heft yn hannen to krijen, soe der bisocht wurde troch nije aktiviteiten fan It Boun dy kongressen to Koartehimmen oerstallich to meitsjen.
In reden dêrfoar waerd net opjown. Dat hoecht ek net, it is mei de klompen oan wol to fielen: It Boun (lês: de ympotinten) soe graech fan elk boek dat forskynt sizze wolle: al wèr in boek fan ien fan ús leden, dy't forskynt op ús gearkomsten en ús kongressen dêr't wy it inisiatyf ta nommen hawwe en dy't wy alle jierren wer organisearje. (Forgelykje de gjalp fan Bouke Tuinstra, doe't er it minskdom tynge dien hie dat de seal to Boalsert wie forsierd troch Jerre Hakse: ‘Lid fan ús Boun!’).
Tarre op in oar syn suksessen en pronkje mei oarmans fearren, dat is de reden fan it gewrot fan it Boun.
Tr.R.