kearel en skouders fan in bern, rôp ik forwûndere, doe't ik André njonken de Stoarne Hillige lizzen seach. We kinne der koarter bonken tusken sette, sei ik.
Sonde foar sa'n eksimplaer. Ut ien grêf stutsen, sei André.
Mar der binne wol tsien yn dat grêf bigroeven, lei ik der tsjinyn.
We slagge in spiker yn de eftermuorre, dêr hinget er gjin boer yn 't finster, sei André en hy meat mei de hannen langút lizzend, njonken it skelet.
Doe't André in spiker yn 'e muorre hufte dreunde it hiele hûs en der trille stof om 'e lampe.
Togearre hysten wy it skelet wer omheech. Ik sette myn skouder ûnder de kont. André kreunde boppe yn 'e nael. Doe't de Stoarne Hillige stiif mei de plasse tsjin de nael hinge, bleaunen de keatten fan syn teannen noch in pear sintimeter fan 'e flier.
Ik tink dat er ingelse sykte hawn hat, sei André en wiisde nei de roastbrune stompkes fan de boarstkas, dy't rjocht út it skelet nei foaren stieken.
We moatte se nije foarmen jaen, sei ik.
Hoe bidoelst? frege André.
We moatte net allegear fan dy stive skeletten meitsje, mar lykas se yn har libben aktyf west hawwe, rinnend, springend, krûpend, lizzend, sittend. We lymje de bonken gewoan tsjin elkoar oan yn de foarm dy't wy nedich achtsje. We meitsje bygelyks in Sittende Frou, in Springende Soldaet, in Krûpende Minske, in Lizzend Famke, in Krusige Man, in Jonkje yn Grêf.
Dou bist gek, sei André.
We kinne letter in eksposysje iepenje, de skeletten sille fan greate bitsjutting wurde foar de anatomy.
André helle de skouders op.
Alle forgroeijings en sykteforskynsels kinne dêrtroch oan it ljocht komme. It is histoarysk materiael, hwat wy hjir byelkoar bringe.
Ik seach ynienen foar my in fliering fol mei forwoeksenen, swarte en forkankere skeletten. Ik gyng op 'e stoel foar it dakfinster stean. Bûten wie alles grien en jong. Yn de katechisaesje, doe't dûmny it hie oer de opstanning, tocht ik dat der yn elk gefal minsken by ús op 'e fliering opstean soene. Mar by de gedachte oan in hiel tsjerkhôf, dêr't tûzenen op elkoar steapele lizze as beamstammen yn in rivier, allegear mei de holle deselde kant út, seach ik in hiel tsjerkhôf forwoeste; in terp fol