De Tsjerne. Jaargang 22(1967)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 456] [p. 456] Jan Dotinga / Ekposysje Princessehof dach romte bylden sizze harren sels portretten sykje in eigen gesicht gjin biweger kin it hjir úthâlde de suppoost freget twa kwartsjes - heal jild en dat by safolle neakenfigueren it pear stiet op in heech fuotstik se hat gjin lêst fan hichtefrees se ûntdekke elkoars lidden en boartsje in sykjend evenwicht - mar dy iene foet dat hâldt se net út ûren ûnder syn sittend gat froulik neaken lichem fol fruchtfleis se hat de leafde ûnderdak jown nou draecht se it teken ûnder in keningsmantel Vorige Volgende