Neiwurd to witten docht de Halbertsma's ‘op har bar in útlânsk foarbyld neifolge hawwe’.
Forgeliket men styl en forteltrant fan guon forhalen mei dy fan Waling Dykstra, dan falt it forskil yn stilearring fuort op. Dat forskil wurdt noch forskerpe troch it forskil yn fiertael. Om kâns op útjefte to hawwen moast Dykstra syn stof yn de jierren njoggentich opdisse yn it Hollânsk. Dat Hollânsk fan sines is frijhwat stiif en boekich; der is in dúdlike diskrepânsje tusken it folksformidden, dêr't it forhael yn spilet en de tael dêr't it yn oerbrocht wurdt. De feitlike ynhâld komt wol oer, mar de reamme, it sjeuige is der gauris ôf.
Dat dy barrière by Folkertsma tobrutsen en de stof yn ienklang brocht is mei it fortelmedium is sûnder mis in kreditkant fan dit boek dy't der ynweacht. In oare fraech is: wie in proazaïst as E.B. Folkertsma, kenner út 'e pin fan folksaerdich idioom, mar ek man fan aloan barokker taelstilearring, hjir de rjochte forteller wol? To seil geande op syn omfangryk essayistysk wurk troch de jierren hinne soe men op it earste each sizze fan net. It folksforhael moat ommers leafst ienfâldich fan toan wêze, moat rjocht op it doel oanfortelle, sûnder al to folle stilistyske omballingen. De naïve forteltrant dy't binammen it mearke eigen is, fordraecht al min oerstilearring en ek hwat it ynhâldlike oangiet heart de forteller fan folksforhalen de morael net to skromjen. It kweade, de kweadogger heart straft to wurden, itsij fan meiminsken, itsij fan Hegerhân.
By neijer tasjen docht bliken dat de biwurker Folkertsma in naïviteit bisiet (of spile) dy't dizze eleminten fan foarm en ynhâld in stikhinne har gerak jowt. Goederjowskens, dimmenheit, godsfrucht wurde leanne mei woltier of seinge mei frede-hawwen yn jins lot; bigearte, oermoed, goddeleasheit wurdt straft mei ûndergong of doemd troch ellinde en inerlike ûnfrede. Dizze wet fan oarsaek en gefolch wurdt mei sa'n oertsjûging foarbrocht, dat men it idé net fan jin ôfsette kin, de forteller sels hat leaud yn dizze simpele kausale forbannen.
Dit bringt jin op 'e styl, dêr't dizze folksforhalen yn skreaun binne. Dy styl kin men âldfrinzich en net mear fan ús tiid neame, foar it genre dat de skriuwer hjir ûnder hannen hat let dat minder. It licht archaïsearjende fan syn wurdkar, it moai breed útmjitten fan situaesjes en inerlike gesteldheden, de aksintuearring fan it omineuze hearre wol by it genre thús.
Dêrby thús heart ek it folksidioom, út de tiid of noch libjend, dat de